Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsum yn 2035. (Oer 25 jier)


Seagen wy hieltyd wêrom yn de tiid. Wy wolle no foar de aardichheid ek ris in eintsje yn de tiid foarút sjen. Profetearje betsjut oarspronklik: sprekke út namme fan in oar of foar in oar. Nee, ik doch it mar ris yn tinsen foar mysels. De basis fan no leit yn it ferline, en dy fan hjoed, hoe it yn de takomst wêze sil. Wienen it yn eardere tiden hast allegearre lytse nearing dwaanden dy't bestean koenen op de lytse doarpen fan harren winkeltsje, túnkerij of fan hokker bedriuw(ke) dan ek. Hjoed kin dat al lang net mear. Alles moat no yn it grut. Grutte winkels mei alles der yn, fan grienten oan't klean, fan kompjûters oan't kuolkasten, alles yn ien grutte romme winkel te krijen mei grutte parkear romten dêr om hinne. Gjin nee te keap. Minsken wurde no sjoen as konsumint (nûmmer) en kostenpost en net mear as klant.

Yn de soarch en sikenhûzen giet it al krekt sa. It geastlik libben en de psyche fan de pasjint en dejinge dy’t fersoarge wurde moat docht der net mear ta. Hieltyd komme der wer oare minsken (help ferliners) en bining is der net sa bot mear mei de minsken dy’t holpen wurde moatte. De minsken binne nûmmers wurden.

De kassen fan BerltsumDe kassen binne hjoed de dei grutte mei glês oerdutsen fjilden wurden mei soms mar ien produksje artikel sa as tomaten, paprika's, komkommers etc. etc. Sa hat bgl. Aart Cornelissen (Laarheide B.V.) hjir in kassenkompleks stean fan 12 ha tomaten, 9 ha paprika’s, 1 ha Spaanske pipers en sûnt koart ek noch (nei tolve jier ûntwikkeljen) in heale hectare mei swiet griene paprika’s.

Berltsum is de molke fabryk kwyt rekke. De grutte molke fabrieken binne no konsintrearre yn de grutte stêden. De Berltsumer jirpel en griente feiling "De Afslag" is ferdwûn. De lytse jirpel en griente feilingen op de doarpen koenen net mear bestean. Inkel de grutten binne oerbleaun. It tele feilen is mear en mear yn op komst rekke en it telen op kontrakt. De kompjûter sil hieltiid mear it wurk fan de minsken oernimme. Op oar mêd is it ek sa gien mei de agentskippen, post kantoaren, banken, kantongerjochten doarwarderijen, fersekeringen, belêstingkantoaren, wetterskippen en mear fan dit soarte fan ynstellings dy't hjir ek yn Berltsum west ha. Hjir is allinne noch in notaris kantoar oerbleaun.

Hoe lang noch? BERLTSUM is in forinsendoarp wurden. De ferwachting is, dat yn de takomst de befolking yn Fryslân noch ôfnimme sil en dus wurde der minder hûzen boud. De skoallen binne al konsintreare yn ús gemeente mei neist in lokaal skoal bestjoer in boppe skoals bestjoer mei in boppeskoalse direkteur. Âlders kinne skoallen net mear bestjoere wurdt der sein. De hegere skoallen binne "studinten fabrieken" wurden mei op de yn wat gruttere doarpen soms noch in dependânse. Berltsum is sa de legere túnbou skoalle (it wie nei Paterswolde de 2e skoalle yn Nederlân!) kwyt rekke en mei de Kristlike lânbou húshâldskoalle hjir op de Fûgelsang is it  al  krekt sa gien. (Tusken twa heakjes : Ek op it mêd fan it lânbou ûnderwiis wie Berltsum mei Gytsjerk it earste plak yn Fryslân wêr de Fryske Mij fan Lânbou yn 1912 mei de lânbouhúshâld kursussen begûn is !)

Op tsjerklik gebiet is ek in protte feroare. De Minniste mienskip hjir is op stjerren nei dea. Sil de Minniste tsjerke mienskip mei in foargonger foar ien deidiel, in tsjerke yn gebrûk hâlden bliuwe kinne mei sa'n lyts protsje minsken? De yn oantal hieltyd lytser wurdende Herfoarme gemeente en Grifformearde tsjerke hjir, no yn federaasje en straks in P.K.N. gemeente mei in lytse 1100 leden (47% fan de Berltsumers), sille yn 2010 op 19 septimber (nei in skieding fan 123 jier) fusearje, sa is de bedoeling, en dan wol mei twa dûmny's en twa tsjerke gebouwen en wat dêr mear ta beheard. "Wat in wielde dêr yn Berltsum", soenen se op in protte oare doarpen sizze. De lânlike noarm is 1050 leden (belidene- en doop leden) foar 1 fte'er, dus 1 dûmny of tsjerklik wurker. Mar sil dit stân hâlde kinne yn ús doarp yn de takomst, mei it foarútsjoch fan in trochgeande sekularisaasje? (Yn 1860 wienen der noch 1790 leden, yn 1953 bgl. noch 1730 leden t.w. 800 Herfoarme (berte, doop en belidene) en 930 Grifformearde (doop en belidene)) It is no net allinne mear yn de grutte stêden, mar ek op de doarpen dat de sekularisaasje plak fynt. It oantal tsjerkegongers sil yn 2020 nei ferwachting mei rom 40 % ôfnimme. Roomske Berltsumers sitte al yn sa’n gearwurkingsfebân. (Harns, Frjentsjer, Dronryp en Sint Anne mei mar ien pastoar, t.w pastoar Marco Conijn, ûnder de namme "Eén in vieren".)

Ik tink dat it krekt sa gean sil as mei de lytse bedriuwen, winkels en skoallen. It wurdt in gearwurkjen, konsintrearjen en fusearjen yn de takomst! (Lanlik is noch mar sa’n 12 % lid fan de P.K.N. tsjerke werfan 60% boppe de 40 jier is.) Menaam, De Ryp, Skingen en Slappeterp bgl. miskien mei ien dûmny? Berltsum mei Rie, Boer en Dongjum. Bitgum, Ingelum en Bitgummole. Marsum mei Deinum, Blessum en Boksum---- krekt sa mei bygelyks ien as twa dûmny's mei by need de assistinsje fan ien of twa tsjerklike (mei)wurkers? It bliuwt kofjedik sjen.

Ien ding is wis, der is de lêste tiid in soad feroare en der sil ek in protte feroare wurde yn de kommende tiid. Berltsum sil wol mei gean moatte dy ûnwisse takomst yn, as men hjir no wol of net. Sneins besykje gemiddeld no noch sa ‘n 175 persoanen de tsjerketsjinst. Oer tsien jier sille, sa is de ferwachting, dat noch sa ‘n 100 tsjerkegongers wêze. (De dan wierskynlik net mear troch de minnisten brûkt wurdende minniste tsjerke soe dan it groepke tsjerkegongers moai hâlde kinne.) It wurdt in ynspyljen op de omstannichheden en de gelegenheden dy't ús te wachtsjen steane en dy't ús doarp miskien ek nije kânsen jout. Ik tink dan bgl. oan de fyts- en klaai faar rûte mei de yn ús doarp besjen wurdige dingen en mei wat rekreaasje dêr om hinne. In tee- en boarterstún, mei in sûvenir winkeltsje ca. earne yn in moai parkje oan it Berltsumer Wiid by it molehûske. In bytsje propaganda fia it ynternet en mei folders soe fansels ek net ferkeard wêze. Dy mooglikheid is der no.

"Berlikum all over the world". Berltsum alhiel oer de wrâld. BERLTSUM is SELDSUM, as jimme kinne, dan dêr hinne", is miskien wol in moaie slogan. Wa wit. De tiid sil it leare.