Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsumer minnisten. (1)


Menno SimonszMENNO SIMONSZ, berne te Wytmarsum, pastoar yn 1531, lei it miskleed ôf yn 1536 en slúte him oan by de doperske beweging. Oer it ûntstean fan de (Flaamsk / Wetterlânske) Minniste mienskip hjir yn Berltsum is net folle bekend. As wy de skiednisskriuwer S. Blaupot ten Cate leauwe meie is de mienskip hjir al foar 1550 stifte. BERLTSUM hat dêr mei ien fan de âldste Minniste mienskippen. Sa wie de Grytman Hette Doeckes Hemmema hjir al foar 1550 doopsgezind. (* Yn 1535 moast syn pakesizzer Hette ûnder polityke en geastlike druk syn werdoperskip ôfswarre, mar waard nettsjinsteande dat út syn grytmans amt set. Guon minsken waarden ta de dea feroardiele omdat hja har berntsje net dope lieten en dat sa, net doopt, koart dêrnei ferstoarn wie. 

Út in archyf is, krekt as yn sa'n folle Minniste gemeenten, neat net folle te heljen. Hja wienen tige op har hoede en de bûtenwrâld mocht ek net mear gewaar wurde dan nedich wie. Wat minder der op papier kaam te stean, wat better. Yn it begjin waarden hja ferfolge en wer letter alline dulde. Te folle op skrift stelle wie dus altyd ek net goed. Yn de tiid fan Frijheid, Gelikens en Bruorskip is it dien mei it dulden en kin mear op skrift steld wurde. Der binne dan letter ek mear lede listen, boekhâldings ensafuorthinne. Yn Berltsum is hjirfan net folle fan bewarre bleaun. Der is spitigernôch neat mear oan te feroarjen. It bliuwt foar ús in sletten boek.

Yn de Fermanje leit noch in âlde Biestkens (** Bibel út it jier 1610. Dizze Bibel, noch fan foar de Doardtse Synoade, behearde earder ta oan in flechtling (in asylsiker soenen wy no sizze)) út it Flaanderlân. It wie in sekere Jilles Jantz Hellebuyck. Syn pakesizzer, (in famke) hie de Bibel krigen sa dat der by de fererving gjin kibberaasje ûntstean soe. Wol moat der ek noch in hiel âld ferwurden en hast net mear te lêzen boek wêze út it jier 1757. Dêr steane allinne wat posten yn fan ynkomsten en útjeften. Yn dy tiid brocht in kollekte likernôch sawat ien gûne en tsien stoeren op. By de fiering fan it Hillich Nachtmiel wienen de opbringsten in stik heger. Oan in Johannes Gerbens waard de somma fan 52 gûne en 10 stoeren betelle foar in fondeljier. Fierders binne der noch in pear boeken wêr yn oantekens fan ûntfang en útjefte bewarre binne. Der wie om 1850 hinne noch in aparte earmen of diaken administraasje.

Ek is neat te finen oer it stiftsjen fan in nije tsjerke oan de Grytmansteech. (no Vermaningstrjitte) en de oanlieding dêr ta. Fan in Jan Heeres út Harns, in keapman fan stiennen, dy't op 18-3-1795 stoarn is, is ris in legaat ûntfongen mei de omskriuwing, "dat it jild op de meast profytlike en meast feilige wize belein wurde moast". Hy liet in fermogen nei fan f.70.000,- In grut kapitaal yn dy tiid, en in protte Minniste gemeenten yn Fryslân hawwe hjir fan profitearre, wêr ûnder dus dy fan Berltsum.

Blaupot ten Cate skriuwt yn "De skiednis fan de Minnisten yn Fryslan":.......pastoar Menno Simons, berne yn 1496 te Wytmarsum, en pastoar yn 1531, hat de Roomske tsjerke yn 1536 ferlitten en preke, yn striid mei de Roomske leare, de folwoeksen doop en de wjerleasheid en ferbea eeden te swarren. Hy flechtte nei East - Fryslân, mar yn it geheim besochten hy en syn freonen de ferstruide leauwensgenoaten yn Fryslân op. Hy liet him yn 1536 te Oldersum dope. Sa doopte de rûnreizgjende preker Leendert Bouwens sûnt 1551 op syn grutte reizen fan om en by de15 jier op 74 plakken yn Fryslân 6506 persoanen, û.o. op it Bilt 234 en by Berltsum 227 persoanen.

Hja neamden har hjir yn Berltsum "de feriene Friezen". Út in reses- en proclamaasje boek fan Menameradiel A 19 kinne wy it folgjende lêze: Ferkeap op 8-10-1678. Lomens Dirx en Arjaan Minnes e.l. tot Belcum hebben verkocht een huysinge en achterhuys sampt hovinge, boomen en plantagie "het Hooghuis" genaampt, staande en gelegen in de Noorderregel aan de Oostkant van 't pypke ten dorpe Belcum (no hûsnû. 63), by Impk Jan Gysberts weduwe ***) tegenwoordig bewoont wordende, hebbende een vrije steegh ten Westen en door welck de Doopsgezinde gemeente (de Doopsgez. off. de Vereenigde Friezen) tot haar Vermaanhuys voor altoos een vrije uit en inganck noopens hunne godsdienst (sonder anders) sullen genieten, hebbende tot naaslegers deese vercopers ander huys en leedige plaetse, nu by Folkert Ernstes (van Gelder?) c.s. gecoft ten Oosten, Pytter Dirx ten Westen, de Straat ten Suyden, ende gemeene vaart agter ten Noorden, belast met 13 stuivers jaarlyckse grontpagt en een 1/2 floreen in de algemeene aenbringh toe schattinge, alsmede met de naastleger ten Oosten in de rechte royinge te maecken een heijminge ofte stachettinge etc. etc.

De bou fan in nije pastorije oan de Vermaningstrjitte waard op 21-1-1873 oanbestege en gunt oan Gerben Johannes Peterzon, mr. timmerman te Berltsum, foar de som fan f.5753,- De earste stien is doe lein troch Pieter Ruurds Braaksma en it jonkje Martinus (ferneamd nei syn pake, de Herfoarme Dûmny Martinus L. de Boer) fan de Berltsumer hûsdokter Theodorus Risselada. Nei de oergong fan de frijsinnige Herfoarme tsjerkfâdij nei in rjochtsinnige yn 1881 is in oantal Herfoarme leden oergien nei de Minniste tsjerke hjir en letter ek noch wol dripke by dripke. Hja makken letter it grutste part út fan dizze gemeente en binne no hast allegearre fan (meastal) frijsinnich Herfoarme ôfkomst, wêr ûnder as earsten destiids, om sa mar ien te neamen, de pake fan de yn ús doarp bekende G.L. BoomsmaG.(âtse)L.(olkes) Boomsma (de beamkweker ca.), dy't earst tsjerkfâd fan de Herfoarme tsjerke west hat. Hy wenne op no Buorren nû.25. Syn pakesizzer en nammegenoat (û.o. de boekhâlder fan feiling "de Afslag",de kassier fan de bank "Coöp. Voorschot bank "Berlikum"ca.) is ferstoarn yn 1939 en op 1-3-1939 kremeard te "Westerveld" yn Driehuis. Hy hat in soad foar de Minniste tsjerke betsjutten. It wie in man mei in protte jeften en talinten dy’t hy ek brûkt hat as bestjoerslid, boekhâlder/kassier by de Coöp. Voorschot Bank, de Legere túnbouskoalle, it Griene krús, feiling "De Afslag", Frijmitselderij "De Friesche Trouw" etc. In strjitte hjir is no nei him ferneamd. Letter binne de de Geele’s, de Schiphof’s, Sape Andries de Haan, Douwe Gerrits Wiersma, de Winselaar’s, de Tolsma’s, Romke van Reenen, Andele Boomsma, Horatius Postma, e.o. him folge. De Berltsumer Kuperus sibbe en de Andringa's wienen hjir destiids fan âlds hast allegearre al Minnist.


(* Hette wie Herfoarmingsgesind. Yn 1480 (dus al in ieu foar de Reformaasje) probearre hy om hjir yn Berltsum in Kleaster te stiftsjen fan de foarútstrjibjende oarde fan de "Bruorren fan it Miene Libben". Nei de noadige swirrichheden slagge hy dêryn úteinliks wol yn, mar troch brek oan meiwurking fan út de Roomsk Katolike klearus hat dit kleaster it hjir mar 8 ½ jier útholden. Is hy dêrom letter ta de Minniste leare oergien? Hjir wie al fier foar 1550 in Minniste mienskip. Of wie Hette miskien teloarsteld, omdat hy by it stiftsjen hjir fan in Kleaster fan de Moderne Frommichheidsbeweging (de Devotio Moderna fan Geart Groote) net folle meiwurking krigen hie. It kleaster mei de namme: Collegium Sancti Anthonii ‘t om Gnadesberch, hat hjir net sa lang bestien. (De stiftingsoarkonde út 1483 foar it stiftsjen fan in fraterhûs te Berltsum foar de Bruorren fan it Miene Libben (Broeders van het Gemene Leven). 

L.C. 3-9-1960 en Skiednis fan Menameradiel side 23 e.f.f.)


Earder al wie der de MODERNE DEVOASJE. (Devotio Moderna)

De Moderne Devoasje wie in spirituele beweging oan it ein fan de 14e ieu. Oanlieding wie ek   doe ûntefredens oer de misstânnen yn de Roomske tsjerke en in brek oan persoanlik leauwens -belibjen. Grûnlizzer fan de Moderne Devoasje wie Geert Grote (1340 - 1384) ôfkomstich út Dimter. Thomas á Kempis (1380 - 1472, dy ’t sawat in generaasje letter libbe, soarge foar fer -djipping yn de beweging.

Mei de bining dy ‘t de kleasters yn Menameradiel hienen mei de Bruorren fan it Miene Libben út Oerisel, stienen Dimter en Swol bekend om it goede ûnderwiis dat dêr jûn waard. De Oarder fan de Bruorskip fan it Miene Libben, stifte troch Geert Grote (1340-1384), hie der foar soarge dat it ûnderwiis tagonkliker waard. Godstsjinst en Latyn wienen de fakken. Jan Cele (plm.1345–1417),  in freon fan Geert Groote, wie rektor fan de Parochy skoalle yn Swol. Hy ferbettere it ûnderwiis yngripend. Hy soarge foar in skeakel tusken de legere skoalle en de universiteit. Op syn skoalle waard net allinnich les jûn yn it trivium : spraakkeunst (grammatika), wolspraak (retoarika), en riddenearkeunst (dialektika), mar ek yn it kwadrivium : rekkenkeunst (aritmetika), mjitkunde (geometika), muzyk (musika) en stjerrekunde (astronimika). Hy brûkte alle sân frije keunsten, dy ‘t oars allinnich meinoar op ‘e universiteit foar kamen.  Sa lei hy de grûnslach foar it gymna -sium, de tariedingskoalle foar de universiteit. De skoalle yn Swol bloeide en yn har bêste jierren sieten der sels 800 á 1000 learlingen út ferskate lannen út Jeropa op. Ek de seedlike opfettings fan de Bruorren fan it Miene Libben sille de studinten mei foarme ha : seedlike earnst, libbens -ferdjipping, mystyk en soarch foar de siken.

(*  Der wienen nochal wat groepen Minnisten dy’t it net meiinoar fine koenen. Sa wienen der Twisken, de Uko Wallisten, (yn de streek Noordbroek,)  de Jan Jacobsgesinden, (1542-1612 yn Fryslân, ek wol hurde of âlde Friezen neamd). de Huiskopers de Contra-huiskopers, it Eabe Wytsesfolk, it Tiete Popkesfolk (yn de omjouwing fan Het Zandt.) De Ommelandse gemeenten, (dy’t neat mei de stêd Grins te meitsjen hawwe woenen) De Vlamingen. De Friezen. Dan wienen der ôfskiedingen mei nammen as de Jonge Friezen, de de Jonge Vlamingen, de Jonge Danzigers. Mar ek de ôfkomst spile in rol. Sa wienen der de Heechdútsers, de Switserse Minnisten (1711-1735), no bekend as de Meihuizens, de Lötschers (Leutschers), de Krasters en mei de famylje namme Boer. Yn Amsterdam de Zonnisten, de Lammisten en gean sa mar troch.

Omdat alle tsjerken yn 1811 registreard wurde moasten binne ringen en kringen oprjochte dy’t wer feriene binne ûnder de namme Algemiene Doopsgesinde Sosiëteit (A.D.S.)

Yn 1659 waard tastien dat Minnisten net mear swarre moasten, mar by eed belove mochten en yn 1672 krigen hja de frijheid fan godstjinst útoefenjen (d.w.s.) yn de kontekst fan dy tiid, yn stillens en sûnder it lieden fan de klok yn in partikulier hûs) dit foaral fanwege de grutte lieningen dy’t hja de Steaten jûn hienen i.f.m. it oarlogjen yn dy tiid. (De Steaten hienen jild nedich i.f.m. de twadde Ingelske oarloch)

(** de widdo is Impk Tierkx, Impk wie op 5-4-1614 boaske mei Jan Gysberts út Harns, ôfstammeling is û.o. Claas Jansen (Cuperus), berne 1653- ferstoarn 1732, dy’t op 4-8-1679 boaske wie mei Sijke Nannes, berne yn 1645 en ferstoarn yn 1687.)


Sjoch ek it boek: "De Fermanje fan Berltsum." Oantekens by it 165 jier bestean fan de Fermanje te Berltsum, skreaun troch Arend Laases Douma. Maart 2007. Yn it boek: "Een halve eeuw. Geschiedenis van de veilingsvereniging "DE AFSLAG" te Berlikum", stiet in foto fan G.L. Boomsma.


It ledental skommele nochal yn de rin fan de tiid. Yn 1838: 12, 1839: 30, 1850 plm 50, 1861: 67, 1870: 42, 1858: 72, 1898: 52, 1923: 89, 1942: 117, 1950: 143, 1956: 151, 1960: 130, 1983: 100, 2006: 32 leden. De bern en belangstellenden net meirekkene.

*) Hette wie herfoarmingsgesind. Yn 1480 (dus al in ieu foar de Reformaasje) probearre hy om hjir yn Berltsum in kleaster te stiftsjen fan de foarútstribjende oarde fan de "Bruorren fan it Miene Libben". Nei de noadige swirrichheden slagge hy dêr yn úteinliks wol yn, mar troch brek oan meiwurking fan út de Roomsk Katolike klearus hat dit kleaster it hjir mar 8 ½ jier útholden. Is hy dêrom letter ta de Minniste leare oergien? Hjir wie al fier foar 1550 in Minniste mienskip.

**) Yn 1560 is dizze Bibel ferskind, mei ûnder oan de titel pagina de wurden:" Ghedruct by my Nicolaes Biestkens fan Diest". Lange tiid is oannaam, dat dizze (minniste) Biestkens út it Brabânske Diest (België) komme soe en sa om 1560 hinne yn Emden wurksum wie. Dêrnei soe hy earst nei Hoorn ferhúze wêze om úteinliks yn 1579 yn Amsterdam te loane te kommen. Hjir soe hy om 1585 hinne ferstoarn wêze. Oare ûndersikers mienden, dat Biestkens nea bestien hie. Syn namme wie allinne mar in pseudoniem west foar in útjouwer, dy’t yn werklikheid Willem Galliard hjitten hie en dy’t sa feiliger miende te wezen. In tredde ûndersiik stelde doe op syn bar fêst, dat Nicolaas Biestken dochs echt libbe hie en fierders, dat hy tusken 1558 en 1562 printer wie, krekt oer de grins by Zevenaar yn in foar him feiliger streek. Nei dat hy yn 1562 ferstoarn wie, soe de al earder neamde Willem Galliard syn materiaal oernommen hawwe en tagelyk Biestkens syn soan oplaat hawwe. Soan en pakesizzer Biestkens soenen dêrnei it printers fak yn Amsterdam fuort set hawwe en behalve bibels ek in oantal lieteboeken útjûn hawwe. Hoe it yn werklikheid ek west wêze soe, hjir kin gjin utslútsel jûn wurde.Wol meie wy konkludearje, dat in protte ûndúdlikheid foar al feroarsake is troch de swiere tiiden en de ferfolging dy’t doedestiids plak fûn. It is net in orizjinele oersetting út de grûntalen. De gearstaller basearre him op de oersetting fan Luther, en somtiden op Erasmus en oare oersettingen. Foaral leunde hy op de bibel fan Liesvelt. Dit omdat yn Minniste rûnten de nedige kennis ûntbriek. De Bieskens bibel hat lang tsjinst dien. Yn 1642, 1646 en 1721, dus yn de tiid dat de Steaten oersetting der wie, ferskinden der werprintingen. De lêst neamde bibel fan de Nederlânske Grifformearden, dy’t sa hiel tichte by de grûntekst bleaun wienen. De Minnisten gienen steaten bibels keapjen en hienen doe "har" Biestkens bibel net langer mear nedich. Berltsum mei wol wiiz wêze mei dizze âlde Biestkens *) bibel. It is it bewarjen wurdich.

Yn Fryslân binne wol 80 Minniste mienskippen west en makken sawat (nei alle gedachten) destiids  in 25 % fan de Fryske befolking út. Mienskippen om Berltsum hinne hawwe û.o. bestien en besteane noch yn Holwert, Fiskbuorren, Blije, Ternaard, Marrum, Hallum, Âldebiltsyl, Tsjummearum, Stiens, Menaam, Blessum (oant 1824 ta), Boksum, Baard, Itens, Harns, Frjentsjer en Ljouwert.

(Blaupot ten Cate)


DE DELGONG

De weromrin fan it ledental binnen de Doopsgesinde Tsjerke – stichte troch de Fryske tsjerke -herfoarmer Menno Simons – is yn de ôfrûne desennia ysbaarlik hurd werom rûn. Fan de 44.000 yn 1949 nei 24.000 yn 1980 oant noch mar 1/3 dêrfan op dit momint. Op dit stuit telt Nederlân nei skatting noch in lytse 8000 registrearre doopsgesinden.


L.C. 10-6-1998.

Meer dan 5 eeuwen drukwerk in Franeker.

Om 1480 hinne binne, by de net sa lang bestien hawwende kleastermienskip "de Bruorren fan it Miene Libben", yn BERLTSUM in tal boekwurken (sa neamde incunabelen) printe, titele: It Freeske land riucht. Hjir fan binne mar 9 eksemplaren bekend en befetsje in samling rjochtsrigels en de tsien geboaden yn it âld Frysk.

(Op de RYKSDEI fan SPIERS fan 1526 waard besletten, dat yn earsten eltse foarst yn syn eigen gebiet de leauwens saken regelje soe, sa as hy tsjinoer God en Keizer ferantwurdzje koe. "Wiens heer, diens godsdienst" (Yn it Latyn: "Cuius regio, euius (illius) religio". De fûlens fan de ferfolgings hongen dêrtroch sterk ôf fan de religy en it karakter fan de Hartoch, Grêve of Baron fan it gebiet. Yn it algemien gie men yn Roomske gebieten direkt oer ta ferfolging. Yn 1555 waard by "de Augsburgse godtsjinst frede" dizze foarearste rigel: "Cuius regio, euius (illius) religio" troch de foarsten ta wet ferheven. Yn ús lân waard earst ek ferfolge (troch de Roomsken) en letter waarden de Roomsken, Remonstranten, Minnisten e.o. sa neamd "dulde". (troch de Kalvinisten.) Willem van Oranje hie in oare miening. Syn wurden wienen: "Ik kin net akseptearje en goedkarre, dat foarsten oer it gewisse fan har ûnderdanen hearskje wolle en har de frijheid om te leauwen ûntnimme.)


SICKE FREARKS.

Sicke Frearks is ien fan de bekendste doopsgesinden fan it earste begjin. Hy hie him yn Embden oerdope litten en waard hjir troch it Hôf fan Fryslân op 20 maart 1531 feroardiele ta it ûnthead -zjen troch de skerprjochter by de Cancelreye.

Dit is it fonnis en de transskripsje hjirfan :

“Alzoe tegenwotedige Sicke Freerxz gevangen onder den hove van Vrieslandt staende op zijn vrije voeten buyten pijne ende banden van ijsere opentlyk bekendt heeft omtrent 15 daeghen nae Kermsmisse lastleden toe Embden herdoopt te zijn. Seggende daertoe indyen hij nyet anders dan in zijn jonkheyt gedoopt oft oick onlancx als voorschreven is, nyet herdoopt en nae dat hy hem noch soude laeten herdoopen met meer anderruen en zijn confessie breeder ende het van gheen noede te verhaelen. Die............    leren te exemple ongestraft nyet en behoeren te blyven. ‘t Voorschreven hoff condempneert den voirschreven Sicke Freerxz dat hy by den scharprechter hiervoer den cancelrijen mitten sweerde van levende lijve ten doot gebrocht sal worden, ‘t lichaem op en rat geseth en thooft op een staka”.

Aldus gedaen ende uutgesproken den XXen maerci anno XXXI.  (20 -3- 1531)

 

Oft der eartiids ek BERLTSUMERS efterfolge binne om harren leauwen of feroardield binne ha  ik net fine kinnen.


DE “ROOTS”

De doopsgesinden of minnisten wienen yn de 16e en 17e ieu tige talryk yn Fryslân. Ien fan de meast bekende kenmerken fan de doopsgesinden is dat hja allinne de doop op belidenis erkenne. Dêrtroch binne der ûnder harren gjin doopboeken fan krektberne bern te finen. Omdat by genealogysk ûndersyk fan foar 1811 de doopboeken essensjele ynformaasjeboarnen foarmje, wurdt it ûndersiik hjirtroch dreeger. Mei oare histoaryske boarnen, sa as belestingkohieren en de argiven fan de Nedergerjochten, kin men fierder speure nei foarâlders. In protte ôfstam -melingen, oeral wei, komme nei û. o. Fryslân ta om wat mear oer harren “roots” te witten te kommen. Ek BERLTSUM krijt sa no en dan fan dy minsken op besite. De measten, foaral Ameari -kanen, reizgje sa Jeropa troch en geane ek wol nei Switserlân, de widze fan de doopsgesinden.

 

DE AMISH MIENSKIP.

Mear dan de helte fan dizze Amearikaanske mienskippen – 60 % -  dateart fan nei 1990. De groei is net it gefolch fan bekearlingen. Oanslúters binne by de Amish frijwol ûnbekend. De groei is te tankjen oan it hege bertesifer en de besletten mienskip wêryn ôfskie fan de amishmaatskippij net in protte foarkomt. De Amish hawwe doopsgesinde woartels (“roots”). Der binne strange amish (Old Order Amish) dy ’t yn soberens en yn ynbannigens libje en harren fier hâlde fan elektrisiteit of moderne ferfiermiddels. De mear liberale streaming hat wol elektrisiteit en brûkt ek auto’s. It oantal Amish stiet neffens de nijste telling op 250.784 persoanen, ferdield oer Noard-Amearika (foaral yn Ohio, Pennsylvania en Indiana) en Kanada (foaral yn Ontario). De Amish binne ferdield yn 456 mienskippen oer 29 steaten. Yn totaal hawwe de groepen 1868 tsjerken om gear te kommen. As de groei fan de Amish trochsetten bliuwt, sil efkes nei 2050 de mylpaal fan 1 miljoen leden berikke wurde. De Old Order Amish brûke allinne techniken dy ’t gongber wienen om 1850 hinne en ride dêrom tsjintwurdich noch hieltyd mei hynder en wein, brûke gjin elektrisiteit en drage noch altyd de doe brûklike klean. De Amish binne ôfkomstich fan doopsgesinde bewegings út Jeropa. Se emigrearren yn de 18e en 19e ieu nei Noard -Amearika. Yn 1877 folge der in splitsing yn in “liberaal” en in “konservatyf” kamp. It libben is minder gysten en minder materialistysk dan wy hjir binne. BERLTSUMERS dy ’t ien of mear fan dizze mienskippen besocht hawwe wiene altyd tige ûnder de yndruk fan harren libbenswize en frommens. Ja guon Berltsumers wienen sels wol wat jaloersk op dizze minsken.


F.D. 25-6-2010.

STUTTGARD - De Lutherse Wereldfederatie maakt komende maand haar officiële excuses voor de vervolgingen van Mennonieten (Doopsgezinden) waar Lutheranen in het verleden - met name in de zestiende eeuw- verantwoordelijk voor waren. De Federatie doet dat tijdens een bijeenkomst in Stuttgart eind juli. In de "Augsburgse Confessie", die in 1530 in Duitsland werd opgesteld en de leer van Luther bevat, worden de Doopsgezinden op meerdere punten bekritiseerd. Dat resulteerde in bloedige vervolgingen van de doopsgezinden door Lutheranen. De Lutherse Wereldconferentie vertegenwoordigt zeventig miljoen christenen.

BETTER LET AS NET.


L. C.   25-10-2006.

Open menistenkerk BERLIKUM om te overleven.

BERLIKUM - De kleine Doopsgezinde Gemeente van BERLIKUM moet meer naar buiten treden, dorpsgerichter zijn in samenwerkeng om te overleven. Dat stelt organisatieadviseur Tjeerd Lont in zijn toekomstvisie “Levende stenen” voor Doopsgezind Noord - West Friesland.

(165 jarig jubileum van het kerkgebouw.)


Yn de FRÂNSKE TIID en dêrnei wienen de sa neamde skûltsjerken net mear nedich. Der waarden yn it midden fan de 19e ieu dêrom in protte nije Roomske en Minniste tsjerken (Berltsum) boud, en no net mear ferskûle. In protte nij boude tsjerken krigen de âlde hilligen namme werom w.û. St. Michiel.


L.C. 20-4-1855.

Zijne D. Hoogw. de Aartsbisschop van Utrecht heeft, volgens de Prov. Fr. Court., in het Dekenaat Leeuwarden de volgende parochien opgerigt: Van de H. Clemens op het eiland Ameland; van de H. Aartsengel Michiel te Irnsum; van de H. Aartsengel Michiel te Warrega; van O.L. Vrouwe Hemelvaart te Wijtgaard; van de H. Werenfridus te Workum; van de H. Martinus te Dokkum; van de H. Wiro te Oosterwierum; van de H. Aartsengel Michiel te Harlingen; van de H. Vitus te (Sensmeer) Blaauwhuis en van de H. Franciscus te Franeker.

(* Lange tiid wie MENAAM yn de Roomske tiid yn it tsjerklike ek in wichtich doarp, want it hie it Dekenaat oer de doarpen fan Menameradiel, útsein de doarpen Boksum en Slappeterp. De haadpastoar hie it opsicht oer de oare pastoars fan de doarpen.

De grûnwetswiziging fan 1848 makke de wei frij foar it herstel fan de Roomske hiërargy yn 1853, mar de botte hannelwize fan paus Pius IX lokke yn it Protestânske part fan Nederlân de April-beweging út. Herstel fan de Roomske hiërargy waard op himsels as in bedriging sjoen, mar as de paus rept oer de “dwaallear fan Calvijn”en de Protestanten ferliket mei lju dy’t unkrûd sjidde hawwe tusken it  weet, (de Barromeus-ensyklyk) rûke de Protestanten de brânsteapels al. Yn de ûntsteane konsternaasje sjocht men nei de regearing. Dizze hat der op goeie grûnen gjin aan fan dat hja de beneaming fan nije biskoppen net ferhinderje kinne, mar doar’t dit net lûdop te sizzen. Dan nimme de Protestanten it inisjatyf ta in petisjonnemint. By de jierlikse besite fan de kening (Willem III) op 15 april 1853 oan Amsterdam wurdt de petisje him oanbean. De kening moat op befel fan it kabinet Thorbecke fertelle wat dit kabinet sels net doart te sizzen: in boadskip al like ûntaktysk as de brief fan de paus  en dus oalje op it fjoer. It kabinet skype de kening op mei in boadskip wêr Thorbecke sels mei komme moast. Mar de kening “ferjit” de him foarkôge taspraak. Troch syn hertlik en taktfol optrêdzjen (it oars te wurk gean) tsjinoer de ôffurdiging fan de Protestânske Aprilbeweging bêdet de kening de mieningen del.

Hy fielt him djip trochdrongen fan it wichtige fan de petisje, sprekt wurden fan sympaty en leafde foar it folk en ferklearret ta eintsje beslút: “.....deze dag, Mijne Heren, heeft den band tussen het Huis van Oranje en het Vaderland nog hechter vastgesnoerd en dierbaarder aan mijn hart gemaakt.” De kening gie net op de saak sels yn. Hy koe dit as konstitúsjoneel foarst ek net, omdat de minister polityk ferantwurdelik is. Thorbecke easket in “rûne” ferklearring mar de kening wegert. Thorbecke hie sels it folk útlizze moatten, dat herstel fan de Roomske hiërargy net ûn ûntkombar wie, mar hy woe dy opjefte (taak) sels net útfiere. Ynstee fan de beroering te bedimjen feroarsake Thorbecke in grutte skea en fersocht om syn ûntslach. Net de kening siet fout, mar Thorbecke sels. Kening Willem III keas foar fersoening tusken Protestanten en Roomsken en hjirmei hat hy oan Nederlân en oan de Kristlike tsjerke in ûnskatbere tsjinst bewize. De feiten binne dus presys it tsjinoer stelde troch wat in protte oaren suggerearje en sugerearre hawwe.

Doe’t de Roomske tsjerke har hjir nei in lange tiid fan ôfwêzigens wer festige hie yn Sint Jabik yn in hûs (as húsgemeente) oan de van Swietenstraat (foarhinne de Tramstraat neamd) wienen in protte Berltsumers dêr net sa bliid mei. De Roomsken sochten harren missiegebiet foaral yn frijsinnige / en net tsjerklike streken. Sa wit ik dat de Herfoarme dûmny Romke Bijl der tige alert op wie hoe’t hja te wurk gienen. As misjonaris (sindeling) waard yn St. Jabik  pater Franciscaan (ek wol Minderbroeders neamd) Siardus (Sierk) de Vries oansteld. Foaral de Roomske gesinssoarch (dit wienen kleastersusters út de Oarder fan de Leafde fan Schijndel) wie in probaat middel om mei de befolking yn oanrekken te kommen. Yn 1950 wienen der al sa’n 40 praktisearjende susters. Dit rôp wolris wat tsjinstân op. Net yn Sint Jabik mar yn Sint Anne is úteinliks de nije Roomske tsjerke boud. De earste stien waard lein op 8-8-1958. De tekst is : manibus iunctis (de hannen gearslein) Lokkich is der no gjin ien mear dy’t him dêr drok om makket. Der is no sels in protte gearwurking op tsjerklik gebiet. Berltsumer Roomsken hearre no by de Parochy “Een in vieren,” in gearwurkingsferbân fan fjouwer Roomske tsjerken hjir yn de N.W. hoeke fan Fryslân. De tsjintwurdige pastor is Nellie Sluis.

(De WETTERLANNERS behearden ta de meast frijsinnige streamingen ûnder de Minnisten. Minnisten dy’t yn oare Minniste gemeenten "ûnder sensuer" (* stienen waarden troch har sa mar oannommen. De Wetterlanners krigen dan ek al gau de spotnamme fan "de drekwein". Hja wienen tige romtinkend en stienen iepen foar fernijingen en sûnderen har net gau ôf yn it deistich libben.Ta dizze groep hearde ek de skuonmakker Sjoerd Heeres dy yn 1614 yn Dokkum yn de Nauwstrjitte wenne. Ik ha in sterk fermoeden dat dit de foarheit (de pake?) fan de BERLTSUMER Minniste dûmny Sjoerd van Dokkumburg wolris wêze koe. Wa siket it út ?)

( * Minnisten kenne gjin  “censura morem”. (tasicht op it seedlik gedrach fan de tsjerkeleden) Wa kent net de útdrukking: “Ik sil him / har mores (de seden) lere ! “ In attestaasje is in bewiis fan goed gedrach, wat ôfjûn wurdt troch it kolleezje fan âlderlingen. (âldsten, opsjenners, tasichthâlders)


L.C. 2-8-1912.

AANBESTEDING van het bouwen eener nieuwe consistoriekamer voor de Doopsgezinde gemeente te Berlikum, waarvan bestek en teekening ter inzage liggen vanaf 26 Juli t.e.m. 8 Augustus in de consistoriekamer van de voornoemde gemeente. Inlichtingen bij E.(ngele) Kool te Berlikum.


*****************************************************************


Dopen wie mondig is,

Weren wat zondig is,

Spreken dat bondig is

Dat is Doopsgezind,

Vrij zijn in wat je gelooft,

Toon dat wat je belooft,

Een vuur dat nooit meer dooft,

Dat is Doopsgezind.