Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsumer mounen.


Om 1850 hinne wienen der yn BERLTSUM noch twa mûnen te sjen. It wie de achtkante nôt - en pelmoune (boud yn 1851) fan Andries Jelmer ’s Zijlstra (ferstoarn 12- 9-1869) oan de Tichelersdyk by it molehúske oan de Menamerfeart. (no húsnûmer 30 en bewenne troch P. Tuinstra. Syn frou Liskje de Jong is koartlyn ferstoarn.) Yn 1853 ferkeapet Jan Klazes Voskuil de moune oan Tjitse Gerrit ’s Terpstra te Marsum. Yn 1856 wennet hjir in A. J. Zijlstra. Yn 1867 idem dito. Hy freget yn beide jierren per direkt in net troude nôt - en pelmoundersfeint. Yn 1867 is de âlde nôt-  en pelmole ferfongen troch in nije rogge -, weit - en pelmoune mei de namme “het Fortuin”. Yn 1870 is in Thys Lammert ’s Grijpstra, boaske mei Tettje Dirk ’s Ferwerda, hjir nôt - en pelmûnder op wurden. Hy hat hjir 5 jier mounder west en is dernei moolner / túnker wurden te Âldebiltsyl. Op it Bilt hat hy letter ek noch foar de A. R. P. meidien oan de gemeenteriedsferkiezings dêr en is letter yn Âldebiltsyl stoarn. Yn it midden fan 1875 wurdt de moune op 2 juni Publyk ferkocht oan Gatze Lolke ’s Boomsma wenjende te BERLTSUM ûnder St. Anne foar fl. 3176, - . 

Mûne De stellingmole oan de Tichelersdyk hat hjir net sa lang stien, de achtkante bûten-boppekruier mei wenhûs en al is yn 1875 op 1 juni ferkocht oan Poppe Theunis Wijnia, troch him ôfbrutsen en letter yn St. Jabik wer opboud op it plak fan syn dêr eardere ôfbrâne moune ûnder de namme “De Hoop”. Út in advertinsje fan 22-10-1875 yn de Ljouwerter Krante blykt dat de wente troch Poppe  yn oktober 1875 frij te oanfurdzen Publyk ferkocht is oan Sijke Tjipkes de Vries, troud mei Willem Sybrens Lautenbach.  Yn novimber 1888 wurdt it molehûs, dan besteande út 2 wenten, ferkocht troch dan de eigneresse de widdo W. S. Lautenbach. Hierder is dan Arjen de Jong, troud mei de dochter Trijntje Willem Sybrens Lautenbach.

Mûne

Houtseachmûne De Hoop

Dan wie der de houthannel en de 8 - kantige stelling-houtseagmoune “De Hoop” op it útein fan de Bûterhoeke by it Berltsumer Wiid, boud yn 1843 (* en ôfbrutsen yn 1930. De foargeande sûnt 1828 besteande stelling-moune mei de namme “Zeldenrust” wie in jier derfoar op 24 maaie troch it wjerljocht troffen en ôfbrâne. Foar de mole lâns rûn de Balkfeart yn de rjochting fan it Berltsumer tsjerkehôf oan it pân Bûterhoeke húsnûmer 49 ta. De eigner fan de mûne, Auke Lourens van der Meij, hat hjir 36 jier moolner en sakenman op west. Hy hat de mole op 1- 1-1853 oerdroechen oan syn beide soannen Lourens en Gerhard van der Meij. De soan fan Lourens  t. w. Dirk is letter yn 1928 mei syn soan nei Ljouwert fuortgien as houthannelers. De namme “D. L. v. der Meij houthandel” hat noch lang op it houtstek oan de Tichelersdyk stien. Timmerbedriuw Bijland brûkt it gebou no as eigner. Taeke Jan ’s van der Meulen, ôfkomstich fan Harns (Almenum), wie hjir kommen as houtseagmoolnersfeint en is yn 1850 troud mei de Berltsumer Ymkje Rinse ’s Hager. Ype Boeije ’s Groenhout hat sûnt Maaie 1866 as mastersfeint op de houtmole wurke. Hy is ferstoarn op 16- 1-1895 te BERLTSUM yn de âldens fan rom 55 jier en wie ôfkomstich fan Snits. 

Houtseachmoune De Hoop

Fan it neiteam mei deselde namme hawwe hjir ek altyd guon yn BERLTSUM wenne, û. o. in Ype en Marije Groenhout. Marije is al jong widdo wurden en wie letter baakster. Hja hat by hiel wat Berltsumers bakere. Der wienen in Ype en Willemke (Ype en Wip) Groenhout, dy ‘t earst neist it Herfoarmd Sintrum wenne ha yn de Bûterhoeke en dy ’t noch wer letter oan de Wiersterdyk op húsnûmmer 7 wennen. Letter wennen yn dit no ôfbrutsene hûs, neist it Herfoarmd Sintrum, “dôve Durk” (Durk Bergsma) mei syn frou Joukje Miedema, de pake en beppe fan Appie Hiemstra, de frou fan de timmerman Harm Bijland. Hy hie noch in âlderwetske (hear)sleef om mei hearre te kinnen. Hjir stiet no de Aula. Soan Willem Ype ’s Groenhout reisge letter en die hannel yn wurkklean lyk as overall’s e. d. De boppebûtenstander houtseagmole oan it Berltsumer Wiid is yn de moanne Augustus 1930 op ôfbraak ferkocht en dêrnei ôfbrútsen troch in sekere A. Jager út Sappemeer. No stiet hjir allinne noch it molehûs Bûterhoeke húsnûmer 70 bewenne troch Dirk Harmen ’s Herrema. (Durk en Djoke). Soan Lourens Auke ’s van der Meij  wie op 1- 9-1872, ek noch yn oparbeidzjen  mei Lolke Gatse ’s Boomsma en Frâns Andriesz. Gerbens fan Menaam, in steam - en oaljeslaggerij yn BERLTSUM begûn ûnder de namme “Van der Meij & Comp.” In oaljemole dus. De oalje- slaggerij yn de Bûterhoeke is letter alhiel ôfbaarnd.

Steam oalje slaggerij

Yn 1891 kochten de trije boppeneamden v. d. Meij, Boomsma en Gerbens ek noch in oaljemûne yn Drachten. Earder noch, yn de 17e ieu, hat BERLTSUM ek noch in standermoune (nôtmoune) op "It Noard" by de Hemmema piip hân. (sjoch haadstik 74). Noch wer earder yn 1572 is yn BERLTSUM in nôtmoune fan foar 1550 yn de brân stutsen troch it rôvjende Spaanske (foar it grutste part Waalske) kriichsfolk, dat hjir sa no en dan legere wie en omdwoarme. Nei 1739 is dizze nôt - en pel stander-moune hjir ferdwûn.

Fuotnoat :

(* Yn 1844 wenne hjir in Cornelis Jan ’s Beitzegat, troud mei Aaltje Mighiels. Hy wie hjir as houtseachmûnersfeint oan it wurk. Hy is besibbe oan de om 1766 hinne as âld mounder fan Almenum en  Harns wenjende Abraham Cornzn. Beitzegat. Abraham ’s (broer ?) wenne om  dy tiid hinne as húsman (boer) te BERLTSUM.



Houtseachmûne de hoop oan it berltsummerwiid


DE HOUTSEACHMOLE.

1.

In lyts priuwke út de âld doas

dat is dan ek wer ris hwat oars

De opset fan de mole lei

by Auke fan der Meij. 1837.

Mar nei seis jier gehiel al plat

De wjerljocht sloech him troch it gat.

Net tsjinsteande dit great bilet

waerd hjir opnij in mole set. (1843.)    

De houthannel lei yn dit staech

gie oer fan d ‘iene op d ‘oare laech

Foarneamde staech brocht fierders oan

Durk fan der Meij en Lourens syn soan

Foar har, de mole it lêste draeit

dit byld ús noch sa folle seit.

Dy nammen moatsten efkes sein

Foar ymport en it jongerein.

                                                                                                

2.

Dit kykje is san sâwntich jier

foar  ‘t âlderein neat gjin biswier.

Wy sjogge hjir de balke sleat

dat wie in dea rinnend opfeart.

Slepen balken kaem hjir yn foar

twa, trije dan wol opelkoar.

As jonges der op ljeppe, rinne

fuortjage kaem der wer oerhinne.

As Willem – en Sjoerd Groenhout dat seach

dy moolners wiene skerp fan each.

Waerd in balke ta planken seage

de mole naem se yn syn beage.

Dy luts se earst sa út dit sop

sa wrikjend by de batting op

k Hear noch dyn smûgjen troch de balke

sa seachjend wei ta planken spjalte.

De mole efkes op ‘e fang

Oars wurdt it hjir ek fiersto lang.

 

3.

De beakens moasten hjir forset

de mole dat koe langer net.

De tiid frege om masinael

dat wie hjir ek de greatste kwael

Sa joech it ek net in bistean

de mole koe mar hinnegean.

Durk en Lourens nei Ljouwert gien (1928)

Twa jier de mole liddich stien.

Har namme hjir mei net út stoarn

mar in N. V. stiet nou foar oan.

De houthannel gie altyd troch

as ik sa nei it houtstek sjoch.

En wolle jo in nij hûs boud

It houtstek sit folop mei hout.

Alles lit him net biskriuwe

Mar wat by de mole bliuwe.

 

4.

Syn namme dat wie oars “De Hoop”

 mar rekke destiids foar de sloop. (1930.)

Wy sjogge him al lang net mear

Spitich, spitich, wol tûzend kear.

De sloperskeap waerd ôfroune

op –acht –hûndert – kâlde - Goune.

Minsken ! hwer siet dochs it forstân

gjin ynstânsje triek him dit oan.

- Dy mole, dy dochs neat mear docht

dy kin om ús ek wol sljocht -

Hy wie sa hecht sa geef as kryt

Moatste it sa ?  sa nou noch kwyt ?

Fakkundich sloopt út Sappemear

A. Jager, der gehiel foar klear.    (1930.)

 

5.

O mole, mei dyn sterke lea

dan seachst ús oan fier oer it gea.

En joechstou al in djippe sucht

‘t kaem troch dyn wjukken sa great fan flucht.

Mar hie de wyn it wer forbruit

dyn wjukken waerden der nei kruid.

Ta slútstik sa oan ‘t krúswetter

koe it moaijer ? koe it better ?

It doarp dat miste har bistek

men sjocht it noch dit greate lek.

Och mole, hoe koe it bistean

It skrynt ús noch dyn hinnegean.

It is nei praet, de oanklacht bliuwt

dat is it hwat ta skriuwen driuwt.

 

TOM. april 1976.

Auke Lourens van der MeijJanna Jans dr Postma



L. C.  8-6-1935.

L. G. van der Meij overleden.

Heden is hier ter stede, na een kortstondige ongesteldheid op 66 jarige leeftijd overleden de heer L.(ourens) G.(erhardus) van der Meij, steenfabrikant alhier. De heer Lourens Gerhardus van der Meij werd geboren te BERLIKUM, waar hij later, evenals te Harlingen een steenfabriek exploiteerde. Omstreeks derig jaar geleden vestigde hij zijn kantoor te Leeuwarden. In kringen van Nijverheid en Handel was hij een bekende en geziene figuur .........    ......... Voorts was hij, als opvolger van wijlen den heer J. Koopmans, sedert 1931 president-commissaris van Koopmans Meelfabrieken .........   ...........

                                                                                                                       

L. C.   4-7-1856.

Olieslagers

Een ongehuwde Koorn - en Pelmolenaarsknecht, zijn werk geheel of ten deele verstaande, kan dadelijk eene dienst bekomen bij A. J. Zijlstra te BERLIKUM.

 

L. C.   27-12-1969.

Veertig jaar klinkers in de Harlingerstraatweg.

Lourens van der Meij fabrisearre yn haadsaak reade mitselstien. Hy wenne oan de Ljouwerter Emmakade en syn twa oenen (ovens), in ring - oen en in fjildoen stienen oan de Ljouwerterfeart tusken BERLTSUM en Menaam. It fabryk bestiet allang net mear.

(Foar de aardichheid : De Harnserstrjitwei waard om 1564 hinne de “Marssumerwech” neamd en dêrfoar de “Oldehoeffsterawech”.)

 

L. C.    8-1-1920.

MOLENS

Op afbraak te koop : 4 watermolens waarvan 2 zeer geschikt voor verplaatsing.

Inlichtingen verschaft de heer F. J. Rolsma, architect te BERLIKUM.

Briefjes vóór of op 13- 1-1920 franco, gemerkt M, aan den heer J. Douma,

Voorzitter van het waterschap “De Drie Dorpen” te Menaldum.

 

L. C.   7, 14 en 21 Januari .

BEKENDMAKING.

(Overdracht na 36 vertrouwen, op 1- 1-1853 van de houthandel, houtzaagmolen enz. door A. L.  v. d. Meij aan zijn zonen L. en G. v. d. Meij  te BERLIKUM.)

 

L. C.   5-2-1930.

BERLIKUM, 4 Februari.

Naar wij vernemen zal de houtzaagmolen van de firma van der Meij en Meinesz binnen afzien -bare tijd verdwijnen. Met Mei wordt de houtzagerij stopgezet. Ruim een eeuw heeft deze molen aan ons dorp, van de waterkant gezien, een mooie aanblik gegeven. De eerste molen, die ter plaatse gebouwd is, was reeds spoedig bouwvallig en moest worden afgebroken ; de tweede werd door het hemelvuur getroffen en in 1843 werd de (derde) tegenwoordige molen gebouwd.

 

L. C.   11-5-1965.

Harlinger houthandel Meinesz 175 jaar.

De N. V. Houthandel J. T. Meinesz importeert jaarlijks grote hoeveelheden gezaagd naald - en vuren hout uit Zweden, Finland en de Sovjet Unie. Behalve in Harlingen heeft Meinesz vestigingen in Leeuwarden, Drachten, BERLIKUM, (N. V. Houthandel   v./h.   L. v. d. Meij) en Franeker.

It bedriuw yn BERLTSUM wie fêstige oan de Tichelersdyk, it destiids saneamde “Houtstek” mei as behearder Engele Bouma, no yn eigendom fan timmerbedriuw Harm Bijland. Hjir hellen de Berltsumer timmerlju harren hout wei. Engele en Metje Bouma – Zwart wennen yn it Houtstek.

 

L. C.   23-4-1879.

Mengelingen.

In 1572 heeft BERLIKUM veel van het Spaansch krijgsvolk geleden.

Sommige van deze benden hadden nu en dan hunne legerplaats te BERLIKUM of in het nabij liggende KLOOSTER - ANJUM, steeds rondom roof, moord en plundering aanrigtende. Een hoop Friesch voetvolk (de hierde troepen fan de Prins dy ’t ûnder Schouwenaar by Dronryp legere wienen) trok den 20 October in laatstgenoemd jaar op BERLIKUM aan om de Walen of ander Spaansch gespuis van daar te verdrijven, doch dezen niet vindende, staken zij DEN KOREN -MOLEN (yn 1578 wie hjir yn BERLTSUM (wer) in sekere “Jan molenaer”), benevens eenige huizen BIJ DE KERK in brand, waarna zij vertrokken, zoodat men destijds van vriend en vijand  te lijden had.

 

It KLEASTER - ANJUM.

Yn 1550 wie Gerben van Aysma Prior yn it KLEASTER - ANJUM. (de sibbe is ôfkomstich fan van “Aysmastate” te Bitgum)

 

Oer mounen sprutsen:

Op 17- 2-1686 fûn in mole ruil plak tusken Otto Jacobs en Imk Sybrens te BERLTSUM en Pyter Philips en Rinske Haytes te Ljouwert, wêrfan de lêsten tsjin in hiele Berltsumer moune harren heale wynmoune ruilden, “steande de moune op klippen, op de Súdwester dwinger efter it Zaaylant” te Ljouwert.

(Allinne in standermoune wie op stiennen klippen boud.)


De ferdwûne molens  fan BERLTSUM en it KLEASTER ANJUM

De standert-nôtmune op it Noard fan BERLTSUM oan de Wiersterdyk. Boujier foar 1572 en ferwoastige yn 1572 troch omdoarmjende binden. De Oanbring de Fiif Delen neamd yn 1511 in mûne te BERLTSUM.

De stelling-seachmûne (houtmûne) “De Hoop” yn 1842 op it ein fan ‘e Bûterhoeke, troch wjerljocht foar in part ôfbrând yn 1865 en ôfbrutsen yn 1930, as opfolger fan de eardere yn 1842 ôfbrâne troch A. L. van der Meij yn 1828 stiftte mûne mei de namme “Zeldenrust. ” De mûne fan foar 1828 wie brekfallich wurden.

De Polder (wetter) mûne 1,1 km e. s. e. fan de terp oan de Botgoarre o. z. op Kad BERLIKUM seksje A 81 eig. de widdo Poppe Franzes Wynia cs.  Boujier 1832 < ferdwûn 1850 > bemealde 45 ha op de Botgoarre. (Polder 22)

De mûne, in Spinnekop mei fjouwerkante ûndertoer en in zitkruier,  fan Joh. Stienstra, f. b. griffier, W. fan’t KL. ANJUM, Kad BERLIKUM seksje B 2 boujier 1832 < ferdwûn 1850 > .

De Poldermûne (Polder 24) Kad BERLIKUM seksje B 27 eig. de widdo Jan Rintjes Terpstra cs. Boujier 1832 < ferdwûn 1850 > .

De Poldermûne 0,8 km east fan ‘e terp oan de Botgoarre op seksje B 39, eig. Anna Vriese, berne Cats. (Polder 23) bemealde 30 ha.

De Poldermûne yn ‘e Ozingapolder 0,5 km s. e. fan ‘e terp fan it KLEASTER ANJUM op seksje B. 108, eig. Douariëre Juliana Agatha Baronesse thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Boujier 1832 < ferdwûn 1850 >

Mûne Polder Wyngaarden 1.3 km s. e.  fan ‘e terp fan it KLEASTER ANJUM op seksje B 169, eig. Pieter Cats cum uxore, lid fan ‘e Steaten Generaal. 1832 < ferdwûn 1850 >.