Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Âld Berltsumers dy't goed buorke hawwe.


Fan de BERLTSUMERS dy ’t earne oars kommen binne te wenjen hawwe inkelen it goed dien yn it saken dwaan.

Ik neam sa mar twa nammen. Ien út it binnenlân en ien út it bûtenlân.

Atractie Duinen ZatheAs jo mei fakânsje gienen nei Appelskea en yn it ferdivedaasjepark kamen mei de bern, koenen jo dêr yn in gebou sa mar in lyts troch Frits Jansen (1926-2002) fan Koarnjum fan lúsjefers neiboud Berltsumer Koepeltsjerkje stean sjen. Hoe komt no dit  koepeltsjerkje hjir teloane tinkt men dan. By neifraach blyk de eigner fan dit park in PIETER JASPER *) te wêzen út de sibbe Jasper, ôfkomstich fan BERLTSUM. Syn heit wie hjir jildrinner.  (û. o. kwitânsje inner foar dr. J. Kwast sr.) Nei de ambachtsskoalle en jûnskursens is hy op syn 23e útfierder wurden. Hy woe it leafst foar himsels begjinne. Op syn 28e koe hy yn Appelskea in boubedriuw oernimme. Op it hichtepunt hie hy wol 50 man yn tsjinst. Hy is letter troch de  malêze yn de Appelskeaster rekreaasje yn de jierren 70 eigner wurden fan ferdividaasjepark  “Miniatuurpark Noord Nederland”, en yn 1985 fan Duinen Zathe en ik ha my fertelle litten, dat hy letter ek noch eigner wurden is fan it Ferkearspark yn Assen en de destiids ferrûne King Size Boarterstún “Valkeveen” yn Huizen (it Gooi). Hy hat alles wer nij libben ynblazen. Kamen der earst noch mar 50.000 minsken, no kamen der 150.000 minsken yn ’t jier nei Appelskea. Behalve hysels binne ek syn frou Tine en de dochters Pietsje en Greta tige by de saak belutsen. Gâns Berltsumers binne dêr ek wol ris mei de bern hinne west of mei it skoalreiske. Hy hat sa ’n 200 man oan it wurk.

Anne (Oane) VogelIn oare Berltsumer sibbe dy ’t goed buorke hat is bgl. de doedestiids yn 1913 mei syn âlders nei Amearika emigrearre ANNE (Oane) VOGEL en dêr Andrew neamd. Hy wenne yn it troch de Nederlanners stifte Amearikaanske stedsje Orange City fan sa ’n 5500 ynwenners, en is dik oer de hûndert jier âld wurden. It stedsje is stifte nei Pella as twadde koloanje mei de namme  Nieuw Holland en letter Orange City neamd. Dizze delsetting wie yn koarte tiid útwoeksen ta in grut plak. Oane wie boaske mei Jenny Reinders, berne op 26- 2-1899 te Orange - City, Iowa en dêr stoarn  op 17-12-1990. Hja krigen 5 soannen t. w. Marvin, Arthur, Franklin, John en George. Hy is de  stifter fan Diamond Vogel Paints, in bedriuw dat hast hiel Amearika fan ferve foarsjocht. Der binne 5 fervefabriken : trije yn Iowa, ien yn Minnesota en ien yn Nebraska. Dan binne der noch- ris 85 fervewinkels en in bedriuw dat strepen op ‘e wegen oanbringt. De omset wie bytiden mear as hûndert miljoen dollar. (Ús wurd “daalder” komt út it selde stamwurd as dollar.) It bedriuw  jout wurk oan sa ’n 850 wurknimmers. Hy hat, krekt as de út súpra niisneamde Jasper mei de Berltsumer tsjerketoer dien hat, in op skaal neiboud en gehiel útnimber pleatske, syn bertehûs oan de Skoallestrjitte, as oantinken oan BERLTSUM makke. 

Skoallestrjitte 1 BerltsumSyn heit  hie  hjir yn BERLTSUM in fervesaak yn en hy wie hjir hûs- en reauferver. Dit is it âlde gernierspleatske yn de Skoalle-strjitte (it saneamde “slak” type) wêr ’t Durk Ale ’s Strooisma (oan Anne Vogel besibbe) letter syn fervesaak yn hie, no húsnûmer 1. Anne is op 29- 4-1896 yn BERLTSUM berne as soan fan Feico Ales Vogel dy ’t berne wie op 29-11-1865 yn Minnertsgea en Grytsje Leenstra, berne op 17- 4 -1867 te Woarkum. Oane is yn it foarjier fan 2000 ferstoarn, 103 jier âld. (sjoch L.C. 17-3-2000 Emigrant Anne Vogel (103) overleden.) Hy is hjir letter ek wol yn BERLTSUM op besite west. Syn wurden wienen : “Och, wat wie it destiids in (* earmoede yn BERLTSUM en no hawwe de minsken it dêr sa goed. Ik ha my de eagen útsjoen, wat is dêr wat feroare”. As it my goed heucht, moatte Jitse Tjepke ’s Smits en syn frou Annie Smits - Jansma him ris besocht hawwe. Feico Vogel, de heit fan Oane, is bestjoerslid en mei-oprjochter west fan de op 7-3-1901 oprjochte Berltsumer begraffenisferiening “De Laatste Eer”. Hy wie lid fan de yn 1902 oprjochte Cööp. Spaar- en Voorschotbank “BERLIKUM” (sûnt 1970 de Friesland Bank) en hat, as ik it goed ha, ek yn it bestjoer fan dizze bank sitten, yn it bestjoer fan de ôfd. BERLTSUM fan “Patrimoanium” en yn it bestjoer fan de Kiesvereeniging “N. en O”  in MENALDUMADEEL. (A. R.)

(*  Fuotnoat :

Om 1900 hinne wennen der yn Nederlân sa rûze in twa miljoen minsken yn grutte earmoede. Op in totale befolking fan hast fiif miljoen sielen in enoarm oantal. Trouwens de earmoede hat altyd tige grut west. It wie altyd mar in lyts protsje minsken wa ’t hjir yn ús lân yn goede dwaan wienen. Boppedat wennen yn de doarpen en foaral yn de stêden in protte minsken yn krotten en stegen, sloppen en fochtige kelderwenten. Der waard ek in protte biddele en de wurkleazens wie tige grut, en dan te begripen dat dit noch mar 110 jier ferlyn is ! Om 1870 hinne stoaren hjir yn ús omkriten noch minsken en foaral bern fan ‘e honger. Yn in protte arbeidersgesinnen gienen hja mei in stik raap of byt op bêd. Der waard doe ek wol sein : “As men sliept, fielt men de honger ek net.” Bern fan fjouwer jier moasten doe al mei nei it lân om mei heit foar de boeren te wurkjen en om in pear sinten te fertsjinjen. Eltse sint wie wolkom yn sa ‘n gesin, en it gie letterlik dan ek om sinten.

Letter doe ‘t de Berltsumers it wat better krigen en der bliuwen in pear stikken bôle oer, waard der wol sein : “Wy hawwe it hjoed wer net op kinnen”.  Reden om der tige tankber foar te wêzen dat it no net mear sa is. It is allegearre no sa gewoan wurden.

Tsjintwurdich is Nederlân ien fan de rykste lannen fan ‘e wrâld. Dit fermogen bestiet foar in grut part út fermogen opboud yn pensjoenfûnsen en yn húzen. Beide kategorieën binne likernôch like grut; elts tusken de 1100 en 1200 miljard euro.

 

Sjoch ek reportage fan Omrop Fryslân oer Andrew (Anne) Vogel:

"Lan fan dream en winsken"


L. C. 21-7-2000.

Witten op tanden van Simone. (Anne Vogel)

(Anne Feikes Vogel, berne op 29-4-1896 te BERLTSUM en op 12-2-1913 mei syn âlders nei Amearika gien. )

 

L. C. 29-1-2000.

Succes en tranen bij Friese emigranten V.S.  (Anne Vogel.)

Der binne yn de 19e ieu ek ôfstammelingen fan bgl. in Yge Yges Mulder, (Yge, Jitse) in Seije Wiebes de Jong, in Klaas Gabes Werkhoven, in Klaas Jarigs van der Schaaf en in Kornelis Heerkes Hoekstra fan út Berltsum wei nei dit Amearikaanke stedsje Orange City emigreard. In protte plaknammen by de Michigan mar hawwe Nederlânske nammen sa as: Harlem, New Holland, Noordeloos, Groningen, Zeeland, VRIESLAND, Drenthe, Overisel, Graafschap, Zutphen, Borculo.


*) L.C. 3-8-1955.

Gistermorgen viel de 18 jarige timmerknecht P. Jasper in Berlikum uit de in aanbouw zijnde schuur van de heer Y.(de) Nieuwhof en kwam daarbij op een betonnen vloer terecht. Hij is naar het ziekenhuis te Leeuwarden vervoerd en daar bleek, dat zijn rechterschouder gebroken was.

(Sjoch foar de oprjochter fan it Twibak Fabryk "Turkstra Beschuit" (72). Dus ek in Berltsumer ûndernimmer dy ‘t it oandoarde.)


L. C.  15-10-1999.

Snelle groei Faber 3D BERLIKUM.

Reclame Advies bureau in BERLIKUM brengt dochterbedrijf Faber ID onder in het voormalige pand van het Groene Kruis (oan de Hôfsleane húsnûmer 27) te BERLIKUM.  .........  ........

 

L. C    2-3-2000.

Goede handelsreizigers sjouwen met laptop in plaats van folders.

BERLIKUM. -  Hij heeft zijn langste tijd gehad, de vertegenwoordiger die met een koffer vol brochures, catalogi en monsterboeken langs potentiële klanten zeult. Reclameman Marten  Faber uit BERLIKUM (foarhinne Faber Reclame B. V.) is er vast van overtuigd dat de laptop      het ideale gereedschap is van de vertegenwoordiger .........  .........  .......  Nu bezit de reclameman twee representatieve, eigentijds ingerichte panden in BERLIKUM. Geen klant die hem om zijn huisvesting nog links laat liggen. Het klanten bestand omvat inmiddels 450 bedrijven, vooral middelgrote ondernemingen, uit het hele land. “Ze verbazen zich er wel eens over wat we allemaal kunnen hier in BERLIKUM. Met een paar klikken laat Faber daar een staaltje van zien ........ ......... ......

 

L. C.    6-6-2000.

FABER BERLIKUM KOOPT BENS SOFTWARE.

BERLIKUM. -  Faber Communicatiegroep uit BERLIKUM heeft softwarebedrijf BENS overgenomen. De Leeuwarder internetspecialist schuift aan bij het pas opgerichte nieuwe mediabedrijf van Faber. De overname vergroot de omzet van de groep van 9 miljoen gulden  naar 12 miljoen gulden. De nieuwe mediatak die is ondergebracht in het aparte bedrijf BENS Newscommunications richt zich op het bouwen van ingewikkelde internetsites en helpt bedrijven met electronische handel. Directeur Marten Faber verwacht dat de omzet van de  totale groep door de aankoop binnen twee jaar op minstens 18 miljoen zal liggen. Met de 7 werknemers van Bens komt het totaal van Faber op 30. Faber verwacht dat het aantal snel verder zal groeien. Daarom kijkt hij uit naar een nieuwe locatie in Friesland waar plaats is     voor 50 to 60 man.

 

L. C. 20-11-2000.

INTERNET NOOPT FRIESE RECLAMEMAKERS TOT FUSIE.

BERLIKUM / DRACHTEN – Faber Communicatie Groep uit BERLIKUM en het Drachtense Reclamebureau Bokma gaan samen ...... .......  Beide bedrijven verlaten hun huidige vestigingen in BERLIKUM en Drachten. Marten Faber (hjir wenjende oan de Parrehôf húsnûmer 2) en Appie Bokma worden beide directeur van het fusiebedrijf. Zij krijgen allebei de helft van de aandelen.

(Marten Faber is syn bedriuw begûn, doe wenjenjende oan de Hôfsleane nûmer 27, ûnder de namme Faber Reclame B. V. )

 

L. C.  18-8-2001.

Sinnema Berlikum groeit hard. 

BERLIKUM – Sinnema Adviesbureau voor Ruimte en Milieu in BERLIKUM groeit al kool. Oud ambtenaar Roel Sinnema (moat Hendrikus > Rikus wêze) heeft vijf maanden nadat hij volledig voor zichzelf begon, al 8 mensen in dienst. Volgend voorjaar zullen het er 14 zijn en over 3 jaar 25. In de herfst verhuist Sinnema van de oude Rabobank (de yn 2000 slúten bank oan de Ir. C. M. van der Slikkeleane) naar het gebouw van Bens (voorheen Faber Communicatie Groep) aan de Kleasterdyk, (dêrfoar wie dit it Wetterskipsgebou) dat bijna 5 keer zo groot is. Bens gaat dan naar Leeuwarden. Sinnema adviseert bedrijven op het gebied van milieu en ruimtelijke ordening. Daarnaast leent hij personeel uit aan gemeenten, provincie en waterschappen. Binnenkort breidt Sinnema zijn werk uit van Friesland naar Noord-Holland.

 

L. C.  29-12-2003.

Sinnema Advies streeft naar landelijk netwerk.


L. C. 17-2-2004.

Nauta en De Vogel naar Sinnema.


L. C. 15-4-2006.

Adviesbedrijven Exté in Leeuwarden en Sinnema in BERLIKUM fuseren.

De eigenaren Klaas Lourens en Rikus Sinnema verwachten dat hun bedrijven samen sneller groeien en over een breder front advieswerk kunnen opknappen voor overheden, instellingen en bedrijven. De gecombineerde bedrijven bieden nu werk aan circa 135 mensen. Sinnema, vijf jaar geleden gestart, werkt vooral voor overheden, maar heeft ook een afdeling voor het bedrijfsleven (Tensis) het gaat ......  .......

 

L. C. 10-6-2005.

Snelgroeiend Sinnema lijft Drents bureau in.


L.C. 7-1-2006.

Rikus SinnemaSINNEMA ADVIESGROEP snel naar 100 man. BERLIKUM, De adviesgroep blijft maar groeien. Dit jaar wil directeur Rikus Sinnema zijn personeelsbestand van 61 mensen met 21 uitbreiden. Volgend jaar is 100 het doel. In februari komt er een vestiging in Den Bosch. Binnen 2 jaar volgen 5 nieuwe filialen. De adviesgroep werkt vooral voor overheden (Sinnema Overheidsadvies) maar heeft ook een afdeling voor het bedrijfsleven (Tensis). Van de werkzaamheden bestaat de helft uit advieswerk, de andere helft is detachering van mederwerkers op het gebied van milieu, ruimtelijke ordening, bouw- en woningtoezicht. Van de 61 medewerkers hebben er 38 Berlikum als standplaats. Het midden van het land wordt vanuit Zwolle bediend, het zuiden binnenkort vanuit Den Bosch. Binnen die hoofdregio’s zijn er al nevenvestigingen in Hoorn en Assen (Tensis). Daar komen binnen 2 jaar filialen bij in Groningen / Haren, Enschede, Amersfoort, Rijswijk / Zoetermeer en Sittard. De uitbreiding geschied op eigen kracht. "Maar we blijven ook op overnamepad", zegt Sinnema. Het tij zit Sinnema mee. De overheid heeft veel werk, maar neemt er liever zelf geen personeel voor aan. Een overname van bureau’s in Rotterdam en Vianen liep afgelopen jaar stuk. "Het management wilde mee en daar voelde ik niets voor", aldus Sinnema. Inmiddels zijn de bureau’s failliet gegaan. Afgelopen jaar zag de Sinnema Adviesgroep de omzet met 68 procent toenemen en de winst met 53 procent. Concrete bedragen wil de ondernemer, die zijn bedrijf 5 jaar geleden van de grond af opbouwde, niet noemen.


SMEDING.

SMEDING Grienten en fruit, sittende oan De Opfeart 1 yn Sint Anne is no in grut bedriuw mei hûnderten meiwurkers út it hiele lân. It bedriuw is yn BERLTSUM begûn op de Bûtenpôle húsnûmer 8 yn in loads fan 300 fjouwerkante meter. (wêryn ’t no griente- en blommewinkel “De Pôle” sit) Beppe Smeding út Wommels mocht de jûns by de iepening it lintsje trochknippe. No sitte hja yn in loads fan 19.500 fjouwerkante meter. De omset fan 25.000 gûne yn ’e wike is oprûn nei 3 miljoen euro yn ‘e wike. Fan 25.000 kilo griente nei 3.5 miljoen kilo griente. De auto ‘s ride no op en oan. De bruorren Rieny en Sybo Oepke ’s Smeding wurkje al fanôf 1978 yn de saak, mar fan in echte offisjele iepening is it noch nea kommen. De offisjele iepening sil, as alles goed ferrint, plak fine op Freed 11 Maaie 2012.

 

L. C. 8-1-2010.

Netwerkclub Berlikum niet vrijblijvend.

Een netwerk van bedrijven die elkaar de bal toespelen. Dat is het doel van de nieuwe franchiseorganisatie.

(foto : Rikus Sinnema.)

 

L. C. 11-10-2008.

Moet ik juist beleggen?

Frans Hiemstra uit Berlikum (de eardere behearder fan de Berltsumer RABO bank oan de Ir. C.M. v.d. Slikkeleane) is onafhankelijk financiëel planner. In 2000 werd hij door zijn vakgenoten tot de beste in zijn vak in Nederland gekozen. Om de lezers wegwijs te maken in deze onzekere financiële tijden, geeft hij antwoord op vragen.

 

L. C. 18-11-2008.

Onafhankelijk financieël adviseur is een witte raaf.

Naam        :  F. Nieuwhof.

Plaats        :  BERLIKUM

Opgericht : 2001.

Aantal werknemers : 3

Veel financieël adviseurs noemen zich “onafhankelijk”. Slechts een handjevol is echt, zegt Frans Nieuwhof, mede oprichter van de Vereniging Onafhankelijke Financiële Planners (V.O.P.F.).

(Foto : Frans Nieuwhof efter syn buro.)

 

--------------------------------------------

 

BY DE EACHDOKTER.

In eachdokter freget ris oan de Berltsumer Minne B .........., wenjende yn de Túnboustrjitte, om foar te lêzen wat der op it boerd stiet. “Mar ik sjoch hielendal gjin boerd”, ropt de Berltsumer pasjint fertwivele. Seit de eachdokter : “Dan hoege jo ek gjin bril, want der is ek hielendal gjin boerd !”

 

--------------------------------------------

 

L. C. 13- 4-1961.

Zoon van koperslager werd president van Ford Motor Company.

Johannes Dijkstra zocht 2 jaar geleden naar geboortehuis Stiens.

Hja wennen letter yn BERLTSUM oan de Bitgumerdyk. Syn heit wie koperslagger op it súvelfabryk fan J. J. Swart hjir ek oan de Bitgumerdyk.

 

L. C. 13- 4-1961.

FRIES in Amerika president van Fordfabrieken.

L. C. President bij Ford : Niet John maar John. (foto :  John Dijkstra)

 

L. C.  9- 5-1961.

Jan Dijkstra verdient 1.35 miljoen gulden.

 

L. C. 14- 4- 2011.

FRIES president Ford.

50 jaar geleden.

Als opvolger van Henri Ford II is de uit Stiens afkomstige Jan Dijkstra (62) benoemd als president van de Ford Motor Compagny. Korte tijd geleden was Robert S. Mc Namara als president van Ford benoemd, doch deze kreeg een positie als Minister van Defensie en werd naar Washington geroepen. De heer Jan Dijkstra was tot nu toe vice-president en hoofd van de productie afdeling. Henry Ford II, de kleinzoon van de stichter van de Fordfabrieken te Detroit, blijft president-commissaris en hoofd van de directie, alsmede voorzitter van de Raad van Bestuur. Dijkstra kwam in 1947 bij Ford in dienst in een leidiggevende functie. Sinds 1958 had hij zitting in de raad van directeuren.

 

L. C. 11-4-1910.

DE VOLHARDING.

Wegens vertrek van de tegenwoordige gevraagd een bekwame koperslagersknecht ; bekend met stoommachines strekt tot aanbeveling.

Adres : Stoomzuivelboerderij De Volharding, BERLIKUM, Friesland.

 

L. C. 18-4-1961.

INGEZONDEN.

N. a. v. het artikel in de L. C. over JOHN DYKSTRA, de nieuwe president van Ford, kwamen er bij mij heel wat herinneringen op. Dijkstra is wel geboortig uit Stiens, maar zijn ouders zijn van BERLIKUM naar Amerika geëmigreerd. Zijn vader was in BERLIKUM koperslager aan de zuivelboerderij van wijlen de heer J. J. Swart. Ik heb nog enkele jaren met hem gewerkt. Hoogstwaarschijnlijk ben ik de enige die dit nog kan zeggen. Het huis waar ze te BERLIKUM woonden staat er nog en is van buiten vrijwel ongewijzigd. Het is een stelphuizinge bij de wissel van de spoorlijn. (dit wie oer de Bitgumerdyk nei it Berltsumer súvelfabryk) De stelp behoorde vroeger aan de heer Swart. Hij had daar zijn boerderij in ondergebracht (zegge 6 melkkoeien). De stelp werd bewoond door twee werknemers van Swart. Aan de zuidkant Kornelis Dijkstra, een timmerman en aan de noordkant, dus tegen de spoorweg aan, Tjitte Dijkstra. Hoe lang ze er precies gewoond hebben, weet ik niet, maar ik neem aan dat de nieuw benoemde president het A. B. C. in BERLIKUM heeft geleerd. Jammer dat de Dijkstra ‘s geen Nederlands of Fries meer kennen, anders zou ik gaarne met hen in correspondentie treden. Ik spreek en lees wel een weinig Engels, maar kan het niet schrijven, tenminste niet zo, dat ik met de president van de Ford kan corresponderen. Sorry.

BERLIKUM.

Sj. van Wigcheren.

 

(Ynstjoerde stik is fan Sjoerd Joh. Van Wigcheren. It pleatske oan de Bitgumerdyk nûmer 28, destiids bewenne troch Tjitte Dijkstra en syn frou Pietje de Vries, wurdt no bewenne troch it gesin Jelte en Trees Bakker en is no eigendom fan Garage Rinsma. Johannes Dijkstra wie berne op 30- 7-1893 en syn bruorren Dirk en Thijs resp. op 26- 5-1895 en 16- 3-1901 allegearre te Stiens.

 

L. C. 21-11-1936.

BEGRAFENIS J. W. SWART.

Directeur der Leijempf te BERLIKUM.

Hedenmiddag werd te BERLIKUM het stoffelijk overschot van den heer J. W. Swart, in leven directeur van de Leijempf aldaar, naar zijn laatste rustplaats geleid. De belangstelling voor deze droeve plechtigheid was zeer groot. Op den doodenakker merkten we op den directeur van de Leijempf te Leeuwarden, den heer A. Cats, den adjunct-directeur, den heer J. Paul, alle afdeeling- chefs, alle bedrijfsleiders van de buitenfabrieken en het geheele personeel van de fabriek van BERLIKUM, benevens den Raad van Toezicht, het bestuur en den kassier der Coöperatieve Voorschotbank “BERLIKUM”. Onder klokgelui werd de kist uit de consistorie van de Ned. Hervormde kerk gedragen, waarna de gebruikelijke rondgang (dat wie trije kear) om de kerk werd gemaakt. Nadat de kist in de grond was neergelaten en gedekt met een aantal bloemkransen, w. o. van de N. V. Leijempf, van het personeel v. d. Leijempf te BERLIKUM en den afdeelingschef van de Leijempf Leeuwarden, sprak de heer A. Cats, directeur van de Leijempf te Leeuwarden, namens de vennootschap en ook persoonlijk, een woord van de groote waardering jegens de overledene, die steeds in al zijn werken een groot vertrouwen gaf. Noode zullen wij zijn raad en adviezen moeten missen ........  ....... Namens de beheerders van de Leijempf fabrieken sprak vervolgens de heer van Asperen te Drachten, die memoreerde, dat we hier staan OP HISTORISCHE GROND. HIER IS, aldus spreker, PIONIERSWERK verricht door den overledene. Met diep respect en groote waardering denken wij daaraan. Hij gaf zich met zijn kunnen en kennen aan het vak, dat hem lief was. Veel heeft hij bereikt, een diepe eerbied doet ons dan ook spreken bij dit graf ........   ......... Namens de familie dankte de heer Weima, assistent-directeur te BERLIKUM, waarna ds. Zeilstra van Oenkerk, het Onze Vader bad. In de consistorie teruggekeerd, sprak ds. Zeilstra de nagelaten betrekkingen en verder aanwezigingen nog toe     n. a. v. 1 Cor. 13. Naast de gedachte der vergankelijkheid, wees spreker op het eeuwige leven,  dat niet gebonden is aan de wet, dat alle stof tot stof zal wederkeren. Eeuwig zal ook zijn de gedachte aan den overledene, te midden van hen, die den overledene hebben liefgehad. In het algemeen zijn wij mensen bang voor de dood, omdat wij het leven hartstochtelijk liefhebben en omdat het beteekent een scheiding van veel wat wij lief hadden. Dat wij ons bewust zijn van onze schuld. Alleen vanuit het geloof is voor den mensch de kracht te putten te berusten in het leed, dat een sterfgeval ons brengt. Hierna stond spreker stil bij den persoon van de overledene, die in de allereerste plaats een buitegewoon arbeidzaam mensch was voor zijn bedrijf. In de tweede plaats was hij zeer bemind bij allen, die met hem in aanraking kwamen, een mensch steeds bereid tot een offer, waarmee daardoor de algemeene belangen gediend werden. .........    Spreker eindigde met de familie Gods kracht toe te wenschen.