Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsumer minnisten. (2)


Bestiene de earste foargongers yn de Minniste tsjerke foaral út lekeprekers, ek wol "fermaners" of "leafdeprekers" neamd. Letter kamen der hieltiid mear en mear fêste en besoldige learaars neist de fermaners as foargongers. It wienen minsken dy't studearre hienen oan de teologyske oplieding fan de Minniste tsjerken. Hoe’t it dêr op en ta gie is bgl. te lêzen yn it boekje mei de titel: "Ik heb het groote doel mijner aardsche bestemming bereikt".

Hjir yn steane de brieven fan Marten Martens, as studint oan de Minniste kweekskoalle yn Amsterdam, ferstjoerd oan syn yn Denemarken (no Dútslân) yn it stedsje Friedrichstadt (Sleeswijk-Holstein) wenjende âlders. Syn heit, Sijbrand Martens yn 1770 te Amsterdam troud mei Elsie Woudbeek, wie dêr foargonger by de Minnisten. MARTEN MARTENS (1773-1852) is nei syn stúdzje foargonger wurden fan de Minniste tsjerken fan Holwert, Fiskbuorren (Ternaard) en Blije en hy wie letter ek skoalle tasjoch hâlder yn N.W. Fryslân.

Hy wie troud mei Amelia Johanna Brouwer en hie dizze by baan oerkrigen fan syn skoanheit, de Herfoarme dûmny fan Blije en Hegebeintum, dûmny Pet(e)rus Brouwer. Marten Martens syn âlders (Siebrand Martens en Elske Clases Woudbeek) wienen û.o. befreone mei ien fan myn (ek minniste) foarâlders te witten: Cornelis Cornelissen Posthumus, boer ûnder Ternaard (op "Ekema sathe" oan de Fiskbuorren) en ek mei syn broer Jorrit Cornelissen Posthumus, boer ûnder Ferwert, op "Onga state". Jorrit wie ek troud mei in dochter fan dûmny Brouwer t.w. Fokelina en dus in swager fan Marten Martens. Marten Martens syn heit wie earst Minniste learaar yn Hallum west en is letter fia Amsterdam as learaar nei Friedrichsstadt yn Sleeswyk Holstein, Dútslân ferhûze. Ik neam sa mar wer in pear nammen fan Minniste foargongers, dy't hjir yn Berltsum stien hawwe. 

Claes Jansen (Cuperus) berne om 1653 hinne, mr. Kúper te Berltsum. Hy is trije ris mei in widdo troud. De lêste widdo wie tige begoedige. Hy ferkocht dêrom syn kúperij te Berltsum en is boer wurden ûnder Deinum. Hy wie lekepreker (1681-1689) yn Berltsum en letter oan’t syn dea ta yn Blessum. Hy is ferstoarn te Blessum op it Deinumer Nijlân op 14-12-1732.

Ek û.o Olphert Tjercks, in boer hjir út it Kleaster Anjum, as fermaner yn 1712. Hy wie yn 1683 boaske mei Teatske Pytters de dochter fan Pytter Scheltes, boer te BOER. Pytters Scheltes wie neist syn wurk as boer, ek learaar by de Frjensjerter Minnisten en fan him stamme u.o de BERLTSUMER Ru(i)nia's ôf.(In takke Runia (Schelte) is nei Boalsert gien mei ek noch de dêr foar kommende foar namme Schelte en hja wienen dêr û.o. mr.ferver en mr. timmerman.

Ds. Ludovicus Timon PielatSyn opfolger wie in Marten Jacobs, ek ôfkomstich út itselde KLEASTER ANJUM. Hy wie boer op in buorkerij ûnder de "klokslach" fan it doarp Slappeterp. Hy kaam op in snein te jûn (op 20-8-1713) yn swier waar terjochte mei de Herfoarme dûmny fan Berltsum, t.w. dûmny L.(udovicus) T.(imon) Pielat. (1710-1728). Marten Jacobs wie in oertsjûge Sosiniaan en it Sosinianisme waard yn dy tiid fûl bestriden. Om in lang ferhaal koart te meitsjen. Hy waard op 11-5-1720 troch it Hôf fan Fryslân, as ketter, skuldich ferklearre en it lân út set foar ien jier. (dit is Fryslân). Hôf fan Fryslân, sent. 11-5-1720 no. 58. Sjoch de brosjuere: "De ketter van Klooster Anjum ", skreaun  troch dr. G. A. Wumkes. Marten Jacobs wie berne te Boksum as soan fan Jacob Martens, boer, en Jisseltje Sjoerds. Hy wie troud mei Luurtske Rienks, dochter fan Rienk Pytters. Marten is ferstoarn yn it Kleaster Anjum om 1733 hinne,  plm. 48 jier âld. Syn soan Jacob Martens is him opfolge as boer yn it Kleaster Anjum. Dizze stoar yn 1764. Syn swager Geale Broedriks is him wer opfolge en is dêr nei alle gedachten net troud ferstoarn.

(*  De yn Wier fan 1727–1738 stien hawwende dûmny J. C. Wiersma wie ek in fûl bestrider fan it Socinianisme.)  Sjoch de lear fan Lelio en Faustus Socinus.

In Sjoerd Pieters van Dokkumburg hat hjir ek learaar west (1728-1731). Hy stie letter yn it Hearrenfean en yn Noard-Hollân (Inkhuzen). Hy hat û.o. Fryske gedichten skrean. Fan him stamme de Berltsumer van Dokkumburg's ôf. Syn soan Heere (Herre) Sjoerds, berne yn 1734, wie letter boaske mei Grietje Dirks Kuperus en syn soan Wybe Heeres (Herre's) wie wer mei in Maartje Tylles (Tijles, Tieles Berkenpas) troud. Soan Pieter Sjoerds (1737-1811) hie oan Seminaarje fan de Zon studeare en waard yn 1757 proponent. Hy wie dûmny yn Oudesluis-Zijpe (1758) Twisk (1763) en oan syn dea ta te Koog-Zaandijk (1770) Hjir yn lêst neamd plak hat hy ferskate studinten oplieden ta it preekamt. Yn 1787 waard hy nei Amsterdam beroppen mar hat dit berop doe net oannommen. Yn 1732 in Cornelis Jacobs (letter bijstien troch ferskate fermoanjers. Soe hy lichaamlik net sterk west hawwe? Hy wenne hjir yn 1778 noch as "âld learaar"). It Seminaarje yn Amsterdam is oprjochte yn 1735.

Dernei fanôf 1761 oan’t 1782 in Gentius Wijbrandi (Jentje Wybrens) troud mei Wytske Pieters, hy is de soan fan Wybren Feickens, keapman en glêsmakker te Ljouwert. Hy gie yn 1782 nei it Hearrenfean en omkriten en wenne letter as emearitus te Ljouwert. Hy siet goed by kas, want hy kocht hiel wat huzen en gâns lân. Syn soan Klaas waard boer en syn soan Piter keapman. Ferskaten út dit neiteam waarden nôtkeapman, oaren skipper en inkelden skoalmaster. Syn dochter Petronella Wijbrandi berne te Berltsum op 24-4-1763 is yn maart 1790 troud mei Uilke Barends, ôfkomstich fan it Hearrenfean. Doopsgezind doopt op 23-4-1797 te Middelburg. Hy wie skipskaptein by de V.O.C. (sjoch foar de briefwiksel, genealogy, skipfeartsjoernalen V.O.C. e.d. it argyf fan Uilke Barends - Kapitein bij de V.O.C yn it Frysk Skipfeart Museum te Snits. ). Hy makke trije reizen nei East Ynje, fan 1790-1792 op de IJstroom/Eenparigheid, fan 1793-1795 op de Mentor, op 14-6-1795 troch de Ingelsken kaapt by St. Helena, en fan 1802-1804 op de Vrede en Rust. Fan him hinget in portret yn niisneamd Frysk Skipfeart Museum.  (**

Dan fan 1783 oan’t 1791 is in Gerben Cornelisz. (van Grouw) hjir lekepreker. Hy wie troud mei Dieuwke Simens van Grouw. Wierskynlik wenne hy hjir yn 1813 noch, want syn dochterke Welmoed Gerbens van Grouw is hjir stoarn op 21-6-1813. Hja wie 10 noch mar jier âld. Hy giet letter nei Pietersyl, krige dêr út ‘s Lânskas f.200,- en syn gemeente foege dêr jierliks f.60,- oan ta. Hy rekke dêr yn de fersukkeling en is dêr ferstoarn op 2-1-1825. Dieuwke ("pastoarske") wie as kreamheinster tige yn achting by de bewenners dêr. Syn neikommelingen neame harren letter Van Grouw en Zuiderbaan.

In Heere Hermanus van Soest hat hjir ek hiel koart stien. (Hy is hjir koart nei syn kommen yn Berltsum ferstoarn om 1791/92 hinne. Syn frou is hjir wenjen bleaun en altyd goed troch de diakonije ûnderhâlden.) Syn dochter Grietje wie yn earste boask troud mei Gerben Sjoerds ôfkomstich fan Grou en letter nochris mei Jan Symens Kramer fan Berltsum en mei Pieter, Durk Wiltjes de Vries. In oare dochter t.w. Trijntje is op 8-6-1794 boaske mei Fôke (Fokke) Dirks Kuperus. Deselde Fokke Kuperus (berne om 1769 hinne en ferstoarn 7-11-1844. kûper/gernier), dy't yn 1784 hjir adm. diaken west hat fan de Minniste gemeente.

Oan’t 1792 wie hjir in Gerben Simens. (letter nei Grou).

Dan in Foeke Ymes. (Postma)  Hy komt yn 1793 fan út de Dokkumer Wâlden yn Berltsum en giet letter nei Wâldsein. Hy is de swager fan Uilke Reitse, wierskynlik de meast prominente folgeling fan Menno Simens yn de Wâlden. Uilke syn namme is werom te finen yn de Global Anabaptist Mennonite Encyclopedy: uilke reitses 1755-1823.

Yn 1797 in Ruerd Gerbens, ôfkomstich fan Grou. Yn 1799 in Jan Pytters (Boonstra). Yn 1816 siet Fokke noch mei Jan Pieters Pietersen, Ynte Ruurds van Donia en Anne Gerrits de Vries yn de diakonije. As de (*** lêste fêste FERMANER (1799-1825) fan Berltsum ferstjert, lit syn dochter Durkje in advertinsje yn de Ljouwerter Krante sette mei de folgjende tekst: 

"Heden overleed, tot mijne bittere droefheid, mijn waarde vader, Jan Pytters Boonstra, hij stierf in den ouderdom van 72 jaren en 5 maanden, in leven leraar der Doopsgezinden alhier. Hoe zwaar mij dit verlies ook treft, kan een ieder ligt beseffen. Maar ik wensch in stilheid te berusten in den wil van Hem wiens doen Majesteit en Heerlijkheid is. Berlikum, den 7-5-1826."

Fermanje oan de vermaningsstrjitteDurkje Jans Boonstra, wed. Y.(nte) R.(uurds) van Donia. Jan Pytters Boonstra betinkt de gemeente mei in lânskipsobligaasje fan f.1000,- en in legaat fan f.25,-Yn 1839 is DÛMNY Seine Hiddes van der Goot hjir kommen fan Bloksyl. Mei troch syn oantrúnjen is dêr yn 1841 in nije tsjerke (fermanje) stifte oan de Vermaningstrjitte. De grûn waard kocht fan Klaas Klazes van Gelder foar f.351,43. De leegste ynskriuwer wie mr. timmerman (en kafé hâlder) Auke Lourens van der Mey mei F.4975,- Fan it yn gebrûk nimmen fan de tsjerke is net folle bekend. (By it 100 jierrich bestean fan it gebou yn 1941, hat boekhâlder-siktaris G.(errit) A.(lberts) Brouwer in oersicht makke oer de skiednis fan de gemeente.)

Ds. Sijne van der Goot hat de gemeente 33 jier tsjinne. Hy is hjir yn Berltsum yn 1889 op 82 jierrige âlderdom ferstoarn en begroeven. Hy wie berne yn Akkrum op 13-11-1799 en troud mei E.J. Koopmans. Harren dochter Sjoukje wie boaske mei de Berltsumer kantonrjochter mr. Schonegevel. Dochter Alida mei de Berltsumer notaris Hendrik Willem Alma en dochter Aafke mei dûmny Gerhard v.d. Tuuk Sevenster, de pakesizzer fan de Herforme dûmny fan Berltsum Gerhard v.d. Tuuk.

Op 2-11-1873 kaam hjir (de yn Jirnsum berne) kandidaat (proponent), ds. Izaäk. Molenaar Jzn fan Woarkum nei in fakatuere fan twa jier en waard befestige troch syn heit Wopke Molenaar dy’t foargonger wie yn Irnsum. Hy wie de earste bewenner fan de krekt boude nije pastorije oan de Fermaningstrjitte. Hy gie yn 1875 nei Almelo. Yn datselde jier skonk it echtpear Sikke Eeltjes Schiphof/Korneliske Fokkes Kuperus in sulveren doopbekken en fjouwer nachtmielsbekers oan de tsjerke.

Dêrnei stie hjir fan 1875 oan’t novimber 1877 ta in ds. Willem Cato Schiff, ôfkomstich fan it Amelân. Letter yn april 1877 nei Damwâlde en dêr stoarn op 5-2-1892. Dêr waard troch him in bibleteek oprjochte en kaam ek in oargel yn de tsjerke. Hy wie troud mei Titia Willemina Waerma.Yn 1882 oan’t 1884 ds. Rindert Kuperus fan Baard. Letter nei Ytens. Fan 1887-1889 ds. Sytse Jan de Vries, (y. g. m. Sint Anne) Hy wie foarhinne helppreker yn Nederlâns Ynje te Saparoea. Yn 1889 nei Hallum. Hjir hat ek in dûmny Hendrik Koekebakker stien fan 1878-1881. Hy kaam fan Ouddorp en is letter nei Giethoorn gien. Koekebakker wie liberaal yn de teologie. Hy wie de earste haadredakteur fan it wikeblêd "De Zondagsbode".

Doe't dûmny Luurdo Reinders fan Noordbroek, hjir nei in 13 jier lange fakatuere op 12-1- 1897 kaam, (tagelyk mei dûmny van Eijck van Heslinga) telde de gemeente 60 leden, wat letter oprûn is ta 95. Hy hat hjir 40 jier dûmny west. Hy wie troud mei A. de Boer. De susters krigen yn syn tiid stimrjocht. Der kaam sels in suster yn de tsjerkerie, t.w. Zr. H. Klasing-Schonegevel. Hy gie hjir mei emeritaat. Syn soan Diederik Nicolaas Reinders, troud mei Anna Marchien Groenewold, in pakesizzer fan master Jan Hendrik Groenewold wie bouboer wurden yn Scheemderzwaag fan 1927 oant 1963.

In dûmny E.(miel) H.(enry) Boer, proponent te Wassenaar, troud mei C.J. Zuidema. (2-10-1938 oant 20-7--1941). Sjoch de L.C. fan 3-10-1936. KERKNIEUWS. Intrede ds. E.H. Boer. Hy waard op 6-3-1941 beroppen te Boalsert. Syn frou hat hjir de Doopsgezinde susterkring oprjochte.

Dêr wie noch wer letter (fanôf 1 sept. 1941-1946 sjoch de L.C. Intrede ds. G. Kater) in dûmny G.(erard) Kater, troud mei Melena Eelkje Hoekstra. Hy kaam as kandidaat fan Amsterdam. Hy waard op 12-8-1943 arresteard, omdat hy underdûkers holpen hie en brocht sa’n fjouwer moanne yn ferskate finzenissen troch. De Dútske plysjeman, dy’t him arrestearjen kaam, bea him syn ferûntskuldigens oan foar wat hy op grûn fan syn amt dwaan moast en ds. Kater waard mear syn dûmny dan syn finzene. By syn ferhear sei hy, dat hy it as syn plicht beskôge om dit as dûmny te dwaan. Op 7 juli 1946 is hy dumny yn Damwald wurden en noch wer letter learaar oan de Ryks pedagogyske Akadeemje yn Ljouwert.

Op 22-9- 1946 kaam fan Hylpen/Starum/Molkwar, dûmny S.(aartje) E.(lisabeth) Treffers, (hja wie foarhinne skoaljuffer en oh sa mei de minsken belutsen en hie letter teology studearre yn Leien.) Hja is yn 1956 op 22 april nei Akkrum gien. Yn 1956 kaam fan Drylst dr. Hendrik Bernardus Kossen, berne op 3-12- 1923 yn de pastorije te Boalsert, dy't letter heechlearaar wurden is yn de praktyske teologie oan de U.v.A. en it Doopsgezind Seminarium te Amsterdam. Hy wie troud mei Elselina Offerhaus, promovearre yn 1960 oan de U.v.A. op in proefskrift titele: "Op zoek naar de historische Jezus", in stúdzje oer de fisy fan Albert Schweitzer's op it libben fan Jezus. (Sjoch ek de L.C.. 26-3-1960 Op zoek naar de historische Jezus. Dr. H.B. Kossen van Berlikum weerlegt Schweitzers visie op Jezus’leven. En de L.C. 15-4-1989: Kossen neemt afstand van marxistische theologen.) Hy wie ek foarsitter fan de Sindingsrie. Yn in petear mei "Kerk en Vrede" sei hy û.o.: "We ontdekken zo langzamerhand hoezeer deze hele westerse samenleving naar de pijpen van het kapitaal danst. De heerschappij van het kapitaal is bezig de samenleving te gronde te richten. De gemeente van Christus moet met alle macht daartegen nee durven zeggen." Als voorvechter in de vredesbeweging stortte hij, als gewetenbezwaarde, het betreffende deel van de belasting dat bestemd was voor de modernisering van de kernwapens in een vredesfonds. Yn it 1000 ste nûmmer fan it evangelisaasjeblêd "Open Deur" (1966) gie hy neier yn op de fraag: "Één Evangelische Kerk in het jaar 2000?". De gemeente hy yn 1960, sa al mei al, in 130 leden. Hy gie yn maaie 1961 nei Zeist.

De twadde froulike dûmny wie da.T. (ine). G. (ertrude) Siccama. Hja is hjir kommen op 11-3-1962 fan Wolvegea/Tjalbert en wie tige warber en de gemeente waakse. Krekt as har broer (dr. Kornelis Hendrikus Siccama, hy wie û.o. Herfoarme dûmny te Eastermar), hie hja teology studearre al wie it lang net op itselde nivo. Hja wie fan frijsinnich Herfoarme ôfkomst. Beide binne letter de rjochtsinniche kant oergien. Omdat destiids yn de Herfoarme tsjerke froulike dûmny's noch net wolkom wienen, is hja Minniste dûmny wurden.

Nei har is hjir yn 1974 fan Wieringen de earste part time dûmny kommen, t.w. da. Alice C. Kuit-Verbeek. It wie gjin folle tiids baan mear. Hja doar it oan om hjir nei in heal jier al in fryske preek te hâlden. Yn 1980 is hja mei har man Jacob wer nei Wieringen werom gien. Sûnt 2006 wennet hja yn Den Haag. Zr. Rinsma-Schipper út Deinum hat hjir doe in protte waarnommen. Har man is in broer fan garaazjehâlder Hendrik Wopkes Rinsma en de boekhâlder fan dit bedriuw.

Dêrnei de part timers dhr. Geert Jurjan Kuurstra (yn kombinaasje mei Sint Anne, en Âlde -biltsyl. Hy is úteinliks fuort stjoerd omdat hy der hjir neat fan makke hat.), dhr. Theo de Jong (1999-2000) en fan 2001-2006 pastoraal meiwurkster Wilma Tiemersma-Veenstra. No foar ien deidiel yn de wike da. G.(eja) P. Laan. (fan Snits en meikoarten fan Feanwâlden.)

De Minniste gemeente fan Berltsum hat ferskate kearen gearwurkingsferbânnen hawn mei oare Minniste gemeenten yn de omkriten. Hjir wie in minniste naaiferiening, in Minniste sneinskoalle, in grutte en lytse Minniste suster- en in grutte en lytse jongerein kring (de Minniste bouwers en jong Menno), in bibelkring en in Minniste tsjerkekoar. Koart ferlyn is de tsjerke al hiel opkrease en stiet der no wer as nij by. Onijdus Gerrits Sijtsma hat de pastorije, as hjoeddeistige bewenner, fan binnen alhiel wer yn âlde styl werom brocht. Berltsum kin wer besjen leie mei dit prachtige gehiel.

(* dr. G.A. Wumkes: De sintinsje boeken fan it Hôf fan Fryslân jouwe ús in protte feitenmateriaal oangeande de hâlding fan de Oerheid tsjinoer de dissenters. Marten Jacobs, Minniste fermaner " im Bauern rock" te Berltsum wurdt in jier út it lân (Fryslân) ferbanne, omdat hy Sosiniaanske stellingen opdist hie. (sintinsje 11-5-1720) Marten Jacobs wie berne te Boksum om 1685 hinne as soan fan Jacob Martens (boer) en Jisseltje Sjoerds. Hy wie foar 1711 troud mei Luurtske Rienksdr. en is ferstoarn om 1733 hinne, 48 jier âld. Hy wie boer wurden yn it Kleaster Anjum op de pleats (stimnû. 2 gr.112 pm) fan syn skoanâlden Rienck Pytters en Antie Hoites. Antie Hoites, berne te Menaam yn 1632 op Sathe “Great Fellingwird” (ek wol neamd “Fjouwerhûs” nei de dêr lânsrinnende dyk Fjouwerhûs) en stoarn yn 1689 is earder op 27-3-1657 foar it Gerjocht fan Baarderadiel troud west mei Jacob Ottes. Antie Hoites en Jacob Ottes binne myn foarâlden en ek dy fan de Berltsumer RUNIA’s. 

Dûmny Winandus van Assen earst yn Bitgum en letter yn Berltsum hie ek al ris yn 1738 trije minniste learaars beskuldige fan Sosinianisme. Hy wie doe dûmny yn Nij Brongergea (no de Knipe) yn de klassis Sânwâlden (it Hearrenfean).

(** In oare dochter fan Wibrandi t.w. Tryntje, hat yn 1783 in letterlape makke. (sjoch de L.C. fan 5-11-2002. Mei in merkteken koes't dyn eigen wask der op 'e bleek wer út.

(*** Yn july 1817 waard troch Kening Willem I in sirkulêre útfeardige, wêrby de ta Minniste preker oplieden dûmnys lyk steld waarden oan dy fan oare tsjerkegenoatskippen.

Sjoch foar Onijdes Sijtsma ek de fideo: Mennonieten yn Fryslân.


De tsjinsten wurde no in protte yn gearwurking hâlden mei de Minniste gemeente fan Sint Anne. Der wie al sûnt 1636 in Minniste gemeente op it Bilt yn Âlde Biltsyl. Op 16 Maaie 1870 kamen 22 Minnisten by Martentje K. Post te Sint Anne gear en besletten dêr nei in koarte gearkomst om te kommen ta it oprjochtsjen fan in twadde Minniste gemeente op it Bilt en wol te Sint Anne. Op 18 July 1871 koe de bou fan in tsjerke mei wente oan de Westerdyk (no Middelweg-west) te Sint Anne oanbestege wurde. Yn 1873 die Hendrik Ens, proponent, wenjende te Harns, syn intrede yn de gemeente. 35 leden fan de gemeente Âldsyl fregen harren attestaasje oan en gienen oer nei dizze nije gemeente. Ek dizze gemeente wurdt hieltyd lytser en lytser.

(Yn Sint Anne hat earder ek al in Minniste gemienskip bestien dy’t bestie yn twa groepen.)


L.C. 11-1-1937.

Ds.L.(uurdo) Reinders, doopsgezind predikant te Berlikum. Veertig jaar predikant. Gisteren werd te Berlikum op zeer sobere wijze herdacht, dat ds. L.Reinders voor veertig jaar als Doopsgezind predikant was bevestigd en zijn intrede had gedaan. Daar de heer Reinders er op gesteld was dat aan deze gebeurtenis geen aandacht zou worden geschonken, had de Zondagsdienst zijn gewoon verloop, totdat de zegenbede zou worden uitgesproken. Toen nam de heer P.(ieter) de Geele, namens den Kerkeraad het woord, dankte ds. Reinders voor het vele, dat hij voor de gemeente had gedaan. Spreker hoopte dat mevrouw en dominee het laatste jaar in Berlikum in gezondheid zouden verblijven en bood een bloemstuk aan etc. Ds Reinders dankte hartelijk voor de vriendelijke woorden van de sprekers, waarna de Kerkeraad, enkele leden van deze en van de zustergemeenten, in de pastorie een poosje gezellig bijeen waren.


L.C. 10-12-1985.

In Menno’s geest.

In Amsterdam heeft verleden week een merkwaardig ritueel plaats gevonden in het kader van de burgelijke ongehoorzaamheid tegen de plaatsing van kruisraketten. (dit hat ek op de t.v. te sjen west.) De Doopsgezinde hoogleraar prof. dr. Henk Kossen voorheen predikant te IJlst en BERLIKUM had tweemaal f.572,- van zijn inkomstenbelasting ingehouden als protest tegen de plaatsing van de 572 kernraketten in West Europa. Dat leidde tot een openbare verkoping van zijn inboedel met een deurwaarder erbij om de staat aan zijn 1144 gulden te helpen. De verkoping liep uit op een soort vredesfeest met gezang, "protestantjes", (anti-raket koekjes), brood en wijn. Er werd daarbij verwezen naar Genesis, waar de Hogepriester Melchizédek aartsvader Abraham brood en wijn aanbiedt na een veldtocht. De gelijkenis met het avondmaal was opvallend. Prof. Kossen wil zich met zijn actie bewust voegen in de doperse traditie. De volgelingen van Menno Simons te Witmarsum, de Mennonieten, werden in de 16e eeuw "dochters en zonen des vredes" genoemd. Zij weigerden namelijk "het zwaard te dragen". Militaire dienst te verrichten dus. Deze goede doperse traditie is in de 20e eeuw practisch verdwenen, maar wordt nu weer actueel in het atoomtijdperk. Volgens prof. Kossen, is de noodzakelijke zwaardmacht van de staat met atoombewapening ontaard in een misdaad tegen de mensheid. Met zijn protest sluit prof. Kossen aan bij de Menniste traditie. etc. etc.


L.C. 1-12-2009.

Kossen overleden.

Amsterdam. De Doopsgezinde theoloog Henk Kossen is zaterdag op 86 jarige leeftijd overleden in Amsterdam. Kossen begon in 1950 als predikant in IJlst, later stond hij in o.m. BERLIKUM. In 1968 werd hij hoogleraar practische theologie aan het Doopsgezind Seminarium. Kossen was een bevlogen oecumenicus en pacifist. Hij woonde in 1948 in Amsterdam de oprichting van de Wereldraad van Kerken bij en zat namens de Doopsgezinden in de Raad van Kerken. Ook was hij voorzitter van de Nederlands Zendingsraad.


L.C. 18-5-1971.

Ds Boer, voorheen te Berlikum en Bolsward , plotseling overleden.


Jaarboekje voor de Doopsgezinde Gemeenten in de Nederlanden (Google E-boek) door Samuel Muller. (1837) 

Sjoch ek  by Min foarbyld docht net folgjen. Feike van der Ploeg (1829) te Ouddorp op Goedereede. Johannes Eschines van der Ploeg te Grou. (1829)  Hidde Wijbes van der Ploeg te Goch / Kleef / Emmerich.


L.C. 25-3-1943.

BERLIKUM. 23-3-1943. Hedenmiddag is alhier overleden de oudste inwoonster van Berlikum en van de Gemeente Menaldumadeel, mej. Elisabeth Wierdsma, sedert 1908 weduwe van Andele Willems Boomsma. Ze werd geboren te Drachten op 20-6-1843. Met ds. Molenaar, Doopsgezind predikant, kwam ze als huishoudster hier wonen. Uit hun huwelijk werden 5 kinderen geboren waarvan er nog vier in leven zijn. Van haar 80e af was ze inwonend bij haar dochter Trijntje die gehuwd is met Thijs van der Leij. Het laatste jaar werd haar gezicht veel minder, zoodat ze bijna niets meer zag. Haar gehoor was nog goed, en tot het laatst toe was ze een dankbare verpleegde. Velen hadden gehoopt, dat ze 20 Juni nog zou bereiken, den dag waarop ze 100 jaar zou worden, maar dit heeft niet zo mogen zijn.


L.C. 27-10-1941.

100 jaar Doopsgezinde kerk te Berlikum.

Gistermiddag werd in Berlikum de herdenking gehouden van het 100 jarig bestaan der Doopsgezinde kerk aldaar. Ds. Kater hield een predikatie n.a.v. 1 Kon. 29: "Dat uw ogen nacht en dag geopend zijn over dit huis". Daarna sprak de voorzitter der gemeente, de heer (Marten) Palstra (destiids kassier fan de Berltsumer bank) een kort woord waarin hij opwekte het pand ons toevertrouwd, te bewaren. Ons kerkgebouw, aldus de spreker, getuigt van soberheid en eenvoud en legt ons den plicht op het fundament te versterken, dat er een tweede eeuw op kan worden voortgebouwd. Vervolgens gaf de heer G.(errit) A. Brouwer, boekhouder-secretaris der gemeente een historisch overzicht van gemeente en kerkgebouw. Dit historisch overzicht, dat van veel werk getuigde, werd beëindigd met het uitspreken van de hoop dat men trouw zou blijven aan de Doopsgezinde beginselen en dat daardoor het der gemeente toevertrouwde pand zou worden bewaard door alle wisseling der tijden, om het Evangelie te verkondigen. Mej. R.(ichtje) (Douwes) Wiersma sprak namens de jongeren te Berlikum. Ds.Hoekema van Hallum namens de Ring Dantumawoude (Damwoude). Tot afwisseling werd er muziek (orgel, viool, fluit) gegeven. Ds. Kater sprak nog een kort slotwoord, waarbij dank aan allen werd gebracht, ook voor de vele felicitaties, in het bizonder aan de dames van der Goot uit Apeldoorn (de dochters fan de eardere Berltsumer Doopsgezinde dûmny Seine van der Goot). En hiermee werd deze waardige herdenking besloten.

(Sjoch ek it boek fan Arend Douma: De Fermanje fan Berltsum 1841 (165 jaar) 2006. Oantekens by it 165 jier bestean fan de Fermanje te Berltsum. Oer de skiednis fan de Menniste Gemeente fan Berltsum.

(A.Douma, maart 2007))


De Feanster, 21-mei 1981 blz. 5.

Bij de ingebruikname van het Doopsgezinde kerkje van Buitenpost op 19-8-1742, sprak Age Wijnalda, Doopsgezind predikant te Haarlem, een leerrede uit n.a.v. Ps. 26: 8. met als opschrift: "Davids liefde tot Gods huis." SJOERD VAN DOKKUMBORG, predikant te Westzaanen, schreef achter deze preek een gedicht in het Fries, zoals dat destijds geschreven en gesproken werd. Van Dokkumburg was tevoren predikant in Friesland geweest o.a. te Heerenveen en BERLIKUM. Wellicht had hij nog relaties te Buitenpost. Zijn gedicht was een "Tajefte oon Meniste Gemiente toe Buutenpost."


Sa mar in pear Minniste sibben: Vermeersch, Stinstra, FONTEIN, Braam, Mahu(i), HANNEMA, Hanekruijck, Oosterbaan, Zuiderbaan, Vogel, Molenaar, ROORDA, Nieuwenhuis, SCHELLINGWOU, Scheltinga / Scheltema, Styl, Tjallingii, Dreijer, Folkert Pieters, Tuinhout, Pettinga, IJzenbeek, GRATAMA, HUIDEKOPER, Feitama, Hingst, as keaplju, ûndernimmer en pleatsen besitter. Foaral yn Harns sieten in protte minnisten mei in soad jild. Hja lienden innoar jild, ferkochten en ferhierden in protte ûnder innoar. Ek waard der in protte troud ûnder innoar (op stân). Sa kocht myn fier (minniste) besibbe lid Cornelis Jorrits Posthumus destiids de pleats MAHU yn de Westhoeke ûnder Sint Jabik, neamd nei de (minniste) sibbe Mahu(i). (Mahiu) De Mahui’s wienen houthannelers te Harns.

Romke Jacobs, berne te Berltsum, minnist, troud op 26 maart 1653 foar it gerjocht te Harns mei Frouckien Claeses Braam. Syn soan Jacob Romkes nimt memmes efternamme BRAAM oan. Dizze is letter keapman en reder te Harns. Hy troud yn earste boask mei Martien Pieters DREIJER foar it gerjocht te Harns en op 26 febr. 1681 troud hy foar de twadde kear op 16-7-1684 foar it gerjocht te Harns mei Antie Jelles Jeddema fan Harns en foar de tredde kear op 27-2-1697 foar it gerjocht te Harns mei Antie Reyners FONTEIN.  Minnisten trouden (meastal) mei Minnisten, krekt as Roomsken mei Roomsken en  Kalvinisten mei Kalvinisten.


Grutte koryfeeën yn de Minniste wrâld wienen Nieuwenhuis, Vogel, Tigler, Stinstra, Zuiderbaan, Molenaar en net te ferjitten Samuel Muller (Müller). Der waard wolris sein: "Sûnder Abraham Kuyper gjin Grifformearden, sûnder Klaas Schilder gjin Frijmakke Grifformearden (art. 31) en sûnder Samuel Muller (1785-1875) gjin Minnisten".


De MINNISTEN, wienen lykas de KALVINISTEN, ferdield yn partij skippen. Sa wienen der de sa neamde Lammisten, de Zonnisten, de Wetterlanners, de âlde Flamingen en Friezen, etc. etc.


Yn 1812 hie Fryslân sa’n 173.000 ynwenners. Dêrfan wienen sa’n 139.000 Ned. Herfoarmd, 17.000 Roomsk, 14.000 Doopsgezind, 1000 Lúthersk en 1000 oare gesinten wêrûnder 700 Joaden.


FOEKE SJOERDS, (1713-1770) de Fryske skoalmaster - histoarikus skriuwt yn 1768 oan syn freon oer de Wetterlânske en Fryske Minnisten. It gebrûk fan fuotwaskjen yn de Minniste gemeenten (sa’t Jezus die by syn learlingen foarôfgeande oan it nachtmiel) wurdt yn fierwei de measte gemeenten net mear dien. Oer it brûken fan wapens en geweld stelt deselde Foeke Sjoerds oan in Minniste reder de wat spottende fraach: "Wêrom is it net tastien guod te laden yn skippen, dy’t mei swier geskut bewapene binne, mar wol te wenjen yn bebolwurke stêden?" (Minnisten swarden û.o net en woenen gjin wapens drage.)


Ien fan de efter lytsbern fan Foeke Sjoerds is de op 7-1-1849 yn Dokkum berne âld BERLTSUMER bakker op de hoeke It Skil / Krússtrjitte, Sjoerd van der Pan, yn Berltsum op 9-5-1872 troud mei Klaasje Gerbens de Jong en yn twadde boask te Sint Jabik op 1-12-1878 mei Renske Gerbens de Jong, beide froulju ôfkomstich fan it Bilt. Op 2 januaris 1931 skonk frou Posthuma – Foekens út Snits in portretskilderij fan Foeke Sjoerds oan it Frysk Muse -um yn Ljouwert. Okkerdeis dûke in sulveren leppel op mei de ynskripsje F. Sjoerds 1763.


L.C. 13-10-1955.

"Operatie Columbus" yn Berltsum út ein set.

Yn Berltsum hawwe de Doopsgesinde jongerein rounten Hallum, Âldsyl, St. Anne en Berltsum de earste joun fan ‘e "Operatie Columbus" hâlden. De jounen wurde ien kear yn’moanne hâlden. Dizze "Operatie Columbus" is in aksje, dy’t op set is troch de D.J.B. om de kringen wer nij libben yn te blazen en te besykjen mear minsken to lûken. Dizze earste joun yn Berltsum wie alhiel wijd oan de Bibel en oer it feit, hoe’t it komt, dat de measte jongerein sa min thús is yn ‘e Bibel en oer it feit hoe’t hjir feroaring yn komme kin. Dêr is oer dizze fragen wiidwreidich en mei greate belangstelling praet; earst yn diskusjegroepen, letter yn in algemiene diskusje. It fleurige diel fan ‘e joun bestie út in spul oer bibelske nammen, hwat der tige yn foel. Der wienen dizze earste joun sa ‘n fjirtich man oanwêzich.

(Sa mar in pear nammen fan kosters fan de Berltsumer Fermoanje fan ôf it begjin fan de 19e ieu: Antje Sapes van der Hout, de widdo fan Minne Ruurds Braaksma, Willem Andeles Boomsma, troud mei Tjitske Minnes Braaksma, Mindert Rinses Groenewoud, troud mei Trijntje Everts Koning, Wiebe Kuperus, Klaas Zwart, troud mei Baukje de Geele, Yke Winselaar, (30 jier lang oan’t 1 juny 1946) Auke Hylkes Miedema, troud mei Idske Dijkstra, Jan Steensma, troud mei Ytsje Schiphof, Pieter Horatius (Raads) Postma, (Pyter en Aeltsje), Theo Schiere en syn frou, Kees Breeuwer, Douwe Dijkstra en Anke Wieger Durks van Dijk, Roelof Karels Sijbesma, troud mei Gerritje Rinzes Peterzon (Roel en Gerrie) en Ulfert Douwes Sijens. (Ulfert en Jolande) De lêste trije neamde kosters wienen net lid fan de Doopsgezinde tsjerke.)


L.C. 20-8-1841.

Notaris T. Alma te Menaldum, zal t.v.v. den Heer Mr. A.G. van Dalsen Fontein, Secr. te Dronrijp, q.q., op Maandag den 23 Aug.1841, finaal, ten 6 ure op den avond, in de Herberg bij A.L. van der Meij te BERLIKUM, presenteren te verkoopen: Twee woningen met de achterstaande (Doopsgezinde) Kerk en erf, staande en gelegen te Berlikum, bij het Kadaster bekand sectie A 622 en 623, ter grootte van 1 roede 75 el en 1 roede 19 el in eigendom behoorende aan de Doopsgezinde Gemeente van BERLIKUM; waarp slechts geboden is Fl. 675,-

(De twa hûzen efter it perseel Buorren hûsnûmmer 61).


Russyske Minnisten út de Oekraïne, foar in grut part fan Nederlânske en faak ek fan Fryske ôfkomst, binne oan it ein fan de twadde wrâld oarloch troch de werom lûkende Dútsers mei fierd nei it westen ta. Hja ferkearden faak yn erbarmlike omstannichheden. Mear as 100 binne opfongen troch de Minniste gemeenten fan Terherne, Irnsum, Poppenwier, Grou, Holwert, Ternaard, Feanwâlden, BERLTSUM, en St. Anne. (L.C. 24-2-1947. De Lijdensweg van de Russische Doopsgezinden.) Hja binne letter nei Chaco (Paragguay) emigreard en stiften dêr de Neuland koloanje.


Minne Simens (1492-1559) leit yn Oldesloe begroeven ûnder in, sa ’t men seit in troch him earder plantte, âlde linebeam, wêrop in betinkingsboerd oanbrocht is.


L.C. 20-11-1874.

Vergadering van de Afdeeling Menaldumadeel van de Nederlandsche Protestanten Bond, op Zondag 22 November 1874, ‘s avonds 6 ure bij G.L. Kroes te Berlikum. Spreker: Ds. B.W. Colenbrander. Ten 7 ure, ook toegankelijk voor Vrouwen en niet leden tegen betaling van 25 cent. J. Kutsch Lojenga, Secretaris.


L.C. 5-2-1879.

MENALDUM, 3 Februari. Gisteren avond hadden we het genoegen den heer H. Koekebakker, predikant te BERLIKUM, te horen op den Protestanten Bond vergadering over "gewetensvrijheid". Onderscheidene oorzaken hadden medegewerkt, om het auditorium niet tot een gewenscht getal te doen aangroeijen. Was het echter klein, wij kunnen gerust zeggen, dat het heeft genoten, want boeijend was de rede en de ideën, daarin vervat, frisch, helder en nieuw, zoodat de heer Koekebakker niet alleen voor den avond van 2 Februari heeft gesproken, maar ook zijn gehoor velerlei stof tot nadenken heeft gegeven voor volgende dagen.


L.C. 10-8-1881.

Voor de jaarlijkse vergadering van Friesche predikanten, die gehouden zal worden te Leeuwarden den 31 sten Augustus e.k. zijn de volgende punten van discussie vastgesteld:

1. Moet de Christelijke Gemeente de armenzorg als hare taak blijven beschouwen? Referent dhr. W.J.H. van der Zwaag, predikant te Twijzel.

2. Wat kan op modern standpunt geantwoord worden op de vraag; Welke is uw troost, beide, in leven en in sterven? Referent dhr. D.E. de Haas, predikant te Beetgum. etc. etc.

5. Behooren wij het Nederlandsch Bijbel Genootschap te steunen? Referent dhr. H. Koekebakker, predikant te BERLIKUM. (Ds. Koekebakker, de Minniste dûmny hjir, siet ek yn it moderamen fan de Fryske Predikanten Feriening mei de hearen G.H. van Borssum Waalkens fan Huzum, K.W. Vethake en W.P.K. Klinkenberg fan Ljouwert, dr. J.W. Lieftinck fan Raerd en W. Van der Bijtel fan Drylst.)


L.C. 28-12-1946.

Yn de Minniste tsjerke waard yn desimber 1946 in advints jûn holden. Neidat Da. Treffers in koart ynliedend wurd en Jes. 40: 1-11 lêzen hie, gie dizze foar yn gebed. Troch de leden fan de jongerein kring waard it krystspul: "Yn de minsken in wolbehagen" fan Jan Bunt, opfierd. Muzikale meiwurking ferlienden D. Kuperus Sr., fluit, D. Kuperus Jr., oargel, en juffer W. Kuperus, fioele. Mei it lêzen fan Rom. 11: 33-36 waard dizze tsjinst beëindige.


Yn 1877 is troch de BERLTSUMER timmerman / oannimmer Dirk Freerks van Dijk yn it doarp Wytmarsum foar de Minniste gemeente dêr in nije tsjerke boud. It âlde Menno Simens tsjerkje bûten it doarp wie sa ferfallen, dat it doe yn 1878 ôfbrútsen is. Op dit plak stiet no it yn 1879 oprjochte Menno Simens monumint. Yn dit âlde tsjerkje, it yn de folksmûle sa neamde "Menno Simens hûske" soe Menno foar it earst nei it frij gewisse sprutsen ha. It is by oerlevering, dochs lykwols net bewezen.

(Dirk Freerks is ien fan de foarpakes fan Douwe- en Bouwe Jacobs van Dijk. Douwe wie hjir krekt as syn heit Jacob, jirpelhanneler en hie de loadsen op it ein fan de Mulseleane). Bouwe en Annie wennen earst op de Hakkebakstreek en letter yn Dinxperlo.


L.C. 10-1-1922.

Kerk en School, Benoemingen enz.

Heden herdenken ds. L.(uurdo) Reinders te Berlikum en ds. M.Honingh te Franeker den dag, dat zij vóór 25 jaar het predikambt aanvaarden in de Doopsgezinde kerk.


L.C. 4-6-1946.

Kerk en School, Benoemingen enz.

Benoemd tot koster der Doopsgezinde gemeente te Berlikum de heer A.(uke) H.(ylkes) Miedema. Mej. I. (Yke) Winselaar heeft dit kosterschap dertig jaar waargenomen.


L.C. 15-8-1823.

Heden beviel van een zoon Richtje Kornelis van Postma, echtgenoote van Reinder J. Hoekstra (bakker op de hoeke Krússtrjitte/ It Skil, beide Minnist.)

Berlikum, den 28 Augustus 1823.

Kennisgeving aan Vrienden en Bekenden.

(Richtsje van Postma (>Posthumus) is in fier besibbe famyljelid fan my, en krekt as har man ofkomstich fan Ternaard.) 


L. C. 6-10-1962.

Leeuwarder kapitein Uilke Barends en zijn vrouw konden mensen van nu zijn.

(Uilke is boaske mei Petronella Wybrandi (Wijbrandi) de dochter fan de Berltsumer minniste dû.)mny Wybrandi.)