Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsum,

yn it midden en it ein fan de 20e ieu.


BERLTSUM wie dan wol net it haedplak fan de gemeente Menameradiel, it wie wol hiel lang it grutste doarp yn de gemeente. It wie neist túnkers / hôfkers doarp ek foaral middenstâns doarp. Der wienen in protte winkeltsjes en bedriuwkes wêr't de ynwenners in bestean yn fûnen. Yn it midden fan de 20e ieu wienen dêr noch: yn elts gefal fjouwer slachters, en dan neam ik sa mar wat winkels mei sa mar wat nammen, as in Douwe Hette's Hettema, in Fedde Joh's. van der Graaf, in Sybren Wopke's Spanjer, in Klaas Lolke's Smit. Olve bakkers wienen der, sa as in Douwe Palma (Douwe en Dieuwke) en dêr tsjinoer yn de Buorren in Piet Palma, in Hette Gerrit's Jellema, in Jan Ulbe's van Dijk, in Jan de Jong, in Tjeerd J. Posthuma, in Durk Willem's Renzema, in Paulus Hofstra, in Thomas Rispens (earder Turkstra) in Jouke de Vries (earder P.R. de Boer) en in Hein E. van der Meer. Seis winkellju, sa as in Durk Joh's.Steenstra, (Durk en Yke) en letter Frans Haarsma (Frâns en Geiske), lid f.d "Sperwer", in Dirk Joh's. van Wigcheren, lid f.d. "Végé", Jan van der Meer, lid f.d." Spar" (letter Willem Rondon en dêr foar oan’t har ferstjerren yn 1955 ta, in Willemke Lautenbach-Kooistra, de mem fan Simon en Heerke Willems Lautenbach cs.), in Durk P.Terpstra, lid f.d. "Cööp. Excelsior". In Auke Wop's Miedema, Rjochts de Vivo winkel fan A.W. Miedemalid f.d. "Vivo", in Albert P. van der Ploeg, in Heerke J. van der Plaats en fierders hienen in âld faam, as Griet Miedema (mei de bynamme " Gryt pakje tee"), in widdo frou as Sietske Post - de Haan ("Sietske bûterbonsje"), beide wenjend op de "Rolsma "streek, en in widdo Uilkje Dusselaar - Klaver, dy't midden yn de Buorren wenne, mei in winkeltsje, al wie it wat yn beheinde mjitte. De lêst neamde hie yn de winkel guod sa as bgl. wekglêzen en ringen, petroalje stellen, potten en pannen etc. Fjouwer grientelju wienen hjir, sa as in Ealse Groeneveld, in Kees Korf, (letter oer nommen troch syn skoansoan Jaap Wiersma), in Wieger Rintje's Rekker, de "Brug"winkelman, en in Willem Klazes Pranger. Foar izer- en smeiwurk koenen hja terjochte by de twa (hoefizer) smidderijen, sa as in Douwe Doeke's Sijens en in Minne Abe's van der Meulen. Hûs fan Oane Boomsma (lofts op de hoeke Buorren/Lytse Buorrren)In drogisterij annex optiek winkel (boud yn 1880) wêr yn de frijfeint Anne Anske's Boomsma wenne, dy't de Berltsumers dy't sjendereachen efterútgongen, der wer boppe op holp en wer útsjúch joech. Hy hat in hiele protte doarpsflms makke dy't dan letter wer yn de wintertiid, yn de grutte efter seal, fertoand waarden by kastlein Douwe Fokkinga yn it "Hof van Holland". De lapke / tekstyl winkels fan Klaas Looyenga, Durk Wassenaar en Tsjerk Haagsma. Daniël (yn de folksmûle Daan) de Jager hie in oannimmersbedriuw yn it lizzen fan wetterleiding(buizen e.d.) en in pompmakkerij. Hy wurke yn haadsaak foar de I.W.G.L. (Intercommunaal Waterleiding Gebied Leeuwarden). De trije fytsmakkers, sa as in Louw(rens) Hendrik’s Posthumus, in Klaas Holste's Meijer beide yn de Buorren en in Auke O. de Vries dy 't yn "de Hemmema poarte" wenne boppe de winkel. Dan de trije brânje hannelers t.w. Harmen Douwe's Siegersma, Pieter Bangma en Lourens Zwart. De fiif timmerbedriuwen, mei in Pieter Lolke's Lolkema, in Lourens van Dokkumburg, in Pieter Douwe's van der Zee, in Popke Dooitje's Schram, en de timmerman Klaas Smid. Skuonmakker Theunis Wassenaar "de skuonkletser" oan de Wiersterdyk, letter wenjend op de Sybe streek. De skuonwinkels fan de med. dipl. fuotkundige en orth. maatskuonmakker J. van der Zande en letter noch fan Onijdus Gerrit's Sijtsma & Soan., dy't yn it pân mei de wiizerplaat kommen is te wenjen wêr't earder Klaas Holste's Meijer wenne hat, en dy 't krekt dêr foar ferhúze wie nei it hûs dêr neist op de hoeke Buorren / Tsjerkestrjitte. Hy hie neist de elektro winkel ek in fytsewinkel. Klaas Meijer wie Enne S. de Haan yn 1936 opfolge, dy’t foarhinne û.o. ek klok & oerwurk makker en de útfiner fan it elektrysk klokliedenen west hat. Dan wienen dêr de elektro winkels fan in Minne Klaze's Palma en in Sjoerd Rinse's Peterzon. Augustinus Jacobus Wetting hie in leadjittersbedriuw. Fjouwer kappers holden de Berltsumers koart op ‘e holle en glêd om de mûle, t.w. Pieter Burrie, Frits (Focco) Frölich, Jouke Zuiderhof en Johannes Halma. Minne Douwe's de Geele hie in drank winkel foar de (stille) drinkers thús. Lutske Gysberts Bosma, de widdo fan Abraham Alberts Walsweer, (hy wie kleanmakker) runde in boek en útlien winkel foar de net útlêzene Berltsumers. It N.N.K. (Noard Nederlânske Keunstdonghannel) bedriuw, no "Agra-totaal", hannele yn keunstdong, feefoer en branje. Fuormanderijen (tsintwurdich leanbedriuwen neamd) waarden útoefene troch bygelyks in Jan- en Douwe Douwe's Wassenaar, in Hielke Durk’s Herrema en in Fedde Gooitzen's Sjoerdsma. Op it Hemmemaplein wie Ate Westra de klompen winkelman dy't soarge foar "de " Skerjontsjes". Oan de winkelbûtenmuorre hong in grutte giele klomp. (oan’t 1937 ta hie S. Posthuma wenjende oan de Achterweg (Hôfsleane) hjir ek al in klompewinkel annex krûdenierswaren en grutterswaar.)

Eardere pand skildersbedriuw fan Sjoerd PlantingaFervers wienen Durk Ale's Strooisma, Romke Jans van Reenen en Sjoerd Plantenga, (Sjoerd en Seeske Plantinga-Hek) de lêstneamde as opfolger fan Joh. Hoekstra. Dan wie der de tabakswinkel fan Freerk Durk's Lautenbach, in sosiaal man, dy 't de Berltsumers holp as hja (oan) de sigaar wienen. De kiosk op it Hemmemaplein fan Johannes Wytze's de Haan. Hjir wie ek smokerij, prúmtabak e.d te krijen. (Lam)bertus Postma dy’t earst mei syn mem (moeke) op de Skythúsbuorren wenne en letter op It Dok. Hy wie boekbiner en in neef fan de doe yn de Smitssteech wenjende koaltsjer Lammert Nanne’s Osinga. Ulbe Klaze’s Pranger hie in hôf / túnker (hoveniers) bedriuwke. Letter is Johan van Tuinen in hôf / túnkjen (hoveniers) bedriuw begûn oan de Hemmemawei. In blommenmagazyn fan G.(erben) R.(eins) Schiphof. Harmen Brouwer ("Bline Harm") fan de Wiersterdyk, wie hjir de bjindermakker en biezembiner. Sytse Jan’s Bosma wie de tsiiswinkelman en fan de "ring segels". De boade tsjinst op Ljouwert wie fan de bruorren Adolf en Wybren Boomsma. Wybren is op 1-7-1975 as lêste opholden. (Dizze Boomsma sibbe komt oarspronklik fan Minnertsgea/St Jabik en stamme ôf fan Wybe Piers.) Dêrfoar wie it de kombinaasje Tuinenga & Boomsma en dêrfoar wer de boade (beurt) tsjinst fan de Fa. Visser & Wijkstra. De kombinaasje Visser & Wijkstra hat ek it eardere transport bedriuw fan Runia en de Bruorren de Haan oernommen. De bruorren Jacobus en Pieter Jan’s Wassenaar hienen in feetransport en dongferfier bedriuw, wat letter yn útwreide sin trochset is troch de soannen Jan- en Koos Pieter’s Wassenaar. Bram Joostema fan Minnertsgea en letter yn Berltsum wenjende oan de Jetskereed hie oan’t it jier 2000 ta in blommen transportbedriuw. De trije brijkarren útgeande fan de Berltsumer molkefabriek mei as útsútelers Dooitze Hein’s Dijkstra, Durk Gooitsen's Sjoerdsma en Pieter Faber lieten de Berltsumers yn de waan, dat hja "mei molke mear mânsk" wienen. Fedde J. Winselaar levere horloazjes, klokken, boarters- en oar lúks guod, mar ek as jo yn de priizen foelen. Dêrfoar siet hjir yn de winkel, syn skoanheit Sj.(oerd) Tolsma. De klean makkerij fan Wopke Auke’s Miedema wie noch "manu factu ". Wopke wie jierren lang foarsitter fan de Bûn fan Kleanmakkers patroans. De drukkerij en boekwinkel fan de bruorren (û.o.Bein) Westerlaan soarge foar it printwurk en útjeften fan û.o. boeken en toanielstikken.Hjir wie oan de Tichelersdyk in pomp-, blok- en mêst makkerij, oan’t 1903 ta fan Thomas Rinks Groenveld en is letter fuortset troch syn soan.De opfolgers dêrfan wienen de bruorren W.en F.B. van Dijk, wêrfan Freerk Bouwe’s van Dijk de lêste pompmakker yn Berltsum wie. De kastleins Joh. E. Folkertsma en letter Jelke Douwes Fokkinga (yn it "Hof van Holland"), Auke van der Meij en letter Jurjen Uitterdijk (yn it Café " De Brug ") en in protte oaren soargen dêr foar dat de Berltsumers net útdroegen, want oars waarden de beide dokters Jacob J.Kwast sr. en J.Kwast jr. der wer de dupe fan omdat hja dan wer opdrave moasten.. Hellingbazen wienen de bruorren J.& B. (Jabik en Bernardus) en letter Jabik B.van Manen en in Jelke Joh. Jasper, beide festige yn de Bûterhoeke. Van Manen is yn de Bûterhoeke oergien op de bou fan lânboumasines op oantrún fan in âld wurknimmer, no wurkjende yn de lânbou, wêr’t hy ris mei opfytste nei in publ. ferkeap op ‘e Ryp. (Dronryp). Letter is it bedriuw ferhûze nei de Bitgumerdyk. (de fabryk efter it hûs mei de namme " Anna / Dirk".) No stiet it bedriuw tsjinoer it benzine stasjon oan de Bitgumerdyk Bitgumerdyk op hûsnûmer 12 mei de namme K.W.B. b.v. (Konstruksje Wurken Berltsum). Ek joech de jirpel en griente feiling "De Afslag" in soad drokte en op de súvelfabryk wurken in protte minsken. Yn de jirpel loadsen fan Jacob Douwe's van Dijk, Goasse Hylke's Miedema, Hendrik Andries de Haan en De Boomsma's (Andele, Dirk) wie yn it nei jier altyd wol wurk te finen. Garagebedriuwen as Cor Rotgans (haaddealer Commer en M.A.N.), Wopke, en letter syn soannen Hendrik en Willem Rinsma. (dealer Alfa Romeo en Scania) en Hille Nijland (dealer Pontiac en GM continental) hâlden de Berltsumers op ‘e dyk. De hearen Rotgans en Nijland wienen tegearre as garagehâlder yn Berltsum begûn en letter apart. Nijland is noch wer letter yn 1956 nei Ljouwert ferhûze nei it nije, mei boppewenten troch him stifte, grutte garagebedriuw oan it Europaplein.(as Mercedes dealer). It pân oan de Bitgumerdyk nû. 21 is letter de trekker garaazje (Massey Ferguson) wurden fan de fan it Bilt (Âldebiltsyl) ôfkomstige bruorren Siderius. Famylje fan harren binne earder boer west yn Wier, t.w. in Broer Pieters Siderius yn 1874 op (neist) "Lauta State" en in Evert Pieters Siderius yn 1874 op "Easterwal" oan de feart.. Andele Willems Boomsma hie in trekkergaraazje ca. op de hoeke Hôfsleane / Mulseleane, nû. 81 wêr’t earder busûndernimmer Hindrik Schat wenne hat. It bedriuw is no festige oan de Bitgumerdyk nû. 17. Dan wie der noch it benzinestasjon fan de eardere Wierster / Berltsumer busûndernimmer op û.o. Frjentsjer en Ljouwert, Hendrik Schat, letter wenjende op no Hôfsleane hûs nû. 81 en noch wer letter oan de Bitgumerdyk op hûs nû. 10. Hy hat de ûndernimming letter oerdroegen oan busûndernimmer H.J.Tolman yn Ljouwert. (L.A.B.O.) In yn 1926 bekende doe lúkse autobus mei de namme "Expres"wêryn 20-23 persoanen koenen wie de grutte trots fan Hendrik Schat. De notaris, (sa as in Geijtenbeek, Alma, de Boer, van Hulst, H.A..Nammensma, Dirk B. Posthumus, Mr. Tjeerd. J. Koelmans), de doarwaarder Gosse Heeringa earder notarisklerk te Mitselwier, yn 1904 noch beneamd as doarwaarder by it Berltsumer Kantongerjocht. (want earder wie der de kantonrjochter Johan Klasing Schonegevel en letter noch Mr.J.H.Dull dy't sitting hâlden op de boppeseal fan "Hof van Holland".) Mr.J.H. Dull wenne, as ik it goed ha, yn it hûs wêr’t letter K.J. van den Akker yn wenne en noch wer folle letter Sake Frânze’s Faber, de fytsmakker, wenne hat, by it Berltsumer hûntsje. Pieter Visser hie in boekhâld en administraasje kantoar. Pier Bakker (foarhinne û.o. boer west) wie in pension begûn oan de Wiersterdyk yn de âlde Grifformearde tsjerke en pastorije yn 1969 mei de namme "Welgelegen". Hja wienen hjir allegearre net wei te tinken. Sels wienen hjir in belêsting- en ûntfang kantoar, in post- en in telegraafkantoor (P.T.T.) en twa banken. Trije legere (basis) skoallen, 2 beukerskoallen, in lânbouhúshâldskoalle en in túnbouskoalle, no (noch) in bibleteek oan de Hôfsleane (daliks nei 31-5-2010 de "Lytse biib" neamd yn de basisskoalle "De Fûgelsang") en sa kin ik noch wol trochgean, te folle om op te neamen. It doarp wie hielendal "self supporting", of wol op syn Frysk sein: selsfoarsjinjend. Nei in grutte delgong is it doarp lokkich wer opbloeid. Berltsum hat der hiel wat nije bidriuwen by krigen de lêste tiid. (Mear noch as foarhinne!) Neist de túnbou is de sektor metaal hjir sa wat de twadde grutte wurkjouwer wurden. It útstjoerburo A.B. Service Fryslân yn foarhinne it Griene Krúsgebou oan de Hôfsleane Foarhinne it wetterskipsgebouen it bedriuw fan Hendrikus Folkert (Rikus) Sinnema yn foarhinne it Wetterskipsgebou oer de brêge by de Ljouwerterfeart soargje foar in protte wurkgelegenheid. It doarp Berltsum is lykwols, hoewol no hast trije kear sa grut yn oerflakte, net yn ynwennertal ta naam. (Noch likefolle as 60 jier ferlyn!) In protte wurknimmers komme no ek wer fan bûten it doarp. Moat wenning bou op de "de Pôlle" en ynwreiding hjir no útkomst jaan? Wy sille it sjen, mar hâlde as doarpsmienskip de moed der yn !


 ********************************

L. C. 29-10-1974.

Onderweg brak de voorvork ook nog.

(foto : Albert van der Ploeg (berne op 17-6-1897)  en syn frou Anne Hoekstra efter de toanbank.)


L.C. 14-6-1958.

Dokter Kwast legde eerste steen wijkgebouw Berlikum. (foto dr. J.J. Kwast. Jr.)


L.C. 15-10-2007.

De aardigheid van wagenbouw. (foto’s Jan Thijsses Post en Johan Runia en in protte oaren.)

(Karossery bedriuw Rondaan.)


L.C. 27-2-2009.

Metaalbedrijf onverwacht kansrijker. (Foto.)

(Klaas Zijlstra Metaalbewerking.)


L.C. 6-7-2007.

Mobiele bibliotheek achter de Fryskerbus. (De foto is nommen op it Hemmemaplein.)


L.C. 23-8-1983.

Erkenning voor Berlikumer daklozenpension blijft uit.

(foto " Pensjon Welgelegen")


L.C. 14-9-2002.

In Welgelegen geurt de shag.

Uniek pension voor alleenstaande mannen in Berlikum voorziet in een behoefte. (5 foto’s)


L.C. 8-11-2003.

Recht voor z’n raap.

Intervieuw.

Menig Friese transporteur rijdt met zijn trucs. Garagehouder Hendrik Rinsma (83) uit BERLIKUM is een autoriteit in de wereld van de vrachtwagen. Kleurrijk, en opgeruimd van aard. Kom niet bij hem aan met gladde praatjes, daar rekent hij bruut mee af. Nog bijna dagelijks duikt hij tot over zijn oren in een ontmanteld motorblok. Al was het maar om die zwarte dag uit zijn leven te vergeten.

Door Peter Grondsma.

Foto Niels Westra.

De geur van motorolie is als wierook. Uitlaatgassen? Heerlijk. Met dopsleutel in zijn handen voelt Hendrik Rinsma zich pas echt gelukkig. In een overall met een leren riem om de middel en een oude pet op zijn hoofd, staat hij op de werkvloer. "Yn in pak klean fiel ik my no ienris ûnwennich". Hard werken is genieten. En hij voelt zich immers nog fit. Al onderging Rinsma zelf al menig grote onderhouds beurt. Tien jaar geleden kreeg prostaatkanker hem er al bijna onder. Hij werd 38 keer bestraald. "Alder ferskriklikst". Het voelt net of ze iets in je lichaam verbranden. "Weet u hoe het er daarbinnen uitziet, meneer Rinsma?" Vroeg de radioloog in Leeuwarden. Hij knikte. "Hiroshima" Toch kwam hij het geweld te boven. En ook nadat hij vorig jaar werd gedotterd, leefde Rinsma weer op. "Ik bin noch sa bêst as wit ik net hoe".

Sinds zijn pensionering woont hij in een bungalow achter op het bedrijfsterrein.(Koekoeksleane 1) "Dat hat net sa goochem fan my west. Want no sjoch ik alles wat der op de saak bart. As it my net nei it sin giet, dan ergerje ik my". Aan de andere kant, zo geeft hij even later met glimmende oogjes toe, wil hij ook niets liever. Alles zien, alles meemaken.

Onder het werk rolt menige kracht term over zijn lippen. De garagehouder drukt zich niet altijd even fijnbesnaard uit. Maar onvriendelijk klinkt het nooit. "Ik wit it, ik bin rjocht foar de raap. It is swart of wyt, ien fan beiden. Dêr tusken is neat. Griis akseptearje ik net"

In 1933, Hendrik was een jochie van dertien, mocht hij met zijn vader mee naar Den Haag om een nieuwe vrachtwagen te kopen. Een Diamond-T, rechtstreeks uit de fabriek in Chicago. Het was een auto met hydraulische remmen en een volwaardige cabine. "De earste echte auto. Heit wie der sa grutsk op, in bern gelyk.

Garage van de Lijempf yn BerltsumTot dan toe moest senior eigenlijk niets van automobielen hebben. Wopke Rinsma was van huis uit paardenknecht. Omstreeks 1917 kreeg hij een melkrit bij de N.V. Lijempf in Berlikum. Met paard en wagen haalde hij in de omgeving de melkbussen op. Tot de zuivelfabriek hem verplichtte over te stappen op de vrachtauto. De oude T-Fordjes waarmee hij begon, lieten het geregeld afweten. Dan stonden de chauffeurs zich het apezuur te slingeren aan de kruk. Tot heit er uiteindelijk een paard voor zette om het secreet naar huis te slepen. "" Dan hie hy de measte wille. Dat fûn hy prachtich".

Hendrik vereerde zijn vader ook al was die hard voor zijn huishouding. "Wreed mar rjochtfeardich. In oester fan in man, 220 pûn swier en oersterk". Hendrik was nog maar 14 toen hij al zijn eerste bekeuring kreeg omdat hij zonder rijbewijs op de vrachtauto reed. Hoewel hij de bussen amper kon tillen, liet zijn heit hem al melkritten rijden.

"De oarloch kaam ûnferwacht. Wy hiene nergerns erch yn. Unnoazel ? Ja. Mar it libben bestie út wurk, wurk en nochris wurk. Sân dagen wyks. Frij wie ik noait. Noait." In de bezettingsjaren reden de vrachtwagens op hout generatoren. "Hege tsjettels fan it merk Imbert. It wurke perfekt. Ja toch". Twee keer ontkwam Hendrik ternauwernood aan een luchtaanval. In Oudesluis, waar de vrachtrijder op het station een lading tulpebollen afhaalde, doken acht Amerikaanse Thunderbirds op een trein. Hij hoort nog het huilend geluid van de aanstormende vliegtuigen: oeoeoeoeoehhhhhh ! ". Gevolgd door een inferno van vuur. Rijdend tussen Tzum en Franeker zag hij een keer een jager laag over de weilanden op zijn vrachtwagen afkomen. Rinsma keek recht in de propeller, hij zag de piloot zitten in z’n cabine. "Ik bin mei de auto dwers troch in hage yn ‘e sleat riden." Het jachtvliegtuig trok op en zocht een nieuw doel in de verte.

Kort na de oorlog trouwde Hendrik Rinsma zijn jeugdliefde, Joukje de Vries uit Beetgum. Ze trokken in zijn ouderlijke woning. "It âld stjelpke", naast het transportbedrijf in BERLIKUM. Samen met zijn broer Willem (dy’t troud wie mei de Menniste predikante Rinsma -Schippers wenjende yn Deinum dy’t ek wol in protte yn Berltsum waarnaam) nam hij de firma over van heit. Een dramatische gebeurtenis was de aanleiding: zijn moeder had zelfmoord gepleegd. Dat kwam overigens niet als een verassing. "Mem hat it altyd dreech hân. Se koe it libben net mear oan. Sy wie hiel swiertillend. It siet by har yn de famylje. Dêr wie neat oan te dwaan.

De gebroeders Rinsma hadden in korte tijd 15 vrachtwagens op de weg. Willem zat op kantoor. Hendrik was meer practisch ingesteld. Eeltige handen aan het stuur. Hij bracht tankwagens vol Friese melk naar de Randstad. "Altyd ûnderweis. Machtich. It wie krekt wylde kustfeart"

Fusies in de zuivel gooiden roet in het eten. De melkfabriek in Berlikum werd opgeslokt. Tussen de grote C.C.F. in Leeuwarden en de Rinsma’s klikte het niet. Ze werden afgedankt. De broers legden zich toe op reparatie en verkoop van vrachtwagens. In het begin lagen de muizen dood voor de kast, maar toen ze het dealerschap verwierven van Scania, ging het crescendo.

Hendrik Rinsma kent de grote Friese transportondernemers allemaal persoonlijk. Althuisius, (* Gosliga, Holwerda,Oegema, Tilkema, het zijn vrienden geworden. Ouwe jongens, krentebrood. Ze verstaan elkaar, begrijpen elkaars problemen. Als één van hen aan de telefoon hing, was Rinsma altijd kort door de bocht: "Wat hast te eameljen ? ". Trouw is heel belangrijk, vindt de garagehouder. "As jo goed behannele wurde, gean ik noait nei in oar. Dat ferwachtsje ik ek fan myn eigen klanten".

Begin jaren zeventig, zijn broer Willem was inmiddels met pensioen, ging Rinsma naast vrachtwagens ook personenauto’s verkopen. Een vertegenwoordiger wist hem (yn 1971) te strikken voor het dealerschap van Alfa Romeo. Tegen wil en dank. "Ik sei ; gatferdarre, kearel. Dêr ha ik hielendal gjin nocht oan". Rinsma is niet echt een goede autoverkoper. "Dat kwêkjen en lullen is neat foar my".(Hy ruile doe syn dealerskip fan Wolsley yn foar de Italiaan.)

Maar naast het zware werk aan vrachtwagens had het toch wel wat. Onder de motorkap van de chique Italiaanse auto schuilt technisch vernuft om van te watertanden. "Dy motor. Dêr dream ik wolris fan. Alles is fan aluminium. Dat rint as in naaimasjyntsje en it lûkt sa hurd op, fantastysk.

De carosserie was aanvankelijk een drama. Spliksplinter nieuwe auto’s stonden te roesten in de showroom. "Wat ha wy dêr in protte gebliksem mei hân.

Laatst toen hij zijn dagelijks kopje koffie dronk in de showroom, was er weer zo’n klant, die sjacherde over de prijs. Rinsma ontplofte. "Ik sei: dy auto kostet safolle. Te djoer?. Lit him dan mar stean. Dêrút, opsoademiterje". Een vrije ondermemer laat niet met zich sollen. Zijn huidige bedrijfsleider is minder stug, stelt hij minzaam glimlachend vast."Dy kin better troch de bocht".

Directeur heeft hij zich nooit gevoeld. Het liefst stond Rinsma gewoon tussen zijn monteurs met olie en roet in zijn haar. Een groot litteken op zijn linker wang herrinnert aan een bedrijfsongeval. Een vrachtwagen band ontplofte in zijn gezicht. "It gie mâl. De stikken izer fleagen acht meter heech.Boven de smeerkuil staat een verpauperde Scania uit 1957. De oude baas is er niet bij weg te slaan. De motor reviseren, de carosserie stralen en spuiten, nieuwe klokken monteren in het dashboard. "Ik bliuw der by oan’t dizze oldtimer der wer gloednagelnij útsjocht.

Zijn garagebedrijf heeft tegenwoordig 60 man in dienst. Hendrik Rinsma, zo zegt hij met onderkoelde trots, is nog steeds enig eigenaar. Hij beslist over grote investeringen en wordt nog geregeld geraadpleegd over praktische zaken. De dagelijkse leiding ligt echter in handen van zijn vertrouwelingen. Siemen Boersma, eerst bij het garagebedrijf begonnen als vertegenwoordiger, is directeur. De mannen gaan loyaal en vriendschappelijk met elkaar om. "Do hjir ek wer, âlde? Rinsma grijnst. "Pak op do !".

Zakelijk succes zegt hem niet veel. Geld? "Och, ik bin tefreden. In mins kin mar ien kear sêd". Alleen die pikzwarte dag in 1979 zou hij willen uitgommen. Rinske, één van zijn beide dochters,overleed volkomen onverwachts. Plotseling verloor het bestaan zijn glans. Rinske had het aardje naar haar vaartje. Vaak lagen ze samen te sleutelen onder een vrachtwagen. "Och, wat hie ik har graach hâlde wollen". De dood overviel hem als een boze droom. Hendrik Rinsma leefde in een roes. Hij kon niet meer helder denken, kende de mensen in zijn omgeving niet meer bij de naam. Toen hij weer tot zijn positieven kwam, voelde hij de pijn pas in alle hevigheid. Het vreselijke besef: "Ik sjoch har noait wer", dat grijpt hem nog dagelijks bij de keel. "Ik kin der noch altyd net goed oer prate."

Zijn vrouw komt sindsdien weinig meer onder de mensen. Ze wilde ook niet meer naar de feestelijke opening van de nieuwe garage in Drachten, een paar weken geleden. Gelukkig nam dochter Jantsje - it leafste minsk fan de wrald - haar plaats in. In een goeie ouwe Diamond-T, de antieke vrachtwagen (út de tritiger jierren mei it kenteken B 4017) die hij nog steeds koestert, reden vader en dochter samen door het lint. "De triennen rûnen my by de wangen del".


(Hendrik Rinsma wie wat " rûch yn ‘e mûle" mar hy hie in hert fan goud. Hy wie tige goed foar syn wurknimmers en sels foar harren widdo ‘s. As hy by de ferkeap fan in (twadde hâns) frachtwein sei: "Hjir mankeart neat oan" en as letter bliek dat der eat net doogde dan waard de auto op kosten fan de garaazje hersteld. "As ik siz, dat ik jo in goede auto ferkeapje, dan sille jo ek in goede auto fan my krije". Sa wie syn andert tsjin in Menamer molke rider.)

(De N.V. Leijmpf skafte yn 1919 de eerste auto’s oan. It wienen grutte swiere weinen op massieve rubber bannen. Dizze weinen wiene de skrik fan in protte gemeente bestjoeren, dy’t diken en brêgen foar dizze frachtweinen sletten. Letter kamen de sa neamde T-Fords.)


Sjoch ek de Ljouwerter krante fan 24-4-2010. (édysje noard.)

Respectvol afscheid voor Rinsma.

Hendrik Rinsma yn de âlderdom fan 89 jier ferstoarn. (foto)

Vijftig personeelsleden van garage Rinsma deden gistermiddag eigenaar Hendrik Rinsma respectvol uitgeleide. Zij vormden een erehaag op het bedrijfsterrein aan de Bitgumerdyk (26) in Berltsum. Rinsma overleed maandag op 89 jarige leeftijd.

Diamanten Historie bij Rinsma.


Foetnoat :

(*  In oare hjiroan tafoege histoarje : Watze Althuisius ( 5-2-1925), de jongste soan fan Jan Althuisius en Wiepke Weerstra út Wjelsryp, kaam nei de twadde wrâldoarloch yn leantsjinst by Wopke Rinsma, molkrider te BERLTSUM, dy ’t destiids alle molke ferfier fersoarge foar de N. V. LEIJMPF. Watze Althuisius hie wol wat mei auto ‘s en woe,  as de gelegenheid him foar die, wol graach in eigen ferfiersbedriuw begjinne. Wop Rinsma wie in omke fan Paulus Rinsma ek út Wjelsryp, oan wa ‘t syn heit Jan Althuisius syn frachtriderij (boade tsjinst) oerdien hie. De nauwe gearwurking fan Althuisius mei de Rinsma sibbe soe letter noch fierder útwaakse doe ‘t de beide soannen fan Wopke Rinsma in garaazje bedriuw yn BERLTSUM oan de Bitgumerdyk opsetten. It jonge echtpear Watse en Geeske krigen flak nei de oarloch in hast ûnbewenne hûs op de Rolsma streek te BERLTSUM oanwezen. Syn plan om in eigen ferfiers saak te begjinnen bliuw. Dêryn is hy slagge op 12-5-1947 troch mei syn broers Sybren en Broer in transportbedriuw op te setten yn Tzjummearum wat him tige útwreide hat ta in grut bedriuw. It begûn mei it molkeriden. Op 12 maaie fan elts jier waarden boere arbeiders oannommen en molkeritten opnij útbesteege. Om in lang ferhaal koart te meitsjen : It bedriuw fâlt no sûnt 2001 ûnder de “Kooiker Groep Grou”, mei de namme “Althuisius Logistics”, fêstige oan de Finnen 3 te Grou. Nei de oername fan Kooiker wurdt alle wurk fan Kooiker Transport no útfierd ûnder de namme “Althuisius Logi -stics”. Mei 80 eigen lûkende ienheden wurdt it ferskate guod foar ferskate grutte en lytsere opdrachtjouwers ferfierd oer koartere en langere ôfstân. Harren suster Gepke Althuisius wie troud mei bakker Hette Gerrits Jellema fan BERLTSUM dy ‘t earst wenne op Buorren 31 en letter op Buorren 100.


L.C. 16-9-1853.

Bij gesloten briefjes te huur:

Eene zeer uitmuntende Zathe en Landen, in een kavel aan den rijdweg onder de dorpen BERLIKUM, St. Jac. Parochie en St. Anna Parochie gelegen, gr. 38 bunder 40 roede 95 el, waarvan de ½ greidland en de ½ bouwland, thans by Joh. Doedes Binnema cum ux. In gebruik. (De pleats op de hoeke Wiersterdyk / Kouweweg.)

(Yn 1810 wie der in gehiel nije skuorre boud. Om 1830 hinne wie in Sjoerd Jan Jongsma hierder fan de pleats.)


L.C. 14-5-1890.

Publ. Verkoop op 31-5-1890 in de herberg van J. Terpstra te Berlikum van de vruchtbare Sate en Landen (sjoch út supra) in een aanééngesloten kavel, groot 36 bunder 23 roede (98 ¾ p) gelegen in de hoek van de Groene-dijk en de Koude-weg. Op het Oude Bildt doch onmiddelijk bij Berlikum en Wier. Sommige percelen zijn voorzien van tichelklei. Verhuurd aan J. T. Lettinga. De veiling geschied in 22 percelen.

De beide ut súpra neamde pleatsen no bekend as Wiersterdyk 10 wurdt no bewenne troch J.D. Binnema.


L.C. 30-5-2009.

Notaris Berlikum kan kantoor voortzetten.

BERLIKUM. Met een speelruimte van nog geen 24 uur heeft notaris Mr. Tjeerd Koelmans uit Berlikum kunnen voorkomen, dat zijn kantoor (festige oan de Hemmemawei) per dinsdag wordt gesloten. Omdat hij onlangs 65 werd had hij op 1 juni volgens de wet moeten worden ontslagen. Zoals meer notarissen met een klein kantoor beschikte hij niet over een interne waarnemer, en zou een ingehuurde kracht te duur zijn. Door een wetswijziging die gisteren van kracht werd, kunnen Koelmans en zijn collega’s nu tot hun zeventigste doorwerken. De wijziging met de verlenging van de leeftijd zat al sinds augustus in de pijplijn. Omdat naar verwachting de Eerste Kamer de wet pas eind dit jaar zou bekrachtigen, dreigden notarissen die tot die datum 65 jaar worden, toch nog hun kantoor te moeten opheffen. Koelmans vond dit onredelijk en spande een kort geding aan. Hierop zette de Senaat op eens grote vaart achter de wetsbehandeling. Door de publcatie gisteren in het Staats Blad werd de Berlikumer notaris gered door de bel.

(N.B. Op syn kantoar wurkje njoggen wurknimmers wêrûnder kandidaat - notarissen yn dieltiid.. In plakferfangend kandidaat- notaris moat oan in tal easken foldwaan en tenminste 6 jier ûnderfining ha om waarnimme te kinnen. Notaris Koelmans is ek de parse notaris fan Ring Fryslân fan de K.N.B.)