Skriuw ek ris in reaksje yn it Gastenboek wat jimme fan'e side fyne !
Interview Op'e Roaster (April 2012)

De 12e stêd fan Fryslân.

Yn febrewaris 2005 waard it begrip de "De âlve Fryske stêden " oantaste. Op T.V. nei it N.O.S. journaal waard fakentiids noch wolris foar de aardichheid sein: "En dan nog dit....." en dan kaam der noch in nijsgjirricheid oan de oarder. Sa waard der doe op 12 febrewaris sein: "Friesland heeft geen 11 maar 12 steden. Een amateurhistoricus uit Alkmaar (de gemeente siktaris Joost Cox) heeft ontdekt dat Friesland geen 11 maar 12 steden heeft. Het plaatsje BERLIKUM schijnt vroeger ook stadsrechten te hebben gehad " en dan folget in koart yntervieuw mei in man yn it stêdhûs fan Alkmaar.

Kranten as de Telegraaf, Trouw en regionale kranten stjoere allegearre ferslachjouwers. It nijs giet sels fia "Radio Nederland Wereldomroep" de wrâld oer. Radio 1 oan't en mei 4 bringe it ferslach op de radio. Radio 2 freget de man sels om nei Berltsum ta te kommen om mei in fertsjintwurdiger fan de Fryske Akademy al kuierjende troch Berltsum in yntervieuw te hâlden. De man wegert it omdat hy alles net neikomme kin.

Yn it Grinzerlân wurde de minsken no ek nijsgjirrich, want hoe sit it dan dêr mei de eardere stêdsrjochten? Grinzerlân hjitte ommers in pear ieuwen werom ek Fryslân. (Tink mar oan it Wilhelmus it 4e kûplet wêr't wy lêze: "Graaf Adolf is gebleven in Friesland in den slag". Dit wie yn 1568 by Heiligerlee.) Hoe siet it dan mei bgl. Appingedam, Delfsyl en Winschoten?

De beste man kaam mei in berjocht wat foar ús Berltsumers al wol hiel "ald nijs" wie. Yn in brief oan de hanzestêd Lübeck fan 11 april 1355 wie al sprake fan civitatis BERLICHEM. Dit wie de âldste oantsjutting as stêd. Yn dizze oarkonde wurde ek de riedslju fan Westergea yn Fryslân neamd (consules Westerginis Frisie). Yn in oarkonde út 1455 is sprake fan in folweardich stêdsbestjoer: "Olderman ende Scepenen....meene Recht en de Raet". Yn in ferdrach tusken Frjentsjer en Berltsum fan 24 novimber 1470 is sprake fan Alderman, Schepnen ende Reed in BERLTJUM ende Wtgum". (Berltsum en Útgong) Dizze brief eindigt mei: "als een getuigenis der waarheid, hebben wij voorschreven en (voornoemden) ons stadszegel ("use steedis secreet") aan dezen brief gehangen".

By de oanjefte fan in "ferdban" op 14 oktober 1491 is sprake fan " Doecka Hemmema, Alderman toe Berlikum" en syn "mederiuchteren", dy't oan it ein fan de brief "meyschepenen" neamd wurde. In "ferdband" is in fredebân of konsintbrief (15e ieu) wêrmei de oerheid it wetlik eigendom fan ûnreplik guod befêstigd, neidat dit yn it iepenbier by opbod ferkocht is en nimmen har hjir tsjin ferset hat.

Op 28 juny 1496 nimme "Rjochters ende Raedt en de gemene Meente van BERLYKEM" it ferbûn fan Westergea mei Grinzerlân oan. It binne dúdlike oanwizings fan steds funksjes en ynstellings, en it segel is by útstek in stêdsymboal. Dochs hat Berltsum him net as stêd hânhâlde kinnen; de slús fersânne en in protte ynwenners, sa seit men, binne nei Frjentsjer fehúze, krekt as Berltsum ek ûntstien út twa terp "doarpkes" t.w. Froonacker en Godsacker. BERLTSUM is no wer in doarp wurden. Of siz ik it ferkeard en is it dochs in stêd. It is ommers de grutste glêzen stêd fan Fryslân !

 ******************************

Yn de tiid fan Karel de Ve hat STIENWYK koarte tiid de tolfde stêd fan Fryslân west. Oer dizze regeling wiene de Stienwikers net te sprekken. Yn de 80-jierige oarloch hat de stêd in protte te lijen hâwn.

APPINGEDAM waard troch de Fryske folksgearkomste fan Opstalbeam ferheven ta stêd It wie destiids de haadstêd fan it 5e frije Fryske Seelân FIVELINGO. Yn dizze handelsstêd op de fette klaai wennen in protte Joaden. In Damster Joadske sibbe hat Van der Klei as efternamme oannommen.

1579 De "Grinzer Ommelânnen" beslúte in eigen munt te slaan yn it "Gouden Pand" yn APPINGEDAM. "Mo.No. statuum Frisiae - inter Amasum et Laubucum. (Fryslân tusken Eems en Lauwers.)

L.C. 9-6-1939.

Was Franeker in 1192 reeds een stad?

L.C. 14-6-1939.

Kon Franeker in 1192 reeds stadsrechten hebben?

De kwestie van Franekers geboorte datum als stad nog eens van een andere kant bekeken.

L.C. 3-8-1884.

Franeker

(Froonacker - Útgong)

L. C.  2-1-1997.

Elf steden is gewoon zaak van stom toeval.

L.C. 10-2-2005.

Berlikum, ‘een dorp, weleer een stad’

L. C.   14-3-2005.

Zingen in elf steden en een dorp.

(foto)

Berltsum waard destiids wol neamd: "De Noardpoarte fan Fryslân".

Nieuwsblad van het Noorden. 11-5-1996.

Elfstedentocht is fietsen door een prentenboek.

Rob van den Dobbelsteen.

.............in BERLIKUM aangekomen (een dag verder op). In een van de mooiste Ot en Sien straatjes van Friesland, DE BUORREN, leg ik een mevrouw de vraag voor of het waar is, dat de hoge heren haar woonplaats ooit wilden promoveren tot de twaalfde stad van Friesland - om alvast wat indruk te maken - die reusachtige koepelkerk liet bouwen. Dit verhaal hoort ze voor het eerst, dus vraagt ze belet bij een paar voorbijgangers. Binnen 3 minuten ontstaat een levendige discussie met de fietser als zwijgend (want hij verstaat wel Fries, maar spreekt het niet) middelpunt. Verrassende uitkomst: Berlikum heeft haar stadsrechten ooit voorgoed verkwanseld aan Franeker.....................

L.C. 12-2-1948.

De "Havenstad" Berlikum.

Van zeeplaats tot landbouwdorp.

Vergeten stadsrechten.

WAT IS IT BELANG FAN STÊDSRJOCHTEN ?

Yn 1825 waard Delfshaven noch ta stêd ferheven, mar dat wie foar de lêste kear. Sûnt 1851, doe’t  de Gemeentewet fan Thorbecke ynfierd waard is it absolút net mear fan belang dat in plak stêdsrjochten hat of net. Ynwenners fan ta stêden útwaakse doarpen neame harren wenplak no noch wol ús doarp. (Apeldoarn, Hilversum, Ede ets.) De Greve ferliende eartiids fia de Biskop it stêdsrjocht wêrtroch it froedskip sels de rjochtspraak útoefenje koe, de stêd ommuorje of bewâlje en op drank e.d. aksyns heffe koenen. De Greve hie hjirsels natuerlik ek in foars belang by en dêr stie in grutte ferplichting tsjinoer. It molkefarske stêdsje wie no ferplicht om kriichsfolk oan de Greve te leverjen as dizze wer ris ta de striid lúts of syn eigen omkriten ferdigenje moast. Ek moast in belêsting oan de Greve ôfdroegen wurde. In stêdsrjocht waard dan wol yn namme ferliend, mar it waard fakentiden ek field as oplein.

L.C. 8-3-2008.

Vlakbij en toch veraf

.........Over water is het maar 3 1/2 kilometer van Delfzijl naar Oost Friesland met in de verte de uitlopers van Embden. Rikus Jager, lid van de Tweede Kamer voor het C.D.A. woont in Appingedam. Die plaats, volgens Jager, "de dertiende Friese stad" na de bekende elf en het dorp BERLIKUM, dat volgens sommigen ook aanspraak mag maken op stadsrechten. In 1327 kreeg Appingedam door vertegenwoordigers van alle Frieslanden onder de "Upstal-Bohm" in Aurich stadsrechten toegekend. Appingedam was destijds al hoofdplaats van Fivelingo, een van de Gewesten in het middeleeuwse Friesland tussen Eems en Lauwers. Buiten de hoofdstad Groningen is Appingedam de enige plaats met historische stadsrechten. Oost-Friesland, in de deelstaat Nedersaksen, is 3442 vierkante kilometer groot. (de Nederlandse provincie meet 3349 vierkante kilometer) en telt 465.000 inwoners. (Friesland 645.000 inwoners) "De regio kenmerkt zich door een landschap dat voor Duitsland erg afwijkend maar voor Nederlanders en Vlamingen vrij herkenbaar is, vlak met veel weilanden" meld wikipedia, de internet encyclopedie. "We hebben dezelfde cultuur" zegt Jager. De oude banden blijken ook uit het provincie wapen van Groningen, dat uit vier vlakke schuine blauwe en witte banen met daarin elf pompeblêden, "die ze bij ons hartjes noemen". De blauwe banen staan symbool voor de Ommelanden (it âlde Frysenlân om Grins hinne), de hartjes voor de elf Onder Kwartieren. Hoe het ook zij, een brug of tunnel (over of onder) de Eems zou twee havensteden met veel industrie (Delfzijl, chemie, Embden, volkswagenfabrieken, scheepsbouw) aan elkaar verbinden. Verderop in Duitsland liggen interessante steden als Leer (34.000 inwoners) Oldenburg (159.000 inwoners) en Wilhelmshaven (80.000 inwoners) Zowel in de Nederlandse als in de Duitse politiek wordt bekrompen gedacht als het over het Noorden gaat. Voor de Nederlandse regering houdt het bij de grens op.

(Dizze ôfstânferkoarting hat foar ús Fryslân (Berltsum) yn it ferline ek in goede saak west mei de oanliz fan de Ôfslútdyk. Den Helder, Amsterdam etc. wienen dêrtroch in stik tichter by Fryslân kommen te lizzen. De skieding fan Fryslân en West- Fryslân (Noard-Hollân) troch de Sint Luciafloet fan 14 desimber 1287 hat oant 1932 ta duorre.)