Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsumer efternammen.

(Belcum, Belcom, Belkum........)


Hiel wat Berltsumers hawwe efter nammen dy't einigje op - inga en -a Ik tink oan Heslinga, Andringa, Elsinga. In foarâlder fan sa'n sibbe hat de namme Hessel, Andries of E(a)lse hâwn. Fariaasjes op dy foarnammen binne mooglik. De nammen Alg(e)ra, Sytsma en Fokkema bgl. betsjutte respektivelik soan fan Alger, Sytse en Fokke. De letter -a efter it wurd - ing is de genitief pluralis foarm fan -ing. Dus -Ing betsjut soan fan.... en -inga ien fan de soannen fan....

De -ing foarm is al tige âld. Letter binne der nammen ûntstien dy't einigje op -ma of -sma. De taalkundigen binne it net alhiel iens oer it ûntstean fan dizze útgongsfoarm. Út de foarm -um soe, neffens guon fan de taalgelearden, letter - ma en - sma ûntstien wêze. Reitse soe bgl. dan mei syn grûngebiet heem of hiem ferkoarte oan't -um ta Reitsum kommen wêze. Menalda, Menalda hiem ta Menald(a) -um. Engele 's hiem ta Engele-um. Mei de namme Berlikum (Berltsum) wurdt it no dan ek wol dreech útlizzen want in persoans namme as Berle of Berling (ck) soe mei it wurd heem of hiem dan betsjutte moatte: it grûngebiet fan...... in Berling- (ck). 

Wol is bekend dat de van der Meer’s en Meerstra's út Berltsum oan in (eardere âlde mar (meer) wennen op in pleats ûnder Menaam mei dy namme en de Fennema's fan de Berltsumer "Nije Finne" (fenne) pleats ôfkomstich binne om mar wat nammen te neamen. De âldste foarm is dus dúdlik dy op -inga, en dernei folgje dy op -ma en -sma.

Flechtlingen út Rouen sa as de Hacquebords (barts) en de Rosiers dy't hjir ek wol wenne hawwe, binne no Friezen mei Frânske skaai nammen. Franciscus Dominicus Michiels (de heit fan Aafje Maria Machiels.) fan Berltsum en de Guldemonds, no fan Menaam, hawwe in Belgische efternamme. Johannes Guldemond (myn foarpake) is hjir yn de Spaanske tiid as flechtling út Brussel wei, yn Leien kommen te wenjen. In neikommeling is fia De Ryp yn Menaam terjochte kommen. Yn Brussel siet Johannes Guldemond yn it stêdsbestjoer en wie dêr "artillery fabrikeur". 

De Born's en de Lautenbach's hjir komme oarspronklik út Dútslân wei, Born (bron,wetterput), Lautenbach (rûzjende beek), Lauterbach (heldere beek). Op it Bilt is yn 1811 in Lautenbach ynskreaun mei op it ein in -g. Hjir binne de Biltse Lautenbag’s dus oan te werkennen.

Myn Latynske efternamme "Posthumus" betsjut: (Jonge: berne nei de dea (oarspronklik nei de begraffenis, ûnder de ierde bringe) fan syn heit. Natus post patris obitum. Wie it in famke, dan waard hja in "Posthuma" neamd. De nammen binne fakentiids ferkoarte ta Postmus en Postma, ja sels ta Pasma en komme in protte (it measte) foar yn Fryslân en krekt der bûten. De jonge of it famke krige meastal de namme fan de ferstoarne heit. Yn de Berltsumer- en oare doopboeken is it in opmerking. In hieleboel Latynske nammen binne oannaam troch Fryske studinten oan de universiteit fan Frjentsjer. De Berltsumer dûmny Nolle Haaijes waard sa bgl. in Nollius Hajonides. Ds. Vincentius Hempenius wie yn of om 1575 hinne yn Hempens berne. Wiggele waard in Viglius en Watse waard in Valerius, omdat de letter W. yn it Latyn net foarkomt. Sa komt de letter Z. yn it Frânsk net foar om mar wer in foarbyld te neamen. Yn it Latyn wurde de I en de J en de U en de V as ien letter brûkt. Yn it Ingelsk is de W. in dubble V. (dûbele V.) Yn it Frysk sil in wurd nea mei in V. begjinne of it moat in lienwurd wêze. Útsein in CH komt de C yn de Fryske stavering net foar. De Q, X, Y en Z  allike min. Sa hat eltse taal syn eigenaardichheden.

De efter namme, van Belkum, komt fan ien fan de âlde Berltsumer doarpsnammen, t.w. Belkum. De Bilts talige ynwenners fan (op) it Bilt neame ús doarp no noch sa. Zwolle wie earder Swol. Wy Friezen neame dy stêd no noch sa yn ús taal. De namme, van Swol, komt ek foar as efternamme. Fan de gemeente Menameradiel binne spitigernôch gjin namme oannames bewarre bleaun. Mar wat sei Shakespeare hast ek al wer...........


Hemmema, Roorda, van Gelder, Quade(r) etc. binne hiel âlde Berltsumer nammen.

Frjemdernôch is, dat mei de ynpoldering fan it Bilt (1505-1508) de sibbe namme Gelre, Gelder, van Gelder ûnskiedber ferbûn is. In namme hjir ek wer oan ferbûn is de sibbe namme Seps. It is ek de fraach hoe dizze sibbe yn Fryslân kommen is. Dizze sibbe neamde har Gelder of van Gelder en koe oanspraak meitsje, troch har ôfkomst, op de heerlikheden Haeften, Herwijnen en Hellou, dy’t yn it eardere hartochdom Gelre leinen. (Sjoch ek H. Sannes. Bilts histoarikus. Hja wienen ek bedreaun yn it ynpolderjen, grûnwurken en yn alles wat dêr mei gear hong, miende ik wolris lêzen te hawwen.)

blyndoekte moarekopDe wapen oerienkomsten tusken de sibben Seps en (van) Gelder en de sibbe van Haeften binne ek opmerklik. Beide sibben fiere blyndoekte Moarekoppen. Dat yn twa fier fan inoar lizzende plakken yn ús lân sibbe wapens mei Moarekoppen foar komme "kin" op sibbe relaasje tsjutte. Wierkynlik binne hja ûntliend oan sibbe leden dy’t yn de tiid fan'e Krústochten dizze Moaren (Sarasenen) bestriden hawwe op har reizen nei it Hillige lân, de sa neamde Jerusalim faarders. Der wurdt wol sein, dat de blyndoekte Moarekoppen op de eardere sa neamde heare banken yn de koepeltsjerke fan de sibbe van Gelder ôfkomstich binne, mar dat is lang net wis, al leit it wol foar de hân. It wapen kin ek wol fan de Roorda sibbe ôfkomstich wêze. De blyndoekte Moarekoppen komme ommers ek yn de Roorda sibbe wapens foar.

De Hemmema's binne besibbe oan de Roorda’s en hienen yn de âlde krústsjerke ek al hearebanken, wa wit, kamen dêr de beide wapens tegearre op foar. Wa sil it sizze. De (Berltsumer) Roorda’s hawwe, krekt as dy fan Ginnum, it noardlikste doarpke fan de 4 flie terp doarpkes yn de Dongeradielen mei in 12e ieusk tsjerkje mei sealtek toer, ek oan de krústochten mei dien. Hjir leit Sybe van Roorda begroeven. Hy is yn de slach by Boksum yn 1568 dêr omkommen. Opmerklik is, dat de Moare koppen op de Roorda wapens yn de tsjerke blyndoeke binne en op de stiennen bûten de tsjerke net. De Mohammedaanske Moaren mochten yn de Kristlike tsjerke net "rûn sjen", sa gie it ferhaal.


 ********************************


Posthumus in ‘Fryske’ EFTERNAMME.

Sûnt 1811 is de namme Posthumus yn Nederlân en de lannen wêr’t Nederlanners nei ta emigreard binne, as famyljenammen ynboargere. Al dizze sibben binne werom te fieren op in Fryske foarheit, want allinne yn Fryslân hat men harren by Decreet fan 18 augustus 1811 fan Kaiser Napoleon (yn dit gefal) ûnder de namme Posthumus of Postumus ynskriuwe litten by de Boargerlike stân.

De Romeinske BYNAMME Posthumus is in juridyske term foar in rjochtsrigel dy’t foar it earst opskreaun is te Rome yn de 5e ieu foar it begjin fan ús jiertelling. Yn Nederlân betsjut de namme Posthumus " berne nei de dea fan de heit". (earder betsjuttenis: berne nei de begraffenis fan ‘e heit of de lêst berne út dit houlik fan de mem.)

Sa binne der hiel wat Fryske nammen te werkennen oan de útgongen -sma en -stra, (nei heite nammen plaknammen, buorkerijnammen en gean samar troch.) Yn Skotlân komt bgl. de Mac foarm,(Mac Arthur, Mac Millen, Mac Donald etc.) yn Ierlân de O’ foarm, (O’Neil, O’Conner, O’Brian etc,) en yn Ingelân de - son foarm in protte foar. (Johnson, Ericson, Jefferson etc.)

De efternamme fan myn frou is Fahner, wat tsjut op Dútske of Switserske ôfkomst. De sibbe komt fan Switserlân út it Berner Oberlân by Meiringen (it Haslital) wei. Har foarheit is hjir begjin de 19e ieu kommen as militêr (huursoldaat) en wat te tinken fan al dy Berltsumer Lautenbach’s dy’t oarspronklik út Dútslân (omkriten Dillenburch) weikomme.. Ek dizze foarheit wie militêr. Hy tsjinne ûnder "’Us Heit". In protte Hanneke meaners, keaplju en flechtlingen binne hjir ek hingjen bleaun. 

(Boimer > Beimers, Hunkemöller, Schweigmann, Born, Scherjon, Hacquebord ets.) It VATICAANSKE (PAUSLIKE) leger bestiet ek no noch út (jonge R. K.) Switserske hiersoldaten

Sjoch ek:  Berltsumer tsjerke belangen alinea: BERLTSUMER HOUNEN: By nammen.

 

De efternamme ZIJLSTRA yn MENAMERADIEL.

De boeken fan namme oannames yn MENAMERADIEL fan 1811 binne spitigernoch ferlern gien. In namme dy ’t no in soad foarkomt is dy fan Zijlstra. In protte wennen by in syl of wienen ôfkomstich fan in gehucht (Kiestersyl, Roptasyl, Ritsumasyl,) of doarp (Âldebiltsyl) mei dêryn it wurd syl. Fan guon minsken is dit net te efterheljen. Dêrfoar kaam de namme Zijlstra yn Fryslân hast net foar. Yn BERLTSUM wenne in Dirk Ates dy ’t ferstoarn is om 1776 / 1777 hinne. (Specieboeken) Hy wie boaske mei in Doetje Martens. Hja is letter wertroud mei in Rinze Jans, ek fan BERLTSUM ôfkomstich, en binne doe nei Pingjum gien te wenjen. De soan út it earste houlik fan Dirk Ates, t. w. Ate is berne te BERLTSUM op 20-12-1775 en stoarn te BERLTSUM op 10 -11-1826 en wie hjir skipper en gernier. Hy wie op 6-7-1806 troud mei Mintje Hendrik ’s Meijer. Ate is grut doopt op belidenis te BERLTSUM op 23-5-1811. Hy nimt de namme Zijlstra oan. Hjir is op 10-9-1809 in Sybren Joukes Zijlstra troud, hy is berne yn Froubuorren yn 1753 / 1754 en stoarn te BERLTSUM op 21-3-1832. Hy wie hjir gernier en op 10-9-1809 troud mei Sytske Klazes de Jong , dy ’t berne wie te Jorwerd om 1773 hinne en ferstoarn te BERLTSUM op 12-8-1821. Sybren is hjir op belidenis doopt op 22-5-1829. Ek hy hie de efternamme fan Zijlstra oannommen. Yn WIER wenne in Homme Pieters, berne yn 1737, arbeider, en ferstoarn te Bitgum yn 1760 / 1761. Hy hie op 26-3-1939 belidenis dien te WIER en wie op 20-12-1737 troud mei Ank Gepkes, ôfkomstich fan WIER en foar de twadde kear op 18-3-1742 mei de op 11-4-1743 te WIER belidenis dien hawwende ek fan WIER ôfkomstige Tjitske Klazes, Hja hawwe harren letter yn Bitgum ta wenjen set, wer ’t Homme ek wer arbeider wie. Fan harren soan MEILE Zijlstra stamme in protte Berltsumers ôf. (Meile de Haan, Meile Post.) 


L.C. 18-10-1980.

Blaaskakerij.

In redakteur fan de Ljouwerter Krante oer de reis fan Jacob van Lennep en syn maat Dirk van Hogendorp dy’t yn it begjin fan de 19e ieu (1823) ek Berltsum oandien hawwe op har foetreis troch Nederlân.........

.......... Op de weg naar Berlikum stonden er in van Lennep’s dagen geen opvallende staketsels zoals een hulpzender-antenne bij Ried of veevoer containers. De boschage rond Berlikum is gemillimeterd. Maar de Koepelkerk staat er, fraaier dan ooit, want zij is net gerestaureerd voor drie miljoen gulden, twee honderd jaar nadat de kerk in de koepel-versie was gebouwd. De dominee (Chr. S. Verwoert) van de Hervormde gemeente in Berlikum, die 600 zielen telt, was zo vriendelijk me rond te leiden in deze bijzondere kerk, die mede tot stand kwam door de grietman van Menaldumadeel, de hoogwelgeboren heer jonkheer Georg Frederik Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg.

(EN NO GIET DE FANTASY fan de skriuwer op ‘e rin) .........DEZE jonkheer was er trots op slaven in dienst te hebben. Hij had dan ook in hout gebeitelde slavenbeeldjes op zijn kerkbank staan. Ze zijn er nu nog te zien........... Een aardige bijzonderheid waarover van Lennep niet repte: in deze kerk is in de gewelven een kraamkamer van de vleermuizen uit de Limburgse Pietersberg. Elke zomer komen de vrouwtjes naar dit huis der Heeren om er hun jongen te werpen. De mannetjesdieren mogen dan de kerk niet in van de vrouwelijke vleermuizen.


De foetreis fan de beide mannen hat sawat trije moanne duorre. De beheinens yn de ynfrastruktuer makke reizgjen net konfortabel. Mei de oanliz fan in wiidwreidich net fan keunstwegen en kanalen soe pas 10 jiet letter begûn wurde. Hja wienen studinten en kamen út de Hollânske élite. Yn 1823 wie Nederlân noch in agrarysk lân mei noch in soart natuer en hast gjin yndustry. De bewenners wienen noch sterk op harren stêd, doarp of omkriten rjochte. Twa / tredde fan ús lân wie noch tin befolke. Foaral op de sângrûnen wennen noch net folle minsken, sa as yn it eastlike part fan Fryslân, op de Feluwe, Drinte, Twente, de Efterhoeke etc. Pas nei de komst fan de keunstdong feroare it lânskip en waard it yn dy gebieten woltieriger, mar ek de opkommende yndustralisaasje hat dêryn in grutte rol meispile. Bewapene mei oanbefellingsbrieven fan harren âlders en heechlearaars giene se op besite by de Nederlânske élite lâns. Hja waarden net altyd waarm ûntfongen, op de rekommandaasjes. Sa waarden hja troch de dûmny fan Dokkum al gau wer de doar útstjoerd, omdat hy te kinnen joech, dat hy gjin tiid foar de beide mannen hie.


De man wie hast altyd de doopheffer. Wie hy net doopt of fan in oare tsjerke of om d’ien of oare reden net yn steat om by de doop oanwêzich te wêzen, dan waard it bern troch de mem ten doop hâlden. De reden fan it net optreden as doopheffer troch d’ien fan de âlders waard hast altyd oanjûn.


Sa mar in pear foarâlden fan Berltsumers dy’t noch yn'e âlde Krústsjerke doopt binne:

Ludser, berne 25-5-1772, doopt 25-6-1772, soan fan Pieter Sjoerds (Peterzon) en Tietje Ludsers. Taeke, berne 11-7-1772, doopt 7-8-1772, soan fan Kornelis Eeltjes (Schiphof) en Teatske Reins. Daniël, berne 26-11-1772, doopt 20-12-1772, soan fan Ieme Daniëls (van Schepen) en Iefke Joukes. Heerke, berne 27-1-1773, doopt 21-2-1773, soan fan Berend Heerkes (Klaver) en Heiltje Salves. Klaas, berne 1-2-1773 yn it Kleaster Anjum, doopt 7-3-1773, soan fan Klaas Wops de Groot en Hendrikje Klaases (Kuik). Lolke, berne 3-7-1773, doopt 8-8-1773, soan fan Klaas Klaasses van Gelder en Maartje Lolkes. Horatius, berne 8-8-1773, doopt 29-8-1773, soan fan Klaas Horatius Lautenbag en Dirkje Hendriks. Horatius, berne 17-4-1774, doopt 8-5-1774, soan fan Jacobus Horatius Lautenbag en Pietje Feddriks. Lutske, berne 13-4-1774 te Sint Jabik, doopt 22-5-1774, bern fan Tomes Wiebes (Westra) en Hiske Obbes. Geertje, berne 4-4-1775, doopt 30-4-1775, bern fan Pytter Theunis (Runia) en Sjoukje Daams (van der Steeg). Baukje, berne 10-9-1776, doopt 27-10-1776, dochter fan Pieter Keimpes (Reitsma) en Janke Tjeerds.


Yn 1772 waard troch de Steaten fan Fryslân oplein om doop-, lidmaten en trouboeken en kontra boeken by te hâlden troch de kosters of masters. Elts jier waarden de beide boeken neisjoen en meiinoar ferlike. De kontraboeken mochten net op itselde plak bewarre wurde en moasten minimaal op 50 meter ôfstân fan de originali boeken op in oar plak bewarre wurde.