Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

It Berltsumer liet.


It BERLTSUMER FOLKSLIET is skreaun troch de eartiids oan de Berltsumer Kristlike lânbou-húshâldskoalle stien hawwende learaar, master Tjebbe Hoogstins. It wie in man mei grut talint op kultureel gebiet. Hy hat ek in protte mearkes skreaun dy ’t troch de learlingen fan de hús-hâldskoalle hjir opfierd binne mei muzyk en sang. Jûnen oanien waard it opfierd en de minsken (foaral de âlders) kamen fan fier en hein. It wie mei ien wurd : Geweldich

Berltsumer flage

It Berltsumer liet wurdt no noch altyd songen by de iepening fan it Berltsumer, om de trije jier te hâlden doarps-feest sa om de âlde keninginnedei hinne. (31 augustus) It giet sa : Earst wurdt troch de beide muzykkorpsen it Wilhelmus spile, dan it Frysk folksliet en dêrnei it Berltsumer liet. Yn dy folchoarder wurdt dan de Nederlânske, de Fryske en de Berltsumer flagge (mei it St. Johannes-laam en krús) hyst oan ien fan de trije flaggepeallen dy ‘t op it parkearterrein by it sportkom-pleks “de Koekoek” steane. Earder waarden de Berltsumer doarpsfeesten altyd iepene op it Skil. Hjir folget de tekst fan it BERLTSUMER LIET :


Foar folle ieuwen groune

oan de útgong fan de sé.

Troch kriich noch tiid tobritsen

stiet op syn âlde sté.

 

De tolfde stêd fan Fryslân } 2x

de pronk fan't Westergea

 

Al is de sé bitwongen

en it rjocht fan stêd net bleaun.

Nou stiet yn tún en fjilden

in nije gloarje skreaun.

 

De grientetún fan Fryslân } 2x

de pronk fan't Westergea.

 

Út wyn en weagen bêrne

nea tobûke, nea forslein.

Hâld Berltsum troch de tiiden

syn âlde steat oerein:

 

De tolfde stêd fan Fryslân } 2x

de pronk fan't Westergea.


(Yn'e skets "Ynboargeringskursus" fan de Berltsumer nijjiersrevu fan 2003 is dit liet ek songen. Yn dizze skets moasten de nije túnkers dy't út Hollân wei kommen binne, dit liet sjonge as part fan harren ynboargering. It fragmint is hjir del te laden.)

BERLTSUMER DOARPSFEESTEN 1961

Tjebbe Hoogstins fûn fan alles út by de Berltsumer doarpsfeesten.

De Ljouwerter Krante fan 13-7-1961 hjir oer: Noormannen weer in het Bildt. Berlikum bracht geroofde leeuw in Sint Annaparochie terug. Het is de Bildtkers niet gelukt hun geroofde leeuw uit Berlikum terug te halen, maar de Berlikumer Noormannen hebben hun woord gehouden: gisteren bracht een deputatie uit Berlikum de leeuw naar Sint Annaparochie terug. De Stannebuursters ontvingen de Berlikumers met een fris onthaal, waarbij de brandweer de voornaamste rol speelde. De deftig geklede Berlikumer deputatie kon de meegebrachte paraplu’s zo niet alleen gebruiken tegen de regen, toen zij de auto’s op het door de Bildtkers gestremde Zuideinde moesten verlaten, maar tevens tegen het verfrissende bad, dat de immer parate Bildtse brandweer hun bereidde. Met een geluidswagen voorop geflankeerd door een menigte van inwoners van het Bildt, gedeeltelijk bewapend met jachtgeweren en klapperpistolen, ging het naar het gemeentehuis, waar de radiowagen hondengeblaf liet horen, met het oog op de bijnaam "Berlikumer honden". Op het gemeentehuis werden de Berlikumers eerst toegesproken door de achtergebleven leeuw, die de Noormannen welkom heette, doch deze de heren er op wees, dat de tijden sinds hun rooftochten hier wel enigszins veranderd zijn: "Er wordt hier niet meer geroofd en geplunderd en meisjes worden alleen meegenomen naar de bioscoop". Het uiterlijk van de Noormannen ondervond ook kritiek: "Ik raad u aan zich eens te scheren". Het opeisen van een deel van het Bildt achtte de leeuw onaanvaardbaar;

I. Toen u hier moordde en plunderde, was het Bildt nog zee.

II. De aldaar wonende minderheid (Berltsumer Biltkers, Berltsum lei foar in part op it Bilt) wordt door de Berlikumers onderdrukt en wil graag verhuizen naar het centrum van het Bildt. (sjoch ek haadstik "Biltkers wurde Berltsumers")

III. Een volkstelling moet over hun lot beslissen.

Ons antwoord op de uitdaging luidt: "Handen af van het Bildt, koop alleen een scheerapparaat en bemoei u niet met hogere dieren, zoals onze leeuw; u hebt aan uw eigen honden genoeg. Slaat u dit antwoord in de wind, dan zal onze eerste maatregel zijn de liquidatie van de zuivelfabriek, die immers op Bildtse grond staat. Armoede en ellende zal dan in Berlikum heersen" Burgemeester de Zee verklaarde in zijn toespraak: "Wij waren één der leeuwen kwijt, voor wij er aan dachten. Wij waren geslagen, voor er geslagen werd". De burgemeester kon de wijze waarop deze strijd is gevoerd, zeer goed waarderen, maar, "Wij moeten nu samen sterk staan om het platteland omhoog te halen". Namens de Noormannen sprak de heer Tj. Hoogstins, die herinnerde aan het jaar 961, toen de Noormannen naar Berlikum kwamen en dit onder leiding van Roderick de Eerste plunderde en verwoestte. Duizend jaar later kwamen de Noormannen o.l.v. Roderick de 95ste terug om goed te maken wat eertijds werd misdreven. Men kon niet verder varen dan tot de Bildtse kust en dit deed de hoofdman in woede ontsteken. Vandaar, dat wij ook de leeuw bij u terug brengen. Tussen haakjes merkte de heer Hoogstins op "Als de zuivelfabriek door u zou worden afgebroken, dan bouwden wij hem weer op aan de overzijde van de weg, op eigen grondgebied. Burgemeester de Zee ontving de leeuw uit handen van de heer B.(ertus) Schouten (notarisklerk te Berltsum), die hem uit een doos, omwikkeld met de Berltsumer vlag, haalde. Na dit gebaar kon de burgemeester niet achter blijven en gaf hij de veilingbel, die door de Bildtkers uit Berlikum was ontvreemd en die de achtergebleven leeuw was aangebonden, terug. Tevens bood hij ijsjes aan, met de gedachte aan de Bildtse Berlikumer melkfabriek. Het vertrek van de deputatie uit het nabuurdorp ging niet zonder moeilijkheden: deskundigen hadden alle auto’s op blokken gezet. Tevens hing aan twee van de voertuigen een flink bot voor de Berlikumer hondjes.


DE SKIEDNIS FAN BERLTSUM,

begjint mei it âlde stedsje Útgong oan de Middelsee (Wetter-útgong : fan wetterstream de Riedstream nei de Boarnstream, Van der Aa 1839 - 1851) en wurdt sûnt it jier 606 yn de kroniken neamd. Ûnderskate skiednisskriuwers sprekke fan grêfsarken út de 10e ieu, fûn yn fundaminten te Britsum wêr ‘t earder it kastiel de Britsenboarch stie. Hjir soe op stien hawwe : Hotze Joulsma was ick gehieten. De Vriesen mogten my genieten. UITGONG was door my geraseerd (ferneatige). En ganschelyk gedistrueerd (ferwoastige). Omdat ick met hulp van harer hand. De Noorman zoo dikwyls verdreef, met schand. Ick was de laatste van myn geslacht. Ziet waartoe de dood my heeft gebracht. (998).

(Útgong skynt ek twaris troch de Noarmannen ferwoastige te wêzen, de lêste kear yn 1191, yn 1170 teheistere troch in ferskriklike wetterfloed en dêrnei wurdt it jier 1181 neamd, wêryn it wenplak Útgong 

wer troch brân fernield waard en dêrnei nea wer ta oansjen kommen is. It binne moaie ferhalen mar ek fol fantasy, tink ik.)

As by de lêste oanfal de Wytsingen (Vikingen) de Lauwers bylâns Fryslân binnenfalle (de kearels fan Erik VI. út Denemarken) fanwegen in skeel mei de Friezen wurde hja lykwols mei efterlitten fan sa ‘n 900 deaden en in grutte bút weromdreaun nei harren flugge skippen, drakaars neamd. De Friezen betreure in ferlies fan sirka 400 man, wêrûnder de njoggende potestaat fan Fryslân, Reijner Haijes Camminga. Dit hat harren wierskynlik wjerhâlden om hjir werom te kommen.


L.C. 13-12-1838.

Iets over Berlikum en Uitgong.

Tot de oudere Friesche steden welke thans, of geheel niet, of niet meer als zodanig bestaan, behoort ook BERLIKUM, thans nog een aanzienlijk dorp in de Grietenij MENALDUMADEEL. Oudtijds lag BERLIKUM, hoewel op de tegenwoordige plaats, aan de Middelzee, die tusschen Oostergo en Westergo van het noorden inliep, en tenminste, tot voorbij Bolsward indrong,  welke zee van tijd tot tijd aangeslijkt, en in land veranderd is. Alzoo hier tijdens het bestaan der Middelzee, eene aanzienlijke haven met eene sluis of zijl, zoo ter ontlasting van het overtollige binnenwater, als ook voor de scheepvaart was, werd een gedeelte van deze plaats ook UITGONG genoemd, als waar men eene uitgang of uitvaart naar zee had ; zoo men wil, was de plaats, waar de sluis was, juist ter zelve stad, waar heden nog de Kruisstraat is, of om meer juist te spreken waren BERLIKUM en UITGONG twee afzonderlijk, hoewel zeer nabij elkander gelegen plaatsen, zijnde de scheiding thans nog aan het steenen pijpje, omstreeks het midden der lange Kerkbuurt bij de oud haven kenbaar; wordende het oostelijk deel UITGONG en het westelijke BERLIKUM genoemd. Al in de 15e eeuw waren BERLIKUM en UITGONG , wat de burgelijke belangen van bedrijf, nering en handel aanbelangt, reeds geheel vereenigd, doch in het kerkelijke nog eeniger-mate onderscheiden, gelijk ook de namen steeds nog beide in gebruik waren. De tijd der stich-ting dezer plaatsen is zeer onbekend, doch dagteekent zeer vroeg  .............    ..............

In 1478 sloten de inwoners van Franeker ter eene, en die van BERLIKUM en UITGONG ter andere zijde, een verbond, waarbij wederzijds vrije koophandel en onbelemmerde scheepvaart, ontheffing van tollen, wal en bruggelden, tevens goedrecht aan elkander beloofd werd. Duister blijft het, wat van BERLIKUM en UITGONG als afzonderlijke plaatsen te denke hebbe, en in hoeverre verscheiden of vereenigd. In het kerkelijke schijnen dezelve of geheel vereenigd of naauw verwant geweest te zijn, wordende als standplaats van de pastoors wel eens bij afwis-seling BERLIKUM en ook UITGONG genoemd. Ook zijn de bewijzen zeer weinig afdoende voor het bestaan van afzonderlijke kerken in beide die plaatsen. Echter schijnt UITGONG de meest gebruikelijke naam te zijn geweest tot dat het als zeestad nog bestond, en na de afneming der stad, heeft de naam BERLIKUM alleen de overhand behouden en die van UITGONG verdween allengs. In 1478 had men nog wel onderscheid van namen en plaatsen, doch waren de burgelijke betrekkingen reeds geheel vereenigd.

Onder de edele Staten, die hier weleer bestonden, telt men vooal Eijzinga, Adelen (*, die familie te Sexbierum afkomstig, en Hemmema.

In 1572 heeft BERLIKUM veel van het Spaansche krijgsvolk geleden. Sommige van deze benden hadden nu en dan hunne legerplaats te BERLIKUM of in het nabij liggende KLOOSTER - ANJUM, steeds rondom  roof, moord en plundering aanrigdende.

H. W. Steenstra

te Dongjum.

 

HARING WIEGERS STEENSTRA

Skoalmaster Haring Wiegers Steenstra wie yn 1799 te Easterbierrum berne as ienige soan fan de timmerman Wieger Harings Steenstra en Ymkje Cornelisdr. Hy wie yn 1832 troud mei Hendrikje Pieters Kamstra, de tsjinstfaam fan ‘e Doanjumer dûmny, en wie earst timmerfeint by syn heit en waard letter yn 1822 skoalmaster (ûndermaster/ twadde rang ) te Doanjum, en dêrnei yn it earstoan en letter fêst as opfolger fan de yn 1830 ferstoarne skoalmaster/oargelist Gerlof Hessels Steinfort. Haring Wiegers Steenstra wie mear, sa bliek, (amateur) histoarikus as skoalmaster. De skoalopsjenners wienen altyd net allike tefreden oer him as skoalmaster sa blykt út harren raporten. De skoalmaster wie tenauwste ferbûn mei de tsjerke en hoewol ’t yn 1795 en by de skoalwetten fan 1801, 1803 en 1806 tsjerke en skoalle offisjeel skieden waarden en it ûnderwiis ta in steatssaak makken, bleau de relaasje tusken dizze twa noch lang bestean. Dêrtroch wie de skoalmaster neist ûnderwizer ek faak oargelist, skriuwer fan de tsjerkerie, koster of kloklieder. Haring Wiegers Steenstra wie de earste STREEK-SKIEDNIS skriuwer hjir yn Fryslân. Yn 1845 waard in (earfol) ûntslach oerienkomst tekene wêrby ’t hy fan syn pensjoen- rjochten út de gritenijkas ôfsjen moast. Op de betingst dat hy foar 12-12-1845 de oan de skoalle ferbûne skoalwente ferlitte soe, krige hy yn totaal fl. 800,- mei. Dit betsjutte ek dat hy fan syn pensjoenrjochten ôfsjen soe. Op 12-12-1845 waard hy dus skoalmaster ôf. Op 5-6-1846 ferhúze hy mei syn frou en trije bern fan Doanjum nei Frjentsjer. Koart dêrop, op 27 oktober 1846, is hy, sa blykt út in emigraasjelist, nei Noard-Amearika emigrearre.

 

Fuotnoat :

(*  Wer ’t de State “Adelen” stien hat is net bekend. De sibbe Adelen (Adeelen) is fanâlds ôfkomstich fan Seisbierrum. Guon skiedkundigen wolle wol hawwe, dat de stins stien hat op       it plak “Heechhiem” tusken BERLTSUM en WIER en eartiids ek bekend west hat as “Asinga”.


Hjir moat om 1577 ek in State BONGA stien ha of ek wol neamd BONGAHÛS.

De stamheit fan de ROORDA ’s út ús omkriten is in Godefridus (Goffe) Refridessoan. Hy is berne yn it jier 789 en om 830 hinne boaske mei Ydt Magnusdochter Forteman fan Almenum (by Harns). Oer de FORTEMAN ’s is bgl. histoarje fermeld yn it boek : “De KERK van de FRIEZEN bij het GRAF van PETRUS” skreaun troch Mgr. Dr. M. P. M. (Tiny) Muskens, de siden 105, 211, 212, 214 en 215. In neikommeling fan dizze Godefridus (Goffe) Refridussoan is in Haringh Sybren ‘s Roorda (berne yn 995 - stoarn yn 1042) troud mei Popck Thoe BONGAHUIS fan BERLTSUM (It Bilt). Harren pake en beppesizzer Goffe Ruurdt ‘s Roorda thoe BERLIKUM en SPANNUM (b. 1085 te BERLTSUM (It Bilt) – stn. 1141 te Spannum) wie troud mei in Claer Fredericksdochter Adelen (1090 - 1180). Ik nim oan dat dizze Goffe Ruurdt ‘s Roorda op Bongahûs berne is, mar it bliuwt natuerlik rieden fansels. In fiere neikommeling út dizze sibbe Roorda, t. w. Ruurd Roorda (Ruurd en Betsy) hat de earste bewenner fan ús hûs Mulseleane 27 west. Om noch efkes op Goffe Ruurdt ‘s Roorda werom te kommen. Hy gie twaris mei de Krústochten mei nei it Hillige Lân, t. w. yn 1096 en 1101. Hy holp Godfried fan Bouillon, Hartoch fan Lotharingen, mei it ynnimmen fan Jeruzalim op 15- 9-1099 en waard troch de Hartoch himmelheech priizge. Syn heit Haringh Sybren ‘s Roorda hat foar Keizer Hendrik III. striden yn Bohemen en Hongarije. It Wapen fan de sibbe Roorda is de EARN, wat tsjut op de bysûndere relaasje fan de Friezen mei de Keizer, de ryksûnmiddelberheid of de Fryske frijheid. De MOAREKOP dúdt nei alle gedachten op dielname fan in famyljelid oan in Krústocht. Yn 1511 wurdt in Schelte van Roorda neamd, earst wenjende te Tsjummearum en letter as hearskip te BERLTSUM, dêr stoarn op 21-6-1543 en dêr ek begroeven. In Ath Ruurds fan Roorda, ek út dizze sibbe (yn BERLTSUM stoarn en op 9- 9-1615 en te BERLTSUM begroeven) wie op 9- 9-1567 troud mei Rienck (Regnerus) fan Hemmema (berne om 1547 hinne, ferstoarn en begroeven te Hitsum foar 1583) Hja is yn 1583 opnij troud mei Tading Seerp ‘s fan ADELEN, de soan fan N. van Adelen en Joest Harmens.  Foar de aerdichheid noch dit : Rienck (Regnerus) fan Hemmema, de Hitsumer heareboer, hat foaryn yn syn Rekkenboek, yn it Frysk, ek it ferstjerren fan syn neiste sibbeleden notearre. (Sytzama/Hiddema) rekkenmaster (stoarn op 14- 2-1624 en begroeven te BERLTSUM) en hja wennen op Hemmema state te BERLTSUM .Yn de quacclappen (1527-1591) kom ik hjir yn BERLTSUM ek de nammen tsjin fan in Cristoffel van Roorda (1565), in Schelte Roorda (1569) en in Swob Roorda, troud mei in Otte Hanya. 

(T. S. van Adeelen : Sjoch it Latynske opskrift op it stientsje wat mitsele is yn de muorre fan it Herfoarmd Sintrum oan de tsjerkhôfsside, en wat sitten hat yn in eardere âlde skoalle dy ’t hjir op it tsjerkhôf stien hat.)

In Schelte Goffes van Roorda, de soan fan Goffe Goffes Roorda (ca. 1440) en Ymck Fredericks dr. van Hommema (ca. 1440) troud mei Jel  Heeres dr. van Hottinga, is op 21-6-1543 stoarn en hjir yn BERLTSUM begroeven. De Roorda’s (de Hommema’s, de Hottinga’s of de Bonga’s noch ?) hawwe hjir fêst ek in grêfkelder yn BERLTSUM hân.

 

DE FRYSKE HEALE EARN

In protte wapens binne dield as : rjochts in heale swarte Fryske earn en lofts in merk, bygelyks ien of meardere klaverblêden etc. Dizze figuerkes hawwe betsjutting en sinfolle symboalen en binne net tafallich keazen. De earn is de saneamde Fryske earn, it symboal, dat yn in protte Fryske, Grinzer en East-Fryske wapens foarkomt en ûntliend binne oan it wapensymboal fan it Hillige Roomske (Dútske) Ryk, dat in swarte dûbelkoppige earn fierde, mei in reade tonge en in reade klau. De kleur fan de tsjintwurdige Dútske flagge swart-read-goud binne ek oan dit âlde wapen ûntliend. De klaverblêden jilde algemien as in boeresymboal. Oer de betsjutting fan de klaverblêden wurdt ferskillend tocht.  

 

RIENCK HEMMEMA fan HITSUM

Rienck Hemmema is yn de lânbouskiednis fan West-Jeropa wol de meast bekende (eigenierde) boer. Hy tanket syn namme oan ‘e lânbouhúshâlding dy ’t fan him oer de jierren 1571-1573 bewarre bleaun is. Dizze is tige detaillearre. It jout in goed ynsjoch hoe ’t it om en ta gie yn de lânbou yn dizze jierren. Hy hie in mingd bedriuw te Hitsum. De Wageningske heechlearaar Slicher van Bath seach der daliks de wearde fan yn. Rienck wie de soan fan de Berltsumer ealman Hette Hemmema en Barbara Gratinga. Rienck hie studearre te Leuven wêr ’t hy ynskreaun stie as ‘nobilis’. Fan memmeskant stamme hy ôf fan de sibbe Te Hitzum, letter Gratinga hjitten, dy ’t dêr yn it gelikense doarp oer in ferdigenbere stins (castrum) beskikte.      De Gratinga’s wienen lang net like grut yn oansjen as de Hemmema’s fan it woltierige BERLTSUM en bgl. as de Lauckema’s fan Seisbierrum. Yn 1511 besiet de sibbe dêr te Hitsum   twa of leaver 3 kwa lizzing oanienslútende buorkerijen. Oant yn ‘e 17 ieu Gratinga hjitten.   Rienck Hemmema wie dêr behalve boer ek lânjonker. 

Sjoch de pré-kadastrale Atlas fan Fryslân 1700/1640 diel 4 Frjentsjerteradiel en Frjentsjer foar de fierdere wiidwreidiger skiednis hjir oer, de siden 17oant en mei 27. Út Rienck Hemmema’s skrift kin men opmeitsje hoe ’t in Frysk boerebedriuw oan it ein fan ‘e 16de ieu rund waard.  Wichtiger is noch dat it boek sa ek sjen lit hoe ’t de Fryske lânbou yn de perioade foar 1650 as moderne, spesialisearre lânbou-ekonomy in fundamint wurde koe ûnder de 17de ieuske bloei fan de Fryske en Nederlânske kultuer dy ’t wy kenne as de ‘Goude Ieu’. Yn Fryslân bestienen der om 1500 hinne 10.000 (stimhawwende) buorkerijen. Yn 1793 waarden der 9942 boerebe- driuwen teld. De ekononomyske goede tiden yn Fryslân yn dizze perioade, dy ’t harren bygelyks útte yn in ynoarme groei fan ‘e stêdsbefolking en in hieltiten lúkser konsumpsjepatroan, wie yn hege mjitte ôfhinklik fan ‘e lânbou. In min of mear gelikens oantal buorkerijen draaiden mei-inoar dus in hieltyd hegere produksje. Tanksij Rienk Hemmema’s rekkenboek witte wy hoe dit mooglik wie. Al dizze boerebedriuwen stienen nammentlik net as lytse, foar in grut part selsfoarsjennende doarpse bedriuwkes los fan innoar, mar wienen yn hege mjitte rjochtte op ‘e stêden en op’e merke. Boeren wienen yn Fryslân ûndernimmers, merkerjochte boeren, gjin selsfoarsjenende keuters. Mei oare wurden, Rienck Hemmema ynvestearre yn syn bedriuw mei de bedoeling winst te meitsjen. Hy koch bygelyks de dong fan ‘e Frjentsjerter stedsbewenners op om dêr syn lân fruchtberder mei de meitsjen. Oan de oare kant levere hy de stedsbewenners weet om bôle fan te bakken. Syn húshâlding, hysels en syn feinten iten sels leaver brea fan it folle goedkeapere rogge dat hy ynkocht. Dizze hâlding tekene de lânbou as gehiel. Geandewei de 17e ieu begûnen stedsminsken en ek boeren de nij wûne rykdom hieltyd mear te besteegjen oan lúkse artikels dy ’t harren status befêstigen : gerdinen, tinnen buorden, klean, sieraden, meubels, boeken. Sa liet Rienck Hemmema bgl. yn 1572 foar twa goudgûnen en seis stuorren in Fryske kronyk skriuwe om dêr jûns nei it wurk yn lêze te kinnen. Yn syn rekkenboek makke hy tusken de bedriuwen troch gewach fan : ‘dong kocht’, ‘weet moutte litten’, ‘keal kealle’.

 

 ROORDA STATE

GOOGLE : Familie Roorda – Roorda State, Uithuizermeeden.

Wouter Roorda fan Ruurd en Betsy Roorda, wenne earder mei syn adopsje-âlders en suster yn ús hûs Mulseleane húsnûmer 27 te BERLTSUM.

 

DE KERK van de FRIEZEN bij het graf van PETRUS.

De skriuwer fan dit boek, Mgr. dr. Martinus Petrus Maria (Tiny) Muskens, wie de njoggende biskop fan Breda en stie bekend as de “Reade biskop”. Hy waard op 23 -7-1994 troch Paus Johannes Paulus II. beneamd as Biskop fan Breda. Syn wapenspreuk wie Shalom (Frede). Hy is Biskop fan Breda west oant 31-10-2007 ta. Muskens wie in foarstanner fan it gebrûk fan kondooms om aids te foarkommen en foar it ôfskaffen fan it selibaat foar preesters. Hy hie in sosjaal karakter wat ek wer dúdlik waard doe’t hy yn 1996 oprôp ta it stellen fan in stik brea as minsken honger hawwe en gjin oare mooglikheid sjogge om te oerlibjen.  It is in moai stikje skiednis oer de sân Fryslannen (ek wol neamd de sân Fryske Seelannen, tink mar oan de sân pompeblêden) en ek oer de St. Michaël tsjerken, wêrfan BERLTSUM der ek ien hie. De âlde wynfaan op de toer wiist ek yn dy rjochting.

 

ÂLDE BERLTSUMER DOARPSNAMMEN

binne mei de skriuwwizen : Berlichem anno 1355, Berlecom 1376, Barlichem 1399, Berlikim 1470, Berltjum 1470, Berltzum (1511) Berlckum, Berlicum en yn it Biltsk/stêdsfrysk Belcom, Belkom, Belkum, Belcum,  (1664-1787) en Belsum (lânfries 1701). Yn de19e ieu is de foarkar- stavering yn it Hollânsk BERLIKUM en yn it Frysk BERLTSUM. Nei alle gedachten is de namme ôflaat fan de sibbenamme BERLINGA (dat wer ôflaat is fan de persoansnamme BERLIO (lytse bear) en Heem (hiem(inge)) It Noard-eastlik part fan it BERLTSUM fan hjoed de dei waard TUTINGEM of TUTINGIM neamd. Dizze namme soe ôflaat wêze fan de namme Tutinga (folk) en Heem (hiem). Dat soe dan letter wer ferbastere wêze ta ÚTGONG of UITGONG, omdat hjir in slûs (syl) lei dy ’t tagong joech ta de eardere Middelsee. It âldste neamen fan Útgong stiet anno 606. 

(Boarne : Aardrijkskundig woordenboek fan Abraham Jacob van der Aa. 1839 1851.)

 

In oare ferzy út it boek : Friese plaatsnamen van alle steden, dorpen en gehuchten fan Karel F. Gildemacher is : yn 1275 Tutengum, yn 1400 Tutynghim, yn ‘e 15 ieu fierder ek as Tuutghem, yn ‘e 16e ieu Toytkum en Tutingum, yn 1664 de farianten ‘Tuytkom en ‘t Uytkom, letter ferbastere ta Uitgang en Uitgong. Winsemius brûkt yn 1622 de Latynske namme Civitas Exiensis foar Stêd Útgong. Tuut of tuute soe ôflaat wêze kinne fan Tjitte wurdt der sein, mar dat fyn ik wol wat te fier socht, krekt as dit mei Berlinga ek it gefal is, mar wa bin ik. It is net mear nei te gean, tink ik.

 

Sa is it bytiden mei oare doarpen wol seker hoe ’t men oan de plaknamme kommen is. Nim no bygelyks It Hearrenfean. De skiednis fan It Hearrenfean begjint yn 1551, mei it oprjochtsjen fan de Schoterlandse Veencompagnie. Dat barde troch Pieter van Dekema, ien fan ‘e rikere grytmannen yn dy omjouwing. De feanlânskippen fol turf woenen hja ôfgrave, dat wie it ‘swarte goud’. Yn it westen wie it op. Der wie in protte jild nedich om de turf ôfgrave te kinnen. Om alles  finansierje te kinnen socht Van Dekema stipe by twa “Hearen” út de omkriten fan Útert, t. w. in Jan van Cuyk en in Floris Foeyts.  Doe gie it ek al om jild. Meiinoar foarmen hja de ‘Hearen fan it fean’, wêrmei meiien dúdlik is wêr’t de namme It Hearrenfean fuort komt. En no ek noch altyd mei de twa e’s, Heerenveen.

 

DE KRÚSTOCHTEN.

De Friezen wienen grutte foarstanners fan de Krústochten en fanatike fjochters. In protte Friezen hawwe der dan ek oan meidien. Te tinken fâlt oan de sibben: Aylva, Beijma, Botnia, Cammingha, Burmania, Dekama, Forteman, Galama, Hartman, Hermana, Hettinga, Liauckema, Martena, Ockinga, Poptatus, Roorda en Watse Joulsma. Guon minsken út it neiteam fan de hjir boppe neamde sibben hawwe ek yn BERLTSUM wenne. Lêstneamde Watse Joulsma (om 1276 hinne) kin gjin ôfstameling wêze fan Hotze Joulsma (998), destiids wenjende op kastiel Britseboarch te Britsum, want op syn grêfstien moat stien hawwe : “Hotze Joulsma om wien UYTGONG (BERLTSUM) door de Noormannen vernield werd, de LAATSTE  was van zijn geslacht”. By de lêste (achtste) Krústocht gienen sels wol 50 koggeskippen mei Friezen fia Tunis nei it fort Akko yn Palestina ta.


LJOUWERT / BERLTSUM.

BERLTSUM wurdt yn 606 foar it earst yn de kroniken neamd. Yn in skinkingsakte tusken 700 -800 is dit mei Ljouwert it gefal. It doarpke wurdt dan oandúd as “Villa Lintarwde”. Yn 1050 wurde troch de Greve fan Fryslân, Bruno III., hjir sulveren munten slein mei as opskrift : “Brun Liuvert”. Yn 1148 wurdt yn in brief fan in Abt út Corvey oan de Weser oan de leauwigen fan “Lienward” gewach makke fan de tsjerke fan Oldehove, dy ’t tawijd wie oan Sint Vitus. Yn 1149 fine wy it earste gewach meitsjen fan it bestean fan de tsjerke fan Nijehove. Yn 1150 ferriizd oan it ein fan de Foarstreek, as lêste fan de trije Parochy tsjerken, de tsjerke fan it buorskip HOEK, tawijd oan de Romeinske faam en martleres Sint Catharina. Om dyselde tiid hinne bouwe de Cammingha’s, “likernôch in kertier geans eastlik fan HOEK”, in fersterke troch grêften omrûne stins “Camminghaburg”. Ieuwen letter ûntstiet op dit plak it krúspunt fan de Camminghastrjitte en de Pasteurswei. (hjir yn dizze buert is ek it Cammingha > Cambuurstadion fêstige) Om 1240 hinne fêstigje de earste Dominikanen harren yn Nijehove – se wurde Jacobinen of Jacobijnen neamd en yn de folksmûle Bûnte Papen. Yn Ljouwert is no noch in Bonte Papensteeg. DE MIDDELSEE SLYKET TICHT. De EE en de FLIET sette harren as streamgeulen en slinken fuort. De betsjutting fan “LIENWARD” as seestêd giet ferlern. Yn 1285 wurdt yn in oorkonde “Lewart” neamd as ien fan de Hanzestêden troch de Noarddútske hannelsstêd Wismar. Krekt as Terminus mediterraneï > Civitas Exiënsis (Útgong) > BELCUM, > BERLIKUM > BERLTSUM sjogge wy in ûntwikkeling (hjir fan doarp nei stêd) mei hieltyd wer oare skriuwwizen fan de plaknamme. (1300 - Liwerd, > 1317 - luwardie, > 1318 - Livardia, > 1323 - Civitas Leovardensis > Leeuwarden > LJOUWERT.

 

Sjoch de L. C. fan 26-3-1833. MENGELWERK.

Over de oorspronkelijke ligging van den aanleg der Stad Leeuwarden aan de Middelzee.

 

DE MIDDELSEE.

Fanút de Middelsee rûnen SLINKEN (slinke ek wol geul, slinge, ril, rie(d), ryd, riid neamd of skreaun) skean nei ûnderen fan east nei west. De RIE(D) is sa ’n oarspronklike slinke dy ’t syn yngong hat by it hjoeddeiske BERLTSUM en nei it westen trochrûn oant Winaam ta.

(Rillich lân : lân mei in protte slinken. Âlde geul : - smal wetter - ried, riid, ryd) Fargeul : soal.

WESTERGOA wie in eilân en Boalsert lei op in súdlik dêrfan lyts eilânsje. It wetter streamde fia de MIDDELSEE ûnder Westergoa (go, goo, gea) troch nei de MARNE en sa wer nei iepen see. De slinken, eroazje geulen, dy ’t, foaral de jongste, Noard-east nei Súd-west oriïntearre binne. Dizze oriïntaasje hat te krijen mei it tij ferskil op de ferskate plakken de kust bylâns. Hoe mear nei it easten des te heger komt it wetter by heech tij, wat te krijen hat mei de lizzing fan de Noarddútske, Deenske en Skandinavyske kusten. Dat betsjut dat it wetter yn de Middelsee trochsnee heger kaam dan yn de Marne, dus streaming. Ien en oar is ek de reden dat de Rie(d) him foarme hat fanút de Middelsee kant nei syn einde yn Winaam. (In moai foarbyld is de JADE boezem op it Dútske Waad. It trajekt Wilhelmshafen nei Dangast.) Omdat it wetter rûnstreame koe (Middelsee/Marne) erodearren de streamgeulen boppemjittich. De bewenning op de kwelderwâl Winaam, Doanjum, Rie, BERLTSUM begûn om 100 nei Kristus hinne. Yn 6e en 7e ieu nei Kristus folge de kolonisaasje fan de kwelderwâllen op de line Seisbierrum – Tsjummearum – Minnertsgea. De terpdoarpen lizze yn groepen (rigen) op ‘e kwelderwallen. Tusken Doanjum en BERLTSUM leit it waadsân frij heech en de kwelder dêrboppe is licht : it slibgehalte berint likernôch sa ’n 20 prosint, sa hat út ûndersiik bliken dien.

LJOUWERT, Stiens Hallum ets. leinen oan de eastkant fan de Middelsee yn EASTERGOA. Oer de eardere seeboaiem by Ljouwert, wêr ’t no it yndustriegebiet (de Zwette) is, rint de rûte fan de eastlike nei de westlike wâl. De Boksumerdaam is yn de 13e ieu oanlein om dizze see, dy ’t doe begûn te ferlânjen, yn te polderjen.

De Middelsee of Boarndjip wie in midieuwske see earm yn de provinsje Fryslân. Se begûn ten easten fan Boalsert, bûge ten noarden fan it hjoeddeiske Snits nei it noarden. Har “mûning” lei  yn wat no IT BILT is, ten súden fan it Boarndjip tusken it Amelân en Skylge. De beneaming “BORN-DJIP” ferwiist noch nei de oarsprong fan de Middelsee. Oare beneamingen foar de Middel -see binne “Bordine” en “Boarne”. De see earm ferwide de rin fan it rivierke de Boarne  ta in see earm. Dit rivierke mûne doe by Raard (Rauwerd) yn de Middelsee. De Middelsee foarme in ferbining mei de Marne dy ’t fan Boalsert nei it westen rûn en in sydtakke wie fan it seegat it FLIE tusken Skylge en Flylân. De Middelsee foarme de skieding tusken Westergoa en Eastergoa. Om 1100 hinne waard de ferbining tusken de Marne en de Middelsee by Boalsert ferbrutsen. Hjirtroch begûn it tichtslykjen fan de Middelsee folle hurder.

Foar 1200 wie it súdlike part fan de Middelsee al tichtslibbe. Ek it ûntstean fan de Súdersee befoardere it tichtslykjen. Tusken 1200 - 1300 slibbe de Middelsee oan it BILT ta ticht. Út dy tiid stamme de ferskate diken. Fan it westen nei it easten lizze : De Krinserearm fan 1240 tusken Raard en Easterwierrum, de Boksumerdaam fan om 1275 hinne tusken Boksum en Goutum en de Skrédyk tusken Bitgummole en Britsum fan rûn 1300. De gebieten dy ’t troch it tichtslykjen fan de Middelsee ûntstienen waarden de Nijlannen neamd. IT BILT ûntstie út it fierdere opslyk-jen fan it âlde Middelsee gebiet. It is “opbild” lân ; “opbilje” is in âld wurd foar opslibjen. It gebiet fan Fryslân Bûtendyks is yn feite ek noch it opslykjen yn it streamgebiet fan de eardere Middel-see. Tusken Raard en Boalsert ûntstienen oan de súdkant fan de tichtslibbe Middelsee de Fryske Hempolders. Troch it midden fan de Middelseepolder fan Skearnegoutum oant de Boksumerdyk (daam) ta is de Sneekertrekvaart of Swette goeven. (swette : grins, oanswettend lân : oangrin-sjend lân) Doarpen as Nijlân en Reahûs lizze yn it âlde Middelsee gebiet. Boalsert, Ljouwert, Raard, BERLTSUM etc. binne sa fan see lân stêden en doarpen wurden.

Yn 1506 waard de Âldebiltdyk oanlein. Doe wienen al rom 60 boeren aktyf op de kwelders. De nammen fan dizze boeren steane op in list mei “dadingen” út 1506. Hjirmei kocht de Fryske oerheid harren rjochten op it lân ôf. De measte fan dizze boeren wennen yn MENAMERADIEL    of Barradiel, mar ek inkelde Ljouwerters hienen in boerebedriuw op it Bilt. Der is in list publi-searre yn it tydskrift Pro Memorie, in tydskrift foar rjochtsskiednis. It artikel giet oer de Biltske besit- en rjochtsferhâldings foar it jier 1506. Oan bod komt û. o. wêrom it Bilt tegearre mei it Amelân yn lien útjown waard oan in Hollânske ealman yn 1398.

 

In oanfolling trochkrigen fan Jan Keizer út Sint Anne :

De Oudebildtdijk is aangelegd in het jaar 1505. Bronnen spreken van 1505-1508. Dit heeft te maken dat er na de aanleg in 1505 nog enkele aanpassingen zijn gedaan, zoals bijvoorbeeld sluizen, die in de boeken (als gemoeide kosten) werden vermeld. De dijk zelf is aangelegd voor  het stormseizoen 1505 – 1506 en is aangelegd door 14 ‘homannen’ (een homan is een 100 man arbeiders). Iedere homan nam 1 kilometer dijkvak van de 14 kilometer lange dijk voor zijn rekening. De dijk is dus in secties aangelegd (men is niet aan één kant begonnen), dat had nl. te lang geduurd. Op deze manier kon men de dijk in één jaar bewerkstelligen.

Het gravers en kruierswerk was min of meer op militaire leest geschoeid. De koppels kregen “soldij” en werden ingedeeld in “rotten” onder leiding van een meewerkend voorman of “rotmeester”. Als opzichter over de rotmeesters fungeerden de “homans” (kapiteins). Van deze paramilitaire organisatievorm zijn in de latere waterstaatsgeschiedenis sporen gevonden. Werkdorpen waren de “dorpen” Wijngaarden, Altena en Kijfhoek, de latere parochiedorpen St. Jacobiparochie, St. Annaparochie en O.L. Vrouweparochie.

Sjoch ek bydragen oer de skiednis fan de Middelsee fan bgl. in dûmny Petrus Brouwer P.sn út Blije /Hegebeintum en in protte oaren. Mar foaral de histoarikus Hartman Sannes moat hjir neamd wurde.


 **************************************.

L.C. 31-3-1948.

BARRADEEL : Eens een Waddenlandschap.

(Oer de grûnboarings dy ’t dien binne fanôf BERLTSUM nei de Slachtedyk.)


EMO fan FRYSLÂN, ek wol neamd Emo fan Huizinge of Emo fan Bloemhôf.

Guon minsken tinke wolris dat der no mear reizge wurdt as eartiids. Mar yn it ferline waard der ek in protte reizge. Tink ris oan de fiere pelgrimsreizen nei it Hillige lân. De pelgrimaasjes (4500 km hinne en werom te foet) nei ROME. De Spaanske soldaten dy ’t hjir (te foet) hinne stjoerd waarden om de oarder werom te bringen. De tocht fan de Friezen yn it leger fan Napoleon (te foet) nei it fiere Ruslân ta. Der waard trochsnee op in dei sa ’n 30 á 40 kilometer te foet ôflein. In reis fanút Fryslân nei Rome ta en direkt werom duorre trochsnee sa ’n 200 dagen. Op it hynder gie it natuerlik folle hurder. Sa is Emo, de pastoar fan Huizinge út de eardere Fryske Omme-lannen (it Grinzerlân) en letter muonts yn it Kleaster fan syn neef yn Wierum (Gr.), ris yn swier waar rekke mei de Biskop fan Münster. Hy koe net ferkropje dat de skinking fan de doarpstsjerke yn Jukwerd, oan in kleastermienskip, weromdraaid wurde koe troch de biskop fan Münster. Hy naam it beslút om yn berop te gean by de Paus. Op 9 novimber 1211 reizge hy te foet nei Rome ta, beselskippe troch in âlde freon, fia de abdij fan Premontré yn Noard-Frankryk. Tegearre stieken hja midden yn de winter (om de Krystdagen hinne) de Alpen oer. It binne dan rûzerige tiden yn Jeropa. Sliepe dienen se foaral yn kleasters fan de Norbertinen, Emo ’s eigen oarder. Hy komt op 19 jannewaris 12-12-1212 te Rome oan. Yn Rome stuit Emo op de sjerpichheid fan de pauslike burokrasy fan Paus Innocentius III. Nei 50 dagen krige hy pas de brief wêr ’t hy foar kommen wie. Nei in muoisum ferûne weromreis kearde Emo op 6-7-1212 yn Wierum werom. (A. N. W. B. bewizering en Tom Tom moasten noch útfûn wurde.) In hiele oare wrâld dus yn ferliking mei de úze, mei syn flugge postferkear en e-mail. 


Riedling.

Laatst kwam ik in den Dorpe BELKUM. De hospes (Gastheer) zeide : “Van harte welkom.” Ik vroeg hem : “Zijt ge nog gezond ?” “Ja” !, hoorde ik, uit zijn eigen mond. Een poos daarna zeide   de eigen vent weer : “Ik ben ziek ! En ziek geweest sinds 30 jaren !”  ”Wie kan dat raadsel nu verklaren” ? 

De oplossing wie : 

SIEK was ‘s mans naam, SIEK was hy gedoopt !

BAARDA, de Berltsumer kastlein fan eartiids, hie de foarnamme Siek.  (Sieck, Sick, Zyk, Zyck.)

(Sieck Symen ’s Baarda, de soan fan Simen Zyks Baarda, kastlein / eigner fan “Het Wapen van Gelderland,” destiids ek wol neamd “De nije herberch,” mei de dêrby behearrende Hingste-mannerij mei in skuorre om 200 hynders te stallen. De herberch is yn 1769 te Harns ferkocht. Doe is Harmen Beernts hjir kastlein yn wurden.)


L. C. 24-4-1762.

De KERKVOOGDEN van den Dorpe BERLIKUM, gedenken op Zondag den 2 May te VERHUUREN ongeveer 11 Scharren , in de Berlikumer Buuren Weide. Wie gadinge heeft kan komen ten huize van Symon Baarda, Castelein in ‘t Wapen van Gelderland tot BERLIKUM.


‘t KLEINE KRANTSJE.  21-3-1970.

(* Foto fan de âlde Herberch (letter “Hof van Holland” neamd) oan it doe saneamde Easteinde te BERLTSUM om dy tiid hinne, no it Hemmemaplein/it Skil neamd.)

(* Is in kopergrafure makke troch Karel Fredrik Bendorp, útjûn yn 1793 yn VADERLANDSE GEZICHTEN nei it libben tekene troch Bulthuis en op it koper brocht troch K. F. Bendorp.     Hichte : 16 cm en de breedte is 23 cm

Deftige Nieuwe Herberg en hingstemannerij, met schuur om 200 paarden te stallen, te BERLIKUM

JAN CLAASES BULTHUIS /  CAREL FREDERIK BENDORP

Carel Frederik Bendorp wie op 9-2-1736 berne te Sas van Gent en is ferstoarn te Dordrecht op 13 -10 – 1814. Hy wie graveur, tekener en skilder. As etser makke hy gravures fan de tekeningen fan Jan Bulthuis foar de Vaderlandsche gezichten en afbeeldingen behoorende tot den Tegenwoordige Staat der Vereenigde Nederlanden, dat yn de perioade 1786 oant 1792 ferskynde. Hy lei steds- en doarpsgesichten fêst wêrûnder dy fan it doarp BERLTSUM op it Hemmemaplein mei de eardere Herberg mei boppeseal en omkriten.

Jan Claases Bulthuis, doopt te Grins op 30-10-1750 en ferstoarn te Amsterdam op 29-5-1801, wie in Nederlânsk tekener en skilder. Hy makke de tekeningen foar de hjirboppe neamde Vaderlandsche gezichten en afbeeldingen, wêrfan Bendorp de gravueres fersoarge wêrûnder de gravuere fan it doarp BERLTSUM by it tsjintwurdige Hemmemaplein earder ‘op it Eastein’ neamd. Dizze gravuere fan BERLTSUM moat dus tusken 1786 en 1792 makke wêze.


L.C. 18-2-1769

Op 15 maart 1769.    

In de Herberg Romein te Harlingen verkocht ; de deftige Nieuwe Herberg en hingstemannerij, met schuur om 200 paarden te stallen, te BERLIKUM door Symon Sicks Baarda als eigenaar bewoond, huur voorheen 225 car. gl.


L. C.  9-1-1790.

Dr. J. Mebius, Secretaris van Menaldumadeel, praesenteert by Strykgeld te Verkopen : zekere heerlyke en deftige Huizinge, Herberge en Hovinge cum annexis, staande en gelegen aan de Buuren tot BERLICUM, bekend onder de naam de Nieuwe Herberg, zijnde in lengte van jaren daarin met goed succes de Tapperye gedreven, begeregtigd met een Vrye Tap, Hengsten-mannery, bezwaard met 10 Stuivers 2 Penningen Floreen en 10 Stuivers jaarlykse Grondpacht aan de buiten Armen aldaar, alles zodanig by Siek Symens Baarda cum uxore werd bewoond, op de 12 May 1790 vry te aanvaarden : Waar op geboden is 4425 g. gls. 14 strs. Wie gadinge heeft, kome op Maandag den 11 January 1790 ‘s namiddags op één uur ten huize van de Castelein S. S. Baarda voorsecht, by de Finale Palmslag waarvan de Conditien in te zien zyn ter Secretarye van Menaldumadeel.

 

FRYSKE FOARRJOCHTEN ?

It is yn brieven wolris de hjitting dat Keizer Karel de Grutte (Carolus Magnus) de Friezen  yn eardere tiden foarrjochten jûn hawwe soe.  Mar dizze brieven bewize abslút net dat Keizer Karel de Friezen foarrjochten skonken hat. Dizze brieven bewize allinne dat de ynwenners fan Starum en de Friezen hjirfan oertsjûge wienen en dat Hendrik V, Willem II. en Willem III. en harren kanseliers dêr net oan twivelen. Men moat de histoarjekennis fan de diplomaten fan dy tiid net te heech oanslaan. Dizze miening wie oer gehiel Fryslân ferspraat. Al om 1250 hinne beroppen de Noard-Friezen har op harren fan Keizer Karel de Grutte ûnfongen rjochten, en yn alle lânrjochten fan alle Fryske Geaën (Goën) wurdt hy as Wetjouwer fan de Friezen neamd. Gjin wûnder dat Karel by de Friezen heech yn oansjen stie. De segels fan Rustringen, Wursingen, Segelterlân en, om tichte by hûs te bliuwen, fan FRJENTSJER fierden syn byltnis en Kempis seit yn syn tiid, dat der yn de A-tsjerke fan de stêd Grins in muorreskildering fan de Keizer oanwêzich wie, mei in opskrift yn hiel âlde, hast net werkenbere karakters, wêrfan de ynhâld hjir op delkaam : Carolus Magnus Frisiam libertate inaestimabili darravit, quam nemo bonus nisi cum anima simal amittet. Oan in oarkonde fan om 1313 hinne, op it Ryksargyf yn Ljouwert,  hinget in segel fan Frjentsjer, it fertoant in persoan op de troan sittend, wêrfoar twa knibbeljende manlju dy ’t de hannen opstekke. It omskrift is : Sigillum consulum in Franekere. Rex Carolus Frisonus liberos facit. Dus de miening, dat Karel de Grutte oan de ynwenners rjochten en wetten jûn hie, wie like algemien ferspraat by de Friezen as by de Saksen en hjir en der op oare plakken. By lêstneamden berêste se op sângrûn en it is á priori al wierskynlik, dat it hjir ek it gefal is. Yn de tiid fan de Karolingers waard Fryslân troch in Hartoch bestjoerd. Dit Hartochdom struts him út fan de Weser oan te Skelde ta, wêrfan dus ek net-Fryske lannen oan taheakke wienen. In pear Hartogen, lykas Radboud, Poppo en Godfried wurde ús neamd, mar nei it jier 900 komt hjir gjin Dux of Ducatus Frisiae mear foar. Foar dit Hartochdom liet Karel de Grutte de LEX FRISIONUM opstelle, it grutste part hjirfan bestiet út opskreaune gewoante-rjochten en it hat mutatis mutandis in protte oerienkomst mei de LEX SAXONUM, de LEX THURINGIORUM etc. Fan foarrjochten kin dus yn de Lex Frisonum gjin sprake wêze. De Fryske Gewesten waarden doe troch Greven berjochte. Men wit al in pear te neamen út de tiid foar  Karel de Grutte. Ek yn dy tiid fan de Lex Frisionum waarde de Geäen (Goën) troch Greven berjochte. Ek nei de tiid fan Karel de Grutte stienen noch ieuwen lang Greven oan it haad fan de Fryske Geaën, dy ’t de ynwenners, sa ‘t wy witte, rêstich berjochtte hawwe. Annalen en kroniken út Karel ‘s tiid of út de ieu nei him, witte neat fan in foarleafde fan de Keizer foar de Friezen, en allikemin fan foarrjochten oan harren tastien boppe de Saksen, Beieren of wa dan ek. Men lêst wol fan striid en kriich tusken Karel en de Saksen en de Friezen, mar neat oer it skinken fan foarrjochten.