Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsumer earmen. (1797)


De earmfâden fan it doarp BERLTSUM, litte by dizze te witten: dat de jierlikse Berltsumer merke der wer stiet oan te kommen. (Dit wie fan âlds altyd op St. Markusdei en dus op 25 april, letter is dit wat feroare) De merke sil neffens âlde gewoante hâlden wurde op de 26e en 27e April 1797, en dat dan it merke jild wer yn it foardiel fan de earmen wêze sil. (It ferskil tusken earm en ryk wie tige grut. Op 18-10-1554 bgl. kocht de Berltsumer Job Jansen fan twa Ljouwerter boargers "een root cleet met fluweel beset met zijden taff daartoegen, een teneijten rauwe lotten palt rock ende een paar roode satijnen mouwen", alsmede "een teneijte damasten kolder". Bepaald gjin ienfâldige boeredracht al dat fluwiel, dy tafside, dat satin en dat damast.)

Yngefolge it appointment fan it gerjocht fan Menameradiel wurde de manieren as folget: Ten 1e. Foar elts ko bist, jong of âld, 2 stoeren. Foar elts hynder, jong of âld, dy't op de merke feilt wurdt, 2 stoere mar net, dy't foar in reau spant west ha of ûnder de man geane; oan 'e oare kant: Fan in oerdútsen kream, grut of lyts, 12 stoeren; fan in iepen kream, tafel of diske of koekiste dy't 4 foet lang is, 8 stoeren; fan in tafeltsje koarter dan 4 foet mei keapmansguod, draaiboerd, werpboerd en sawathinne, aparte koekist en allerhanne presentear dissen, 4 stoeren en fan elts dy't mei keapmansguod by de hûzen lâns rint, 2 stoeren. Oertrêders en wegerders ferfâlle yn in boete fan 2 pûn grut. Oangeande kij en hynders as boppe, fan kream etc. etc., alles yn gefâl fan dispút, neier te fernimmen by niisneamde earmfâlden.

Berltsum hie as ienichste doarp yn Menameradiel altyd fêste merkedagen hawn. As it sa út kaam en ien fan de data foel op in snein, dan waard de merke in dei ferskowd. Dit waard meidield yn in kranteberjocht yn de Ljouwerter krante of oars wol troch in ôfkundiging yn tsjerke. Der wienen twa soarten fan earmen yn it doarp: de sa neamde "Doarps earmen" en "Bûten earmen". De lêst neamden wienen faak minsken dy't hjir tydlik yn it doarp tahâlden en (finansjele) of oare help nedich hienen.

Sa wienen hjir yn Berltsum doe ek al flechtlingen, reizgers en minsken dy't maleur krigen hienen ûnderweis. De earste gong wie dan fakentiids nei de pastorije. Sa is hjir bgl. ris in kear in skip(ke) sonken yn de Moddergat sleat (Wiersterfeart). De earme man wie alles kwyt rekke, wêr moast hy hinne? Dizze bûten minsken moasten dan earst har attestaasje (bewiis fan goed hâld (gedrach)) sjen litte om holpen wurde te kinnen. It koartlyn ynfierde persoansbewiis is dus net sa nij as men tinkt dat it is.

Faak woenen de earmfâden (en diakens) sa gau as mooglik wie, wer fan dy minsken ôf, troch har werom te stjoeren nei it plak wêr't hja wei kamen. De boaiem fan de kas kaam hiel faak yn sicht en moast dan wer mei jild oanfolle wurde. Ek (ivige) rinten út hûzen en fûnsen smiten wat jild op. De Berltsumer diakonije en earmfâlden hienen hjir op ferskate plakken yn it doarp diakonije/earmen wenten (keamers), in dakonije skipshelling dy't ferhierd waard, it diakonije/earmen lân en gean sa mar troch. It barde sels, dat de rekken(s) troch stjoerd waarden nei de earmfâden en diakonijen fan it doarp (of stêd) wêr't de bûtenman of frou wei kaam om de kosten te ferheljen. 

De Herfoarme diakony hie hjir yn Berltsum in diakonijehûs *) op de Terp stean. (no de wenhûzen steande oan de Vermaningstrjitte de nû.'s 8 en 10) t./o. de foarhinne Minniste pastorije oan de Vermaningstrjitte. Der waarden ek siken ferplege en allinne steanden (tydlik) opfongen. In "heit" en in "mem" bewennen it hûs en hienen de lieding. (de namme "de Beijer" docht ús hjir noch oan tinken).

Soms wie de jildneed hjir, foaral yn minne jierren, sa heech dat de man mei it bûkoargeltsje mar wer ris troch it doarp gean moast om wat jild op te heljen. Ik ha net efterhelje kinnen wa 't dy man west hat. De oerheid woe ek net by springe, dy wie doe noch net sa fier om soks te dwaan. Ein 19e/begjin 20e ieu is dit feroare. De measten fan ús hawwe it gemeentlik earmhûs mei de hege stiennen trep op de terp oan de Lytsebuorren noch wol kennen, op it plak wêr't no "Berlinga State" stiet. Ûnder de hege trep wie it sa neamde hûnegat.**) Hjir waarden dronken en oare oppakte minsken ynearsten yn opsletten. (Op oare doarpen siet dit hûnegat meastal ûnder yn de tsjerketoer.)

Yn tiiden fan wurkleazens binne oan de Mulseleane, ûngefear op it plak wêr't no muzykkorps "Klimop" "repeteart, 10 braakhokken del setten foar it wurk yn de winter, om sa de wurkleaze arbeiders de winter troch komme litte te kinnen. De widdowen en behoeftigen krigen foar de winter fan de diakens brânstof sa as turf, hout en winter iten, sa as jierpels, sypels,winter woartels etc.. Dit hat noch oan de jierren sechstich fan de foarige ieu ta duorre. Yn de diakonije boeken wurde jo faak ek gewaar as in winter lang of koart duorre hat. Dit wie mei de simmer krekt sa.

De tsjerkfâden hawwe bgl. sa ek ris skea fergoedsje moatten, omdat de ko bisten yn de tsjerkefinne, troch de droech steande sleatten gien wienen en by de neistlizzers it gewaaks op it lân fernield hienen, dit omdat de droechte "yn dizze hjitte simmer sa lang oanhâlden hie". De diakens fan de Herfoarme gemeente fan Berltsum (no yn federaasje en straks P.K.N.) hâlde elts jier op âldjiersdei noch de útdieling oan de behoeftige widdowen fan Berltsum, fan it jild út it saneamde "Brouwersfûns". Der hie no net ien widdo mear foar yn oanmerking kommen, omdat it wurd " behoeftich" hjir lokkich net mear foar komt. It is no mear in (doarps) tradysje wurden. De geunst "oan" de earmen is it rjocht wurden "fan" de earmen. In goede saak tinkt my.

*) Yn 1847 hie de Herfoarme diakonije it beslút nommen om op de Terp, oan de doe sa neamde Grytmanssteech (no de Vermaningstrjitte), in Diakonije hûs te stiftsjen. Gerben Joh. Peterzon hat dit hûs boud foar de som fan fl. 1498,’-

Yn it algemien wie de Beijer, of noch folle âlder Baaierd, fan oarsprong in soarte fan loazjemint foar swalkers en persoanen op trochreis mar dan wol foar ien nacht. It behearde doe ta, of wie ûnderdiel fan in Katoliek gasthûs, en letter fan de Herfoarme tsjerke.

**) It grapke wie: Fraach: Wat sit der yn BERLTSUM boppe it hûnegat? It andert wie dan: De stiennen trep. Nee!. De sturt !. Sa wie it dan.


DIAKENS fan de Gereformeerde Gemeente (Herfoarme Gemeente) fan Berltsum wienen hjir û.o. in Pytter Douwes, Warner Emmen, Rein Willems (Spoelhof), Jouw Pyters (Keuning), Sjoerd Lolkes (van Gelder of Boomsma?), Willem Andeles (Boomsma), Hans Sybrens Faber, Jacobus Sybrens (Lautenbach), Jacob Deddes (Appelhof), Eeltie Sikkes (Schiphof), Klaas Douwes (van Gelder?), Klaas Klases van Gelder, Gysbert Douwes (Wassenaar), Jan Sierds (Tuinstra), Klaas (Wops) de Groot, Minne Minnes (Posthumus), Bartele Klases Hoogterp, mr. syrurgyn, Jochum Hobbes, mr. timmerman, Kornelis Timmersma en gean sa mar troch. De Diakonije bestie destiids út twa diakens.(en in ôfgeande diaken) De twadde diaken waard "de adjunct" neamd.


SOSJALE NEED: It ferdwinen fan de leafde ta de neiste en it foarop sykje fan it EIGEN belang dêrfoar yn it plak setten. DISHARMONY: As God ÚT ÚS WURK rekket, hawwe wy allinne mei ÚS SELS te dwaan. Allinne MEI LIJEN (begrutsjen) bringt verbettering yn it minskelibben en dêrmei yn de maatskippij.

(Aldus dûmny Douwe van Dijk út Blije.)

(In foarbyld: Yn 1714 wiene yn de gemeent Idaarderadiel mei yn totaal 2007 ynwenners sa’n 560 minsken op de bedieling oanwezen.)


L.C. 3-2-1900.

WESTERGO. 1 Februari. Wij vernemen uit goede bron, dat de Woningvereniging "Menaldumadeel" 9 doelmatige eenvoudige aan hygiënische eischen voldoende werkmanswoningen zal stichten in de dorpen Menaldum en BERLIKUM, waar nog VELE arbeiders in KROTTEN gehuisvest zijn.


De Berlikumer BEESTENMARKT, die volgens overouden regel op den 25 April inviel, en reeds voor eeuwen beroemd was, ontlenen wij aan de gedachte, dat St. Marcus, wiens vierdag alsdan invalt, te BERLIKUM of UITGONG of wel in beide plaatsen als Patroon geëerd pleegt te worden, en aanleiding tot deze beroemde jaarmarkt heeft gegeven.

(Haw ik earne lêzen.  Sint Markus dei of ek wol neamd Sinte Marëus dei.)

Guon minsken wolle wol hawwe, dat de earste fan de twa hjir foar de Koepeltsjerke stien hawwende tsjerken wijd west wie oan Sint Marcus. De neijiersmerke waard hâlden op Sint Victorsdei (10 oktober, dit is martler de Hillige Victor fan Xanten.)


L.C. 7-6-1901.

DANKBETUIGING. De gezamenlijke BEDEELDEN in het burgelijk ARMHUIS te BERLIKUM betuigen hunne hartelijken dank voor de zorgvolle en humane behandeling gedurende 3 ¼ jaar ondervonden van hunnen geachten Vader en Moeder B. Goodijk en zijne Echtgenoot E. Sikkema. Met leede oogen hebben wij hen nagezien toen zij van hier vertrokken naar hunne nieuwe betrekking te Harlingen. De gezamenlijke bedeelden.

(Hja binne opfolge troch de famylje Douwe de Vries út de Gordyk etc. etc. De lêste "Vader"en "Moeder" fan it earmhûs wienen de famyljes G.(erben) Blauw -P. Bangma en P. Roek. It rêst en fersoargings hûs "Berlingahiem" krige in "Direkteur" t.w. dhr. P.(iet) Steenbergen.) Steenbergen wie foarhinne “broeder” west yn it ferpleechhûs “De Flecke” te de Jouer.


De STAATS COURANT van heden bevat de bij Kon. Besluit goedgekeurde statuten van de vereeniging "Dorpsbelangen"te Berlikum. Zij stelt zich ten doel de behartiging der belangen van het dorp BERLIKUM en het gehucht KLOOSTER ANJUM, van hunne inwoners, maar VOORAL van de arbeidende klasse aldaar, en tracht haar doel te bereiken

a. Door het verleenen van geldelijken of anderen steun aan instellingen of particulieren die, te zijner tijd, in het gebrek aan werk voor bovenbedoelde arbeidende klasse willen voorzien.

b. Door het helpen aanschaffen van levensmiddelen, brandstoffen en dergelijke, om voor den laagst mogelijken prijs, altijd voor bedoelde arbeidende klasse, verkrijgbaar te stellen. Zij is aangegaan voor een tijd van 29 jaar, ingegaan 1 april 1895.

(WIER hat in eigen feriening "Doarpsbelangen")


L.C. 3-12-1913.

BERLIKUM. 1 December. Vanwege de hier bestaande "Geitenvereniging" is hedenmiddag eene keuring van geiten gehouden. Een vijtigtal waren opgekomen. Er was nogal verschil in ras. In de eerste plaats sprong dadelijk in het oog, dat de "Toggenburger" bok, die indertijd door de vereniging "Dorpsbelang" was aangekocht, vrij wat afstammelingen had, w.o. met groote melkopbrengst. Een geit zelfs had eene gemiddelde melkgift van 12 liter per etmaal. Ook waren er waarin het "Saanen"- ras viel te herkennen en voorts veschillende, die van het hier inheemche afstamden. Verscheidenheid derhalve, waarin zeer zeker wel verbeteringen vallen aan te brengen. Dat het houden van geiten overigens nogal van betekenis is, moge blijken uit het feit, dat onder het behoor van dit dorp en het naburige Klooster Anjum circa 350 stuks kunnen worden geteld.

(De geit waard wol "de ko "fan de arbeider neamd of ek wol "de ko" fan de earme man.)


L.C. 27-6-1913.

Jachtrecht - Berlikum.

Verpachting van uitgestrekt en wildrijk JACHTVELD onder en nabij Berlikum, gedurende twee seizoenen 1913 - 1914. Voorwaarden liggen ter inzage bij de kastelein J.E. Folkertsma te Berlikum. Gesloten briefjes in te leveren bij eerst ondergetekende vóór of op 5 Juli a.s. L.(eendert) P.(ieters) Runia, voorzitter en (notaris) H. van Hulst, secretaris.


L.C. 18-7-1838.

Voor rekening van de gemeenten uit deze provincie worden thans verpleegd in de Gestichten der Maatschappij van Weldadigheid: 197 kinderen, 34 huisgezinnen en éénlopende personen, zijnde er in de Bedelaarsgestichten opgenomen 257.

(Der waard ek yn BERLTSUM in protte biddele, en as hja oppakt waarden moasten se foar straf nei Feanhûzen ta.)


De MAATSCHAPPIJ van WELDADIGHEID.

In plak wêr ‘t de earmste minsken fan it lân ûnderdak, wurk en wer opnij opfieden waarden.

De Maatskippij is in ynisjatyf fan generaal Johannes van den Bosch. Krekt nei de Frânske tiid (1795 – 1813), as de troepen fan Napoleon ferslein binne, libbet 10 % fan de dan twa miljoen  Nederlanners ûnder de earmoedegrins. Yn de stêden rint it oantal sels op ta wol 50 %. As it lân yn 1816 en 1817 dan ek noch te meitsjen krijt mei mislearre rispingen wurdt it der net better op foar de allerearmsten. Dêrneist ûnderfine boargers oerlêst fan swalkers, bidlers en omrinners dy’t yn de stêden omhingje. Van den Bosch woe wat oan it ferfauperjen fan de earmen dwaan. Hy mient dat de stedsbewenners better op harren plak binne yn lânboukoloanjes, wer ‘t hja in better bestean opbouwe kinne, en dêrnei soenen hja dan, opnij opfieden en wol, werom keare kinne yn de maatskippij. Hy krige de stipe fan Kening Willem I. En der binne mear minsken dy ‘t heil sjogge yn de plannen. Sa kin de feriening yn april 1818 oprjochte wurde. Yn desimber fan itselde jier binne der al 20.000 leden. Dêr is it waaksen der nammens ek mei út. De woaste Drintse sângrûnen lykje it meast gaadlike plak foar de plannen fan Van den Bosch. De grûn wurdt ûntginne en der wurde echte doarpen út de grûn stampt: mei in tsjerke, skoalle en oare foarsjennings foar de earmen út de stêd. De bewenners kinne dêr in lyts boerebedriuwke begjinne, mar omdat net eltsenien foar in boerenbestean yn ‘e widze lein is, wurdt der ek foar oarsoartich wurk soarge. Sa komt der in kuormakkerij, in timmerwerkplak en in strieflechterij. Op dizze wize wurde de koloanjes al gau selsfoarsjenjend. Dat is ek nedich, want de Maatskippij moat harsels bedrippe kinne. Der wurde yn totaal trije fan dizze FRIJE koloanjedoarpen boud : Frederiksoard, Willemsoard en Wilhelminaoard. De East – en Westfjirdeparten wurde tegearre as Koloanje VI oanmurken. De bewenners koenen oeral fandinne komme : hast eltse stêd of gemeente hat nammentlik wol in ôfdieling dy ‘t húshâldings selektearret om nei de koloanjes te stjoeren. Ûnder de Frysks ôfdielings is ek de gemeente MENAMERADIEL fertsjintwurdige. De kontribúsje is in stoer yn ‘e wike : dus fl. 2,60 yn ‘t jier. Dat wurdt opbrocht troch de mear begoedige boargers dy ‘t jild oer hawwe foar de ideeën fan Van den Bosch. It kost 1700 gûne om in gesin nei in koloanje te stjoeren. Foar dat bedrach soarget de Maatskippij 16 jier foar sa ‘n hús hâlden.

In FRIJE koloanje betsjutte net dat de earmen dy ‘t dêr ûnderdak krigen frij binne om wer fuort te gean wannear ‘t hja woenen. Hja binne ferpicht om der 16 jier te wurkjen en dêrmei harren skuld oan de Maatskippij – foar de kosten fan harren libbensûnderhâld – ôf te lossen. Minsken koenen harren lykwols wól frijwillich oanjaan foar dy konstruksje. Dat barde dan ek regelmjit -tich. Sa as minsken nei it bûtenlân emigrearren om dêr in bettere takomst te sykjen, triek men ek hjir nei ta. It wienen dreege tiden. Yn in koloanje wie wurk en de bern koenen der nei skoalle ta, en dat yn in tiid dat noch lang net alle bern dat koenen. Yn 1827 kaam der yn de koloanjes sels in eigen sikefûns. Bewenners betellen in sint yn ‘e wike.

Foar swalkers, wezen en feroardielden is der GJIN sprake fan frijwilligens.; hja wurde ferplicht nei twinge – of strafkoloanjes stjoerd. Dêrfoar binne der gestichten yn Feanhúzen en Ommer -skâns. Hja meie net frij yn – en útrinne. De klam leit hjir mear op it opnij opfieden en dat kin it bêste troch de bewenners wurkje te litten, tinkt Van den Bosch. Yn de praktyk blykt it lykwols behoarlik lêstich om swalkers oan sa ‘n boerebestean wenne te litten. Hja fersetten harren tsjin de regelsucht. Yn Nederlân wenje yn totaal sa ‘n 800.000 neikomlingen fan earder bewenners.

De listen mei de eardere bewenners binne noch oanwêzich yn de Drintkse argiven en yn te sjen.

It ynisjatyf fan Joh. Van den Bosch waard ek bekritiseare en wol it sterkst fanút de Kristlik konservative hoeke. Hjir ek yn BERLTSUM. De Reveil - beweging  wie fan oardiel dat de minske net yngripe mocht yn de (sa ‘t hja mienden) troch God beskikte oardering. In Bibelútliz fan minsken dy ‘t tochten dat de earmen fan de geunsten fan begoedigen libje moasten. Oer it RJOCHT op in minimaal bestean fan de arbeider, dêr waard net oer praat. It waard altyd ôfdien mei : “Ja, dat is no ienris sa”. (en it moat ek sa bliuwe) De Bibelske PLICHT om de earmoede te bestriden kaam yn harren tinken net op. Hja dy ‘t leger en heger ûnderrjocht hân hienen kamen út de begoedige stân en wisten faak net wat earmoede wie. Krekt hja sieten yn de (earm) bestjoeren en kommisjes en mienden fakentiden dat it meastal de eigen skuld fan de minsken wie. Doe it (demokratysk) Sosjalisme opkaam en dêrmei foaral de fakbûnen krige de lytse man  it letter folle better. Trouwens de Nederlânske Steat krige ek foar eagen dat hja de plicht hie om de earmoede te bestriden. Der kamen sosjale wetten ta stân en in protte foarsjennings op sosjaal gebiet.

Dan noch dit : Neikommelingen sille grêven fan de te Feanhuzen ferstoarnen net fine, tink ik. Hja waarden mei in mei sink beklaeide transportkiste ferfierd en op it begraafplak te rêste lein. Foar de earme bewenners fan Feanhuzen wie der gjin normale begraffenis sa as wy dy hjir yn BERLT- SUM kenne. De deade waard gewoan “dumpt”, fakentiden mei mear liken yn ien kûle. Yn 1854 stoaren yn Feanhuzen by in goalera-epidemy 444 minsken!


L.C. 31-8-1912.

Earmoede, earmoede wie it hjir yn 1848 en dus in begryplike reaksje te lêzen yn de Ljouwerter Krante. Sa mar in pear fragminten út in gedicht oer dy tiid.

Kijkjes Landbouw - Tentoonstelling.

Mijn vaderlandsch lievende verontwaardiging op het zien van een 50 - tal koeijen van 700 á 900 kg van Holwerd naar Harlingen gedreven, om vandaar per stoomboot naar Engeland te worden vervoerd. O VETTE KOEIJEN VAN EGYPTE !

Mercuur, wat maakt u toch zoo ongehoord vermetel, Dat gij op Friso’s erf ‘t vet schept van de ketel. Om daarmee niet ons volk maar Britsche Lords te voen. Heet dat voor’t land gezorgd of, of is’t den Christen wandel. Als duurte, gebrek, de vrucht zijn van den handel? Heet dat der slangenstaf met d’ouden roem gezwaaid. Als gij ons ontvoert, al wat gemest wordt en gemaaid. Als gij de meerderheid van heel een volk gaat kwellen. Om slechts des huismans beurs van guinjen (gûnen) te doen zwellen? Als gij den burger, die naar spek of vleesch meer duldt. En ‘s werkmans holle maag met drooge boonen vult......De nijvre burgerstand moogt nuchtren kalfsvleesch koopen. Het schraal en bleek gemeen sluipt om u heen bij ‘t koopen. Door honger, kou, gebrek als schimmen uitgeteerd. Geen hunner eet zijn brood met vet gesmeerd. Het hoen, het kieken ‘t is al Brittanjes gading. Van Harlingen vertrekt schier dag aan dag een lading. Al wat in d’ooft tuin groeit, wat fruit of broeikas biedt. Het is van Albion, hier koopt, hier proeft men nooit. Het besrijk BERLIKUM ziet naauw gelaten heesters. Of Britten zijn daarvan de Souvereine meesters. ‘t Is wonder dat nog een leeuwerik overschiet. De laatste kievit zelfs stroomt naar Britisch gebied. Kon men voor goud de zon en maan en sterren koopen. De Britten zouden dra ons wereldstelsel koopen etc etc.

Gesteld door Marten Martens (Menniste dûmny) te Holwerd, 9-2- 1848. Copie par W.S. Osinga á BERLIKUM le Mai premier.


De Quotisaasje wie in belêsting nei draachkrêft en ynfierd yn 1749 nei it saneamde PACHTERSOPROER. It hat mar ien jier bestien omdat ek dizze belêsting net wolkom wie by it folk.

Hjir folgje sa mar in pear nammen fan BERLTSUMERS út dy tiid:

Namme Berop

Gesin

folw.

Bern

< 12 jier

Oanslag

(fl.,strs.,penn.)

Ds.(Siricus) Arnoldi praedicant 2 80 - 03 - 0

(E.M.) Burmania

grytman 6 160 - 07 - 0
Hulshuis schriever 3 80 - 16 - 0

Veen (Bote v.d. mr. timmerman / kerkv.?)

monsieur 4 1 80 - 01 - 0
Arjen Heeres boer 3 70 - 11 - 0

Dedde Jacobs (Appelhof)

hofker 3 35 - 15 - 0
Dirk Andringa boer 4 1 75 - 06 - 0
Gerben Quader boer 5 1 75 - 03 - 0
Gerryt Olpherts begoedigt 4 37 - 03 - 0
Heere Carree --- 2 12 - 03 - 0
Hylke Fok(k)es gemeen 3 1 22 - 17 - 0
Horatius Lautenbag gering 5 4 16 - 13 - 0
Hotse Quader begoedigt 2 54 - 13 - 0
Yme Ruurds wel in staat 5 2 40 - 01 - 0
Jacob Douwes (boer) welgesteld 2 22 - 01 - 0

Jacob Jacobs (Wilde)

gemeen 2 2 20 - 13 - 0
Jacob Cornelis boer 5 3 70 - 07 - 0
Johannes Assen herbergier 4 4 40 - 01 - 0
Johannes Dirks (Kuik?)

(boer,

gebruiker kerkeplaats)

3 1 60 - 17 - 0

Joost Hoffman (mr. sirurgyn)

redelijk in staat 2 25 - 09 - 0
Claas Gelder wel in staat 5 4 67 - 19 - 0

Claas Ates (de Frjentsjerter skipper)

2 35 - 14 - 0

Chryn Philippus (Weidenaar)

redelijk in staat 

(timmerman)

2 25 - 09 - 0
Lammert Ages

redelijk welgesteld

2 1 25 - 01 - 0

Lolke Meinders (Bootsma)

begoedigt (entenier)

4 3 65 - 15 - 0

Wed. Marten Jacobs 

(de eardere boer en Minniste leraar?)

begoedigt 6 2 75 - 18 - 0

Pytter Aarts (Aartsma?)

gemeen 4 2 30 - 09 - 0
Sybren Gelder tighelaar 5 80 - 01 - 0
Sybren Jacobs bakker 4 45 - 03 - 0
Sytse Annes Ypee schoolmeester 2 20 - 11 - 0
Sicke Beerents smid 2 30 - 11 - 0
Theunis Meetsma

(erfgeseten) boer

3 54 - 11 - 0
Theunis Jans (Hager?) arbeider 2 4 14 - 13 - 0

Tjeerd Romkes (Bontekoe?)

welgesteld 2 22 - 01 - 0

Tjerk Gerroltsma (kerkvoogd)

boer 5 3 60 - 18 - 0

Willem Meinderts (Boomsma)

hofker 2 25 - 05 - 0

Willem Reins (Spoelhof hofker)

gemeen 3 26 - 05 - 0

An(de)le Meinderts (Boomsma hofker)

gemeen 3 6 16-  13 - 0

Olphert Olpherts (boer) ( Posthumus)   

troud mei Janke Jarigs.
welgesteld 2 35 - 19 - 0

Dirk Daniëls (glasemaker, verver)

gemeen 2 2 15 - 13 - 0

Gauke Ages (entenier)    

redelijk in staat 2 3 26 - 05 - 0

Simon Jansen (Cramer) ( winkelier)

arm 2 12 - 09 - 0 
Arjen Heeres boer 3 70 - 11 - 0

Feye Jans (turfschipper)

gemeen 4 3 16 - 13 - 0

Salvis Jacobs (de Jong)      

gering 2 2 16 - 13 - 0

Jetse Meinderts (mr.timmerman)

--- 2 22 - 00 - 0

Wed. Fedde Haukes (Hager) en zoon        

(is de lettere Ljouwerter skipper)

arm 2 12 - 09 - 0

Claas Ta(e)kes 

(mr.timmerman)
gemeen 6 1 18 - 13 -  0

Willem Reins (Spoelhof, hofker)

gemeen 3 26 - 05 -  0

( 1 Caroli  gûne - neamd nei Karel V - is 20 stoeren en 1 stoer is 16 penningen.)


De measte ynwenners fan BERLTSUM libben yn soberens of hienen in earmoedich bestean en betellen in stik minder oan belêsting of (hast) neat.


Fan de administraasje fan de belêstingpachters fan foar 1748 is neat bewarre bleaun. De offisjeele registers (kohieren) fan nei 1748 binne in wichtige boarne foar ûndersiik nei it libben en wolwêzen fan ús foarâlden. Fan âlds waard it ynbarren fan belêstings ferpachte oan de heegste bieder. Nei it sa neamde "pachters-oproer" waarden troch Deputearre Steaten fan Fryslân ûntfangers oansteld om de belêstings te gearjen.