Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

"Berlingahiem" / "Berlinga State".


Berlingahiem oan de HôfsleaneTroch de sloop fan it fersoargings tehûs "Berlingahiem" (boud om 1967 hinne) ûntstie nei om en by 40 jier wer in gat yn de Buorren. Dêr foar waard der ek al sloopt yn de Buorren, doe om romte te meitsjen foar dit sa krekt neamde sloopte fersoargings tehûs. It wie it âlde (deftige) hûs *) oan de Buorren mei de dêr efter steande skuorre. (steande op de terp en troch de gem. Menameradiel oankocht yn 1956), eartiids bewenne west troch Gysbert Jan's Wassenaar, in ôfstammeling fan Jan Symon's Wassenaar, berne om 1698 hinne te Sint Jabik en ferstoarn te Berltsum om 1764 / 1765 hinne. Jan Symon's wie boer / ûntfanger yn it Kleaster Anjum. Gysbert Jan's Wassenaar troude op 14-6-1813 mei Yfke Ymes Appelhof. Hjir folget de (ferkoarte) houliks akte: Op 14-6-1813 de foar middeis healwei tolven is foar de Mairie Office fan de Boargerlike Stân fan de Gemeente BERLTSUM, kantoar De Ryp, Departemint Vrieslân appareard (ferskine): Gysbert Jan's Wassenaar, 21 jier âld, (berne yn 1792) fan berop gernier te BELCUM, soan fan Jan Gysbert's Wassenaar, fan berop gernier, en Lutske Johannes dr. Werkhoven, yn libben troude lju te Belkum wenne hawwende, dochs dêr ferstoarn op 11-5-1813, sa't bliken docht út ekstrakten út it register foar de oanjeften fan ferstjerren yn dizze gemeente, hjirfan ôfjûn op 12-6-1813 en Yfke Ymes Appelhof, 23 jier âld, sûnder berop, wenjende by har âlders te BELKUM, mearderjierrige dochter fan Yme Taeke's Appelhof, fan berop gernier en Zytske Dirk's Bruinsma, troude lju wenjende te Belkum, hjir by tsijintwurdich en jin benoegjend mei it houlik fan har niisneamde dochter, ús fersykjende it har foar nommen houlik te slúten, wêr nei de ôfkundigings foar de haaddoar fan de gemeente bart binne, de 1e op de 5e Snein fan de moanne Maaie, en de 2e op de 1e Snein fan de moanne Juny 1813, hieltyd de foar middeis om 11 oere presys. Gjin behindering tsjin neamd houlik tsjin kommen, hawwe wy...etc. etc. yn de houlikse steat ferbûn.

Dizze akte opmakke yn tsjintwurdigheid fan Klaas Johannes Werkhoven, fan berop gernier, 55 jier âld (berne yn 1758), folle omke fan de breugeman fan memme side, Fokke Dirks Kuperus, fan berop gernier en kûper, 45 jier âld (berne yn 1768), neef fan de breugeman fan heite side, Hylke Marten Kuipers, fan berop gernier, 65 jier âld (berne yn 1748), folle omke fan de breugeman fan heite side en Hendrik Jan's Deinema, fan berop Griffier by de Mairie fan Belcum, 63 jier âld, neef fan de breugeman fan heite side, allegearre wenjend te Belkum. Tekene troch; de âlders en tsjûgen en de Maire W.(inandus) A.(ndringa) van Assen.(W.A. van Assen wie de Maire fan de Mairie -gemeente- Berlikum (bestien hawwende fan 1-1-1812 oant 1-10-1816) en wie hjir stien fabrikant en eigner fan it doe noch koart ferline nijboude tichelwurk mei hûs, taskerswente, turfloadsen, de grûn foar de berging fan stien, de twa wenten foar de ûnsfeinten en it grutte hearehûs dêr. Hy is hjir ferstoarn yn 1816. De siktaris fan de Mairie Berlikum wie doe Hendricus Jans Deinema.) De buorlju fan Gysbert en Yfke wienen û.o.Daam Pieter's Runia en Eeltje Kornelis Schiphof, beide gernier en Johannes Pieter's Peterzon, ferver fan berop. Anske Andele's Boomsma hie rûch wei rom in kwart fan de terp yn besit as gernierslân. Yn 2009 binne hjir yn de Buorren fjouwer oan inoer boude wenhûzen, de nûmers 80 en 80 a en 82 en 82 a, del set mei dêr efter wer, as fan âlds, in oer de terp rinnend paad fan de Vermaningstrjitte nei de Lytsebuorren ta. 

Berlinga state

Oan dit paad en oan de Lytsebuorren stiet it no besjen wurdich wêzend "Berlinga State" mei de (haad)yngong oan de Hôfsleane. It is yn septimber 2009 offisjeel iepene.


*) sjoch it boek: " BERLIKUM beeld van een dorp" de siden 63 en 170.


L. C. 14-12-1966.

Berlikum krijgt modern bejaardencentrum.

(foto: tekening gevel en opgang in de Buorren van het bejaardencentrum. (“Berlingahiem”)

 

L. C. 5-2-2008.

Gapend gat in Berlikum gevuld.

(foto : tekening entree van het nieuwe Berlingahiem )

No “Berlinga State” neamd.


Pier Bakker, (Kleasterdyk 1a) oarspronklik ôfkomstich fan Skearnegoutum, wie op 1 oktober 1969 in partikulier âlderein pensjon begûn yn de foarhinne Grifformearde pastorije oan de Wiersterdyk nû. 17 ûnder de namme "Pension Welgelegen". De âlde tsjerke waard earst brûkt as auto stalling en is letter mei in boppeferdjipping ek oan it pensjon taheakke. Syn dochter en skoansoan Abe Jansen hawwe it bedrieu dêrnei fuortset. Hjir wennet no de famylje René Jurjens Posthuma dy it pensjon fuortset hat ûnder deselde namme. René is de soan fan Jurjen Tjeerds Posthuma, destiids wenjende yn de Nije buorren. (Jurjen en Pytsje.)