Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

De Berltsumer beamkwekers.


BERLTSUM wie eartiids net allinich in túnkersdoarp, it wie ek in hôfkersdoarp. De measte ynwenners hienen fruchtbeammen om hûs stean. In soad appels en parren koenen bgl. bewarre wurde as winter iten krektsa as dat ek barde mei oar winter iten sa as jierappels, bewaarkoal, winterwoartels, sypels ("Berltsumer spek") etc.

Hjir wennen ek minsken dy 't, al as net yn kombinaasje mei it túnkjen, as beam kweker of intenier bekend stienen. Ien fan dizze inteniers wie bygelyks Andele Willems Boomsma,

berne om 1720 hinne as soan fan Willem Lolkes, gernier te Berltsum, berne om 1675 hinne. Syn âldste broer Lolke, ek hôfker, wie om 1715 hinne berne. It is maklik te rieden wêrom't hy de skaainamme Boomsma yn 1811 oannommen hat. In protte oare Berltsumers hawwe it wurd "hof " yn de efternamme. Tink mar oan Schiphof, Appelhof, Spoelhof, Hofstra, Hofma. Sa kinne wy ek lêze by it ferstjerren fan de heit fan Andele Lolkes, boaske mei Janke Anske (Anskes) Posthumus, t.w. Lolke Meinderts, troud mei Trijntje Sjoerds, dat syn trije soanen Willem, Sjoerd en Andele (Boomsma) bekend meitsje:

"dat zij als voormaals bij leven van wijlen hun vader en moeder nog een groote Enterij en allerhande soorten van boomen hebben, en nog van tijd tot tijd aankweeken, dezelve presenteeren te verkoopen, een grote meenigte Yperen stamboomen van 5 á 7 tot 10 duims dik, en ook regt lang en mooi dezelve voor een zeer lage prijs, ook een partij Lindeboomen, Castanje, Kwyna en Eskenboomen regt mooi en lang van 5 á 9 tot 12 duim dik etc.etc. Hoog en halfstamde appelboomen, Pruime- en Kerseboomen, zoete en zure soorten, Kruisbesboomen, roode, witte en geele beyboomen. We beloven een prompte behandeling en deselve kunnen Saturdags worden gesproken te Leeuwarden op de Kelders, alwaar het Berlikumer schip aan wal legt, en in het Voorjaar op de Lange Pyp bij de Waag, al waar deselven dan met boomen staan".

Dit wie yn it jier 1779, itselde jier dat de nije Koepeltsjerke oplevere waard en yn gebrûk nommen is. Letter yn 1784 makke Minne Klaases, "woonagtig tot Belkum" bekend:

"dat hij de geheele Boomkwekerij, zodanig als die voormaals door wijlen zijn oom Jacob Douwes is geëxerceerd, en bij deselfs Weduwe is gecontinueerd, nu van dezelve Weduwe is overgenomen. Tot de enterye behorende Appel, Peere, Kerse, Pruime, Aprikoos, hooggestamde, middensoorten en laagestamde, Espalié e.a. voorts Linden,Ypere flammen en veeren, Essen, Hagedoorn, ook roode beijen, witte, swarte en Kruisbeyboomen, Trosbeyen, Spiegelbeyen etc. Deselve maakt bekend, dat hij het aanstaande voorjaar alle Dingsdagen met zijn boomen te Sneek op de Boomenmarkt gedenkt te staan".

Troch de hoven rûnen de leanen, sa as de Voorste laan (no Hôfsleane), de Middelste laan (no Mulse leane) en de Achterste laan (no Kwekerijleane-Sybren Lautenbach strjitte en it leantsje de Achte opfeart by lâns nei it Achte paed). Dwers dêr op stienen de (dwers)paden of reden, no bekend as de Jac. van Tuinen strjitte, de Nije buorren en de Túnbou strjitte. De Poepe dyk oergeande nei it saneamde Menamer paad. Dan wie der noch de prikke reed (ek wol skreaun as preekers reed). Dizze reed wie ek flak by in Enterye. Dizze reeden hearden ta de sa neamde "knuppel wegen/paden") en rûnen vaak troch wat leger lizzend lân. Sa wienen der hea, mied en prikke reden. Mei de saneamde prikken (de rjochte takkebosken) waarden eartiids de paaden begongbaar makke troch de wat peaziche omkriten. Ek waarden fan prikken faak dammen oanlein troch sleaten sadat dan ek it sleatswetter gewoan trochstreame koe. Tink mar oan de namme Prikken daam dy't de namme ûntliende oan de takken brêge oer de rivier De Tsonger tusken Hoornstersweach en Twitel. Dêr waarden yn myn jonge jierren faak auto crossen holden.

Dat de interije nearing al hiel âld is yn Berltsum blyk ek doe’t de "oude Enterij" in gebrûk bij Lolke Meinderts (Boomsma) yn it iepenbier ferkocht waard yn 1772. Willem Meinderts (Boomsma, troud mei Neeltie Gosses) hat ek brûker west fan it hôf "de Fûgelsang" wêr't de C.B.S. syn namme no oan te tankjen hat. Dit hôf wie destiids eigendom fan de Herfoarme Diakonije, dy it letter op lêst fan de Steaten fan Fryslân ferkeapje moasten. Fan in neikommeling t.w. Lolke Andeles Boomsma, de soan fan Andele Lolkes en Janke Anskes, is in berte leppel bewarre bleaun. Hy wie berne op 7-9-1784, doopt op 26-9-1784 en stoarn op 24-11-1822 en yn 1804 troud mei Ettje Gatses. De foarheit fan de Berltsumer van Schepen's t.w. Yme Daniëls (van Schepen) is û/o ek hierder west fan dit hôf. Cornelis Eeltjes Schiphof wie yn 1843 beamkweker, gernier en keapman. Syn pake mei deselde namme, boaske op 29-8-1773 mei Hiltsje Sikkes, wennen ek al yn Berltsum.

No wurde wer de âlde beamme rassen plante by it âlde Hemmema. It is moai dat Matthé van Hout mei syn kornúten dy âlde rassen werom bringe wolle yn Berltsum. It is jammer dat it fak fan túnker en hôfker foar in grut part út Berltsum ferdwûn is. Fan geslacht op geslacht is dit fak altyd trochjûn. It wie ien grutte hôfkers- en túnkers famylje hjir yn Berltsum.

Hja wienen ek hast allegearre oan inoar besibbe. Dit blykt allinne al oan de foarnammen, sa as bygelyks Eeltje, Minne, Theunis etc. (Hast) allegaerre de Berltsumers mei de namme Eeltje (Ealtsje) binne ôfstammelingen fan Eeltje Schiphof, destiids skipper en hôfker fan berop. Fan dêr miskien ek de namme Schiphof. Of is ien fan de foarfaars ek eigner west fan it lân mei de namme "It Skiphôf" dat oer it Berltsumer Wiid lei ûnder Minnertgea? Yn ús doarp wennen in Eeltje Deddes Appelhof in Eeltje Lautenbach in Eeltje Osinga en no noch komt de namme hjir foar yn ús doarp.

Inkele hôf nammen fan eartiids binne: de Spijskeamer, it Ybeltsjehôf, it Smidshôf, it Keningshôf, it Earmehôf, it Grienehôf, It Berghôf, de Fûgelsang, de Keukentún, It hôf op de Kamp, it Annahôf, it Sjoukjehôf, It Jonghôf, it âldhôf, de Bargekop (wie ek hôf) ets.

Ik wol noch ien intenier neame nl. Gauke Ages. Hy wurdt yn 1799 neamd in "voornaam old entenier tot Belcum" dy't ferskate beammen ferkeapet. As Gauke Ages (troud mei Hendrikje Lammerts) ferstoarn is, wurdt yn 1800 de affaire van intenier fuortset troch Cornelis (Knilles) van Gelder Jr.. en ek hy stie altyd yn it foarjier mei beammen efter en by de Waech yn Ljouwert lyk as syn foargonger die. Hy is famylje fan de lêste noch yn Berltsum wenjend hawwende Cornelis Sijbrens van Gelder, dy't oan it ein fan de 20e ieu eltse wike noch nei Ljouwert ta reisge om op de Berltsumer merke (Foarhinne de Huisumer Suupmerk oer de Waeze) dêr syn hannel te ferkeapjen. Hy wenne yn de Ramshoarnstrjitte, doe noch de Smid steech neamd. Hy wie boaske mei Tryntsje Veldstra. No wienen it gjin beammen mear, mar jirpels en oare grienten. In protte (âld) Berltsumers hawwe him noch wol kennen, ûnder oare ik. Jan Willem’s Spoelhof syn widdo, Eelkje Joh. Osinga, lit yn 1836 boelguod hâlde fan in beamkwekerij. Hy wie neist beamkweker ek túnker. De Spoelhof’s hienen in protte hôf en lân yn gebrûk yn en om Berltsum hinne wêr ûnder "It Berchhôf" fan it eardere Hemmema. Rein Willems Spoelhof, berne om 1722 hinne, boaske mei Lysbeth Freerks en ferstoarn op 5-2-1807 wie hjir ek al hôfker en keapman.Neidat yn 1832 de grutte strjitwegen Ljouwert - Marsum (dêrnei yn 1842 pas rjochting Harns), - Grins en - Swol oanlein binne wurdt de beam beplanting op in hiele protte plakken oanbesteege wêrûnder yn Berltsum by de beide herbergen. Hjir sille de enteniers fan Berltsum ek wol op ynskreaun hawwe. De mei beammen beplante Harnzer, Grinzer- en Oeriselse strjitwei behearden ta de doe sa neamde "Groote wegen der 1e klasse". In protte fan dizze no âlde strjitwegen binne sútelwegen wurden. De kontoeren (beame rigen) binne no op guon noch yn it lânskip te sjen.


 ***************************************


L.C. 21-9-1782.

Willem Andeles (Boomsma) wonende te Berlikum, adverteert dat bij hem in de plaats van zijn Oom Willem Meinderts zijn te bekomen alderhande zoorten van Kweek Boomen, zo van Linde Stammen als van Stam-Ypen en ook mooije Jonge Esken-Boomen en Feer-Ypen om Hagen van te planten zoo Breedblad als Fyne Ypen en nog allerhande zoort van Kweek Boomen en nog allerhande zoorten van Appel en Peer-Boomen zoo half stamde als lage etc etc.

(De beamkwekers Willem- en Lolke Meinderts wienen in omke fan Willem Andeles (Boomsma.))


L.C. 11-12-1835.

HEDEN overleed, na eenen zwaren val, en eene daaruit gevolgde sukkeling van negen weken, mijn waarde Man, Jan Willem Spoelhof, Boomkweker alhier. Ruim 4 jaren met hem in den Echt vereenigd, betreur ik, in zwangeren staat, met mijn driejarig Zoontje, het verlies van Man en Vader.

Berlikum, 4 December 1835. Eelkje Joh. Osinga, Wed. J.W. Spoelhof.


L.C. 23-6-1885.

Na een ongesteldheid van ruim zes weken overleed heden morgen, in den ouderdom van 73 ½ jaar, mijn geliefde echtgenoot en mijner kinderen onvergetelijke vader Gaadse Lolkes Boomsma, met wien ik 49 jaren in den gelukkigen echt mocht vereenigd zijn. Berlikum, den 20 juni 1885. Rinske A.(nske Anskes) Posthumus. (Postma) wed. G.L. Boomsma. Eenigste kennisgeving.

(Dit is de pake fan de persoan wêr’t de G.L. Boomsmsma strjitte nei neamd is. De Anske reed is nei Anske Anskes Posthumus neamd. Anske Anskes wie troud mei Sjoukje Dirks.)


L.C. 27-4-1782.

Dr. J. Mebius, Secretaris van Menaldumadeel, zal op Woensdag den 1 ste May 1782 ‘s morgens om 10 uur ten huize van Olphert (Olpherts) Posthumus in de Buuren bij boelgoed verkopen: Meubels en Huisgeraden, Kast, Kabinet, Linnen, Wollen, Hofkersgereedschappen en hetgeen ten dage der Verkopinge meer te voorschijn zal worden gebracht.


L.C. 15-1-1891.

GEVONDEN te Leeuwarden een zilveren cilinder-horloge. Terug te bekomen tegen betaling der advertentie, bij J.(ouke Jurjens) Posthumus, koperslager te Berlikum.


L.C. 21-11-1870.

Bakkerij te BERLIKUM.

De notaris S. Posthumus te Giekerk, zal op woensdag den 30-11-1870, des avonds te zes uur, ten huize van S.(joerd) A.(ukes) Tolsma te Berlikum provisioneel verkopen. Een ruime huizinge en florisante Bakkerij, met bleek en erf ca. staande in het Gebuurte (de Buorren hús nûmmer 71) Kad. de no’s A 616 en 617 gr. 3 roede 53 el. Vrij te aanvaarden den 12 mei 1872, als zijnde tot dien datum in huur bij A.M. van der Meulen voor f. 150,- in het jaar boven alle lasten.

(Foarhinne wennen hjir Sijberen Hanses en Hans Sijberens Faber, mr bakker. Letter wennen hjir û.o. Sjoerd Rinses Peterzon en syn lettere opfolger Hendrik Plekkringa (Hendrik en Baukje) mei in elektro winkel en ynstallaasje bedriuw.)


IT DONGJEN. Dong (fan fee, plomfee etc.) waard sa folle mooglik op eigen tún of hôf brûkt. Keunst dong kaam pas yn it begjin fan de 20e ieu op de merke. Sa koenen no ek de earme sân grûnen ta ûntwikkeling komme. (De Fryske wâlden, Drinte, de Feluwe etc. De doe sa neamde "earme heide".) By it ferhieren fan pleatsen waard hast altyd bedongen dat de dong op de by de pleats behearende stikken lân brûkt wurde moast. De túnen om Berltsum hinne wienen hast altyd it bêste bedonge. (om mei in kroade fol dong einen te rinnen wie ommers net te dwaan) In protte kleasters en states holden der dowen op nei om de stront op har túnen te brûken. Dowe dong is lang sa skerp net as hinne dong en dus fier wei de krêftigste dong. Ien do lit sa wat 2 ½ kilo yn it jier efter op in dowe til. Foar de aardichheid: Gean ris nei it doarpke Boer ta. Dêr binne boppe yn de topgevel fan it âlde pastoars hûs, fan om plusminus 1540 hinne, noch seis dowe gatten te sjen. Yn Boer stiet it âldste stiennen wenhûs fan Fryslân, it krekt sa neamde pastoarshûs.