Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsum (1789 - 1795). Nij libben, nije bûtenferljochting, nije trom, nije flagge.


Yn 1789 wurde der bûten by de koepel tsjerke trije lantearnen op rjochte troch Auke Jans. Ek by de algemiene opslach by de Piip oan de skipswâl komt in lanteane te stean. Allinne by donkere moanne wurdt de lêst neamde lantearne brûkt. Yn dy tiid kaam de bûten ferljochting mear en mear yn swang, foaral earst yn de stêden yn Hollân en letter yn Ljouwert..

Yn 1790 wurdt in flagge hierd om op de koepel te setten t.g.f. de boask en it ynheljen fan de Heech Wolberne Heer haad offisier binnen dizze gritenije Menameradiel en fierders op Syn Heecheids residinsje "Great Terhorne" ûnder Bitgum.

Poarte Great TerhorneGreat Terhorne

Yn 1791 is der troch de tsjerkfâdij in nije beslettene of wol trijedûbbele bank yn de tsjerke meitsje litten om te ferhieren. Pieter Keimpe' s (Reitsma, fan berop wever)) wurdt twa kear, yn opdracht fan de h.h. tsjerkfâden, it doarp troch stjoerd mei de doarps tromme om de ferhiering fan niis neamde bank oan te kundigjen.

Hierder (* wurdt de âld skriuwer en de op "It Heechhiem" wenjende Michaël Hulshuys mei syn wiif foar 6 C.gûnen. (Foar Hulshuys wie hjir in Ottho Cramers as skriuwer.) As op 12-10-1791 it earste bern, t.w. in soan, berne wurdt op "Great Terhorne" wurdt hjir yn Berltsum, krekt as yn alle oare doarpen fan Menameradiel, de klokken led. De klok lieders meie, nei it lieden fan de klok in slokje helje by it winkeltsje fan Jacobus (Horatius soan) Lautenbach op kosten fan de tsjerkfâdij. De flagge stie in pear dagen op de toer en dy waard hierd fan in Klaas Abes.

Berltsumers dy it (ridlik) goed hienen yn dy tiid, dus rom 200 jier ferlyn, wienen om mar in pear nammen te neamen: Klaas Klases van Gelder, húsman, Jeremias Reins en Rein Jeremias (Quarree) túnkers/hôfkers en de lêste ek opheller fan it skoarstien jild., Sape Andeles (van der Hout), mr. timmerman, Andele Lolkes (Boomsma), intenier, Rein Willem's en Willem Jan's Spoelhof, hôfkers, Klaas Osinga, húsman, Andries Gerbens, húsman, Yme Daniëls (van Schepen) boaske mei Yfke Joukes (Yfke Joukes is ôfkomstich fan Menaam), hôfker/túnker, Ate Ta(e)kes (Bijlsma) oarspronklik ôfkomstich fan Frjentsjer, boaske mei de dochter Trijntje fan bakker Hans Sijbrens Faber, hie 1/3 yn in fear Berltsum-Ljouwert en wie hellingbaas, Jacob Deddes (Appelhof), túnker/hôfker, Hendrik Oepts van der Mey, mr. bakker, Eeltje Douwes (Schiphof), túnker/hôfker/skipper. En Douwe Eeltjes (Schiphof), û.o. kleanwinkelier en fierdere negoasje., Fred(e)rik Symons Kramer, túnker, en Fedde Haukes (Hager). In protte ôfstammelingen wenje no noch yn Berltsum. Heere (Herre) Sjoerds van Dokkumburg is dan oppasser yn de tsjerkefinne. (de buorfinne)

Yn 1795 wurdt de doarps trommel troch master skilder Johannes van der Valk opferve. In Eeuwe Gerbens út Driesum levert hjir it nije boppe fel op en F.O. Bavius, mr. seal makker te Berltsum levert in nije slag- en draag bân. De doarps omropper koe de minsken no mar wer it nijs omroppe en op trommelje as it nedich wie. 

As yn 1795 de sa neamde "nije tiid" of ek wol de "de grutte omkear" plak fynt wurdt in nije flagge kocht foar op de toer. Hja hawwe no in eigen flagge. Guon minsken wienen tige bliid mei de komst fan de Frânsken. Yn 1797 wurdt it Molkepaed (de Biltdyk) mei skil ferhurde. It skil wurdt kocht by de strânmaster Rienk Jans fan de Dykshoeke. Der geane 20 weinen mei skil oerhinne.

(* Hulshuys is fan bank feroare troch dizze bank te hieren of hy hie hjir noch gjin herenbank. Der wienen 2 herenbanken (van Gelder en Heerma van Vos), want sa lies ik earne: Deze banken hadden vermoedelijk oorspronkelijk hun plaats in de Z.W. hoek van de kerk. Volgens een 18e eeuwse schetstekening (Arch. Schw.) werden er bij de bouw van de nieuwe kerk (1779) langs de Zuid- en Westwand van de kerk plaatsen gereserveerd voor herenbanken ten behoeve van de families Vos (in het snijwerk van de banken: klimmende vossen!), HULSHHUIS, van Gelder en d’Aumale.


 **********************************


L.C. 22-8-1798.

De Secr. J. Mebius, zal op Maandag den 3 sept 1798 ‘s namiddags om 2 uur ten huize van Evers Willems, Castelein te Belkum, by de 2e zitdag en provinsionele palmslag verkoopen: Een huizinge staande tegenover de Nieuwe Herberg (het Wapen van Gelderland), thans by Heere Sjoerds van Dokkenburg als eigenaar bewoond, op den 12 May 1799 te aanvaarden. Waar op geboden is 320 g. glds en 7 strs.