Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Fan Berltsumer bier nei Berltsumer kofje.


Ien fan de twa Berltsumer tsjerkeklokken is getten troch in Wilhelm Wegewart yn it jier 1593 t..w. de lytse en dizze hinget no yn de lantearne fan de koepeltsjerke. Dat Wilhelm Wegewart oarspronklik út Dútslân komt kin men oan beide nammen wol ôf liede. De efternamme Wegewart komt fan it Dútske wurd "wegwarte, wat sûkerei betsjut, alhoewol it Dútske wurd zichorie mear brûkt wurd. De sûkerei plant komt yn it wyld foar by de wegen lâns en op hege dyken en grûnen. Dêr binne twa soarten, de iene is bekend as andyvje en de oare as wytlof en dy is der wer yn twa farianten t.w. de wylde en de kweekte foarm. De woartel kin brûkt wurde foar it meitsjen fan in surrogaat foar kofje. It waard ek faak ta foege oan de kofje.

De Wergeaster dûmny en pedagooch Johannes Henricus Niewold (1737-1812) moat de earste west hawwe hjir yn Fryslân, dy’t de teelt fan sûkerei yntrodusearre en propagearre hat. It joech in soad wurk en der waard goed oan fertsjinne troch de fabrikanten. Letter kaam der de konkurrinsje fan û.o. Herman Buisman út Swartslús. De âldere Berltsumers hawwe dit noch wol kennen. In bytsje "Buisman" by de kofje.

Yn Berltsum hat ek sûkerei teelt west en binne sûkerei fabrykjes oprjochte. Sa hie Klaas Klazes van Gelder al oan't 1844 ta, om mar ris in namme te neamen, in sûkerei fabryk yn de Buorren by de Piip, yn it pân wêr't noch wer earder in bierbrouwerij yn sitten hat en wêr't no de jongerein sosiëteit " It Piipskoft" yn sit. Hy wie boaske mei Geertje Tjeerds Runia. Nei Klaas Klazes van Gelder wie hjir oan syn fertsjerren ta, yn 1859, Tjeerd Sijbrens Runia sûkerijfabrikant. Yn 1868 is dizze fabryk ferkocht mei de folgjende omskriuwing:

Eene cichoreifabriek met nieuwe stoommachine, tot het droogen, branden en verder bereiden van de cichorei doelmatig ingerigt, met 3 eesten, 2 branders, 1 molen, pakhuis, turfschuur, bijschuur enz.,benevens het daaraan verbonden, pas voltooide, in 1866 gestichte moderne, ruim en fraai woonhuis (aan de Buorren), waarin 3 kamers, eene keuken, 2 groote en fraaije kelders en een ruime zolder met grond en erf ca. midden in het dorp Berlikum aan de vaart.

It PiipskoftOp it selde plak waard earst it koarn ferwurke ta bier en letter de sûkerei ta surrogaat kofje. Dus fan brouwerij nei stokerij, fan Berltsumer bier nei Berltsumer kofje. (Yn 1700 wenne hjir Lubbe Uilkes op A 627). Yn 1878 is Johannes Brouwers hjir sûkerei fabrikant yn ûnder de namme "Firma L.IJ. Brouwers" mei in eigen stimpel wêryn men it folgjende lêze kin: "Deze extract van cichorei overtreft alle andere soorten in smaak en wordt daarom thans algemeen gebruikt" Op 27-9-1892 hat Johannes Brouwers syn sûkereifabryk fan de hân dien en oerdroegen oan in R. en G. Juchter te Grins. Foar de aardichheid nog dit: Yn 1714 wie de bierbrouwerij ferkocht oan de Berltsumer oargebouwer Jan Harmen's (Camp) dy dêr syn wurkplak ek yn hawn hat. (Jan H. Camp sels wenne op Kad. Berlikum sectie A no. 558, de Kamp hûs nû. 8) Noch wer letter hat Heerke Joh.Steenstra (Heerke en Jeltsje) hjir mei syn gesin oan de Buorren wenne. Ûnder yn de kelder waard de reade- en oare koalsoarten bewarre en om de sa’n folle tiid ûntblêde. Ik sjoch as jonkje de pream noch foar my, lizzend yn de Grúsert, mei Heerke en syn neef Lammert Nanne’s Osinga dêr op, drok mei de koal dwaande.

No is it in jongerein soos mei de namme "It Piipskoft". Gatse Lolkes Boomsma hat in sûkerei droegerei hawn yn it pân Buorren hûs nû. 25. Der is yn Berltsum ek wol in protte wytlof ferboud û.o. troch, as ien fan de lêsten, Arjen Gysberts Wassenaar yn de kas op de hoeke fan de Poepedyk en de Ir. C.M. van der Slikkeleane (foarhinne de Mulseleane neamd). Minne Rein's Schiphof c.s. en Eeltje Ebbing's Osinga as lêsten ferbouden de wytlof net mear yn 'e grûn mar op wetter. De kas oan de Poepedyk is letter troch in wyn hoas alhiel fernield en omkeard. It wie ien grutte glês tún wurden. No steane hjir op dizze tún de hûzen oan de Ir. C.M. van der Slikkeleane, de hûs nû's 8 oan't en mei 10 A en B. en de hûzen dêr wer efteroan de Foareker.

Yn it pân Buorren nû. 25 (it Blaauwe Hûs) Kad. Berlikum seksje A 664 en 665, hat ek in sûkerei fabrykje sitten en op it terrein fan de stienfabryk, wêr’t letter de jirpel- en grientefeiling de "Afslag" sitten hat, wie in sûkerei fabryk.


L.C. 18-7-1881.

AANKONDIGING.

Op den zestienden Juli 1800 een en tachtig is door Ondergeteekende, Advocaat en Procureur te Leeuwarden, als schriftelijk gemagtigde van Johs Brouwers, cichoreifabrikant te Berlikum, ter voldoening aan de Wet van 25 Mei 1880 (Staatsblad 25), op de Griffie der Arrondissements-Rechtbank te Leeuwarden gedeponeerd een FABRIEKSMERK, dat vertoont eene duidelijke afbeelding van het Woonhuis en de Cichoreifabriek van de Lastgever te Berlikum; aan het Vaarwater vóór de Fabriek ligt een Schip, aan de linkerzijde zijn drie Medailles afgebeeld, één met het beeld van Koophandel en Nijverheid, één met de beeltenis van Lincoln, de derde door de eerste bedekt, vertoont een Lauwerkrans, aan de achterzijde bevinden zich drie Medailles, de eerste met het beeld van de overwinning, de bovenste met het beeld der Unie, de derde half bedekt met een Lauwerkrans. Boven de afbeelding de Fabriek, tusschen de Medailles, staat in kapitale letters ‘FRIESCHE STOOM - CICHOREIFABRIEK", onder aan: L.IJ. Brouwers te Berlikum, en in kleine letters: "Deze extract van Cichorei overtreft alle andere soorten in geur en smaak en wordt daarom thans algemeen gebruikt." Dit Merk wordt door genoemde Fabrikant geplakt op de zakken waarin hij de door hem gefabriceerde extract van Cichorei in de handel brengt. Mr. J.C. Meijer.


L.C. 2-8-1980.

Gerniers âldheidskeamer "De Grúsert".

Gernierswurk, is in boel hânwurk is oergien op masine wurk. Der is noch gjin museum, dat in goed oersjoch jout fan de ûntwikkeling en de skiednis fan it gernierswurk. Fansels sille wy ek stribje nei in goede útstalling fan materiaal oer de feiling hjir yn Berltsum", aldus de heer Dirk (Klazes) Osinga, één van de initiatiefnemers tot oprichting van de oudheidkamer. Hoewel het kleinschalige gardenierswerk vanouds een bedrijfstak is, waar veel handwerk verricht werdt en waar slechts weinig machines aangetroffen werden, is de invloed van de mechanisatie interessant.

Gebruiken.

De gebruiken in dit vak wil "De Grúsert" duidelijk naar voren laten komen. Zo werd tot omstreeks de eeuwwisseling (1899/1900) bij de aardappel oogst gebruik gemaakt van de aardappel ton met een inhoud van 100 liter. In de collectie van "De Grúsert" wordt zo’n ton aangetroffen. Dirk Osinga vertelt hier over: "De gernier en de keapman stiene eartiids tegearre by de tonne. De gernier moast de jirpels yn’e tonnen stoarte. Dat die hy mei in jirpeltonne, in soarte fan bak mei gaas en boaijem. Dêr giene omtrint twa sou follen yn ien tonne. As dan de gernier de earste sou fol yn ‘e tonne stoarten hie, dan kaam it faak foar, dat de keapman de tonnen skodde, om sadwaande de jirpels tichter yninnoar te krijen. De gernier seach soks fansels ek wol en dan kaam der faak spul fan. Letter waard de baskule mei gewichten brûkt, sadat der gjin "trucjes" mear úthelle waarden".

De nog kleine collectie van de oudheidkamer omvat gardeniers gereedschappen van allerlei aard: eggen, rapersmanden, schoffels, een baskule, een aardappel sorteermachine op handkracht en nog een aantal typerende gereedschappen. Vrijwel al deze zaken zijn afkomstig van gardeniersbedrijven in de omgeving. Veel tuinders hebben hun oude gereedschappen door de jaren heen bewaard. Het afstaan aan de oudheidkamer gaf soms problemen, maar de heer Osinga verwacht, dat deze problemen door de oprichting van de stichting opgelost zullen zijn. "De minsken wisten earst net oan wâ ‘t se harren spullen ofstienen. Mar no binne wy in stifting en dan sil it wol wat minder soargen jaan. Hja kinne it no ek yn brûklien jaan oan "De Grúsert", aldus de heer Dirk Osinga. Om de collectie volledig te maken zal het stichtingsbestuur nog regelmatig "de boer op" moeten. "De Grúsert" heeft nog geen complete collectie en het spreekt dan ook voor zich, dat elk oud stukje "ark" welkom is.

Verder zullen de initiatiefnemers, die vrijwel allemaal afkomstig zijn uit de streek rond Berlikum, en dus het gardeniersbedrijf van nabij kennen, proberen van uit de kelders van het Friesch Museum in Leeuwarden bepaalde dingen in bruikleen te krijgen. Een eerste contact hierover is reeds gelegd, echter aan een uitwerking is het nog niet toegekomen. "t Frysk Museum hat natuerlik in protte easken op it mêd fan brânprovinsje as hja bepaalde saken yn brûklien jouwe". Verder zijn er contacten gelegd met de Vereniging van Oudheidskamers over mogelijke samenwerking.

Ervaring.

Op het gebied van exposeren heeft de jonge Stichting Oudheidkamer al enige ervaring opgedaan. In het afgelopen jaar werd het prentenkabinet reeds in Berlikum tentoongesteld, terwijl er nog onlangs een schilderijen tentoonstelling van het werk van de Berlikumer schilder Simon Kamminga gehouden werd in het gebouw van "De Grúsert". Ook bij de opening van de nieuwe veiling in het dorp werden uitvergrote prenten tentoongesteld. De heer Osinga vertelt, dat de reacties op het oudheidskamer initiatief in Berlikum overwegend positief zijn. Ook van andere kanten komen positieve reacties. In mei ontving het kersverse bestuur een prijs voor hun plan uit de Heidemij wedstrijd "Een kern waar pit in zit". "Dat wie ek in goede oantrún foar ús"; aldus Dirk Osinga.

Als de plannen van stichting "De Grúsert" hun beslag zullen hebben in een eigen oudheidskamer, zal Friesland daarmee de eerste speciale oudheden tentoonstelling op gardeniers gebied.hebben. " Oer de greidboeren is al sa ‘n protte te sjen, it wurdt no wolris tiid foar in gerniers âldheidkeamer", vind het bestuur van "De Grúsert".

 *******************


Zaterdag j.l. is alhier (yn Ljouwert) onder voorzitting van den heer J. van Laar J. zn de jaarlijkse vergadering van het "Selscip foar Fryske tael in scriftenkinisse" gehouden. Door den heer K.(laas) A.(arts) Aartsma van Berlikum werd eene rede in het Friesch gehouden: Hoe het dragen van oorijzers in de mode was gekomen, naar aanleiding eener sage.


L.C. 23-10-1802.

Op 17-5-1645 wurdt in Ruird Martens, brouwer te Berltsum, boarger fan Ljouwert. It kin wêze dat hy deselde is dy’t yn 1640 ek de brûker wie fan in perseel lân (Kad. Berltsum A 535) fan de eigner Jkhr. Eysinga.


Die geneegen is cicorey wortels te delven, kan zig ten spoedigsten vervoegen by Pytter Bottes Faber of Eeltje Douwes Schiphof, beide te BERLICUM.


Nieuwsblad van het Noorden. 11-1-1985.

Handelaar vermoed opzet.

Groenteprijzen vliegen omhoog.

(van een van onze verslaggevers)

GRONINGEN. - De hoge prijzen voor wintergroenten worden kunstmatig in de hand gewerkt door tuinders, die opzettelijk minder aanvoeren op de veilingen. Dat zegt de Oost-Groninger groentehandelaar L. Lubbers. Volgens directeur J. Matthijsse van de Groninger groenteveiling en I.(ds) (Tjibbeles) Terpstra van de veiling in het Friese BERLIKUM is het andersom. Door de sterk gestegen vraag naar typische wintergroenten is de prijs hoog en is er meer aanvoer dan normaal. Groenten als koolsoorten en winterwortelen die zijn geoogst voordat de winter inviel, worden ook met de dag duurder. Volgens de veilingsdirecteuren is dat een normale zaak. "De meeste mensen hebben nu geen zin meer in een kropje sla en hebben veel liever een stevige winterpot. Dat drijft de prijs van bijvoorbeeld boerenkool op", aldus de heer Terpstra.