Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

Âld Berltsum yn in nij jaske. (1986)


Taspraak fan  Floris Visser tidens de Iepening fan'e Buorren 1986

Yn 1982 wienen hja mei de DOARPSFERNIJING fan it âlde BERLTSUM begûn.

Yn 1986 is it foltôge mei in feestlike iepening fan de Buorren. Hjirmei waard de lêste faze fan de doarpsfernijing fierd.

Sûnt fjouwer jier lyn de doarpsfernijing fan start gie, wie al foar yn totaal fl. 3.8 miljoen gûne útjûn oan de doarpsfernijing fan BERLTSUM. It opknapjen fan de Buorren, (* besteande út sa ’n 7000 fjouwerkante meter sierbefluorring yn ferskate kleuren en brûkte materialen, it oanbrin-gen fan sierferljochting, in lytse 200 Amsterdammerkes en fernijing fan riolearringoanslútings troch de Heidemij hie 6.6 ton koste. Rom 4 ton dêrfan waard subsidiearre en út it potsje fan steds- en doarpsfernijing ûntfongen. Yn de ôfrûne moannen wie de sa ’n 600 meter lange Buor-ren folslein trochinoar hinne smiten.

De oanpassings wienen allegearre yn oerlis mei de bewenners fan ’e Buorren útfierd. Ien fan de positive njonkeneffekten is, sa murk de foarsitter Visser, it eardere haad fan de Kristlike basisskoalle “de Fûgelsang” en no foarsitter fan “Berltsumer doarpsbelangen”, op, dat de bewen-ners harren huzen no ek opknapjen gienen. De doarpsfernijing wie tige slagge. BERLTSUM hie net te klaaien. It wie in prachtich gehiel wurden.

Krekt foar it ûntbleatsjen fan de tinkstien (de grutte balstien op de eardere "Hakkebak

”- of letter ek wol de “Rolsma”-streek neamd en no in parkearterrein) wie boargemaster Jaap Goeman Borgesius op in antike trekker al troch it “krantepapier” gien mei yn syn kylwetter in rige antike trekkers, dy ’t dy deis ek noch te besjen wienen yn de Buorren.

Boppedat waarden der wedstriden mei hâlden. Der wienen in protte minsken op ôfkommen. Foar de bern waard der in ballonnewedstriid hâlden. Sa ’n 500 ballonnen keazen dy middeis it loftrom. Yn BERLTSUM wie jild ynsammele om in lyts monumintsje meitsje litte te kinnen, dit as oantins oan de foltôging fan de nije befluorring yn it doarp. De grutte balstien stiet foaroan op de eardere Hakkebakstreek oan’e Buorren. It doarp, lizzende op it punt mei de gearfloeiing fan it “rivierke” (slinke) de Riedstream (** en de Boarnstream, (Bordine, Burdine of Middelsee) koe en kin wer besjen lije.

Fuotnoaten :

(* De Buorren is no sa ’n 460 meter lang, mei dêroan sa ’n 100 huzen. Dêrfoar wie de Buorren sa ’n 600 meter lang. It Skil en it Hemmemaplein waarden destiids ek as Buorren oantsjutte.

(** Ried of reid betsjut streamende, ôfwetterjende slinke.)


Iepening Buorren 1986

Sjoch film: Iepeing fan'e Buorren 1986 (troch Watse Posthumus)


L.C. 17-10-1986.

Sjoch ek: Berltsumer Buorren kin wer besjen lije.


Buorren om 1970 hinne


FRANEKER COURANT.

25- 7- 2012.

Nieuwe plannen de Buorren te BERLTSUM.

(Foto : fan de Buorren)

 

L. C. 23-5-1875.

Een woord over het afstroomkanaal WIER.

Een woord over het afstroomkanaal WIER, Zuidhoek, Oude Leije, Finkumervaart of de voorgestelde verbetering daaraan. Om de gebrekkige afstrooming van het water ........ ......... En na de vraag : Beantwoorden de voorgestelde doorgravingen aan die vereischten ? We antwoorden, naar ons bescheiden meening, ja en neen. De voorgestelde DOORGRAVING VAN DE UITVAART TEN NOORDEN VAN BERLIKUM ONDER DE HEMMEMAPIJP DOOR, verder door de Zuidhoek tot de Zuidhoekstervaart is als gunstig te noemen, daar zij in de rigting van het Z.W. naar het N.N.O of N.O., en alzoo de ZOO SCHADELIJKE WESTELIJKE OMWEG OVER WIER afsnijdt, waardoor de afvoer ook zeer werd bevorderd bij eene gunstige gelegenheid te Harlingen en Roptazijl. Voldoet ook ......... etc. ..........

Sint Jacobi Parochie, R.(oelof) Schuiling.

 

L. C. 11-8-1884.

ACHTER OPVAART.

(Dit moat wêze de ACHTE OPFEART)

Eigenaren van landen, behoorende tot de Achter-Opvaart worden dringend verzocht met Gecommiteerden te vergaderen op Dingsdag den 12 Augustus 1884, des avonds 6 uur ten huize van L. Bakker te BERLIKUM, ten einde te spreken over de slatting der Opvaart, en, bij aanneming, Gecommiteerden te magtigen tot de uitvoering.

Namens Gecommiteerden, K. T. Lautenbach.

 

(AchteR-Opfeart moat wêze AchtE-Opfeart. Dizze opfeart is neamd nei it tsjerkelân, ‘de Achte’ neamd. It Achtepaad is hjir ek nei neamd. In Heechhout dêr lei ek oer opfeart ‘de Achte’. Doarpshûs ‘It Heechhout’ dêr op dat plak is nei dit Heechhout oer de Achte-opfeart neamd.)

 

L. C. 27-10-1998.

Einde baggerwerk BERLIKUM in zicht.

BERLIKUM – Al bijna 6 maanden lang wordt de bevolking van BERLIKUM geteisterd door daverende motoren, piepende graafmachines en stinkend slik. In mei begon de gemeente Menaldumadeel met het uitbaggeren van de Oost–Indische Opvaart, die dwars door BERLIKUM loopt. Begin november moet de klus geklaard zijn. Dan is een stuk vaarweg van 1 kilometer verdiept en van giftig slib ontdaan. De werkzaamheden ......... .......... Het project kost de gemeente fl. 1.2 miljoen. Het slib wordt naar de afvalberg De Wierde te Heerenveen gebracht.

Foto : nommen fan de East-Ynjen Opfeart fanôf de Hemmemapiip. 


TIGE FERSMOARGE

Tusken 1998 - 1999 hat de East-Ynjenopfeart efter de BUORREN in grutte skjin- en ûnder-hâldsbeurt krigen. Oer in lingte fan sa ’n ien kilometer moast 10.000 m2 earstich fersmoarge baggelslib opromme wurde. It sanearrings- en ûnderhâldswurk hie sa ’n fl. 1.3 miljoen gûne kostte. De baggelspeesje behearde ta de kategory “earnstich fersmoarge”. Yn de speesje binne bytiiden hege konsintraasjes pac ’s (tarre en swiere oalje), lead, sink, koper, kwik en D. D. T. oantroffen. Dy wienen ôfkomstich fan eardere fabrykjes, garaazjes en skiphellinkjes. Foar de rekreaasjefeart is der no in trochfeart rûte fan trochsnee 1.75 meter en foar de kano feart 0.8 meter.


L.C. 22-3-1999.

Oost Indische Opvaart door Berlikum weer bevaarbaar.

Opening Oost Indische opvaart na bagger wekzaamheden


DJIPRIOLEARING

Yn 2010, begjin maart giet de Buorren yn BERLTSUM wer op de skeppe. Der komt in nije djip-riolearring. De âlde betonnen buizen binne ferrotte en wurde ferfongen troch twa keunststof pipen, ien foar it rioelwetter en ien foar it himelwetter. Yn it midden fan de Buorren komt in stik fan de âlde trochgroeven stiennen piip wer ris foar it ljocht by it graafwurk.


L. C. 5-10-2011.

Opfrisbeurt fletse Buorren.

(foto : Hieke Joostema en Gilbert IJsselmuiden yn de Berltsumer Buorren.)

 

Franeker Courant. 22-6-2011.

Verfraaiing Buorren

Presentatie straatbeeld Berltsum. (foto : Buorren.)


------------------------------------------------


 TWA BERLTSUMERS op in bankje yn ‘e Buorren.

Klaas Wassenaar : “Ik wol net kremeard wurde”

Sjoerd Terpstra : “Wêrom wolsto net kremeard wurde ?”

Klaas Wassenaar : “Omdat ik noch net dea bin”.

 

------------------------------------------------

 

L. C. 4-6-2010.

Vernieuwde traditie. (de Buorren + foto)

 

L. C. 2-10-2006.

Eindelijk zicht op dichten gat van BERLIKUM

(It ôfbrutsene “Berlingahiem” tusken no de húsnûmers de Buorren nûmer 78 en 84.)

 

L. C. 2-10-2006.

Schot in plan voor “gat van BERLIKUM”.

 

L. C. 29-8-2002.

Gardeniersmuseum “DE GRÚSERT”. 

(Buorren húsnûmer 55 en it Pypke, BERLIKUM.)

Oud Berlikumer Minne Ruurds Braaksma, (wenjende yn Ljouwert) Dirk Klazes Osinga, Evert Algra en Anne Bontekoe (- Steensma ) zijn de drijvende krachten. De werkgroep heeft de laatste jaren veel materiaal verzameld over de “gerniers” in het dorp. Het documentatie centrum bezit veel boeken, foto’s en krantenknipsels. Verder is de oogst het hele jaar door in beeld gebracht. Boven staan oude werktuigen. Wie geïnteresseerd is in de bedrijfstak die vroeger in BERLIKUM heel veel mensen aan het werk hield, kan in het museum alles te weten komen. Ook over het dorpsleven in BERLIKUM trouwens. Het museum is tevens oudheidkamer ........ .........

 

Foto : Gerniersark, om de okkerlêsten fûne put fan de âlde bierbrouwerij, dy ’t dêr earder fêstige wie.

 

L. C. 4-2-1998.

Structuurplan BERLIKUM valt goed.

 

L. C. 8-10-1997.

Nieuw centrum moet BERLIKUM versterken.

 

L. C. 9-7-1997.

Smit Vlees in BERLIKUM biedt tien man werk.

 

---------------------------

 

BERLTSUMER BELCH.

Yn BERLTSUM wenjende Belch rekket syn Belgysk aksint mar net kwyt. Hy nimt it beslút by Minne Nieuwhof, in echte Berltsumer, Fryske priveelessen te nimmen. Nei fjouwer wiken hie hy einliks de sin : “Jou my mar in broadsje aai mei Berltsumer spek” yn geef Fryske leard om út te sprekken. Hy giet, tige grutsk as in pau, de winkel yn by Gerben Reins Schiphof yn de Vermaningstrjitte en seit “Hé, jou my mar in broadsje aai mei Berltsumer spek”. Wêrop Germ seit : “Jo binne grif in Belg”. “Hoe sa”, freget de Belch, “dat wie dochs geef Frysk ? “ Ja seker, mar jo steane hjir yn ‘e blommewinkel”.

 

---------------------------

 

L. C. 2-1-2003.

Griepvirus velt bezoekers discotheek Berlikum

BERLIKUM – Tientallen bezoekers en enkele medewerkers van The Dance Factory in BERLIKUM zijn vrijdag na bezoek aan de discotheek ziek geworden. ........ ....... De grootschalige besmetting werd veroorzaakt door een zieke bezoeker die in de discotheek moest overgeven. Hoewel zijn braaksel werd opgeruimd, hadden zwevende virusdeeltjes vervelende gevolgen. Waarschijnlijk tussen de veertig en vijftig mensen kregen binnen 24 uur na hun avondje uit last van plotseling braken en een vervelend gevoel in de buik. ........ ........ ........

 

 

L. C. 13-12-1864.

FAMILIEBERICHTEN.

Hedenmorgen te tien uur behaagde het den Albestuurder tot mijne en weerszijden naast-verwanten diepe droefheid, weg te nemen mijne innig geliefden Gade ANNA CATHARINA OSINGA. Zij bezweek in den ouderdom van 24 jaren en 8 dagen, na drie maanden sukkelen. Slechts ruim één en een half jaar mogt ik met haar in genoeglijken echt verbonden zijn.

BERLIKUM, 2 December 1864.

L. G. Boomsma.

Eenige kennisgeving aan Familie, Vrienden en Bekenden.

 

L. C. 5-7-1997.

FAMILIEBERICHTEN. 

Huwelijk.

Johanna van Dijk en Jan Piet (Sjoerd ‘s) Quarré te Gretna Green yn Skotlân op 2-7-1997.

(No wenjende op it Kersehôf húsnûmer 17 te BERLTSUM en earder yn ‘e Buorren.)

 

L. C. 31-10-1996.

Onrust in BERLIKUM door katten aids.

 

L. C. 18-10-1996.

Kijken, kopen en knutselen in droomwinkeltje “De âlde tiid” .

(foto : Wietske Doldersum - Tempel steande yn de winkeldoar op Buorren húsnûmer 60.)

 

L. C. 29-8-1995.

Kerk stralend middelpunt BERLIKUM.

(loftfoto : Koepeltsjerke)

 

L. C. 2-6-1995.

Isolatie maakt eind aan lawaai jeugdsoos.

(It Piipskoft)

 

L. C. 5-5-1995.

Bedrijven naar rand BERLIKUM.

 

L. C. 22-6-1994.

BERLIKUM moet zelf in actie komen voor dorpshuis.

 

L. C. 28-9-1978.

BERLIKUMER ondernemers zetten wensen op papier.

 

L. C. 17-8-1974.

Idyllisch “Hynstewâd”.

(foto)

 

L. C. 4-8-2010.

Sandra Siderius derde met Tequila.

WORMERVEER. – Sandra Siderius uit BERLIKUM werd gisteravond derde in de goed bezette sub top wedstrijd in Wormerveer. Met Tequila (vader Indoctro) scoorde ze 62,14 % in het ZZ-Licht. Dat was ruim voldoende voor een derde prijs en een winstpunt, maar niet voldoende om professionals als Lotje Schoots voor te blijven, die de proef won. Amazone Siderius maakte nog maar sinds kort de overstap naar de subtop maar won eerder in Sint Annaparochie ook al een proef in de klasse ZZ-Licht.

(Sandra Siderius oefent mei har hynder op it terrein efter/neist it bedriuw oan de Biltdyk hjir yn BERLTSUM.)

 

L. C. 20-3-1952.

Christelijke Landbouwhuishuidschool te BERLIKUM ?

Naar we vernemen bestaan er bij het bestuur van de Friese C. B. T. B. plannen om de landbouwhuishoudcursus te BERLIKUM om te zetten in een Chriselijke Landbouwhuis- houdschool.

 

L. C. 20-12-1963.

Huishoudschool BERLIKUM eindelijk onder dak.

Gister is in BERLIKUM de nieuwe christelijke landbouwhuishoudschool “De Fûgelsang” feestelijk geopend. De heer H.(idde) W.(ibius) Born, voorzitter van het schoolbestuur, had de leiding van de bijeenkomst. De school begon in 1955 met 33 leerlingen en telde in het volgende seizoen reeds 85 en er na 172. etc. etc. De direktrise wie mej. H.(inke) Tel. De skoalle wie foarhinne ûnderbrocht op ferskate lokaasjes lykas it “Herfoarmd Sintrum, de boppeseal fan kafee “de Brêge”, de eardere C.N.S. (Griff.) skoalle ensfh. It wurd waard fierd troch û. o. dhr. Braaksma dy ‘t foarhinne eigner wie fan it hôf “de Fûgelsang”, dhr. J. S. Post út namme fan de Fryske C. B. T. B. dy ‘t de skoalle yn behear hat, boargemaster Torensma út namme fan de Gemeente en mw A.(nna) de Haan - Wassenaar (troud mei Klaas Andriessoan de Haan) út namme fan de (Kristlike) Plattelânsfroulju.

 

L. C. 29-3-1968.

CHRISTELIJKE LANDBOUWHUISHOUDSCHOOL – BERLIKUM

Opvoering van de operette “Van pruiken en wijsheid” o. l. v. de heer G.(errit) Stulp, voor leerlingen en belangstellenden op Vrijdag 5 april a. s. in het “Hervormd Centrum” te BERLIKUM. Aanvang 7.30 uur. Kaarten verkrijgbaar á fl. 1,25 aan school verkrijgbaar. Tel. 05186 - 426

 

----------------

ÚS, (MYN), KANT, DE OARE KANT

Der steane twa Berltsumer jonkjes, elk oan in kant fan de Ljouwerterfeart. Freget de iene oan de oare : “Hoe moat ik oan de oare kant komme ? Ropt it oare jonkje werom : “Dêr bisto al !”

----------------

 

HÚSNÛMERS

Foar de komst fan ‘e Frânsen yn ús lân hienen de huzen gjin húsnûmer. It adres wie dan bgl. : Oan Jan Pietersen yn ‘e Buorren. Letter krigen alle húzen yn ‘e doarpen en stêden in trochrinnend húsnûmer. Noch wer letter krige eltse strjitte syn eigen húsnûmers mei noch wer letter in postkoade.