Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsumer inisjalen.


As jo ris troch de TSJERKEBANKEN fan de Herfoarme tsjerke rinne fine jo dêr op konsintrearde plakken hiel wat KRASSERIJEN yn it (destiids ferve) hout op it foar it boeklizzend bestimde part fan de banken. In protte inisjalen, mar soms ek mei efternammen dy't fol út skreaun binne. De jongerein socht inoar op efter yn de tsjerke banken en boppe de 16 jier gie it op nei de kreake ta fansels. It moat jin dan ek net net ferwûnderje, dat troch dit folkje, út ferfeling, wol ris yn de tsjerke banken krast waard en dit stuts oaren dan ek wer oan om dit te dwaan. De preken koenen eartiids bytiden lang duorje en te "dreech" wêze foar it jongfolk. It wienen hast altyd de jongfeinten dy dit dienen. De famkes wienen wat dat oanbelanget folle beskiedener. De banken en alle iken hout is in tiid oerferve west om de belêsting op ikenhout te foarkommen. In no âlde belêsting krekt as de belêsting op de skoarstiennen.

Ik neam sa mar ris in pear inisjalen: K E S, K l, en R I P, de earste twa kin ik net thúsbringe, de tredde soe "Rest In Peace" betsjutte kinne. K K O, mei troch de O in dwers streepke soe Klaas Klazes Osinga betsjutte kinne. Ek ien mei in S yn de O, ik tink fan in Sybe Osinga. In N J O kin Nanne, berne op 11-10-1816, de soan fan Johannes Klases Osinga en Pietje Nannes Kuperus wêze. In K L bgl. kin in Klaas Lautenbach wêze.

Ien inisjaal is my yn elts gefâl freiwol dúdlik: Y D V S dat moat Yme Daniëls van Schepen wêze, de foarheit fan de Berltsumer van Schepen's. Syn pake mei deselde namme wie op 17-5-1772 boaske mei Yfke Joukes ôfkomstich fan Menaam. Syn (foar) âlders wienen hjir eartiids al fier foar 1800 hôfker en túnker. Hy is û.o. hierder west fan it hôf "de Fûgelsang", in hôf tusken de Mulseleane en de Efterste leane yn, destiids yn eigendom fan de Herf. diakonije.

Makliker wurdt it mei de inisjalen R.(einder) K.(lazes) mei fol út de efternamme Hager en it jiertal 1820. Dit moat de soan wêze fan Klaas Hager en Antje Jans, en dan in P.H. Tippersma mei it jiertal 1822. Dit moat de Pieter Hendriks Tippersma wêze dy't berne is op 20-12-1798 yn Reduzum en dy't ferstoarn is op 28-4-1828 te Berltsum. It is in namme dy't net folle foar komt en no ek net mear yn Berltsum. Hy wie op 1-12-1824 boaske mei Pietje Schiphof de dochter fan Eeltje Kornelis Schiphof en Dieuwke Sikkes Sikkema en is dus net sa âld wurden. Syn widdo frou Dieuwke is foar de tredde kear troud mei Klaas Gerlofs Osinga dy't berne is yn 1807 en ferstoarn op 28-8-1878. Út dit houlik stamme de bern mei de yn Berltsum no bekinde nammen as Klaas, Gerlof en Eeltje.Yn 1898 wenne der noch in yn 1868 berne Pieter Hendriks Tippersma, boaske mei Eitje Schiphof, yn de Krússtrjitte. Dit sil wol in pakesizzer west ha. 

Dan de namme J.E. Pieterzen. Dit moat J(urjen) de soan wêze fan Egge Pieters Pieterzen. (Net te ferwikseljen mei de namme Peterzon) Egge wie hûsman (boer) op de yn de folksmûle sa neamde "Skoanegevelshoeke". (hoeke Tsjerkestrjitte/Hôfsleane) Hjir hat in pleats stien, wêrfan it oerbleaune foarein (wenhûs) letter bewenne is troch û.o. de kantonrjochter Schonegevel (Klasing Schonegevel). De skuorre wie ôfbrutsen en tún wurden.

Yn ien fan de trije GRÊFKELDERS yn de Herfoarme tsjerke t.w. yn de grutte, dy fan de Hemmema's, by de yngong fan de koepeltsjerke, komme wy ek inisjalen tsjin op de muorre. It binne û.o de foarletters en efter nammen fan K.(laas) J.(arich's) van der Schaaf mei it jiertal 1851 en yn 1891 T.(eake) K.(lazes) van der Schaaf en Ale Pieters Bosma (de leste foarnamme dus fol út skreaun. Ale is berne op 23-1-1843 as soan fan Pieter Douwes Bosma en Janke Ales Faber), allegearre timmerlju west hjir yn Berltsum. De grêfkelder is foar it lêst iepen west by de grutte restauraasje (1972-1980).

It inisjaal A.P.B. 3-6-(19)05 fan Ale Pieters Bosma stiet trouwens ek yn it portyk fan it hûs Buorren nu.3. Oer de lêst neamden is ek wol folle mear te fertellen, wol boekdielen. Wat siz ik "boek" dielen. Ús wurd boek komt fan de boeke beam, in beam mei in glêde stam en dus tige goed te brûken foar it gravearjen fan inisjalen en fereale herten, al as net, mei pylkjes trochstutsen. It gravearjen is fan alle tiiden. Boppe yn de balken fan de Berltsumer toer binne ek in protte ynisjalen en nammen te lêzen. Wa't skriuwt, dy bliuwt !

(Dan wie der ek noch de kerfstok. Mar dat is wer in hiel oar ferhaal. :-))