Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Berltsum. (1823)


Yn 1823 ûndernamen Jacob van Lennep, romanskreauwer, en Dirk van Hogendorp, de soan fan de bekende steatsman Gysbert Karel Hogendorp, in reis troch ús lân. Hja gienen te foet, mei it lûkskip of mei de dilisjânse. Jacob van Lennep hat hjirfan in deiboek byhâlden. Fia Boalsert, Harns en Frjentsjer binne hja ek te foet troch Berltsum kommen rjochting Sint Anne en dan fia Stiens op nei Dokkum en Ljouwert ta. De fuotstappen fan dizze beide mannen sille fêst wol gien wêze oer de âlde tsjerkepiip by it tichelwurk oer de Ljouwerter feart en oer it tsjerkehôf, sa rjochting Buorren, in stikje Griene- (Hege of Bitgumer) dyk en dan fia it Molkepaed (de Biltdyk) nei Sint Anne.

Jacob van Lennep skriuwt yn syn deiboek: "In Berlikum aangekomen en na wat gerust en gegeten te hebben bezochten wij den kunstenaar Rijns (is Sieds Johannes Rienks, de learling fan de Hijumer "boere professor"- ynstruminten (wurktúch) makker en wiskundige Arjen Roelofs, beide yn har tiid ferneamde mannen en dat troch selsstúdzje!), dien wij, terwijl het nog vroeg in den morgen was, tegen zijne gewoonte nuchteren vonden. Hij was met zijn metgezel (R.H.Hommema, ek in learling fan Arjen Roelofs)) aan’t werk en antwoordde mij toen ik zeide den telescoop gezien te hebben, dien hij voor de Hoogeschool te Leijden (tussen 1819-1821) vervaardigd had, dat hij mij dus die welke hij thans voor Utrecht onderhanden had, niet behoefde te laten zien, daar zij de andere volkomen geleek. Op ons aandringen echter bracht hij ons boven en liet ons door dezelve kijken; vol verwondering keerden we terug".

Letter: "Van Berlikum trokken wij noordwaarts het Bildterland in, dat eene oude kolonie van Noordhollanders is. De inwoners hebben hun oude tongval behouden, spreken het boerenfriesch niet en zijn minder stug als de overige Friezen. (Dat hy net alhiel op de hichte wie docht hjir bliken. It wienen net de Noard Hollânners mar de Súd Hollânners dy’t it lân hjir destiids ynpoldere hawwe.) Te Sint Anna Parochie, rusten wij en zagen eene begrafenis de herberg voorbij op het kerkhof gaan. Wij aten pannekoeken en bezichtigden de kerk, waar wij het graf van zekeren Willem van Haren, vader of grootvader van de beruchte gebroeders vonden. De meeste boerderijen zijn in het Bildterland 6 à 8 duizend guldens waard: echter zijn er van veel hooger prijs, welke in 1818 en 1819 tot f. 100.000,- golden. Tusschen Sint Japik en Stijns in het heerlijkste gedeelte van Friesland heeft de weelde der boeren even als in Noordholland hen bedorven en is oorzaak geweest dat meest alles daar onder hypotheek staat. Bij en op Franeker gelden de koeien thans slechts f.30,-

Hja moasten it dwaan mei stro (pankoeken). It wienen no net allinne de jirpel mar ek jitte de grutte nôtfjilden en de greiden dy't it lânskip bepaalden. Doedestiids wurken de minsken foar it deistich brea. Der moast "brea" op de planke komme. No wurdt yn Frankryk ek op in soad plakken noch wol in houten (itens) plankje, in(itens) boerd brûkt yn stee fan de platte itens panne as ûndergrûn. Wat de beide mannen ek opfallen wie is, dat om Berltsum hinne in protte hoven wienen en de noch frij nije Koepeltsjerke fansels. It gie hjir yn ús lân jit oer de noch net ferhurde paden en heechhouten. De âlde tsjerke- en skoallepaden. Yn de tsjerkehôfshaach sit no noch in iepening, wêr't in paad troch gie rjochting de Hôfsleane tusken de hûzen Hôfsleane nû. 58 en 60 troch. Dizze iepening mei net ôfslúten wurde. It paad rûn nei it heechhout oer de achte opfeart ta en dan lofts om by de achte feart lâns nei it Menamerpaad ta en dan rjochting de Sânwei op nei Menaam (en Bitgum). Letter yn 1902 pas wie (de no al wer âlde) dyk nei Menaam oanlein. Noch wer letter is de Gernierswei, healwei geande oer de Ljouwerter- of Menamerfeart oer de brêge net fier fan de eardere " Paulustille" by wettermoune "de Rintmaster" lâns, oanlein rjochting Menaam.


De jirpel is om 1736/37 hinne troch Jhr. Vegelin van Claerbergen fan de Jouwer nei Fryslân brocht. De jirpel fynt al gau yngong by de Fryske befolking. Yn 1771 waarden de earste jirpels al útfierd net Amsterdam mei as skipper Johan Pieters fan Frjentsjer. De bou fan jirpels wie begûn en neist it deistich brea waard no ek de jirpel dagelikse kost.


"BOEREN PROFESSOREN". Sieds Johannes Rienks (Rijnks) wie berne te Marrum/Wester Nijtsjerk op 6 okt. 1770. Syn âlders t.w. Johannes Rienks en Aukje Siedses Boersma wennen deun by ien fan myn foar pakes Cornelis Cornelissen Posthumus, boer op de pleats "Westerhús", en besieten dêr in pleats. Letter wennen hja yn Hallum op "Banga"-zathe. Sieds kaam al gau yn kontakt mei de bruorren Roelofs út Hijum, dy’t him û.o. it lins meitsjen learden. Foaral Arjen Roelofs (1754-1828), syn omke, waard sa syn grutte freon. Sieds hat ferskate natuerkundige masines, tilleskopen en tongerlieders boud. De bruorren Roelofs wienen syn grutte learmasters west. Rienks hat ek mikroskopen en brânspuiten boud. Hy ferhúze yn 1818 nei Berltsum en betrok hjir it hûs fan de wurktúchkundige Roelof Hessels Hommema, dy’t nei in oar hûs fehúze wie yn de Krússtrjitte (A 589). Hommema (berne yn 1791 te Feinsum en ferstoarn te Sint Anne yn 1854) wie ek in tilleskopenbouwer en in neef fan Arjen Roelofs. Hy wie troud mei Trijntje Willems Wassenaar. Heareboer Worp fan Peijma út Ternaard hat in protte oer dizze mannen skreaun. In tongerlieder makke troch Arjen Roelofs te Feinsum en Rienks fan Berltsum waar yn 1825 op de pleats fan Ruurd Hendriks Sybrandy te Wurdum befestige. De priis wie fl.30,-

Roelof Hessels Hommema, berne te Feinsum op 24 febr. 1791 en dêr doopt op 27 mrt. 1791, timmerman, meganikus, boer, grôtmakker, teleskoopbouwer (teleskoop te sjen yn it Frysk Museum te Ljouwert) is stoarn te Sint Anne op 15-1-1854. Hy wie troud mei Trijntje Willems Wassenaar, ek berne en doopt te Feinsum. Syn oerpake wie Lolcke Ulbes, berne om 1624 hinne. Dy hierde de lettere Hommema State yn Dronryp. Syn soan Lolke Lolkes kocht de State en naam de namme Hommema oan. In dochter fan Lolke Lolkes Hommema, t.w. Bauck Lolkes Hommema wie troud mei Claas Jilles Hulshuis, kompanjyskriuwer, siktaris fan de Grietenij West-Dongeradiel, en in soan fan Michaël Hulshuis, doarwaarder te Ljouwert. Michaël Hulshuis, de kompanjyskriuwer te Berltsum is in pakesizzer fan him en nei him ferneamd. Lolke Hulshuis, in broer fan Michaël wie destiids belútsen by it Doelisten opskuor yn Ljouwert.


De âldmuoikesizzer fan Bauck Lolkes Hommema, Hessel Lolkes Hommema en dus in efterneef fan Michaël Hulshuis. Hessel Lolkes Hommema wie yn twadde boask troud mei Lysbeth Roelof Roelofs, de zuster fan Arjen Roelofs Roelofs (1754-1828) wiskundige, meganikus, astronoom. Hy naam yn 1811 de efternamme Roelofs oan.

Hessel Lolkes Hommema fan Feinsum hat ek ris in moanne yn de finzenis sitten op wetter en brea. Hy hie ris yn in joalige bui tsjin syn doarpsgenoat Dirk van der Meer sein : “Do bist de heit”, tsjin syn soan Rein : “do bist de soan” en tsjin van der Meer’s frou, Sijke Offringa : “en do bist de hillige geast”. Dit waard him troch harren net yn tank ôfnommen en der waard oanjefte dien fanwegen godslasterjen.

Dat yn en om Frjentsjer hinne sa ‘n protte “boereprofessoren”, minsken mei ynteresse yn de wiskunde, stjerrekunde en lânmjitkunde wennen, sil wierskynlik ek te krijen hân hawwe mei   de dêrfan útgeande ynfloet fan de Frjentsjerter universiteit. Tink mar oan de wolkeamer Eise Eisinga.  Yn Frjentsjer bestie de mooglikheid om yn it hollânsk wiskunde te studearjen. Op de universiteit wie gewoanwei de fiertaal it Latyn. Hja dy ‘t dy taal net yn ‘e macht hienen koenen  sa in oplieding ta bgl. yngenieur of lânmjitter folgje. Nearne wie de opliedingen sa goed. Troch  de intellektuele elite waarden dizze leken altyd net hielendal foar fol oansjoen. In bytsje dege -nerearjend waarden se “idiotae” neamd. Latyn foar ûnbelêzenen. Mar yn de rin fan de 17e ieu krige dit nederlânsktalige ûnder -wiis in hieltyd wichtiger plak op dizze hege skoalle. De ús wol bekende Willem Loré (1679 - 1744) is, flak foar syn dea, yn 1743 noch bysûnder heechlearaar  yn Frjentsjer wurden. 


L.C. 13-11-1832.

MENGELWERK..............Reeds voor eenigen tyd meen ik U deelgenoot te hebben gemaakt van het genoegen, waarmede ik gepasseerde voorjaar een, toen uitgekomen, werkje las, dat getiteld: Van de belangrijkheid eens zestig jarigen ouderdoms, in den jare 1831, of Schets der hoogst merkwaardige Gebeurtenissen, welke dien leeftijd bijzonder kenmerken. Ik meen U opmerkzaam te hebben gemaakt op den lof, met welke deze Hollandsche Schrijver van de Friesche werktuigkundigen in ‘t byzonder gewag maakt; hoe hij de Telescopen door Roelofs, Rienks en Hommema te BERLIKUM vervaardigd, wegens derzelven deugdelijkheid verwonderingswaardig noemt, daar zij, hoewel driemaal korter dan die van Herschel, nogtans even voldoende zijn als deze. Thans reeds eene tweede, aanzienlijke vermeerderde, druk van dit fraaij werkje, met den naam der Schrijver (W. van den Hull te Haarlem) in het licht verschenen zijnde, komt hierin het boven bedoelde bezigt voor, het welk hier letterlijk, en wel in dezelfs verband, wil laten volgen, te meer dewijl het onze beroemden landgenoot Eise Eisinga en diens Planetarium betreft.Vele onzer lezers zullen dergelijke werktuigen (Planetaria) bezitten of derzelve ten minste meermalen gezien hebben, maar of allen in de gelegenheid geweest zijn, om het beroemde Hemels gestel van den Franeker Wolkammer, Eise Eisinga, te bewonderen, zulks is meer wenschelijk dan waarschijnlijk. Etc. etc...............


L. C. 13-2-1838    

MENGELWERK.  en MENGELWERK (2) (eat oer BERLTSUM en ÚTGONG.)


L. C. 22-10-1839

MENGELWERK. en MENGELWERK (2) (mingde oantekeningen oangeande de doarpen fan Men. Diel.)


L. C.   3-11-1843.

De notaris T. Alma te Menaldum, zal op Zaterdag den 4 November 1843, ten 5 ure na de middag, in Herberg van S. A. Tolsma te BERLIKUM, provisioneel en op alsdan te bepalen tijd, in de Her -berg by D. K. de Jong aldaar finaal presenteeren te verkopen :

1.   Eene hecht en sterke huizing no. 154, met erf, staande en gelegen op de KAMP te BERLIKUM door de Eigenaar D. J. Osinga en Vrouw bewoond, by het Kadaster aangeduid gemeente BERLIKUM sectie A no. 552 ter grootte van 12 roeden 44 el.

2.   Eene huizing no 151, met erf en tuin, staande en gelegen nabij BERLIKUM, door .............   als huurder bewoond, bekend by het Kadaster gemeente BERLIKUM no. A 838 en 839, ter grootte van 1 roede 69 el. Beide percelen den 12 Mei 1841 te aanvaarden.


L.C. 2-5-1951.

Hoe twee Friese boeren twee teleskopen bouwden.

Een boek over de spiegelkijkers van Roelofs en Rienks. (Foto: Dorp BERLIKUM, waar, tussen 1819 en 1825, de twee 55 cm teleskopen voor de Nederlandse observatoria gebouwd werden. Naar de gravure van eind 18 de eeuw.

(De âlde herberch mei trep opgong oan de bûtenkant oan it Hemmemaplein yn Berltsum op it plak wer’t no "Hof van Holland" stiet. Op de boppeseal hie it Kantongerjocht sit.)


L.C. 9-3-1957.

Gernier yn Minnertsgea set tradysje fan de Rienksen en de Roelofsen fuort. 

As Jacob van Lennep yn 1823 yn BERLTSUM komt....etc........etc..... Bauke Miedema wie ek ynstjoerde stikken skriuwer, krekt as ik somtiden ek wolris die. Ik ha noch brieven fan Bauke, as reaksje dêr op, yn myn besit. Bauke wenne letter yn Burgum, wêr’t noch de stjerrewacht dêr oan him werinnert.


OM BERLTSUM HINNE binne altyd in protte jirpels ferboud. Út de lektuer fan út de tiid tusken 1830 en 40 sa as bgl. om 1836 hinne wurde wy gewaar út kranten, almanakken, brieven, memories en rapporten, dat de jirpelteelt sawol as it gebrûk dêrfan oan sterke wikselingen "ûnderhevich" wie. Sa fertelt in Hollânske reizigster, dy dit gewest yn of koart foar 1840 besocht, om de stân fan de lân- en túnbou waar te nimmen, oer Berltsum "dat zoo lief in het geboomte gelegen" meer bekend wie om syn treflike ierdbeien, dy’t dêr yn grut ferskaat en oantal kweekt waarden, dochs minder om syn jirpels, wêrfan de teelt ÔFNAAM. In út Dútslân tagelyk mei har te Berltsum oankommen prinslik besiker, t.w de kroanprins fan Beieren, dy’t doe op trochreis wie nei it badplak Zandvoort of Scheveningen, en yn dit Fryske doarp oankommen wie, om de Fryske taal as sprektaal heare te kinnen en om it Fryske boere hûs te bestudearjen, liet him ynljochtsje oer de oarsaken fan de ÔFNOMMEN jirpelteelt om Berltsum hinne en yn de bouhoeke. Yn de Jouwer dêr tsjinoer waard neffens earstneamde besykster op sân- en leechfean wer folle mear jirpels ferboud troch de efterútgong fan de blomme- en beamkwekerijen as gefolch fan misgewaaks, sykte en stjerte yn de kwee-appels, ynsektenpleach en wetter beswieren etc. etc. Yn 1845 wie der in freeslike jirpelsykte, net allinne yn ús lân mar ek yn Ingelân, Dútslân en Frankryk.


L.C. 3-5-1941.

Verdwenen aardappelsoorten van een eeuw geleden.


L. C.   4-10-1946.

“Aardappelscholen”

Friesland krijgt deze winter 5 “aardappelscholen” en geeft daarmee blijk zijn tijd te verstaan. De aardappel, en meer speciaal de pootaardappel, is het belangrijkste product van de klei niet alleen, maar heeft al meer deviezen in het ruilpotje gebracht dan het heele Philips complex. Het streven tot verhooging van de kwaliteit heeft thans geleid tot de oprichting van bovengenoemde 5 scholen, terwijl het in de bedoeling ligt, tot nog verdere uitbreiding over te gaan. Scholen worden geopend in Balk, Drachten, Franeker en Holwerd, die in BERLIKUM draaide reeds eenige jaren en blijft onder leiding van den tuinbouw consulent. De overige 4 zullen resorteren onder de landbouw consulenten resp. te Sneek, Drachten en Leeuwarden. De scholen zijn toegankelijk voor de bezitters van een diploma landbouw - cursus, lagere tuinbouwschool of landbouw winterschool. In het winter halfjaar wordt les gegeven in de theoretische vakken, noodig voor de aardappelteelt en selectie, ‘s zomers practische lessen in selectie. Het met succes volgen van de cursus wordt beloond met een diploma aardappel selecteur.