Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsum nei de reformaasje.

(Herfoarme dûmny's)


Ysbrand fan Harderwyk wie hjir om 1550 hinne pastoar yn Berltsum. Letter is hy Abt wurden fan it Kleaster Lidlum by Easterbierrum. Dêr is no noch in Kleasterwei as oantins. Yn'e tiid dat hy dêr pastoar wie luts de herfoarme leare syn oandacht, dochs de bangens foar ferfolging wjerhâlde him om dy leare te beliden, Nei 't hy yn 1568 syn ûntslach as abt frege en krigen hie, hat hy iepenlik de herfoarme leare oannaam en is nei Frankfurt ôfreisge. Hy is yn Keulen yn 1571 ferstoarn.

1.) De earste learaar en dûmny fan'e Herfoarme (Reformeare) tsjerke (gemeente) hjir wie yn 1583 nei alle gedachten Hermannus Luinga (berne te Peize?), dochs nei 1589 is ûnbekend of't hy hjir stoarn of fuortgien is. (letter nei Snits? Syn soan Rudolphus wie yn 1613 dûmny te Sint Anne.) Yn de jierren 1585 en 1588 wie hy lid fan de Synoade en yn 1587 Praeses fan dit Kolleezje. (*

2.) Gerlacus (Habbonis?) is hjir yn 1590 yn tsjinst kommen. Yn synodale akten fan 1590 wurdt meld, dat hy lêstendeis yn Berltsum yn tsjinst kommen wie. (letter nei Dearsum en Poppenwier 1595-1629), ds. Gerlacus Habbonis (Habben, Habbema) ferstoarn yn 1629, wie ôfkomstich fan út East Fryslân. Dêr foar út ús Fryslân. Hy hat studearre yn Heidelberg (1584) en Frjentsjer (1587).

3.) (Jhr.) Henricus Hinckena ab Hinckenburg yn 1595. In ealman berne yn 1579 (út Embden?), dy’t  op 10-7-1603 boaske wie mei de út Embden ôfkomstige Syts (Sydtske) Keimpesdr. van Donia.  Letter om 1598 hinne is hy nei  Britsum  gien.  De sibbe van Donia wie dêr eigner fan Hinnema (Hinckena) state. Hernricus wie yn Britsum (om 1601 hinne ) eigner fan Lettinga State. Hy wie earder troud west mei Ebel Sippesdr. Scheltema.

4.) Nicolaas Johannes (Nicolaus Joannis Snecanis) (fan Snits) yn 1598 op 2 Februaris fan Grou. It is ds. Klaas Jans Monsma. Hy is hjir ferstoarn op 10-1-1621. Op syn grêfsark stie, dat hy fan desimber 1606 oan’t 20 augustus 1620 ek de gemeente fan Wier betsjinne hat. (ferdwûne stien yn’e tsjerke : .........1621 den 10 ianuaris in de Heere gerust de eersame Nicolaus Iohannis Snecanus........ des goddelikcken woorts te Belkum en Wier.......old 50 iaren.)

5.) Balthasar  Stuyfsant is op freed 19 july 1622 hjir kommen fan Skerpenseel (by Wolvegea), letter yn 1634 is hy fuortgien (troch de Fryske Steaten oerpleatse) nei Delfsyl en dêr ferstoarn yn 1637. (Sjoch: Reboelje yn Berltsum)

6.) Vincentius Jacobi Hempenius, berne te Hempens ca 1575 op 22 april 1634 fan Dokkum, op 1-7-1638 troud mei Anke Theodorici de dochter fan de dûmny fan Dronryp, Theodoricus Petri en is hjir ferstoarn op 19 novimber 1641 en yn de tsjerke neist syn earste frou begroeven. Syn yn Berltsum berne soan, t.w. dr. Jacobus Hempenius komt yn 1665 yn Ljouwert te wenjen en wie dêr abbekaat fan it Hôf fan Fryslân. Syn pakersizzer, ek in Vincentius Hempenius, wie dûmny te Waaxens. De namme Hempenius komt fan it Fryske himp (canabis) en net fan it doarp Himpens.

7.) Jonas Olaus (Claus) (N) (** yn it lêst fan1642 fan de Jouwer, hy wie troud mei Catharina Bennincks en is hjir ferstoarn yn 1655. (foar de Jouwer hie hy in lyts jier yn Marsum stien.) Jonas Olaus, grifformeard predikant te Krefeld, waard Lúthers dûmny te Hoorn (1631-1638), studearre medisinen yn Frjentsjer en waard dêrnei dûmny te Marsum. (J. O. Olaus ek wol skreaun as J. O. Olaï d.w.s soan fan Olaus.)

8.) Gregorius Mees. *) yn 1656 op 8 Juny fan Grins, letter yn 1657 nei Kantens. Hy wie op 25 nov. 1656 troud mei R.A. Santvoort troch ds. Ger. Hasius fan Bitgum. Hjir wienen 148 lidmaten en tidens syn ferbliuw hjir waarden 61 persoanen op belidenis oannommen.

9.) Nolle (Nolke) Haayes (Nollius Hajonides) as kandidaat hjir kommen op 22 febrewaris en as dûmny befestige op 5 july 1658, boaske mei Auckie Claesdr., letter yn 1666 nei Embden (Ost- Friesland, Dútslân), Syn pakesizzer Nollius Hajonides jr., berne te Berltsum, wenne sunt 1729 te Ljouwert (is in mounders sibbe wurden mei de namme van der Meulen.) Nolle wie yn twadde boask troud mei Anna Schotanus fan Snits. Hy is stoarn op 19 febr. 1671 en leit begroeven yn it koar fan de Grutte tsjerke te Embden.

10.) Gothofridus (Godofredus) Viglius. Op 8 jannewaris 1667 as kandidaat hjir kommen, as dûmny befestige op 3 maart en hjir ferstoarn op 19-3- 1685 en yn de tsjerke begroeven.. Hy is de soan fan Viglius Cornelis.

11.) Gajus Hajonides, hjir berne te Berltsum op 31-1-1660, op 21 okt. 1686 fan Doanjum, boaske mei Tryntje Coops, en hjir ferstoarn yn novimber 1708.

12.) Ludovicus Timen Pielat. **) Yn juny 1709 as kandidaat fan Frjentsjer en yn 1714 nei Assendelft. (hy wie earst militêr west, en wie troud mei Alida Adriana de Vernatti. De yn 1714 te Berltsum berne dochter Beatrix Albertina Pielat is op 26-7-1750 te Den Haag troud mei Mr. Johan de Kempenaer út de bekende sibbe Van Andringa de Kempenaer.) Hy hat yn Den Haag op 15 april 1748, Prins Willem de Ve, de lettere stêdhâlder doopt. Hy dêr ek ferstoarn yn 1750. (foto:  portret/gravure út plm. 1740)

13.) Johannes (Tjallings) Plantinus. Hy wie op 8-10-1692 berne as soan fan in Ljouwerter lûkskipper en hie studearre yn Frjentsjer. Op 1 sept. 1715 is hy hjir as kandidaat befestige.  Hjir troud west mei Saapke Jacobs Quader (yn 1716), letter is hy yn 1723 te Ljouwert wertroud mei Maria van der Put  en is yn novimber 1719 nei Hylpen ta gien. (foto)

14.) Siricus  Arnoldi op 29 sept. 1720 fan Eastermar & Eastrum en letter hjir op 4-9-1764 mei emearitaat gien omdat syn sûnens ôfnaam. Hy wie troud mei Johanna Siccama. (1699-1728) en letter nochris mei in Grytie Baerdt (1697-1746). Hy is stoarn yn Ljouwert yn it hûs fan syn neef de boargemaster fan Ljouwert. Syn heit Johannes Arnoldi, f.b. abbekaat, wie troud mei Taetske Tania. (út it fier oan my besibbe Tania skaai.)

15.) Winandus van Assen, berne te Ljouwert yn 1709, troud mei Auckie Clonkers, op 30 desimber 1765 fan Bitgum en hjir stoarn op 20-1- 1775. Noch earder dûmny te Nij Brongergea (no de Knipe) Dêr ferdigene hy syn teologysk stânpunt tsjinoer trije Sosiniaanske minniste leararen en hy skriuw fersen. Fierders hantearre hy de Nederdútske lier. Yn it stjerhûs wurd yn 1775 boelguod hâlden. In soan fan him wie ek dûmny en beskuldige destiids syn amtgenoat Albertus Bruining fan Winaam fan sosinianisme.

16.) Op 16 july 1775 Petrus Nota fan Peins & Zweins, de soan fan Douwe Gerrits, kofjeskinker te Frjentsjer en Mincke Jelles, troud mei Maria Schrader dochter fan C. Schrader, boarger hopman en apteker te Frjentsjer. Hy is hjir stoarn yn 1808 op 23 septimber. Hy wie in leafhawwer fan de Latynske poëzy en dichtte sels ek in grut oantal Latynske gedichten. Hy hat in protte Berltsumer skiednis oerlevere oer tsjerke en doarp.

17.) Gerhard (Gerardus) van der Tuuk Herman soan, yn oktober 1809 fan Goutum en is hjir stoarn op 29-11-1845.  Hy behearde ta de doe sa neamde Grinzer rjochting, yn Fryslan de Evangelyske rjochting neamd. Koart sein, harren belidenis wie mear fan: Net de lear mar de Hear, dêr gie it om. De oanhing yn Fryslân wie om 1870 hinne plm. 40% en om 1860 hinne plm. 60%. Om 1900 wie dizze rjochting net sa grut mear. It modernisme (de frijsinnichheid) hie letter folle mear oanhing krigen.

18.) Martinus Lambertus de Boer, yn 1846 fan Hallum. Hy troude op 4-5-1836 mei Geeske Sjoerdsdr. Deinum en is hjir ferstoarn op 27-3- 1870. 

19.) Jan Imbertus Swijghuisen - Reigersberg, troud mei Anna M. Fabius, op 28 april 1872 fan Wier, befestige troch syn heit en hjir ferstoarn op 10-3-1881. Syn heit dy’t dus ek dûmny wie, hat de namme fan de útstoarne sibbenamme Reigersberg fan syn pake en beppe fan memmeskant oan de efternamme Reigersberg taheakje litten by K.B. yn 1862. Ien fan de beide yn Berltsum berne soannen fan Jan Imbertus, t.w. Petrus Henricus,  is ek wer dûmny wurden, û.o. yn Egmond aan de Hoef. De oare soan is húsdokter wurden. (Hy is hjir earst konsulent west. Sjoch oer syn kommen fan Wier hjir de striid tusken de frij- en rjochtsinnigen fan Berltsum.)

20.) Hein (Hendrik) Hoekstra, berne op 2-9-1852 te Snits, yn 1881 fan Skúzum & Piaam, dêrnei yn 1885  nei  Útert. (Hy stie om syn eksegetyske jeften heech oanskreaun. Hy is te Útert yn 1887 tegearre mei in ds. G.(erben) Ringnalda dolearjend dûmny wurden). Hy is stoarn yn Arnhem op 31-12-1915.  Al syn preken binne bewarre bleaun.  (foto)

21.) Gerhard Nijhuis op 9 maaie 1886 fan Genemuiden en 13 april 1890 nei Veenendaal. (Hy wie   haadredakteur fan de Kristlike skuorkalinder De Waarheidsvriend en lid fan it lettere sa neamde  Grifformearde Bûn yn ‘e Herfoarme tsjerke.) Omdat op 4-1-1886  yn Amsterdam it tsjerklik konflikt útbrutsen wie en hy ôfskieding(en) net útsleat, woe hy fan de tsjerkfâden by syn beropping wol de sekerheid hawwe fan syn traktemint. Syn sympaty gie lykwols wol út nei de dêr  ôfsetten tsjerkeried, mar hy woe de Herfoarme tsjerke net ferlitte. Op 16-12-1886 briek de saneamde doleânsje út. Hy bliuw foar him “ de Kerk der Vaderen” trou.

22.) Johan Louis Tichelaar op 2 nov. 1890 fan Staphorst, yn 1893 nei Nijlân. Yn Staphorst hie hy mar rom in jier stien. Hy kaam dêr, 32 jier âld, fan Ouddorp op 5-5-1889 en krige fan de Staphorsters de bynamme “De predikant der liefde”. 

23.) Anne Hettes Jellema (berne te Grou) yn 1893  fan Vrieschelo, yn  febr.1896  nei  Toppenhuzen (Top en Twel) en dêr ferstoarn yn 1910, 49  jier  âld. (Yn  it blêd “Pak me mee” stiet in foto fan him. Sjoch  L.C. 30-12-1910. ûnder it kopke : Een vergissing.) Hy is op 25-11-1910 yn Toppenhúzen/Twellingea ferstoarn, noch mar 49 jier âld. Hy wie dêr û.o. foarsitter fan de kristlike muzykferiening “Euphonia” dêr ’t master Heinsma dirigent fan west hat. Syn soan O. S. Jellema, berne yn Skúzum wer’t syn heit ek dûmny west hat, hat û.o. dûmny west yn Sint Anne en sûnt 1926 as dûmny foar de Nederlanners yn Davos yn Switzerlân.) Anne Hettes Jellema is fan fieren besibbe oan de hjir yn Berltsum oan de Buorren nû. 31 en letter op de Buorren nû. 100 wenjend hawwende bakker Hette Gerrits Jellema, troud mei Alt -huisius. Ds. Anne H. Jellema is berne te Grou op 29-12-1861 en op 10-5-1887 troud te Midwolda mei Gesina Harmina Knottnerus.  ***) Ds. Anne Hettes Jellema rekke yn Toppenhuzen ris belútsen by in belidenis opskuor. Ortodokse belideniskategisanten,  dy’t gjin dûmny nei winsk fine koenen yn Snits, folgen mei ynstimmen fan de tsjerkeried dêr de kategese by ds. Jellema yn Toppenhuzen. Oan trije kategisanten wegere de Snitser tsjerkeried lykwols it bewiis fan sedelik gedrach te ferhelpen, sadat “it oannimmen” formeel net mooglik wie. Doe’t yn Toppenhuzen de learlingen dochs oannommen en befestige waarden, feroarsake dit in opskuor.

24.) Hendricus van Eyck van Heslinga op 12-1- 1897 fan Eastermar en hjir yn 1928 mei emeritaat gien, letter ferstoarn yn Apeldoorn.

25.) Thomas Kramer op 13-1-1929  fan Easterbierrum. hjir yn 1944 op 30 april  mei emeritaat. (Sjoch de L.C. fan  2-5-1944.  Kerk en school, benoemingen enz.) Hy wie “reserve-fjildpreker foar de tiid fan oarloch”. Ek wie hy bestjoerslid fan de Bûn fan Evangelie-saasje ferienings. Yn 1945 waard hy as em. predikant noch beneamd as help preker by de Herfoarme gemeente fan De Steeg. (Gld).  Hy is hjir  yn februaris 1964 begroeven.

26.) Albert Herman Knottnerus yn’e hjerst fan 1944 fan Peize, yn 1947 op 5 oktober nei Breda as  finzenis dûmny yn de Koepelfinzenis. (De romrofte fjouwer en letter de sa neamde  “trije fan Breda”, Dútske oarlochsmisdiedigers sieten yn dizze finzenis harren libbenslange straf út. De offisjele namme fan dizze finzenis is Penitentiaire inrichting `De Boschpoort`.

27.) Romke  Bijl  yn 1947 fan Haren, yn 1954 nei de St. Bavo yn Haarlim (Kleverparkwijk). Hy hat in protte dien ( mei û.o. Ulbe van Houten, skriuwer fan bernebibel: De hillige histoarje) foar de Fryske taal en de Fryske earetsjinst.  (foto)

28.) Cornelis Fortgens op 8-5- 1955 fan Kolderveen, op 4-11- 1962 nei Wichmond. Fortgens is yn 1958 in jier legerdûmny west. As vicaris wie hjir doe Abe Westra fan Bûtenpost. Westra is fan hjir beroppen as kandidaat nei Skearnegoutum. Cornelis wie mar in lyts fan postuur. Syn frou hie as efternamme Opstelten. Konsulint ds. Oene Huistra fan Menaam makke dêr ris it folgjende grapke oer. Cornelis tocht: Ik bin mar lyts, dêrom nim ik mar in frou op stelten. Syn Berltsumer kategisanten gienen dus ek letter nei “de kleine korporaal”.

29.) Dirk Papma, (oarspronklik fan Ferwerd) op 17-4- 1963 as kand. fan Harderwijk. Op 30-3- 1969  nei Wolvegea. Hy is nei syn teologyske stúdzje net direkt,  mar op lettere âlderdom dûmny wurden. Hy hat earst noch in tiid lang wurke by de C.B.T.B.

30.) Pieter (Gerards) van Wakeren, yn okt.1969  fan Schalkwijk, yn desimber 1977 hjir mei emeritaat. Hy is skoalmaster en sindeling west ûnder de Toradja’s op Celebes (Rante Pao, Ned. Ynje), útstjoerd troch de G.Z.B. (Grifformearde Sindingsbûn yn de Herfoarme Tsjerke.)  Hy is berne en begroeven te Veenendaal. Hy kaam út de Grifformearde Bûn.

31.) Christiaan Sipke Verwoert op 31-1-1977 fan Leerdam befestige troch syn foargonger. Letter op 16-6-1985 binne Christiaan en syn frou Martje nei Raamsdonk ta gien. Hy kaam krekt as van Wakeren ek út de Grifformearde Bûn.

32.) Alfred Groeneveld, op 19 july 1987 fan Alteveer-Kerkenveld, befestige troch ds J.J.C.Dee fan Súdwolde, letter op 29-3- 1992 nei Lunteren (Maranatha tsjerke). Yn sept. 2010 dêr mei emeritaat gien. (Alfred en syn frou Anneke binne dêr wenjen bleaun, want de bern wenje dêr no ek allegear.)

33.) Aizo Wiebenga, op 9 maaie 1993 fan Geesteren, letter op 2-9-2001 nei Sumar, noch wer letter nei Snits. (âlderenpastoraat) Hy is op wat lettere âlderdom dûmny wurden en hy is troud mei Akke van der Meer.

34.) Jennie Geertruida (Jeannette) van den Boogaard - Bongers, is hjir op 11 maaie 2003 mei har man Jan van den Bogaard, fan Rijssen  as kandidate  kommen. Hja wie sûnt augustus 2000 as parttime fikarus ferbûn oan de Herfoarme  kapel fan Wierden.  Jeannette  is  de lêste Herfoarme dûmny dy't hjir yn Berltsum beroppen is. Hja is no, nei de lânlike fúzje ta  P.K.N. op 1-5-2004, hjir fierder gien as P.K. N. dûmny. Jan van den Bogaard (berne op 20-9-1961) is ek dûmny mar is hjir no húsman wurden. Hy is op 1-6-1995 troud mei Jeannette (berne op 8-7-1968) en wie foar’t hy yn Rijssen kaam, dûmny yn Drempt/Hummelo/Keppel.

Hebr. 13 : 7  Ferjit jimme foargongers net, dy ’t jimme it wurd fan God brocht hawwe. Hâld foar eagen hoe ’t harren libben ôfrint : nim harren leauwen as foarbyld.

De troch my makke (wiksel) list fan de Herfoarme dûmnys, dy ’t hjir stien hawwe, hinget yn de lytse (tsjin de koepeltsjerke oanboude)  tsjerkeriedskeamer fan de Koepeltsjerke.


(dûmny's 1 o/m 16. boarne: dûmny P. Nota.)

(* Hermannus Luiga of Luingha, ook Hermannus van Belkum genoemd, welligt dezelfde, dien Gellius Snecanus, Hermannus Peisanus noemt, was eerst predikant te Belkum, in 1588 of begin 1589 te Sneek. (Biographisch Woordenboek van der Aa.)

(** Ds. Jonas Olaus kaam fan Noarwegen fandêr de troch him brûkte (N.) fan Norwegus). Hy is dêr  berne út Dútske âlders. Hy hat yn Moers (Dútslân) Grifformeard dûmny west. Doe is hy yn Hoarn beroppen troch de harren dêr ta wenjen setten hawwende Skandinaviërs en Dútsers fan de dêr oprjochte Lútherske tsjerkemienskip. De nij boude Lútherske tsjerke oan de Tempelsteeg, in sydstrjitsje fan de Ramen, is op 1-7-1632  yn gebrûk nommen en hy hâlde de ynwijingspreek n.o.f. in tekst út Jes. 54 fers 2 en 3. It wie in man dy’t beskikte oer talinten. Syn dochter Lysbeth Olaus wie de twadde frou fan Riuerdt Meyntesz. Dizze Riuerdt Meyntesz. kocht yn 1642 in hûs en bakkerij te Bitgum fan syn heit en waard op Allerhilligen 1646 lidmaat fan ‘e Herfoarme tsjerke dêr. Yn 1648 gie hy mei attestaasje nei Berltsum, wêr’t hy wilens in bakkerij oan de Buorren kocht hie. Riuerdt Meyntesz. syn namme en wapen komme foar op de út Berltsum ôfkomstige grutte klok yn de Konkordiënkirche te Mannheim. Sara Olaus, de suster fan Lysbeth, wie troud mei in Age Wybrensz.


*) Sjoch: Berltsum foar 1772 foar de foto fan ds. Gregorius Mees.

**)  Ûnder it portret, makke om 1740 hinne, fan dûmny Ludovicus Timon Pielat stiet in seisrigelich ferske fan Jacob Spex (1702-1775) dat giet as folget:


“Waer Godtgeleertheit ooit en Godvrucht zich doen merken,

Haer ziet, haer kent men dat, als in PIELATvereert,

Wiens yver Christus kerk met woorden sticht en werken,

Waervan dÉerwaerdigheid haer’luister hier ontleent.sjoch

Dit’s BELKUM, Assendelft en Nymegen gebleken,

Ook my, roept ‘s Gravenhaeg, van heil dus minst verstreken”.


***)  Gesina Harmina, berne op 20-12-1865 te Oostwold / Midwolda hat yn Spannum op de kostskoalle sitten. Sjoch: Groninger (boeren)dochters op een dameskostschool in Spannum. De Chr. Kost- en Dagschool voor meisjes te Spannum (Fr.)  (Google) en de L.C. fan 30-7-1955 : Yn Spannum stie fan 1876 oant 1905 in kostskoalle foar jongfammen. 


Sjoch it boek fan W. Bergsma.

Tussen Gideonsbende en publieke kerk.

(Een studie over het gereformeerd protestantisme in Friesland.)


Samuel van Haringhouk as útjouwer fan de NADERE REFORMATIE wie tusken 1648 en 1672 wurksum as printer–útjouwer. Fan him blykt in dúdlike foarkar foar de Ingelske skriuwers. Samuel van Haringhouk hat hjirfan sels in protte oerset yn it nederlânsk. Wierskynlik, om him te ûntlêsten, is hy dêrby bystien troch in oantal dûmny’s w.û. dûmny Nollius Hajonides fan Berltsum.


Samuel van Haringhouk boekverkooper in de Waerheyd (anno 1672) met privilegie voor 15 jaer.

Uytgelesene Engelsche Boete-predikatiën Over sonderlinge Texten, Op hun Maendelijckschen Vasten, Deur verscheydene God-geleerden, voor het Eerw. Parlement van Engelland gedaen. TWEEDE DEEL, vertaeld Door Nollius Hajonides, Bedienaer des H. Euangelii tot BELKUM (vignetje) Anno 1659.  Hajonides sette de Ingelske “Boetepredikatiën” oer en hat him hjir wierskynlik ek by belútsen field.

Gerhard Hermansz. van der Tuuk wie berne te Mensingaweer op 31-10-1772 en is te Berltsum stoarn op 19-11-1845. Hy is ferneamd wurden om syn bestjoerlike kwaliteiten en tsjerkerjochtlike kennis. Nei al yn 1807 en 1810 de Fryske Synoade resp. harren Deputaten as skriba tsjinne te hawwen, wie hy fan 1820 ôf in tiid lang siktaris fan it Frysk Provinsjaal Tsjerkebestjoer. Hy waard ek ôffurdige nei Den Haag; ferskate jierren wie hy fice-présens fan de Algemiene Synoade. Hy wie de earste dy’t yn in tsjerkerjochtlik hânboek de regleminten en ordinânsjes fan de yn 1816 reorganisearde Herfoarme tsjerke sammele hat en útjûch. As siktaris fan it Frysk Provinsjaal Tsjerkebestjoer wie van der Tuuk direkt belutsen by it ôfsetten fan ds. S.(imon) van Velzen te Droegeham (1835-1836).Yn in partikulier adres oan de Kening fan 15 februaris 1836 makke hy syn grutte soarch kenber oer de útwreiding fan de ôfskieding. Hjir yn warskôge hy foar de úterste neidielige ynfloed fan inkelde “driuwers” op “gemoedelijke” minsken, by welke de godtsjinst mear “ZAKE is DES HARTEN dan van het OPGEKLAARD VERSTAND”. Erkent de regearing harren tsjerke, dan sil dat allinne mar ûnheil bringe. (* Van der Tuuk wie in iverich NUT’s man. It Nut jûch inkelde wurkjes fan him út dy’t it grutte doel fan de folksopfieding tsjinstber wêze moasten. Sa wienen syn karaktersketsen fan bibelske persoanen bedoeld as in helpmiddel foar “vrome, maar ongeletterde christenen”. Van der Tuuk behearde ta de saneamde Grinzer rjochting, in streaming dy’t siet tusken it Reveil en de Ôfskieding. Dizze rjochting stelde tsjinoer de troch de Synoade fan Dordrecht fêststelde lear fan de útferkiezing, de macht fan Gods leafde foarop. Ek stelde dizze rjochting de wurksumens fan God yn de skiednis foar as in opfiedingsproses. De dûmny wie dêrom dan ek meifolksopfieder. God yn de skiednis foar as in opfiedingsproses. De dûmny wie dêrom dan ek meifolksopfieder. Koart sein it wie in evenredige ortodoksy. It fuortjaan fan in troubibel komt as tradysje út de Grinzer rjochting.

(*  Yn Bitgum is dêrnei op 20-4-1842 ek in ôfskieden tsjerke ûntstien yn kombinaasje mei Menaam. Guon Berltsumers gienen ek nei Bitgum ta om dêr te tsjerkjen, al wienen it yn it begjin net sa’n folle. Letter wienen dat der wat mear. Ien fan de dûmny’s dêr t.w. ds. Jan Kerssies, hy wie dêr kommen fan Dwingelo as kandidaat, hat hjir yn Berltsum ek gauris arbeide ûnder it ortodokse tsjerkefolk.

De (ferljochte) Thoe Schwartzenbergs hienen sawol yn profane as yn tsjerklike saken in protte te sizzen en in grutte ynfloet. Sa mei men oannimme dat de mear mei yn frijere opfettings oan de Thoe Schwartzenbergs ferbûne dûmny Gerardus Theodorus de Cock yn 1765 te Bitgum beroppen en kommen is. (Hy is besibbe oan de (ús)  mear bekende dûmny de Cock fan Ulrum, de stifter fan de doe sa neamde ôfskieden tsjerken. Thoe Schwartzenberg wie mar al te faak ek de beskermer fan de Cock, sa hat blyken dien. Bitgum is nei it ferstjerren fan ds. G.Th. de Cock mear en mear de frijsinnige kant opgien, en sa binne yn Bitgum (“it kin ferkeare”, om Brederode te sitearjen) ) folgelingen fan de Ulrumer dûmny Hendrik de Cock ûntstien. Ferskate Berltsumer rûnen sneins twakear nei Bitgum ta om dêr de tsjerktsjinsten fan de doe letter sa neamde Kristlik Grifformearde tsjerke te besykjen. De tsjerke is yn 1892 opheven nei de fúzje fan de dolearjenden en de ôfskiedenen.

Myn neef Fokke Jans Fokkema út Menaam, de soan fan Jan Fokkes Fokkema en Boatsje Watses Posthumus dy’t hjir û.m. yn Berltsum it snoeihout fjouwer kear yn it jier ophellet en in protte oare taken ferjochtet mei de frachtauto fan de gemeente Menameradiel is in ôfstammeling fan de Bitgumer dûmny Gerardus Theodorus de Cock, troud mei Margaretha Gerarda Wieland. In neikommeling fan ien fan harren fiif bern t.w. Aaltje Gerhardusdr. de Cock wie boaske mei Theunis Fokkes Fokkema fan Menaam.

Ds. Gerhard Nijhuis hat in boekje fan 24 siden skreaun titele: Na Veertig Jaren. (1895) In útsprutsen rede holden yn de Herfoarme tsjerke te Veenendaal as neitins oan de wettersneed te Veenendaal op de 5e maart 1855. It giet oer de grutte oerstreaming fan 1855 yn de Gelderske Fallei. De manlju dêr moasten de hûzen útflechtsje en koenen allinne noch  harren tilbere have byien garje en mei harren jammerjende froulju en bern nei it tsjerkeplein flechtsje.

Yn de 17e ieu wie sa’n 1/5 fan de Nederlanners lid fan de (Refoarmearre) tsjerke. In protte minsken wienen net iens dooplid fan de tsjerke, mar besochten de tsjerke as “leafhawwer fan de grifformearde religy”. It belidenis dwaan waard oer it algemien yn Fryslân en Grins folle minder dien dan yn de rest fan Nederlân.

Yn 1816 krige de Herfoarme tsjerke in sintralistysk organisearre tsjerkestruktuer yn it plak  fan de eardere presbyteriaanske. De nije struktuer waard fêstlein yn in Algemien Reglemint, goedkard en bekrêftige op 6-1-1816 by K.B. Dit wie mei namme op it conto fan kening Willem I te skriuwen. De Steat betelle de dûmny’s trakteminten út de steatskas en de tsjerklike administraasje stie ûnder tasicht fan de Steat. De ynfloed fan de Kening wie sa garandearre. De patriarchale kening seach himsels graach as presedint fan de tsjerke. De Synoadeleden ensfh. waarden no troch de kening keazen en hy moast in protte saken, de tsjerke oangeande, no  goed of net goedkarre. De Synoadeleden hâlden oant 1870 kontakt mei de Steat troch middel fan it Ministearje fan Iepenbiere Eretsjinst. Kening Willem I woe dat de tsjerke en de Steat gearwurkjen gienen. Neffens de Kening moast de tsjerke in tsjerke wurde geskikt om alle rjochtings byinoar te hâlden. Sa waarden tsjerke en steat oaninoar frissele om de ûnderdienen op te fieden ta deugdsume en krekte boargers. Dizze foarm fan boargerskip betsjutte altyd in religieus boargerskip. Dizze foarm ymplisearre dy deugden: beskaving, mûnigens en leafde foar it heitelân. De minske soe sa hieltiid mear en mear op de Soan fan God lykjen gean. De tsjerke as opfiedend genoatskip. De “Grinzer rjochting” wêr’t de Berltsumer dûmny Gerhard M. van der Tuuk ta behearde is hjir in goed foarbyld fan. Sjoch syn wurk foar de Maatskippij ta Nut fan it Algemien. (it “Nut”.)

Sjoch: de “Maatschappij tot Nut van‘t Algemeen”. It doel wie om de minsken op in heger libbensnivo te bringen troch it lêzen fan boeken, hygiëne, ynsjoch, selsstannigens en gean sa mar troch.

Yn preken oant 1840 ta achtten dûmny’s it ferstân fan de minske as in dominearjende faktor yn de spiritualteit om de belidenis hinne. Emoasjes waarden neffens harren fan minder wichtich belang achtte. Salang it ferstân de lieding hie, koe der neat mis gean. Nei de jierren 1840 ferskowde de kearn fan de spiritualiteit fan it ferstân nei de tsjerke.

De letter opkommende frijsinnigen woenen  de ferwurverheden fan de wittenskip gear rane litte mei it leauwen. Hja leinen de klam op it autonome oardieljen op de stim fan it eigen hert, de “frijheid fan it gewisse” neamd. Eksterne doktrines waarden oerboard set.

Yn 1842 ferklearre de regearing dat de Herfoarme tsjerke tenein sels harren regleminten fêststelle en feroarje koe. De grûnwetwiziging fan 1848 fungearre as in katalisator om pluralisme op gong te bringen. Yn dat jier waard de frijheid fan godstjinst, printparse, feriening en gearkomste fêstlein. Fanôf 1867 koenen de gemeenteleden sels de tsjerkeried kieze of in dûmny beroppe. Hast yn it hiele lân waarden dêrnei de dûmny’s beroppen troch de tsjerkeried of troch in kieskolleezje, behalve yn de 354 Fryske tsjerkemienskippen. Yn Fryslân op it plattelân, sa as dus ek yn Berltsum, wienen dat  de tsjerklike floreenplichtigen wêrfan somtiden in protte net iens yn Berltsum wennen. Foarhinne gie dit troch koöptaasje. (It kolleezje ferfolde sels de ûntstiene fakatuere.)

Yn 1816 leinen de opstellers fan de Nije Tsjerke Oarder fan de Herfoarme tsjerke in iepenbiere befestigingstsjinst op. (De Openbare belijdenis) Op guon plakken waard fjouwer ris yn it jier in oannimmingstsjinst hâlden en op oare plakken fakentiden allinne foar de Peaske mei as bekrêftiging in oanslútend Hillich Nachtmiel. Men wie dan folweardich lid fan de tsjerke. Op in oannimmingsjûn dêrfoar, it slútstik fan de belidenis kategisaasje ferskinen de kategisanten foar de dûmny mei ien of mear âlderlingen en waarde hja tantsje op wat hja de ôfrûne moannen leard hienen. Wie de dûmny frijsinnich en ien of mear âlderlingen rjochtsinnich dan joech dat fakentiden strideraasjes en oarsom kaam dat ek foar.

De Doardtse tsjerkeoarder stelde destiids dat de hiele tsjerklike gemeente beroppe mocht. Yn Fryslân woe men hawwe dat de wrâldske oerheid - de rike grûneigners – (floreenplichtigen) allinne beroppe koenen. Dizze striid waard úteinliks yn 1645 beslist yn it foardiel fan fan de lêsten. Fanôf doe (oan’t djip yn de 19e ieu) wie de dûmny ôfhinklik fan syn goede kontakten mei de reginten.


FRIESCH DAGBLAD,  zaterdag  7 juni 2003.

Geloof en Kerk.  (foto : Jan & Jeannette)

Ds. Jeannette en Jan van den Boogaard uit BERLIKUM.

Dominee wordt huisman, vrouw gaat de kansel op.

Door Lodewijk (Jenne ’s) Born.  

 

 

Út de QUACLAPPEN. (Sententie boeken fan it Hôf fan Fryslân.)

Nicolaus Johannes van Sneek, predicant te BELCUM, in de naam van zijn benificie, CONTRA Rienck Martens, mederechter in MENALDUMADEEL. Het HOFF verklaart de opzegging van de 4 pondematen land ten processe uitgebracht, den gedaagde gedaan, wel en terecht gedaan, dientengevolge cond. (de gedaagde), om tot profijte van de impetrant (eiser) de vs, 4 pondematen landts te ontwijken, ende hem dezzelve te laten volgen, en restitueren met vruchten, profijten en emolumenten, daaraan sedert de opzegginge gehad en genoten, nog te hebben en genieten tot de relaxatie vandien en cond. de gedaagde in de kosten tot des Hoffs tauxatie.

Nicolaas Johannis (sjoch hjirboppe) CONTRA Syurdt Minnes, ged. t ’ HOFF verklaart de opzegging van de 3 pondematen landts by de processe uitgedrukt den gedaagde gedaan, wel en terecht gedaan te wezen, dientengevolge cond. de gedaagde om tot profijt van de impetrant, de vs. 3 pondematen land te ontwijken en hem de zelve te laten volgen en restitueren met de profijten etc. en condemneert hem in de kosten tot ‘s HOFFs tauxatie.

Sa stiet boppeneamde Syurd Minne tot BELCKUM ek ris tsjinoer Pier Joh. Tania tot BELKUM. Yn 1601 wurdt in Jacob Syrcks neamd, fan berop bakker te BELKUM. Yn 1606 wurdt in Jacob Jans neamd as lakenkoper tot BERLICUM. Yn 1599 in Dirck Albert ‘s Munnickhuis, boaske mei Tryn Dirks,  te WIER en in Goris Cornelis fan BERLICUM.


(R) ANNO 1687 DEN 5 MAY IS IN DEN / HEERE GERUST DEN EERSAME RUIERDT / MEINTES IN LEVEN MR BACKER TOT / BERLCKUM OUD INT 72 JAER ENDE / LEIT ALHIER BEGRAVENF

***************************

Ao 1717 DEN 13 DECEMBER STIERF / CHRISTELIJK SAEPKE QUADER HUIS / VOUW VAN J. PLANTINUS PREDIKANT / TOT BERLIKUM OUD 18 JAAR 7 MAAND / EN 12 DAGEN EN LEIT HIER BEGRAVEN /

***************************

Hja stoar yn it kreambêd nei de berte fan it famke Saapke, ferneamd nei harren mem Saepcke Quader. Saepke Plantinus is berne / doopt op 13 / 19 desimber 1717. Saapke Quader troude te Berltsum op 5-4-1716 mei ds. Johannes Plantinus, de op 8-10-1692 berne soan fan Talling Riencksz., skipper, en Grietje Jansdr. Hy wertroude te Ljouwert op 18-4-1723 mei Maria van de Put. 


Ds. Johannes Plantinus (1672 - 1771), berne as soan fan in skipper út Ljouwert, hat dûmny west te BERLTSUM, Hylpen, Ljouwert, Útert en te Amsterdam sûnt 29-9-1726. Ienris yn Amsterdam knope hy freonskipsbannen oan mei Von Zinzendorff fan de Hernhutters, en fersette him, mei de dûmny ’s De Bruyn, Schiphorst en Hironymus S. van Alphen tsjin de bekende ds. Kulenkamp. Gerardus Kulenkamp (berne te Bremen 30-10-1700 en stoarn te Amsterdam 9-10-1775) hat bekendheid krigen troch syn geskriften oer de Hernhutter Broedergemeente en makke ek diel út fan de ûndersykommisje nei de lear fan de Hernhutters. Dit resultearre yn in “Herderlijke en Vaderlijke” brief (1738) wêrfan Kulenkamp de opsteller wie. Hjiryn wurde de Hernhutters in oantal ûnrjochtmjittichheden oanwriuwn. Letter hat ds. Plantinus him yn 1750 wer fan harren ôfkeard fanwegen de lietenbondel fan Von Zinzendorf. Sympatiek docht Plantinus oan yn syn jubileumpreek wêryn hy tsjin de gemeente seit : “Gij hebt den room van mijn beste jaren en fleurige dagen gehad, weest dan ook tevreden met de blote melk. Hebbe ick geen banket meer op te zetten, houd u vergenoegt met een schotel moes”. Hy wie goed befreone mei de bekende Rutger Schutte dy ’t syn lykrede holden hat. Ds. Rutger Schutte (berne te Diepenheim 29-11-1703 - stoarn te Amsterdam 19-12-1784) moat allerearst as dichter neamd wurde. Hy joech in protte bondels út, wêryn ferskate nije berimings fan de psalmen, lieten op teksten út oare bibelboeken, jûn - en moarnssangen, lieten foar de Kristlike feestdagen en in grut oantal nije gesangen.


“FEMINISTYSKE” TEOLOGY.

Yn de Minniste tsjerke kaam yn 1911 de earste froulike dûmny op de preekstoel te stean. Yn de Herfoarme tsjerke mocht yn 1924 pas de frou foar it earst as help -preker yn de tsjerke fungearje en yn 1967 as dûmny. Yn de Grifformearde tsjerke waarden de froulju yn 1969 op de preekstoel talitten.

Jeannette van den Boogaard-Bongers wie hjir de earste froulike dûmny fan de P.K.N. tsjerke fan Berltsum. Yn de Minniste tsjerke fan Berltsum wie Saartje E. Treffers de earste froulike dumny.


FRYSK DEIBLÊD. Sneon 7 juny 2003.

Dominee wordt huisman, vrouw gaat de kansel op.

(Jan van den Boogaard wurdt dûmny ôf en húsman en Jeannette van den Boogaard-Bongers wurdt domina fan de Herfoarme gemeente fan BERLTSUM. )


BERLTSUM en WIER hawwe tegearre ien dûmny hawn fan desimber 1606 oan’t 20-8- 1620. (Nicolaas Johannes van Sneek, ek wol Monsma neamd.)

BERLTSUM hie yn 1598 46 lidmaten. Yn 1634 in 92, yn 1656 in 148, yn 1657 in 243 *), yn 1687 in 203 lidmaten. De Berltsumer gemeente stie yn 1658 by de Synoade bekend as in "Populeuzen ghemeente". Yn 1772 wie der in dúdlike efterútgong te sjen, doe wienen der noch mar 112.

*) Ds Gregorius Mees, yn Berltsum troud mei Rudolpha (of Rolina)  Allerts Santvoort, waard yn April 1656 beroppen en hy gie yn Novimber 1657 al wer fuort. Yn Juny 1656 telde de gemeente 148 lidmaten. Yn dy oardel jier dat hy hjir stie waarden 61 lidmaten op belidenis oannommen (wêr ûnder 2 Katoliken) en 21 kamen yn Berltsum mei attestaasje; Mees doopte 13 folwoeksenen sa dat der 243 lidmaten wienen by syn fuortgean. (sjoch ek haadstik "Berltsum foar 1772").


L.C. 23-7-1879

Iets over Berlikum en Uitgong

Voor de Kerkhervorming waren BERLIKUM en UITGONG ook in het kerkelijke geen onvermaarde plaatsen, hetwelk ook daaruit blijkt, dat men een Hoofdpastoor, eenen Vicaris en drie Prebendarissen had welke alle rijkelijk besoldigd werden.


BERLTSUM hie sunt 1328 / 1332 in grutte ferbining mei it Kleaster (abdij). De tsjerke fan Berltsum krige har geastliken fan Lidlum en in protte fan harren waarden letter abt fan Lidlum. Al jierren lang waard hjir in omgong holden mei in in merakuleuze hostie; wat dêrfan de reden wie is net bekend.


In protte bedikings- en ynpolderings wurksumens hawwe plak fûn û.l.f. de Kleasters "Mariëndal" te Lidlum, "Mariënberg" by BERLTSUM en "Mariëngaard" oan de mûning fan de Mulsee (by Hallum). Hjir hawwe ús omkriten (Menameradiel, It Bilt, Frjentsjerteradiel) in protte oan te tankjen.


It Praemonstratenser kleaster “Mariëndal”  (Vallis Mariaë)  wie stifte yn 1182 troch in Sibo dy’t flak by de Waadsee wenne en in Tsjalling Donia fan Bonnekamp by Winsum (Fr.) It kleaster “Vallis Mariaë “ wie in dochterkleaster fan “Mariëngaarde” by Hallum. It kleaster waard tichte by it Waad stifte oan de Kapellewei, mar it hieltyd heger opkommemnde seewetter makke it ferpleatsen mear it binnenlân yn, rjochting Easterbierrum, needsaaklik. (Westerbierrum wie yn 1237 foargoed yn de Waadsee ferdwûn.) It nije stifte Praemonstratenser kleaster “Lidlum” levere in protte preesters / pastoars oan de omlizzende doarpen w.û. Berltsum. De “wythearen” fan Mariëndal hienen in grutte ynfloed op it geastlik libben fan Westergoa. It kleaster stifte sels ek wer twa dochterkleasters t.w. in froulju’s kleaster ”Michaëlsberg” tusken Baaium en Winsum (Fr.)  en it kleaster “Vinea Domini”  (Wyngerd fan de Hear) by Penjum.  Letter yn de Midsiuwen spile it kleaster in rol yn de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers. De frijhannel foarsteande “wythearen” waarde troch harren tsjinstanners “Skieringers”neamd. De ekonomysk konservative Fetkeapers waarden letter stipe troch de “Grinzers”.

De bemastere kleasters fungearren dan as kazerne, fan wêrút dan útfallen dien waarden.


Ûnderlinge strideraasjes, Saksysk bewâld en Sintraal gesach.

Tusken de Fryske eallju wienen yn de 15e ieu de fjochterijen oan de oarder fan de dei. Net allinne ûnder inoar mar ek mei de kleasters. In pear foarbylden : Sa rekke Sasker fan Donia yn 1444 op in hilligen dei yn gefjocht mei Gerke Juwinga. Goslick Goslinga yn 1456 mei de muont -sen fan Mariëngaarde. Syn neef (broer ‘s soan), de jonge Goslick sloech út wraak twa muontse dea. Op Palmsnein 1462 waard Tjalling Synthiema fan Hallum troch syn doarpsgenoat Schelte Jayema te Marrum deaslein. Lieuwe Jeltema belegere it slot fan Romke Donia te Hallum – dit wie yn 1464  - en baarnde it plat. Donia flechtte yn de Hallumer toer, mar syn tsjinstanner stiek de toer yn ’e brân en Donia kaam yn de flammen om. Dit alles barde yn in ieu fan bloed en izer. Der kaam in ein oan de saneamde Fryske frijheid. Tsjin it bewâld fan Albrecht fan Saksen wie troch harren ek in protte wjerstân. Dizze Albrecht hat in protte dien om it lân tsjin it seewetter te beskermjen. Men koe him tankber wêze foar it ynpolderjen fan IT BILT (it Âld Bilt en it Mariën -gaarderlân of Muontsen Bilt. (1505 – 1508). De kleasters Mariëngaarde en ANJUM (by BERLT -SUM) dy ’t al earder mei it ynpolderjen begûn wienen makken no ek oanspraak op it nije oan -wûne lân. Dizze oanspraken kamen yn behanneling op in Lândei, mar dêr kaam men net ta in oplossing. De kleasterfâden fan Mariëngaarde lieten it der net by sitte en rjochten in fersyk oan Keizer Karel V. Se fregen de harren ûntnommen Biltlânnen werom en mei in geunstich resultaat : der waard harren 116 morgen lân meer tawezen. Of it it Berltsumer Kleaster slagge is koe ik net gewaar wurde. (efterhelje) Hoe ’t de Berltsumer tsjerke oan de Buorfinne kommen allikemin.


De sechstjinde ieu is ek de tiid fan de Herfoarming.

It gesach fan de Roomske tsjerke wie gâns oanfretten. Yn elts doarp wienen minsken dy’t harren eigen tinken oer it ien en oar hienen en fansels ek guon dy’t it mei Calvijn of Menno Simons hâlden. De minsken begûnen de jierlikse lêsten en de pachten net mear oan de tsjerke te beteljen. Ek wienen der guon dy’t lân fan de tsjerke begûnen ôf te pikken. Dêrom moast op befel fan Karel V alle tsjerkebesit opskreaun wurde.


Bezittingen van de Roomsch-Katholieke parochie van BERLIKUM in den jare 1543.


De PATROON St. Michiel. (kerke-goed)

47 pondematen (opbrengst:) 46 gulden Current.

2 pondematen 1 golden floreen.

8 ½ pondematen 168 stuivers.

2 pondematen 1 Goudgulden.

Renten 2 Goudguldens. 2 golden floreenen. 4 Hoorntjes guldens.

Renten van 44 pondematen 21 guldens Current. 1 pondemaat 20 stuivers.

Huissteden zamen 372 stuivers.

DE PASTORIE

56 pondematen.

13 ½ pondemaat op ‘t Bildt 12 ½ Uterse guldens.

Renten 1 Goudgulden en 34 stuivers.

KAPELLAANSCHAP

8 pondematen.

ONZE LIEVE VROUWE PREBENDE. HEER JOHANNES.

42 pondematen.

ST. JOHANNES BENEFICIE. HEER RENICK.

50 ½ pondematen.

KOSTERIE

5 pondematen.


Uit de BENEFICIAAL-BOEKEN, opgemaakt op bevel van Karel V in den jare 1543.

Út in ekstrakt fan it Benificiaal boek fan Westergoo, oangeande it Corpora guod fan Berltsum, komme wy û.o. as lân besitters, de nammen tsjin fan in Hillebrandt abbe, de jonc vrouw van Grombach, Keijmpe Donije (Donia), Feije Heemstra, it Sinte Maria Magdalena Leen toe Berlckum, de Patroen Sinte Michiel van Berlckum, de Pastorije van Berlckum, de Cappellaenscip toe Berlckum, Schelte Roorda, Ernst Hessels Sijbrandt Roorda, Sijbren Roorda, Rijnck Roorda, Jonckvrouw Sijts, het Convent van Aengium, het Maria Magdalena Beneficium, lân oan de Ljouwerterfeart mei as oanlizzer in Peter Laetsma (Latsma). Dit sil nei alle gedachten de eigner (of brûker?) west hawwe fan de (lettere?) tsjerkepleats "Longerhou" of (letter?) ek wol "Laetsma" neamd, tink ik. Taecke Aesma (Aesgema?), landt op Mijnaldum, naastligger Rijnck Roorda, heerschip toe Menaldum, mede over die Ballens (de Ljouwerter feart rjochting Ritsumasyl), die Baghijnen toe Wiswert (by Ljouwert) as neistlizzend lân, in Feije Seevenster. etc. etc. Dan de lân nammen as: Andle Foppes soon geeft iaars te huijer van 4 pondemaeten leggende in die Maersman (Meseame),...... geeft uit fenne lant groot 8 pondemaeten achter Pastoers huijs.,....3 pondematen saetlandts genoempt "die Lange berret",......saetlandt genoempt " die Smalle fenne",.....die "Joncklandt fennen" op het Bilt of ek wol as: gelegen in’t Joncklant (it Jonglân),........Hette Hemmema as neistlizzer,.... de "Lange weeren",..... de coornfenne,.....ses pondemaeten lant over die Zijlroede op die noorder zijde liggende te Berlickum,..... lant van Feije Heemstra op’t West gelegen,.... lant aan de olde Bildijck,....lant Die cromme wal,(Kromwâl).... lant oppe cleijngeest (Lytse geast) etc. etc. ................. en in Agge Aggis, stoarn foar 1543 (* Syn widdo is widdo ....... Nannesdochter  is yn 1543 eigneresse fan grûn, lizzende neist ien fan de tsjerklike eigendommen beskreaun as: "Een huyssteedt daar t huyes op staet, Jan Duversters opt West, Lyuck Agges weduwe opt Oest, beyde den Abt van Lidlum landsaten. Bern fan dizze Agge en Lyuck binne wjerskynlik Agge Aggis en Wybe Aggis en dizze Wybe Aggis soe de heit wêze kinne fan Agge Wybes, wêrfan de neilittenskip yn 1629 op fersyk fan de erfgenanten ynventariseard wurdt en dy ek yn 1600, 1602 en 1626 neamd wurdt. Fierders komt hy foar yn 1591 as troud mei Ief Foekedr. en yn 1597 as weinmakker yn Berltsum.


Fuotnoat :

(* Agge Aggis syn heit fan BERLTSUM is wierskynlik troud mei in Lyuck. Agge Aggis wie eigner fan in hûs en pleats steande binnen BERLTSUM, brûker fan 3 pm earmenlân, fan in ½ pm. tsjerkelân en fruchtgebrûker fan 11 pm boulân. Syn feestapel bestie út “Thien peerden, zoo goede als quade, dochs slechts één koe met wat kleinvee”. Fierders hie hy op dit foar in lânbouwer wol hiel lyts bedriuw 3 weinen, 2 ploegen en 2 eiden. Wierskynlik is hy mear fuorman (leanwurker) west dan lânbouwer. Allinne de earste side fan de ynventaris is bewarre bleaun, dêrtroch ûntbrekke de opjeften fan foarderingen en skulden. (D. J.  v. d. Meer, Reduzum.) In neikommeling, t. w. Age Jentjes, skuonmakker / learloaier te De Pein, neamt him op 12-2-1812 Kuperus. (by it leerloaien waarden ferskate kûpen brûkt.)

Ek in neikommeling  fan in Jan Gysberts fan BERLTSUM, neamd yn de jierren 1601- - 1604, t. w. syn oerpakesizzer Arjen Kornelisz. , kûper te Sint Nyk, nimt yn 1812 de namme Kuiper oan, dochs syn broer Jan Kornelisz., kûper te Jiskenhûzen, yn itselde jier de namme Kuperus.

 

Noch eat oer de Berltsumer tsjerkepleats “Latsma” of ek wol neamd “Longerhou”. By Seisbierum is ek in pleats Latsma (ek wol Laetsma neamd). Ik wit net of dizze namme ek wat te krijen hat mei de Berltsumer tsjerkepleats. Dêr wenne in Ymck van Dekema, ferstoarn op 13-1-1623, begroeven te Minnertsgea, hja wie de dochter fan Sicke van Dekema en Luts Sickesdr. fan Liauckema. Ymck wie troud mei in Schelte Douma van Oenema, ek wol Latsma neamd, de soan fan Ulcke Douwes Douma en in Jets Abbesdr. fan LATSMA.


Op in houten TINKBOERD oan de lofter side fan it oargel stiet in primitive ôfbylding fan de âlde en de nije tsjerke.

TinkboerdANNO 1320 HEEFT EELKE LIAUKEMA PASTOOR IN BERLIKUM / VOORMAALS TUITCUM D’ KIMNADA PASTORIEHUIS FUNDEERT / ENDE GEBOUT / ANNO 1345 IS DE KERK VAN BELKUM VAN OLDERDOM VERVALLEN / DOOR DE GEMEENTE WEDEROM VERBETERD TEN TIJDE VAN / HEER THEODORICO PASTOOR NAMAALS ABT TE LIDLUM / ANNO 1375 DEN KERCKE TOOREN VAN NIEUWS GEMAAKT / TEN TIJDE VAN HEER WYBRANDO PASTOOR / ANNO 1432 IS HET DAK VAN RIED MET TEGELEN (laaien of dakpannen) VERANDERT / ANNO 1632 IS DIT DAK WEDER OM VERMAAKT TEN TIJDE VAN TJOMME / HANSES ENDE FOLPERT BAARD BEIDE KERKVOOGDEN / ANNO 1744 IS DIT WEDEROM VERNIEUWT TEN TIJDE VAN BOTE (AEBES) / VAN DER VEEN (mr. timmerman, berne yn 1705) EN THEUNIS MEETSMA (huisman) KERKVOOGDEN / DEESE KERK IS GEHEEL NIEUW GEBOUWD ANNO 1779.


PASTOARS / Vicarissen / KAPELAANS en Prebendarissen fan BERLTSUM. (Tuitgum en Berlikum)

1.) Eelco Liaukema, om 1300 hinne beroppen fan Seisbierrum. (Liaukema State) Letter, nei de dea fan Pipo Sybranda, de XII de Abt wurden fan it Kleaster Lidlum. Ûnder syn gesach is û.o. ek de tsjerke fan Berltsum, krekt as dy fan Spannum, Seisbierrem en Bitgum, ûnder it bewâld fan dit Kleaster kommen. Hy is op it Muontse hûs te Boksum wreed om it libben brocht (tusken 1322 en 1338) en yn de tsjerke fan Lidlum begroeven.

2.) Godefridus Andla út de sibbe Andla fan Rie, (Andla State) wurdt dan pastoar te Berlikum. Hy is letter ek Abt fan Lidlum wurden. Hy is stoarn yn 1347.

3.) Dêrnei wurdt Siardus (II) pastoar fan Berlikum. Ek hy is letter Abt fan Lidlum wurden en dêr ferstoarn yn 1352.

4) Dan is Theodoricus, pastoar te Tuitgum, berne te Tsjummearum út treflike âlders. Foarhinne wie hy hoeder en opsjenner fan de gemeente te Seisbierrum west. Ûnder syn bewâld is hjir de âlde ferfallen tsjerke fan Tuitgum ûnder de foet smiten en yn 1345 alhiel wer opboud. Hy is letter ek wer Abt wurden fan it Kleaster Lidlum. Hy is stoarn yn 1369. Hy wie in guodlik en sêftsinnich man en is troch de Grytmannen fan Barradiel en Baarderadiel kwealik behannele, en dy hawwe him in protte jild ôfknibbele.

5.) Yn 1456 kaam hjir in Hear Here (Heere, Herre).

6.) Nei him, om 1471 hinne, in Hear Mynnen (Minne).

7.) Yn 1491 in Hear Tjaerd Vicarius. Ûnder syn pastoarskip hjir is Berltsum, it Kleaster Anjum en Minnertsgea tige plondere en binne de godshûzen slim ûnthillige en geastliken dea slein. De binden fan de Hartoch fan Saksen wienen op 24 maart 1497 út Boalsert wei nei Berltsum tein om it te plonderjen en rôven it hiele doarp. Fan út Hemmema state waarden inkelden fan dizze rôvers dea sketten. (de Swarte Hoop)

8.) Wibrandus wie hjir yn 1518 pastoar.

9.) Feddo Poppinga is him yn 15.... opfolge. (Frederik Hessels Foppinga, letter pastoar te Lekkum. Syn ropnamme wie Fedde. Hy is stoarn en begroeven yn 1513 te Boksum.)

10.) Hesselius (fan Easterlittens) is earst pastoar fan Tuitgum, letter fan Berlikum, wannear’t Tuitgum mei Berltsum ferienige is. Hy wurdt dêrnei as 21 ste Abt fan Lidlum ferkeazen. Hy ferstoar yn 1430.

11.) Hy wurdt opfolge troch Johannes yn 1543. Prebindaris fan Ús Leave Frouwe. Yn it selde jier wurdt

12.) Renik, Prebindaris fan St. Jehannes Benefisy.

13.) Bauco Suffridi (Bauke Siverds (Sjoerds)soan) is Ficaris yn 1589.

14.) Sybren of Sibrand Leonis, ek wol Sibrandus Lieuwes of Sibrandus Leo (fan Hempens) neamd wie hjir yn 1562 pastoar. De yn 1550 ta preester wije Sibrandus waard op Sint Gregorius dei ûnderskieden mei it wite kleed. Hy wie de ûnechte soan fan de Ljouwerter skûte makker Lieuwe en in annonime mem. Hy wie de stúdzje genoat fan de bekende Fryske skiednis skriuwer Suffridus Petrus (1527-1597) en hy wie humanist. Sibrandus fûn in fêste basis as muonts yn de Abdij fan it Kleaster Lidlum. Hy waard keazen ta pastoar fan Menaam (1557), letter fan Berltsum (1571) en dêrnei wer fan Menaam. (Dêr yn Menaam is noch in Sibrandus Leo strjitte.) Berltsum en Menaam wienen woltierige parochys wêroer de Abdij it Patronaat besiet. Hy is de (be)skriuwer fan de Kleasters Lidlum en Marijegaarde (Hallum). (Chronica Abbatum Lidlumensis et Orti Sancte Marie.) Sibrandus Leo wie om 1530 hinne yn Ljouwert berne. Hy is letter fanwege de reboelje nei it Grinzerlân flechte, wer’t hy om 1588 hinne stoarn is, sa wurdt der sein. Mar mei sekerheit is hjir omtrint neat oer bekend. Hy hat de earste kaert fan Fryslân makke yn 1552.

15.) Peter, is hjir vicaris yn it jier 1565.

16.) Dêrnei is (de Ljouwerter) Henricus hjir pastoar om deselde tiid hinne.

17.) Dan is hjir in sekere Willem, kapelaan.

18.) Dêrnei wer is in Geert Rinthes (of Rinkes) hjir pastoar.

19.) As lêste wurdt neamd Ysbrand fan Hurderwyk, de stêd wêr hy syn namme oan ûntliende. Hy wie út earlike âlders berne en yn it Kleaster Lidlum oannommen. Troch syn ynnimlikens wûn hy it hert fan in protte kleasterbruorren. Om syn bespraaktheid (retoarika) waard hy troch de pastoar fan Menaam oannommen foar kapelaan. Letter is hy pastoar fan Spannum en fan Berltsum west. Hy kaam ûnder ynfloed fan de "nije leare" (fan Luther) en reizge nei Wittenberg. Hy is letter werom kommen yn Lidlum. Waard wer yn genede oan nommen nei in koarte boetedwaning. Hy waard de 32 ste Abt fan it kleaster Lidlum. Dochs yn 1568 hat hy wer keazen foar de nije leare. Hy flechte yn 1568 nei Embden (East Fryslân) it wykplak fan de Herfoarme (Grifformearde) flechtlingen. Hjir troud hy in frou, dy hy letter yn Frankfurt oan de pest ferlear. Hy reizget nei Keulen om "fan lucht te feroarjen", mar ek dêr hearske de pest. Yn 1571 stoar hy dêr, 56 jier âld. Hy wie de op ien nei lêste Abt fan Lidlum, en mei him eindicht ek de list fan Roomske pastoars en geastliken dy’t hjir yn Berltsum tsjinne hawwe.

(Boarne: dûmny P. Nota.)


Hjir moat yn Berltsum (as ik it goed ha) ek noch in Wybrandus Wobbinga tsjinne hawwe as pastoar en hy moat dêrfoar sjinne ha as pastoar te Boksum. (Berltsum?) Hy is letter (1369-1385) Abt wurden fan it Kleaster Lidlum. Syn ferset tsjin it preekjen en oproppen ta in Krústocht waard him net yn tank ôfnommen troch de Biskop fan Útert. Hy waard by Vollenhove ferriedlik finzen nommen en Lidlum betelle 2000 gouden kroanen om him werom te krijen. Wobbinga wie berne yn Weidum,hy wie ek noch Proost (* yn "Vinea Domini" te Penjum west.. Yn syn abts perioade gie hjir de pest (of ek wol de "swarte dea" neamd) rûn dy’t in protte slachtoffers ferge en him mei in protte kleasterlingen de dea ynsleept hat. 

 (* Proast < prepositus = oerste fan in tsjerke.) 

Ek moat hjir yn 1552 te BERLTSUM in Frans Ubles prebendaris west hawwe, yn 1555 wurdt hy kapelaan te Camminghabuorren te Ljouwert en fan 1556 oant 1572 bekend as pastoar te Wjelsryp; yn 1574 wurdt “hy gewesene pastoar aldaar” neamd.

 

FÛNE  ÂLDE  GRÊFSTIENNEN.

By it eardere Kleaster Lidlum binne gêfstiennen fûn fan û. o. in Ysbrand, stoarn yn 1541, pastoar te Seisbierrum; Cornelis, stoarn om 1525 hinne, pastoar te Tsjummearum; fan in Henricus, Boudewijn en in Haaie, allegearre geastliken; fan in JOHANNES, pastoar te Spannum om 1540 hinne, te BERLTSUM oant 1541 ta en te Winsum; fan in Nicolaas, Cornelis, Thomas, Johannes, Petrus, en in Albert allegearre geastliken en fan in Jasper, kapelaan te Menaam.

Boarne : De Premonstratenzer abdij Lidlum en de sielesoarch yn Noardlik Westergoa. De stien -nen wurde bewarre yn it Frysk Museum en/of it Hannema hûs.

Yn of om Berltsum hinne moat ek in stins “Amkema” stien hawwe. Dizze is wierskynlik yn de 13e of 14e ieu boud en al yn de Midsieuwen ôfbrutsen. Troch oerlevering witte wy dat de stins tusken 1369 en 1384 oankocht is troch de Abt fan it Kleaster Lidlum Wibrandus II  (Wybrandus Wobbinga ?) dy it letter skonken hat oan it Kleaster Lidlum. It waard sa in Úthôf fan Kleaster Lidlum. Wibrandus II wie foarhinne pastoar yn Berltsum west.

 *****************************


L.C. 20-4-1882.

Eelco of Ethelocus de XIIe Abt van het vermaarde Klooster Lidlum, was gesproten uit het adelijk geslacht der Liauckama’s, en dus van Friesche afkomst. Hij was eerst priester van Beetgum en BERLIKUM, en werd na den dood van Pipo Sibranda, om zijne deugden, tot Abt van Lidlum gekozen. Hij heeft de kerken van Beetgum, Sexbierum en Spannum onder het beheer van zijn Klooster gebragt. Men getuigt van hem, dat hij minzaam in het vermanen was, maar dat hem de woorden bij het bestraffen vaak te scherp en te vinnig afgingen, waartoe hij zich niet bij uitstek bemind maakte. Eenigen zijner onderhorige monniken, die op een uithoek ("It úthôf Ter Poarte" by Boksum) van het Klooster woonden, vierden hunne lusten den vrijen teugel. (Ûnder oaren sûpen en iten hja fleis op de hillige fêsteltiden. Eelco wie in yn harren eagen neargeastich man.) Eelco ging hen eens, volgens gewoonte, bezoeken, om hen door heilzame vermaningen, indien het mogelijk ware, tot inkeer te brengen. De monniken, die het al lang op zijn leven gemunt hadden, onthaalden hem wel, doch trachtten hem door zware wijnen dronken te maken; maar hij, een afschuw van dronkenschap hebbende, stelde hunne verwachtingen teleur en zocht vroegtijdig zijn slaapkamer op. De eerloze monniken hielden daarop raad hoe zij hem zouden ombrengen, en gingen met dat boze opzet naar zijn kamer. Daar gekomen zijnde, bragten zij den weerloze in hunne woede met een knods zulk een geweldadigen slag op het hoofd toe, dat de hersens er uit sprongen. Maar deze gruwelijken moord bleef niet verborgen: de moordenaars werden met list gevat, aan staken gebonden en levend verbrand. Dit geschiedde in 1322. (om krekt te wêzen, op 22-3-1322.)

(Trouwens yn 1453 moat it ek yn it memme kleaster Lidlum somtiden rûch tagien wêze. De  muontsen dêr moatte yn de pastorije fan Easterbierrum de mei de namme Tjalling neamde koster ris dea slein hawwe.)


L.C. 3-12-1932.

Kloosters in Friesland.

Wybrandus Wobbinga (1369-1385) voorheen pastoor te Boxum en te BERLIKUM.


L.C. 15-8-1987

Een Norbertijner pater uit Hempens.

(Oer Sibrandus Leo.)


L. C. 20-4-1974.

Interessante Friese zaken op oude kaarten van Groningerland.

(Sibrandus Leo.)


L.C. 28-4-1881.

MENGELINGEN.

Bijzonderheden van verschillenden aard der dorpen in Menaldumadeel.

Als edele staten telde Berlikum weleer voornamelijk de sterkten Eijsinga, Adelen, van Sexbierum afkomstig, en Hemmema. Dien laatstgenoemde State was bij hare vernietiging het eigendom van het grafelijk geslacht Aumale. In 1496 hield op Hemmema State verblijf, Doeke Hettes Hemmema, een aanhanger der Schieringers. De Groningers, door de Verkopers en Saksisch gezinden in het land geroepen, belegerden in gemeld jaar de State, waarin Alef Hemmmema met een handvol soldaten, benevens Bauk, de echtgenote van zijn broeder Doeke, die zich in Franeker ophield, zich bevonden. De sterkte van het Slot, de zware aarden wallen en de moed der belegerden, waaronder ook Bauk, hoewel in gezegenden staat, uitmuntte, waren oorzaak, dat de belegeraars onverrigter zake moesten aftrekken, met het voornemen, de poging in verdubbelde mate te herhalen. Deze tweede aanval had spoedig na de eerste plaats. De Groningers vulden, om nader bij het slot te komen, de wijde en diepe gracht met hooi, doch vanuit de State werd het hooi in brand geschoten, tengevolge waarvan de belegeraars negen wagens met gewonden naar Leeuwarden ter verpleging moesten brengen. Eindelijk, ten derde male, met behulp van zeker krijgswerktuig, kat genaamd, beklommen zij de wallen. Alef had nog juist de tijd in den nacht met drie knechten te ontvlugten naar zijn broeder te Franeker, in de hoop met de hulp van dezen het Slot nog te behouden. Te vergeefs. Het Slot werd stormenderhand ingenomen. De soldaten van Hemmema, één uitgezonderd, sneuvelden. Bauk werd gevangen genomen en ondanks haar toestand naar Groningen overgebracht, alwaar zij in de gevangenis aan twee kinderen het leven schonk. Den 6n Februarij 1533 werd Sixtus Hemmema, zoon van Hector Hemmema en Barbera van Gratinga, op de Zathe geboren. Hij ontving te Groningen eene wetenschappelijke opvoeding en studeerde daarna in de wis- en geneeskunde te Keulen en Leuven.Verscheidene beroemde werken hebben hem een naam doen verwerven, onder andere dat over de nietigheid der "Sterrenwigchelarij", in zijn tijd door ontwikkelde mannen bestudeerd. Hij overleed in 1588, 58 jaren oud.


Berlikum had in 1572 veel te verduren van het Spaansch krijgsvolk. Deze benden kozen nu en dan hunne legerplaats of in het nabrige Klooster Anjum, steeds prat op roof, moord en plundering. Een hoop Friesch voetvolk trok den 20n October 1572 naar Berlikum, om de Walen of ander Spaansch gespuis te verdrijven. Teleurgesteld in hunne meenig steken zij den korenmolen en enige huizen bij de kerk in brand, waarna zij vertrekken. Vriend en vijand, beide deden dus in die tijd afbreuk.

Vóór de Kerkhervorming hadden Berlikum en Uitgong een hoofdpastoor, een vicaris en 3 prebendarissen, die allen rijkelijk werden bezoldigd. In de XIVe en de 2 volgende eeuwen had men hier meermalen beroemde mannen tot pastoors, als Eelcko Liauckama, van Sexbierum, Godefridus Andla, van Ried, Sjordus (Siardus of Sierd), van Winsum, Wijbrandus, Theodorus, van Tzummarum, Hesselius, van Oosterlittens en IJsbrand van Harderwijk, die allen vroeg of later tot Abten van Lidlum werden beroepen. Liauckama bracht de parochie van Berlikum onder het oppergebied van Lidlum, welke Abten en vervolgens pastoors aanstelden. Hij heeft in 1320 de kerk en toren te Berlikum doen bouwen, in 1777 door een koepelkerk vervangen. IJsbrand van Harderwijk, was omstreeks 1550 pastoor te Berlikum en van 1553 tot 1568 Abt van Lidlum. Tijdens hij daar pastoor was trok de Hervormde leer zijn aandacht, doch vrees voor vervolging weerhield hem die leer te belijden, totdat hij, na in 1568 zijn ontslag als Abt te hebben verzocht en verkregen, openlijk de Hervormde leer aannam en naar Frankfurt vertrok. Hij overleed te Keulen in 1571.

 H.W. Steenstra te Dongjum.


L. C. 19-6-1870.                                    

EELCKO  LIAUCKAMA. Abt fan Lidlum. (st. yn 1332)

Historische mengelingen

Berne út in âlde sibbe op it ferneamde slot Liauckama te Seisbierrum, yn 1823 ôfbrutsen.  Jong noch fielde hy al foar it kleasterlibben en waard ta priester wijd en dêrnei ta pastoar fan BERLTSUM ferkeazen. Nei it ferstjerren fan Pibo Sibranda waard hy yn it jier 1328 ta de 12e Abt fan it kleaster by Easterbierrun ferkeazen. Hjir yn dit slot wie in skilderij, de fromme Abt Eelcko foarstellende mei in knots boppe syn holle en blommen yn de mouwen fan syn kleed, omreden de leginde fertelt, dat de muontsen ferbaasd stienen, dat nei syn ferskieden (hy waard mei in knots om it libben brocht) syn spui yn blommen feroare waard. It poartegebou  stiet der noch en oan it ein fan de oprit stiet in âlde buorkerij wêryn Marjelle Bloem , gearwenjende oan de Foar -eker 10 hjir yn BERLTSUM mei Tjibbele (Tjip) Willems Terpstra, hjoed de dei mei har mem in party sintrum runt pl. bek. Liauckamaleane 2 te Seisbierrum. Doe’t wy 30 troud wienen hawwe wy dêr op dit histoaryske plak in fantastysk diner hân. It koe net better.

In foto fan Eelcko Liauckama, nei in skilderij fan Laurens Alma Tadema, is û. o. te sjen yn it boek : 2000 jaar leven in een friese grietenij MENALDUMADEEL op side 12 


DE SULVEREN TROFFEL

De tinkstien fan de stifting fan de doe nije skoalle op it plak wêr’t no it Herfoarmd Sintrum stiet, sit yn de muorre efter it sitplak fan de koster. Den 10 May 1773 heeft Jonkheer G.W.C.D. Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlandsberg, out 7 jaaren 3 maanden en 14 dagen, den eersten steen aan dit gebouw gelegt.

(De sulveren troffel, mei deselde tekst, is troch in neikommeling fan him, in sekere Kan, oan de tsjerke skonken. (wurdt bewarre yn de klûs.) Hy wenne op it adres Tusseler 115 / 25  7241 KD te  Lochem.)


************************ 

TROUW. 06-01-2005


Overleden


Georg Wolfgang Carel Duco

KAN


89 jaar


Echtg. van J.O. van Marle.


09-03-1915   05-01-2005

   Assen        Lochem.

*************************


Georg Wolfgang thoe Schwartzenberg en HohenlansbergGeorg Wolfgang Carel Duco, berne op 27-1-1766, doopt op 5-2-1766 en stoarn op 25-9-1808 is de soan fan Georg Frederik van Schwartzenberg en Hohenlandsberg, berne op 23-9-1733 en stoarn op 6-8-1783, en Sofia Elisabeth Karels van Aumale, de Grytman fan Menameradiel. (1766-1783) Hy wie hjir letter ek wer Grytman.




L.C. 5-9-1856.

Bij den Boekdrukker J.R. Miedema, voormalige Vrouwenpoort, te Leeuwarden is van de pers gekomen en heeft bij de Boekhandelaars verkrijgbaar gesteld: Leerrede over het onbetamelijke der ijdele zelfverheffing, door M.L. de Boer, predikant te Berlicum. Prijs 20 cent.


Kennisgeving aan Familie, Vrienden en Bekenden.

Heden ontsliep, zacht en kalm, mijn innig geliefde Echtgenoot, Martinus Lambertus de Boer, in leven Predikant by de Hervormde Gemeente alhier. Hij bereikte den ouderdom van 57 jaren. Bijna 34 jaren was ik met hem in den echt verbonden. Eene hevige borstaandoening maakte een einde aan zijn voor mij en mijne Kinderen zoo dierbaar leven.

Berlikum, den 17 Maart 1870. G. Deinum, Wed. M.L. de Boer.


Yn 1648 waard yn MUNSTER de Frede fan Westfalen sletten. Yn Jeropa, sa waard oerienkommen, kamen ûnôfhinlike steaten ta stân w.û. de Republyk fan é Feriene Nederlannen mei elts syn eigen god tsjinst. Dêr kaam hjir sa in ein oan de 80 jirrige oarloch. Paus Innocentius X hie ek in delegaasje nei Munster stjoerd. It wie de nuntius kardinaal Fabio Chigi fan Siena mei in 15 tal leden yn syn gefolch. Hy hat der yn dy eindeleaze gearkomst net in grutte rol spile en hie der net folle yn te bringen. Hy wie in grut hynste leafhawwer en sa woe hy yn 1646 fia in omwei de doe ferneamde hynstemerke fan Berltsum ek ris besykje. Syn ferbliuw sil wol by de Hemmema’s (Doecke Siercks) west ha, tink ik. Yn 1655 is hy ta Paus keazen ûnder de namme fan Alexander VII. Yn Berltsum wie dit de oanlieding, om as neitins oan dizze besite hjir oan Berltsum, hjir in tinkstien op te rjochtsjen. De stien wurdt no bewarre yn it Frysk Museum te Ljouwert.

(Dat Alexander VII., as neitins oan him, sa as men hawwe wol, op de wynfane fan de Koepeltsjerke stiet wol my net oan. Sjoch oer de wynfane mei de DO haadstik 80.)

 

GODSTSJINSTOARLOCH.

Soevereiniteit as basis fan de manier wêrop lânnen mei inoar omgeane is al mear as 464 jier âld. Yn 1648 waard de Frede fan Westfalen tekene. De wichtigste twa ferdragen hjirfan wienen de Frede fan Münster en de Frede fan Osnabrück. De earste makke in ein oan de Tachtichjierrige Oarloch tusken De NEDERLÂNNEN en SPANJE; de twadde slette de Tritichjierrige Oarloch ôf dy ‘t de Dútske gebieten en it midden fan Jeropa taheistere hie; beide hienen KENMERKEN fan in godstsjinstoarloch tusken PROTESTANTEN en ROOMSKEN. It belang fan de Frede fan Westfalen foar de ynternasjonale polityk wie dat FOAR IT EARST yn de skiednis op papier fêstlein waard, dat Steaten prinsipieel soeverein binne en dat as gefolch dêrfan lânnen harren net ynmingen yn inoars ynlânske oangelegenheden. Dizze prinsipes binne noch altyd liedend yn de ynternasjo -nale bannen. Troch it Ferdrach fan Westfalen ferfoel allyksa godtsjinstich ferskil fan miening as “casus belli”, as oanlieding dus om in oar lân wapene binnen te fallen. It oannimmen fan de nije prinsipes hat enoarme gefolgen hân foar de wize (manier) wêrop steaten mei inoar omgeane. Lytse naasjes sa as Nederlân en Switserlân waarden selstannig en prinsipieel GELYK oan de machtige steaten wêrfan ‘t hja earst ûnderdiel west wienen. De privileezjes yn de ynternasjonale polityk fan grutte Roomske hearsers mei harren universele oanspraken as de Habsburgers en de Paus wiene foarby.


Út de quaclappen 1600-1612. (Sivile fonnisen fan it Hôf fan Fryslân.)

Nicolaas Johannes van Sneek, predicant te Belkum, in de naam van zijn Beneficie, contra Rienck Martens, mederechter in Menaldumadeel. Het Hoff verklaart de opzegging van de vier pondematen land ten processe uitgebracht, den gedaagde gedaan, wel en terecht gedaan dien volgende cond. de gedaagde, om tot profijte van de impetant de vs, vier pondematen landts te ontwijken, ende dezzelve te laten volgen, en restitueren met de vruchten, profijten en emolumenten, daarvan sedert de opzegginge gehad en genoten, nog te hebben en genieten tot de relaxatie vandien en cond de gedaagde in de kosten tot Hoffs tauxatie. Den 15-10-1600.


Út supra.

Yn 1601. Mr. Jacques Reeneman (Vredeman?) Muziekmeester en burger in Leeuwarden contra JACOB LAUTENBACH des Vreeschen (fan ‘e Fryske) Regiments gerichts scholtus... de ged aan de impt te betalen 42 car. gld voorts niet ontvangbaar.


(JACOBUS Lautenbach is de foarheit fan in protte Berltsumers, sa as in JACOBUS van Schepen, JACOBUS Wassenaar etc etc.)


Yn 1511 komt Folpert Tiettessoan foar as hierder (boer) te Easterein. Yn 1542 is in Tiete Folperts Baerdt eigner fan lannen te Arum. Hy komt te ferstjerren yn 1546. In Folpert Tiettes Baerdt is "gea man" (doarpsrjochter) te Arum yn 1561, tsjerkfâd te Arum yn 1569 Folmacht fan Wûnseradiel yn 1572, fan 1614 oan ‘t syn dea ta Sekretaris fan Menameradiel wenjende te Berltsum. Ferstoarn tusken 1582-1585. Syn heit wie Tiette Folperts de soan fan Folpert Tiettesz (yn 1511) meyer te Easterein, berne te Skingen of Arum (gem. Baarderadiel) yn 1480,1481 of 1490 boer op Baarderbuorren ûnder Arum en lâneigner te Marum [1542/1543]. Ferstoarn tusken 1543 en 1547.

Syn mem is Duerdt (Duedt) Sjuerdtsdr., dochter fan Sjoerd (Syuerdt) Aesgema en Doedt (Duedt) Offkes Dotinga, berne te Menaam, om 1485 hinne. (De boarnen komme net altyd oerien.) De namme Baerdt sil wol fan Baarderbuorren of Baarderadiel komme. In grêfstien fan dizze sibbe leit foar it doopstek yn de Koepeltsjerke.

Neikommelingen fan Folpert Baerdt binne û.o. de Baarda’s en Douma’s fan Menaam mei dêryn ek de noch altyd foarkommende foarnamme Folpert. De yn de Osinga sibbe foarkommende nammen Gerlof en Sybe komme ek út de Baarda sibbe wei.

(bu. R) ANNO 1649 DEN 9 SEPTEMBER IS IN / DEN HEERE GERVST D’ EERENVESTE EN ACHTBAREN FOLPERT / BAARDT SECRETARIVS VAN MENAL / DVMADEEL OVD IN SYN ........ ENDE LEYT ALHIER BEGRAVEN / 

(bi. R) ANNO 1657 DEN 14 OCTOBER IS / IN DEN HEERE GERVST D’ EERBARE SYDTSKE BAARDT HVYSVROUWE / VAN FOLPERT BAARDT SECR: / VAN MENALDVMADEEL.........

ENDE LEYT ALHIER BEGRAVEN /


Net werkenber all. -wapens ûnder een helm mei wrong; helmt.: 3 strúsfearen.


Ao 1618 DEN 8 APRIL STERF DE EERBARE / ANKE HETTE DOr ECHTE HUISFROU VAN FOLPERT / BAARDT SECRETARIS VA MENALDUMADEEL OLT 26 IAER /

ANNO 1706 DEN 26 IANUARIUS IS IN DEN HEERE GERUST DEN / EERSAMEN FOLPERT LAESES BAARD PROCUREUR POSTULANT VAN / DEN GERECHTE VAN MENALDUMADEEL OUT 49 IAER ENDE LEIT ALHIER BEGRAUEN /

ANNO 1726 DEN 9en 9BER IS IN DEN HEERE GERUST DE EERBARE EN / DEUGHDENRYCKE VROUW AUKJEN BAARD IN LEVEN HUISVROUW VAN / RINTIUS POSTUMUS ONTFANGER VAN DEN DORPE HOLWERT IN HET 33 / STE JAAR HAARS OUDERDOMS EN LEIT ALHIER BEGRAVEN /

ANNO 1667 DEN 18 IUNI STERF MAERTEN VAN / BAARD LUITENANT VAN EEN COMP. TE / VOET OUT 34 IAER ENDE LEIT HIER BEGRAVEN /

ANNO 1676 DEN 10 OCTOBER IS IN DEN HEERE GEUST / DEN EERSAMEN TIETTE VAN BAAR OUT ONTRENT / IN SN 47 JAER ENDE LEIT ALHIER BEGRAVEN /

(Rintius Posthumus wie de soan fan Nicolaas Posthumus en Anna Rintjesdr. Abbema te Ternaard.)


L.C. 22-6-1954.

GREAT FRYSKE tsjerketsjinst yn BERLTSUM.

Berltsum hat dit wykein bisite hawn fan in selskip Noardfriezen. Sneontejoun kamen de gasten yn it doarp oan. Hja waerden ûntfangen yn it "Herfoarme Sintrum" dêr’t de pleatslike sjongferiening "Lytse krêft" in stikmannich lieten heare liet en dêr’t men ek meiinoar song. Dûmny (Romke) Bijl spriek de gasten in wurd fan wolkom ta. Sneintojoun waerd yn ‘e Greate tsjerke in bisûndere tsjinst hâlden. Ds. Bijl spriek oer "De goede Hoeder" en dûmny Bernard Smilde, Grifformeard dûmny to Garyp, oer "Dat ferlaäsen shaip" Lêst neamde spriek yn it Noardfrysk. De gesangen waerden yn it Frysk en Noard Frysk songen. De tsjerke wie grôtfol. (Romke Bijl is op 25-12-1909 berne yn Drylst út in Grifformeard gesin. Hy studearre teology yn Kampen. Nei in jier dêr, is hy nei de Herfoarme tsjerke oergien. Hy studearre fierder yn Útert en Grins. Hy hat û.o. yn Berltsum dûmny west. Hy besette ferskate funksjes op klassikaal nivo en yn it ûnderwiis. Hy wie inkelde jierren lid fan de Generale Synoade fan de Herfoarme tsjerke. Yn 1954 publiseare hy in geskrift oer de trije boeken fan Jehannes en yn 1962 "Belijden en Oeucumene". It boekje: Het gebed om het bidden te leren etc. etc.. In protte artikels fan syn hân ferskinden yn Hervormd Nederland, Hervormd Weekblad "De Gereformeerde Kerk", In de Waagschaal en oare tydskriften. Hy fersoarge yn 1952 de earste Fryske (lânlike) radio tsjinst foar de doe tiidske IKOR (Interkerkelijk Overleg in Radio aangelegenheden) en wurke mei oan in grut tal Fryske útjeften op tsjerklik gebiet. Hy wie Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy hie trije bern : Dieter, Pyt en Romke jr. Mei lêstneamde ha ik wol in protte boarte en hutten boud yn de doe noch folle gruttere pastorijetún) 


IT NOARDFRYSK.

It Noardfrysk wurdt sprutsen yn Noard - Dútslân, yn it westlik part fan ‘e Kreis Noard - Fryslân (Dútsk : Nord Frysland), dy ‘t yn it noardwesten fan ‘e dielsteat Sleeswijk - Holstein leit en dêr ‘t Husum de haadstêd fan is. It Noardfryske taalgebiet beslacht in krite oan ‘e Noardseekust, fuort besúden de Deenske grins, en acht eilannen foar de kust. Fierder wurdt it ek praten op it ta de Kreis Pinnenberch hearrende eilân Hilgenlân (Helgoland) yn ‘e midden fan ‘e Dútske Bocht.


DE FEANSTER 2-5-1975. Ridder in de Orde van Oranje Nassau.

Romke Bijl. Ds. R. Bijl (65 jaar) werd geboren in een Gereformeerd gezin in IJlst. Hij studeerde theologie in Kampen en werd op 25 jarige leeftijd bevestigd in het ambt van predikant van de Nederlands Hervormde gemeente van Drogeham op 16 december 1934 door zijn (yn Wâldsein berne)  studievriend, thans professor doctor Roelof Bijlsma, hoogleraar te Brussel. Ds Bijl was vervolgens predikant van de Nederlands Hervormde gemeente van Emmercompascuum, Haren (Gr.), BERLIKUM, Haarlem, Joure en Buitenpost. (1967-1974) Ds Bijl heeft een diepgaande studie gemaakt van de Kirchliche Dogmatik van prof. dr. Karl Barth. Hij was lid van de Generale Synode van de Nedederlands Hervormde Kerk in de jaren 1949, 1950, 1953 en 1954. In 1946 schreef hij een boekje, pastorale handreiking over het gebed, met als titel "Volhardt in het gebed". Voorts schreef hij twee theologische werken getiteld: "Het leven is immers verschenen", een commentaar op drie brieven van de apostel Johannes. (1953) en "Het Onze Vader" Het gebed om bidden te leren (1963) Een bijzonder belangrijke zaak waar ds. Bijl zich mee bezig hield was de zgn "Gemeente Opbouw beweging". Reeds in Haren en vervolgens vanuit BERLIKUM was ds Bijl één der voormannen in het Noorden van de gemeentebeweging (Kraemer, Haitjema en Banning) binnen de Hervornde Kerk, die tenslotte uitmondde in een TOTALE reorganisatie van de Hervormde Kerk als Christus belijdende Geloofsgemeenschap. Ds. Bijl heeft in die jaren op haast onnavolgbare wijze, mede door zijn evangelische instelling, er geweldig toe bijgedragen, dat in vele plaatselijke gemeenten, de verschillende "Richtingen" in de Ned. Herv.Kerk elkaar gingen ontmoeten / herkennen en samenwerken. Naast zijn pastorale taak heeft ds. Bijl nog ander bijzonder belangrijk werk gedaan en wel de vertaling van verschillende Bijbelboeken in het Fries. Dat heeft hem heel wat jaren aan tijd en inspanning gekost. Hij werd door de Stifting Fryske Bibeloersetting in eerste instantie aangezocht voor het vertalen van het Nieuwe Testament, maar hij bleek naderhand bereid het Oude Testament - dat veel moeilijker te vertalen is - ter hand te willen nemen. Hij vertaalde de boeken Esther, Psalmen Spreuken, Hooglied, Prediker 1 en 3 Koningen en de Klaagliederen van Jeremia. Dit zijn boeken van verschillend karakter. Koningen en Esther zijn verhalend proza. Psalmen, Hooglied en Klaagliederen zijn sterk lyrisch, terwijl Spreuken en Prediker meer het wijsheidsgenre vertegenwoordigen. Deze verscheidenheid vraagt van de vertaler stylistisch en bijzonder sterk variabel invoelingsvermogen. En dat heeft ds Bijl. Hij deed zich daarbij voorts kennen als een intelligent theoloog, die dit deel van dit machtige werk met soepelheid, creativiteit en groot doorzettingsvermogen volbracht. Hij werkte mee aan de Bijbelvertaling die naar gehoopt wordt in 1976 zal verschijnen. De vertaling heeft ten doel, de Friezen in de kerk, maar ook van "buiten"de kerk en niet alleen voor de Friezen in het het oude "Heitelân", maar overal ter wereld. Dit om ze te kunnen aanspreken met de Oude Boodschap in een nieuw gewaad.

(Sjoch ek de L.C. fan 26-10-1974. Ds. Bijl: "Ik bin bidoarn troch de smûkens fan de wâlden".)


L.C. 29-12-1962.

Herontdekte rijkdom.

(ds. R.Bijl.)


L.C. 4-4-1992.

Yn it Frysk libje, leauwe yn it Hollânsk.


Út it notulen boek fan de tsjerkeried fan é Herfoarme Gemeente fan Berltsum.. Aanmerking. Ingevolge het Besluit van het Algemeen Christelijke Synode, den 30 July 1836 in ‘s Gravenhage genomen omtrent de werkzaamheden der Kerkeraden enz. is dit boek, uit de Kas der Diakenij gekocht, aangelegd, om daarin de Handelingen des Kerkenraads te boeken en de ingekomen kerkelijke stukken te Registreeren. DE OUDE KERKEBOEKEN VÓÓR DEN JARE 1772 AANGELEGD ZIJNDE, ZIJN BIJ HET OVERLIJDEN VAN DS. P. NOTA TE ZOEK GERAAKT EN ALLE MIDDELEN OM DEZELVE OP TE SPEUREN ZIJN VRUCHTELOOS GEWEEST. Daar er sedert den dood van gemelde ds. P.Nota geene buitengewone bijzonderheden voor den Kerkenraad behandeld zijn en men steeds in de hoop verkeerde, dat HET OUDE BOEK der KERKENRAADHANDELINGEN weder gevonden zoude worden, zoo is het aanleggen van dat nieuw boek achtergebleven tot de nieuwe Kerkelijke Organisatie zulks gevorderd heeft.


As ÂLDERLINGEN hawwe hjir sunt 1836 tsjinne û.o.: Arriën Kornelis (van Dussen), Jan Sierds Tuinstra, Klaas Johannes Werkhoven, Tijs Pieters de Boer, Keimpe Reins de Boer, Rinse Anskes de Groot, Thomas Anskes de Groot, IJme Taekes Appelhof, Eeltje Douwes Schiphof, Gerlof Klazes Osinga, Wybe P. de Jong, Gerben Jacobs Faber, Sijbren Hanses Faber, Klaas Klaases van Gelder, Theunis Jans Runia, Teake Klaases Lautenbach, (Hy wie yn it plak kommen fan de ta âlderling beneamde Theunis Jans Runia, dy fersocht hie "wegens de groote zwakheid van zijn gezigt, van die benoeming verschoond te mogen worden". Hy wie doe 52 jier âld.) Wybren Sybes Krol, Wybe Sijes de Jong, Jacob Annes de Vries, Gerben Jacobs Faber, J. de Rapper, Dedde Jacobs Appelhof, Andele Douwes Boorsma, Heerke Dirks Tilstra, Jarig Gerrits Winselaar, Rinse Tjeerds Peterzon, Minne Reins Schiphof, Pieter Klazes Bijlsma, Aart Klazes Aartsma, Klaas J. van der Schaaf etc. etc. (It kolleezje fan âlderlingen wurdt ek wol it konsistoarje neamt. Tink mar oan it wurd konsistoarje keamer / gebou.)


As DIAKENS sûnt 1836, om mar in pear nammen te neamen: Rense Anskes de Groot, Lolke Klazes Boomstra, Fedde Haukes Hager, Heerke Willems Dijkstra, Gerben Jacobs Faber, Fokko W. Fokkens, Klaas Renses de Groot, Theunis Jans Runia, Sijbren Hanses Faber, Sjoerd Jans Jongsma, Sije Wybes de Jong, Gerke Klazes de Jong, Tabe Sjoerds Winselaar, Arjen Jelles de Vries, Jacob Annes de Vries, Nanne Sijbes Osinga, Klaas Taekes Lautenbach, Gerben Jacobs Faber, Dedde Jacobs Appelhof, Laurens Aukes van der Meij, Johannes Binnema, J.G. van Temmen, F.H. van der Meulen, Pieter Klazes Bijlsma etc. etc.


As TSJERKFÂDEN fan Berltsum hawwe hjir fungearre sûnt 1772, sa mar wer in pear nammen: H.(endrik van Theeken, Ewert Annes Nauta, Michaël Hulshuijs, Jacobus Horatius Lautenbach, IJme Daniëls van Schepen, Douwe Eeltjes Schiphof, Willem Andeles Boomsma, Cornelis Douwes van Gelder, Theunis Meetsma, Rein Willems Spoelhof, Thomas Cornelis Westerdijk, Andele Lolkes Boomsma, Fokke Willems Fokkens, Klaas Johannes Werkhoven, Hans Sybrens Faber, Sape Andeles van Hout, Eeltje Douwes Schiphof, Johannes de Valk, Klaas Osinga, Rein Jeremias Quarré, Lammert Jeremias Quarré, Jan Sierds Tuinstra, Douwe van Gelder, Bartele Hoogterp, Noch wer letter Jan Gerrits Haquebart, ferskate Osinga’s, Runia’s en Lautenbachs

etc. etc.


Op 24-1-2005 is de webside fan de Koepeltsjerke preseanteare yn it Herfoarmd Sintrum troch 2 studinten ynformatika fan De Friese Poort yn Ljouwert. De beide studinten hienen dit as ôfstudear projekt keazen.


"De Achttsjen".

Fjirtich jier ferlyn (yn 1963) fûn yn de Jaarbeurshallen te Útert in oprop plak fan 18 Herfoarme en Grifformearde dûmny’s (de "18") om meiinnoar as tsjerken (van "Kerken tot Kerk") fierder te gean en wer byinoar te kommen. Earder al waard der in Herfoarmd / Grifformeard kongres "Van kerken tot kerk" holden op 26-5-1962 yn de Domtsjerke te Útert. Krekt as it Joadske folk, ek fjirtich jier ûnderweis west hat yn de woestine, hat it tegearre ûnderweis proses ek sa wat 40 jier duorre ear’t de nije Tsjerke Oarder fan de lanlike P.K.N. op 1-5-2004 yn wurking steld waard. Hjir yn Berltsum waard besletten om pleatslik de âlde nammen fan de gebouwen: Herfoarme tsjerke en Grifformearde tsjerke, dêrom te feroarjen yn de "Koepeltsjerke" en de "Krústsjerke". De lêste namme, oan it griene krús op de tsjerke toer ûntliend, mar it werinnert ek noch oan de hjir yn Berltsum stien hawwende âlde "krús"tsjerke "Sinte Michaël". Yn de tsjerke oarder fan de P.K.N. wurdt de Tsjerkfâldij no neamd: it Kolleezje fan Tsjerke Rintmasters en de Diakonije: it Kolleezje fan Diakens. Op snein 19 septimber 2010 binne de Herfoarme gemeente en de Grifformearde tsjerke fúseard ta de Protestânske gemeente fan Berltsum. It yn desimber 2010 útjûne nije tsjerkeblêd hat fan dy tiid ôf de namme krigen fan "Tsjerkelûden".


Op 1 maart 1849 waard der by de tsjerkeried in skriftlik protest yntsjinne tsjin it Algemiene Reglemint (Bestjoeren tsjerke) mei alle feroarings en anneksen dy’t yn striid achtte waarden tsjin Gods hillich wurd en de belidenis (de trije formulieren fan (un) ienichheid) fan de Herfoarme tsjerke. Hja woenen werom nei de Leerrigels fan de Synoade fan Dordrecht (1618-1619) en de Belidenis útdrukt yn de 3 forulieren fan Ienichheid. De measten fan de boppe neamde nammen (fan tsjerkeriedsleden) wienen it iens mei de ûndertekeners fan dit protest. Hjir út blykt it folgjende:

De tsjerkeried (besteande út âlderlingen en diakens) is dus altyd (meast) rjochtsinnich west!

Spitigernôch wienen fan de 38 (* ûndertekeners, 34 persoanen gjin lidmaten fan de tsjerke, sa dat de doe fungearjenjende tsjerkeried oardielje moast, dat allinne de lidmaten (belidende leden) it foech hienen om tsjin ienich tsjerklik beslút te protestearjen en de tsjerkeried dus net oars dwaan koe dan, om it protest net oan te nimmen.

(* Doopleden- en berteleden mochten ommers net stimme yn tsjerke oangelegenheden.)


Sjoch:

"Wij zien alleen naar het inwendige en niet naar het uitwendige.”

(De belijdenis en de feminisering van religie in Nederland.)

(Adjan Logmans, juni 2011.)