Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsum (2009).


Berltsum fan út de loftHie BERLTSUM yn 1799 in ynwennertal fan 751, it KLEASTER ANJUM 43 en WIER 147. Fiif en santich jier letter wie it ynwennertal mear as ferdûbele. Dit blyk ek al út it healwei de 19e ieu fergrutte oantal sitplakken yn'e Herfoarme tsjerke. Dêr moast in kreake yn boud wurde. It oantal leerlingen op de skoalle naam ek ta. Eltse ûnderwizer krige soms wol 60 bern of mear ûnder de hoede. It is no net mear foar te stellen. Learplicht wie der noch net. It grutste oantal learlingen siet allinne yn de wintertiid op skoalle. Simmers moasten de measte bern mei helpe op it lân of yn de hôven, sawol de jonges as de famkes. De minsken learden te hea en te gers. In protte koenen amper lêze en skriuwe. Oan't yn de jierren 90 fan de 19e ieu wienen der noch ynwenners yn Berltsum, dy't harren namme en hantekening net sette koenen, mar in krúske om dat de man of frou "idioat" wie. In idioat waard neamd, immen dy' t net lêze en skriuwe koe. In hiel gewoan wurd dus, krekt sa as it wurd "ûnnoazel", wat ûnskuldich betsjut. Mannen wienen "ûngesteld" as hja net rjocht by it spul wienen.

De gemeente Menameradiel joech bgl. yn 1869 in f.10.544,40 út oan it iepenbier ûnderwiis. De Herfoarme tsjerkfâden fan de doarps tsjerken betellen hjir in part fan, t.w. f.2339,26 by wize fan subsydzje op de jierwedden fan de haadûnderwizers. Op 1-1-1969, om mar in jiertal te neamen, hie Berltsum in ynwennertal fan 2269 en dus trije kear safolle as yn 1799. No 40 jier letter bliuwt it ynwennertal sa by om en nei oan de 2500 ynwenners stekken, net tsjinsteande it doarp trije ris sa grut wurden is yn oerflakte. Alle lytse nearing dwaanden binne ferdwûn. In pear grutte winkels binne oerbleaun.

Lokkich is it doarp wol selsfoartsjenjend bleaun. De túnbou en net te ferjitten de metaal sektor is yn ús doarp de lêste tiid tige útwreide.Ik tink dan oan Klaas Zijlstra Metaalferwurking, Tri Metaal b.v., E.S.V. Berlikum v.o.f., K.W.B. b.v., Cramm Yachting Systems b.v., Hydromar Marine Equipment b.v., Metaalbewurking is hjir sawat de twadde sector oan it wurden. Der binne noch in húsdokter, in toskedokter, twa (sport- en manuele) fysioterapeuten, in Griene Krús feriening, in skientmesalon en 3 kapsalons.

De legere skoallen kinne lokkich noch bestean en de sosjale foarsjennings binne hjir yn it doarp ek goed. Foar tariedend middelber ûnderwiis (V.M.B.O) en tariedend wittenskiplik ûnderwiis (V.W.O.) kin men al op 10 km ôfstân yn Ljouwert terjochte. It nije útwreidingsplan (ynwreiding) oan de Ljouwerter feart moat foar mear wenten en mear ynwenners soargje. Ik hoopje dat it slagje sil, want wy ha de tiid net mei. De finansjele krisis en it te ferwachtsjen werom rinnende ynwennertal yn de provinsje kin ús no parten spylje. Ik winskje de Stifting Berltsumer Belangen in protte sterkte ta mei it realisearjen fan dit plan.


L. C.   27-3-1999.

Aan de freesmachine in Berlikum.

(foto : de werkplek E.S.V. (Edel Staal Verwerking)


L. C.  5-8-2008.

Miljoenenplan voor Berlikum.


Berltsum om 1975 hinne

Oantal ynwenners BERLTSUM.

Yn 1749 546 ynwenners

1796 750

1799 751 (yn 50 jier in ferdûbeling (tusken 1839-1851 rom 1200 ynwenners, wenjend)

1855 1487 (lyts 3x safolle as yn 1749. yn plm. 160 wenhûzen.)

1861 1589

1870 1818 (plm 450 wenhûzen)

1880 1976

1889 2000 (is plm.)

1950 2529 (lyts 5x safolle as yn 1749.)

1954 2445

1959 2315

1964 2329 (yn 697 wenhûzen.)

1969 2269

1974 2148 (it djipte punt.)

2004 2350

2008 2472

2009 2448 ynwenners


Op 1-1-2010 hie Berltsum 2499 ynwenners wenjend yn plm. 1000 wenhûzen.

Tusken 1950 en 2010 hieltyd ûnder de 2500 ynwenners.

Berltsum hearde earder by de grutte doarpen yn Fryslân, no by de lytse doarpen.

Foarhinne wie Berltsum altyd it grutste doarp fan Menameradiel, no is dat Dronryp mei op 1-1-2010 in 3333 ynwenners.

(Op 1-1-1969 hie Berltsum 2269 ynwenners mei 697 wenten

Wier 215 ynwenners,77 wenten

Dronryp 1906 ynwenners, 644 wenten

Menaam 1395 ynwenners, 465 wenten

Deinum 594 ynwenners 172 wenten

om mar in foarbyld te neamen.)